| |
| |
| |
Piter Terpstra:
Diever en Fryslan
Yn de Forantwurding by syn oersetting fan Shakespeare's wurk (opnommen yn diel I, útkommen yn 1956) skriuwt dr. D. Kalma: ‘De útfiering yn it Drintske Diever brochten my dêrby ek op it tinken, dat sok treflik wurk yn Fryslân net mûglik wie om't Fryslân, op ien, twa útsûnderings nei, gjin goede Shakespeare-oersettings hie.’
Nou't yn dit bitinkingsjier in nûmer fan De Tsjerne oan Shakespeare wijd wurdt, moatte wy ús op syn minst noch in oare opmerking fan Kalma yn 't sin bringe, de opmerking dêr't er de ynlieding by syn libbenswurk mei bislút: ‘Mei hy in libbene skriuwer wêze, ek foar Fryslân.’
It earste sitaet, al stiet it op side 7 fan diel I, leit yn it forlingde fan it twadde op side 25. Shakespeare wie yn it foarste plak in toanielskriuwer. Dat bitsjut dat, as er libbene skriuwer, ek foar Fryslân bliuwe sil, syn wurk net allinne oerset en lêzen, mar ek spile wurde moat.
Ut beide sitaten is dus dúdlik, dat Kalma dat woe. Foar de twadde wrâldoarloch is der net allinne mei it oersetten ‘eksperimintearre’ (lyk as Kalma it letter sels neamde) mar ek mei it spyljen fan de stikken. It barde hiel oars as yn Diever; de spilers - alteast fierwei de measten - wie Shakespeare lang net ûnbikend. Hja wisten skoan hwa syn wurk as hja ûnder hannen hiene.
Nei de twadde wrâldoarloch hat Diever, neffens it earste sitaet, Kalma yn it sin brocht, dat yn dit doarp eat mooglik wie hwat yn Fryslân noch net koe: it spyljen fan in rige fan Shakespeare syn wurken, it faeks op 'en dûr wol ta in goede tradysje wurden fan sokke opfieringen. Dat it foarbyld fan Diever Kalma der ta brocht hat om yn sawn jier (‘it eksperimintearjen naem tritich jier, it skriuwen sawn’, side 7, diel I) in folsleine Shakespeare-oersetting to meitsjen wol my net oan, mar yn alle gefallen moat er it mooglik en winsklik achte hawwe, dat it Fryske toaniel anno 1952, mei syn manko oan oplieding en syn tokoart oan foarme krêften, de stikken fan Shakespeare bringe koe. Oft it moast lyk as yn Diever of dat der better mooglikheden wiene, dêr hat Kalma him net oer útlitten.
Hy hat him àl útlitten oer Diever. Dat is wichtich, hwant as fan 't jier - al wie it allinne mar om de bitinking - de fraech ris opkomme mocht oft de Shakespeare-oersetting yn it Frysk
| |
| |
ek noch ris praktysk brûkt wurde moat, dan het de stim fan de oersetter wol gesach, liket my ta. Wy hawwe de lêste tweintich jier yn Fryslân àl in mannich toanieltradysjes krige, mar noch net in Shakespeare-tradysje. Diever het dy tradysje; moatte wy dêr in foarbyld yn sjen?
Lyk as út it earste sitaet bliken docht, neamt Kalma de útfierings yn Diever ‘treflik wurk’ en hy tinkt dan meiien oan hwat der faeks yn Fryslân barre koe. As dit yndied in oanlieding west het om nei tritich jier eksperimintearjen ta it meitsjen fan syn oersettingen to kommen, dan moat it de earste rige fan simmerske toanieljounen yn it iepenloftthéater fan Diever west hawwe, dy't him sa oanstie. It is nijsgjirrich en geen efkes nei hokker stik der doe spile waerd. It wie Een midzomernachtsdroom.
