De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 266] [p. 266] Teake Hoekema: Ik wyt net, hoe't ik kom wei to reitsjen... Ik wyt net, hoe't ik kom wei to reitsjen. Juster is lytse Knjilles fan 'e golle ôfgliden, mar hy bleau mei de galgen oan in spiker yn 'e kerbielen hingjen. Syn mem kaem ta 't milhús útfleanen en kliemde: ‘Hest dy dochs net biseard, wol jonge?’ Al ik fan 'e golle ôfglyd, sil 'k wol yn ien kear op 'e skuorreed tolânne komme, hwant ik haw oars n't as in hoarntou om 'e broek. En de arbeiders sill' om my hinne stean en sizze: ‘Hwa fan ús sil syn hannen smoarch meitsje oan in deade boer?’ Ik sil 't net hearre... Ik wyt net, hoe't ik kom wei to reitsjen. 'k Ha wekke by ús fos, doe't dy sa dimpich wie en d' oare moarns mei de poaten rjochtút op 'e stâl lei. Hoe langer at ik túntsjebaei smook, hoe mear't ik op dy âld rún bigjin to lykjen. At se my it hûs útdrage, sille de bledden fan dat hakmak oan 't grintpaed by myn kiste lâns slierkje. Ik sil 't net hearre... Ik wyt net, hoe't ik kom wei to reitsjen. Alle moarnen at ik to melken gean, moat ik oer dy snottegledde barten fan de opfeart. As 't my in kear ûntkomt, sille de stikelbearskes wol sizze: ‘Hwer soe dy boer dat bûltsjeblazen leard hawwe?’ En Jan Kooistra syn bern sille mei in pear forhearde eagen op skoalle komme en hymje: ‘By Skaep stienen twa peallen yn 'e feart mei learzens derop. Wy ha 't sels sjoen.’ Ik sil 't net hearre... Ik wyt net, hoe't ik kom wei to reitsjen. 'k Ha faek mei 'n lantearntsje wurkfolk sykje moatten dy't de lea brûke woenen op myn lân. Al stienen s' ek mar hwat to flinterknippen, ik ha se altyd hiel goed leanne! Mar ienris sil it folk net krap wêze en sil 'k it dochs neat mear taskouwe kinne... En ús koster syn hinnen sille yn 'e ferske modder omklauw’ en merakeije en elkoar omseamje om in fette blaukop. Ik sil 't net hearre... [pagina 267] [p. 267] Ik wyt net, hoe't ik kom wei to reitsjen. 'k Ha sjoen, dat se Geeske har kat deaknepp'le hawwe, doe't er dominjes douwehok plondre hie. 't Ald minske stie der by to gûlen. At se my deakneppelje, sil nimmen der in trien om litte! Mar Metsje út 'e Trij-Romers sil sizze: ‘Sjoch, dêr stiet de flesse noch, dêr't Jurjen altyd syn bearenburch út krych. Der sit noch in lyts stealtsje yn.’ Ik sil 't hearre! (nei Multatuli/Jan Niehoff) Vorige Volgende