Hja meitsje de yndruk fan spontaen en foar de fûst wei opskreaun to wêzen, sûnder al to folle skrupules tsjinoer fyn trochtimmere literair proaza. Fan dit slach hat it forhael Saeipannen, dat de skriuwer in ‘moderne krystleginde’ neamt, op my de measte yndruk makke, al is it motyf, it âlde krystbarren yn 'e stâl fan Bethlehem projektearre yn in hjoeddeiske wrâld, fansels net nij en oarspronklik to neamen.
De 16 forhalen dy't op dizze ‘leginden’ folgje binne fan in hiel oar soarte. Hja spylje har ôf yn réele formiddens, lizze mear yn in horisontael flak, sûnder ynminging fan boppenatuerlike eleminten. De lokalisaesjes binne meastal dúdlik; dy springe oer fan De Lemmer nei Amsterdam v.v. Fan it agraryske Fryslân fornimt men hjir hoegenamt neat. Schurer liket ek as skriuwer fan forheljend proaza it boerebûthús efter him to litten; syn sujetten binne gjin boeren of lânwrotters, mar skoalmasters, learaers, fiskerlju en sniders. Salang't de Fryske proazaliteratuer noch lijt ûnder in tokoart oan milieuforskaet, om't it to iensidich rjochte is op de boereformiddens, kin dit net oars as in winstpunt neamd wurde. Men moat yn dit boek dan ek gjin biskriuwingen forwachtsje fan drege bislaggen fé yn bûntbiblomme greiden. De minske yn syn forhâlding ta de meiminske stiet sintrael, natuerbiskriuwingen of wiidweidige milieutekeningen lit de skriuwer blykber graech oer oan de naturalisten en har oanhing.
Dat wol wer net sizze, dat de net-mearkes yn Beam en bast gjin forskaet biede. Rjochtoarsom, der rinne smoute doarpsforhalen ûnder lyk as Om ien joun fan gloarje en Unskuld en rjocht, dêr't pleatslike folkstypen as Meije Murks en Rikele Brúnfisk foar master opslagge, der binne ek in mannich forhalen by dy't it net fierder bringe as oanklaeide anekdoaten, lyk as Lyk man, ryk man of Each op kunst. De skriuwer set syn lêzers dan yn it skûtsje fan de ‘Kleinmalerei’. It binne fan dy carmiggelt-eftige genrestikjes, dêr't men foaral de causeur Fedde Schurer yn priuwt, de man dy't wit hoe't in mop forteld wurde moat. Men komt hjir foaral de jongleur mei it wurd tsjin, dy't op tûke wize in komyske draei oan in sin wit to jaen lyk as yn: ‘En doe't Merte him de tadracht in oktaef leger bigong út to lizzen...’.
Dizze bondel is in risping dy't mear as tritich jier bislacht. Party fan dizze forhalen, lyk as Yn rjochtshannen en as 't my net mist ek Dêr't de slaggen falle, binne yn 'e tritiger jierren foar it earst forskynd yn It Heitelân. It typyske Lemster forhael Om ien joun fan gloarje, dêr't in hellingfeint de gloarje fan syn feintetiid werbilibbet mei âlde foardrachten op in