Dy earste opfiering dêrfan yn Diever haw ik net by west. Ik wit noch wol, dat de kranten - ek de lannelike - dy earste jierren tige optein oer Diever skreaun hawwe. Net dat it spyljen de kritisi sa forraste. Mar it wie in wûnder, nei har bitinken, dat in lyts Drintsk doarp dit oandoarst en der ek noch hiel hwat fan tolânne brocht. De kritiken binne út dy weardearing wei skreaun en dat is by de measte kritisi letter ek sa bleaun. Foar somliken wie it suver in pré, dat Shakespeare fia Burgersdijk mei in Drintske tongfal oerbrocht waerd. Dêr komt noch by, dat de dei fan de première alle jierren yn Diever foar de kritisi in tige geselligen-ien is; boargemaster Meyboom en syn frou, dy't dêr sahwat de lieding hawwe, binne hertlike en gastfrije minsken, dy't op de kultuersouder fan it gemeentehûs der persoanlik mei om tinke oft elk syn bakje thé krijt en boppedat alle jierren ek noch hwat aerdichs útfine: it wer yn gebrûk nimmen fan in restaurearre moune, it iepenjen fan in útstalling of it oanbringen fan nammebuordtsjes op in bungalowterrein. Tsjin de joun is der in miel, tige op syn Drintsk en dus treflik. Ik siet oan sa'n miel in keer neist Werumus Buning, in man dy't noch mear forstân fan lekker iten hie as iksels en doe't wy sop krigen en der fan preaun hiene, sei er: ‘Dit is echt boeresop; ik haw it noch nea earne sà goed iten as hjirre.’ It is net ûnmooglik, dat er doe tocht hat dat plattelânstoaniel yn al syn ynfâld fan greate wearde en bitsjutting wêze kin.
Ik haw nou tink tsien jier myn kommen yn Diever; dat is lang genôch om der oer meiprate to kinnen, mar dochs haw ik spitigernôch de ûntjowing fan de earste acht jier mist. Van der Does, de krekt forstoarne toanielredakteur fan de Nieuwe Rotterdamse Courant sei de earste kears dat ik der foar dy
| |
| |
krante hinne soe: ‘Je weet hoe we dat altijd doen; met een groot respect voor wat ze ondernemen en met niet al te veel kritiek op wat ze presteren.’ Wy hawwe der ek wol togearre west en dat wie in kearmannich by opfieringen fan stikken, dy't se yn Diever hyn ofte nei net oan koene. Dochs woe Van der Does, as er koe, der graech de reis út Rotterdam wei foar meitsje; der moat dus hwat west hawwe dat him ymponearre en sels by de greatste mislearringen ta mylde kritiken brocht.
Nòch is it sa, dat somlike kritisi tige myld en soms optein oer de Shakespeare-opfieringen yn Diever skriuwe. Mar de krityske lûden wurde linkenoan sterker; forgelykje de toan fan G. Vaders syn krityk, forline jlier yn it Nieuwsblad van het Noorden mar mei de wize hwerop Jan Ubink (ús goede freon, tige kundich toanielkritikus, dy't neist in pear wiken forstoarn is) Diever tomjitte kaem. Jan Ubink wie yn de ploech kritisi mei in binammen yn de earste tsien jier frijhwat fêste kearn de ‘grand old man’; syn kritiken hawwe, lyk as dy fan Van der Does, J.P. Wiersma (yn it Handelsblad) en Jan Piebenga (yn de Leeuwarder Courant) net in bytsje stimulearre.
Ik kom nou lykwols op de fraech oft dy stimulâns (ik jow ta: foar in part efternei bisjoen) forantwurde wie en is. Ik haw dus de tsjoen fan de earste jierren, fan it forrassende dat in Drintsk doarp Shakespeare spile, mist. Ik plofte der, by wize fan sprekken, yn doe't hja dêr mei King Lear foar it ljocht kamen. It wie foar dizze ploech in ûnmooglike opjefte; der waerd oant djip yn de nacht op mei wraksele, mar elkenien dy't him foar de geast hellet hoe't dit stik, sels al soene de easken net heech steld wurde, brocht wurde moat, sil ta de konklúzje kommen wêze, dat dit der net op like. Ik kin dizze opfiering noch bêst foar my krije, mar ik wit lang net sa krekt mear hwat ik der (yn Frysk en Frij doe) oer skreaun haw. It sil wol myld west hawwe. Ik wit noch wòl krekt hoe't Van der Does en Ubink der oer skreaune: tige myld, al wie it mei de freonlike warskôging, dat Diever fansels net alles koe.
Yn de rin fan de tsien jier, dat ik yn Diever kom, binne somlike blêdden oer de opfieringen kritysker wurden, lyk as ik niis al konstatearre. De kritisi fan nou binne net allinne foar in great part oaren as dy fan fuort nei de oarloch; der wurde ek oare mjitstêven oanlein. Hwa't hjir yn it Noarden nei de oarloch in stik fan Shakespeare spyljen sjen woe, wie op Diever oanwiisd. En ek de kritisi út oare dielen fan it lân hiene doe folle minder forgelikingsmooglikheden as nou, al wisten sokken as Van der Does en Ubink út har foaroarlochske tiid fansels skoan hokker easken oan in knappe of rid- | |
| |
like opfiering fan in stik fan Shakespeare steld wurde moasten.
Anno 1964 is de situaesje oars. Underskate biropsselskippen spylje Shakespeare en ek de televisy bringt syn stikken. Net allinne de mooglikheden om de stikken to sjen binne greater, ek de manier hwerop dy spile wurde is oars as yn de earste jierren nei de oarloch. De effekten binne soberder. It is mear ‘Shakespeare sec’. As foarbylden kin ik neame de opfiering fan Othello troch de Haagse Comedie (okkerdeis ek yn Ljouwert), dy't yn in hiel ienfâldich dékor en in sobere, mar rafinearre kostumearring brocht waerd en de útstjûring fan de Midsimmernachtsdream, forline jier foar de televisy, praktysk hielendal sûnder dékor, mar mei bisûnder knappe ljochteffekten. Yn beide gefallen binne de tekst en it bringen fan de tekst net allinne it wichtichst; hja binne sahwat it iennichste dat de oandacht fan de taskôger freget. Der wurde dus oan beide hege easken steld: oan Shakespeare de eask om de minsken fan ús tiid noch oan to sprekken en oan de spilers om dêrta it medium to wêzen. Ja, mear as in medium; yn in krityk oer de opfiering fan Othello is skreaun, dat it de spilers slagge om it foar ús ûnoannimlike fan de yntrige oannimlik to meitsjen. Mei oare wurden: wylst de foarm ús lang net altyd mear leit moatte dramatyk of humor fan fjouwer jier lyn foar ús ta aktualiteit wurde, hwant Shakespeare wurdt gjin rjocht dien as er allinne of foar in great part troch it each fan de toanielhistorikus sjoen wurdt. Dêrom hat it moderne toaniel ek net sa folle forlet fan dékor en kostúm; it is net yn it foarste plak de situearring dy't oerbrocht wurde moat.
As der nei dizze opfetting spile wurdt, dan wurde hege easken oan regy en spilers steld. It leit foar de hân dat it, hwannear't oan dy easken net foldien wurde kin (en hwa oars as de boppelaech fan it biropstoaniel sil dêr oan foldwaen kinne?) sûnder de oare, makliker to birikken, effekten net kin. Yn Diever wurdt nei it birikken fan dy effekten mei ynmoed stribbe. Dochs falt it net ta. Al hawwe wy hjir in skoander foarbyld fan selswurksumheit en húsflyt, de kostumearring foldocht net oan de easken. It dékor is jier op jier itselde stikje bosk; it is de eftergroun foar De vrolijke vrouwtjes van Windsor like goed as foar De koopman van Venetië en Koning Lear. It stelt hieltyd hwat oars foar. Dat docht it moderne dékor fan de niisneamde opfieringen fan Othello en binammen fan de Midsimmernachtsdream ek, mar dêr is it allinne birikt mei it fakmanskip en de artistisiteit fan de dékorbouwer, dy't yn in forrassende ienfâld ta utering komme. It natûrlike dékor fan Diever is goed foar ien of twa kear (binammen by regis- | |
| |
seur Broekenra syn tige romantyske opfetting fan de Midsimmernachtsdream), mar alle jierren soene hja der net mei ta hoege. Op it lêst lit it my tinke oan it boskdékor dat wy op De Lemmer yn it Nutsgebou hiene en dêr't ek alles tsjin oan spile waerd. Hwat dat oanbilanget dogge hja it op De Sweach oars; dêr bouwe hja byneed in heal doarp tusken de beammen; krekt as by de iepenloft-opera fan Verona. Dat is ek in opfetting.
It wichtichst foar in forgeliking mei de mooglikheden yn Fryslân is de fraech hwat der yn Diever fan it spyljen tolânne komt. It maklikst is in wurd fan weardearring foar hwat der mei dizze krêften, dy't alhiel gjin toanielfoarming hawwe, birikt wurdt. Der sitte ûnder harren sûnder mis guon dy't oanliz foar toanielspyljen hawwe. It is ek net ûnmooglik dat der earne yn Koudum of Burgum immen by it korps is, dy't by in goede fakoplieding yn it Concertgebouw-orkest by wize fan sprekken net út de toan falie soe. Mar dêrom is it foar de korpsen fan Koudum en Burgum noch net forstannich om it repertoire op dy iene útrinder ôf to stimmen.
Myn biswier tsjin Diever is, dat soks dêr wol bart. Ik wol graech oannimme dat yn Diever in pear natûrtalinten wenje, dy't by steat binne en byldzje in figuer fan Shakespeare út. Ik kin sels wol in stikmannich opneame en ien fan harren rint der fier út: Jantina Vigeland, dy't ik yn har kréaesje fan Puck en Julia nea forjitte sil. Spitigernôch docht hja net mear mei. Neffens kollega's moat der ek in dûmny west hawwe, dy't der op it Dieverske toaniel hiel hwat fan makke; as ik lyk as nou mei Peaske yn Dwingelo bin, kom ik wolris by him yn tsjerke en it wol my wol oan. Mar ek hy spilet net mear mei. It tal goede krêften is de lêste jierren minder as oars, mar dat kin tydlik wêze. It feit bliuwt, dat Diever mar in stikmannich spilers hat of hawwe sil dy't foar de opjefte om in rol yn in stik fan Shakespeare to spyljen birekkene binne.
De oaren bliuwe net allinne efter, hja binne hyn ofte nei net op har plak. Lit ús mar ris neigean hoe't hja ta it bisetten fan har rol komme. Der is yn Diever in dokter Broekema, dy't in great biwûnderer fan Shakespeare en in kenner fan syn oeuvre is. Dat is noch hwat oars as in regisseur fan Shakespeare-stikken. Mar goed, dizze dokter hat de leden fan de toanielforiening Diever animearre en spylje Koning Lear, De Storm, De getemde feeks en hwat der fierder yn de rin fan de jierren mar oan bar komt. Tsien, tweintich, tritich of mear ynwenners fan Diever steane foar him ré. Der moatte guon by wêze dy't nea of amper fan Shakespeare heard hawwe soene, as dokter Broekema tafallich jierren forlyn net in prak- | |
| |
tyk yn Diever kocht hie. Greater is it tal, dat Shakespeare net al to maklik neikomme kin. Nòch wer hwat greater is it tal, dat gjin aen hat fan de djipte fan syn wurk, de eftergroun fan syn figueren. Mar it aldergreatst is it tal, dat dy figueren dan dochs mar útbyldzje moat, sûnder ea in toanieloplieding hawn to hawwen. En jier op jier rint dit fier boppe de macht rikken op in mislearring út.
De tiid, dat de weardearring foar dit bisykjen greater is as de toloarstelling oer it resultaet is noch net foarby. Krekt oarsom, it tal jierlikse opfieringen is sûnt it bigjin hieltyd greater wurden. Oankundiging en biskriuwing fan it stik dat spile wurdt binne opnommen yn de jierlikse toeristyske gids (dy't meiiens in propaganda-útjefte is) fan de V.V.V. De spilers binne net anonym, lyk as almeasten by it amateurtoaniel; har nammen binne yn it programma opnommen. ‘Diever’ is in toanieltradysje wurden en hat namme makke. Lyk as Tegelen neamd wurdt om syn passyspul, Verona om syn opera's en Salzburg om syn Festspiele, sa is Diever forneamd om syn Shakespeare-opfieringen. It lûkt hûnderten, tûzenen.
Ja, dat is noch in nijsgjirrige frage. Hokker publyk is dat? Komme de echte Shakespeare-leafhawwers der op ta? Dy sille wol ûnder it publyk wêze, mar it wol my min oan dat hja in great part fan it publyk foarmje. Der komme àl in protte minsken yn groepsforbân; binammen frouljusforieningen en learlingen fan middelbere skoallen komme yn kloften del. Ploegen dus, dy't animearre wurde troch in presidinte of in learaer dy't de kulturéle bilangstelling fan syn pupillen fuortsterkje wol. In treflik bisykjen, mar ik hâld my de lea stikken. Ik bin bang, dat dy pupillen, sûnder har foldwaende yn Shakespeare fordjippe to hawwen, in folslein forkeard byld fan de greate skriuwer krije. En dat is like forkeard as it yn de kunde kommen mei Beethoven troch it harkjen nei in pianist, dy't it spyljen fan de kunstminnende doarpsdûmny of -dokter leard hat.
It greate tal dat, hwer dan ek troch animearre, yn Diever komt, is sa goed sa kwea. Ik siz it yn alle earnst, nou't de greate skriuwer fan 't jier - ek yn dit nûmer - bitocht wurdt en wy ús ôffreegje, hoe't wy yn Fryslân mei syn wurk oan sille: yn Diever wurdt him gjin rjocht dien. De lju, dy't him kennen leare wolle, misse dêr tofolle. De tûzenen sille dat faeks net fornimme; it libben is hiel bêst mooglik sûnder Shakespeare. De kâns, dat Diever har ûnder de tsjoen fan it wurk fan de greate master bringt is lyts; de gloede ûntbrekt der folslein oan. De kâns dat hja nei in joun yn Diever ta de oertsjûging komme, dat dy Shakespeare yn syn tiid wol in knappe
| |
| |
fint west hawwe sil, mar dat er jin dochs net sa hiele folle mear docht, is greater.
Hawwe dizze opfieringen yn it lytse Drintske doarpke dus gjin bisteansrjocht? Is it mar better dat hja fordwine? It giet my to fier om dat to propagearjen, hwant der binne forskate lju - en dêr binne guon by, dêr't ik de miening tige fan respektearje - dy't der oars oer tinke. En dêrom sil ik foar de N.R.C. of Frysk en Frij by libben en sounwêzen trou alle jierren wer nei Diever reizgje en wier net mei tsjinsin, hwant dy premièredei is altyd de muoite wol wurdich, al soe it allinne mar wêze om it boeresop, dêr't Buning sa heech fan opjoech.
Wichtiger as de fraech oft Diever al of gjin bisteansrjocht hat is foar my hoe't wy yn Fryslân op dit stuit mei ús Shakespeare-oersettingen oan moatte.
Oer Diever haw ik wiidweidich west om oer Fryslân koart wêze to kinnen. Lyk as dêrre moat it hjir net. Wy kinne it net weagje en lit it oan Aldehaske of Nijelamer oer om mei help fan in dokter-Shakespeare-kenner, stipe fan de V.V.V. en yn de goede hope dat de presidintes de frouljusforieningen en de learaers de learlingen animearje sille om der hinne, in Fryske Shakespeare-tradysje op to bouwen. Diever mei om my wol unyk bliuwe; dat is better foar Diever, better foar Fryslân en better foar Shakespeare.
Wy sille foar it bringen fan stikken fan Shakespeare ploegen hawwe moatte, dy't net géografysk gearstald binne. Lit ús it bikende en ek wol forkeard brûkte wurd mar wer ris neame: wy moatte ‘karploegen’ hawwe. Shakespeare-leargongen foar dyjingen, dy't syn stikken spylje sille, soe gjin kwea kinne; in goede toanieloplieding of -foarming dy't stiet foar it bêste hwat wy hjir byelkoar bringe kinne, soe in eask wêze moatte. Ik nim oan, dat stipe fan provinsiael bistjûr en in stikmannich gemeenten wol to krijen is, as wy net allinne in Shakespearestifting foar it útjaen fan syn wurk, mar ek foar it spyljen dêrfan hawwe soene.
Oan de frekwinsje hoege wy to'n earsten gjin al to hege easken to stellen. Mar lit ús foar it ljocht komme mei eat, dat rjocht oan Shakespeare docht. En oan Douwe Kalma, al hat dy, hwat Diever oanbilanget, him dan ek forsind. It meitsjen fan in spesiael nûmer fan De Tsjerne yn it jier hweryn Shakespeare as ien fan de greatste skriuwers fan alle tiden bitocht wurdt, soe gjin doel hawwe as wy syn wurk, dat wy op 'en dûr yn syn folsleine foarm yn ús eigen tael krije, noch langer lizze lieten.
Dwingelo Peaske 1964.
|
|