De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 125]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Jo Smit:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 126]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
libbens net genôch hawn. In analyse ommers fan de partijen fan in geniael skaekmaster, ferget ek gâns mear tiid en romte as ta it spyljen nedich wie. It is binei oerstallich omtinken to freegjen foar it feit dat wy beide wizen fan dwaen hiel oars ûndergeane. De estetyske ûnderfining fan drama en essay is forskillend. Hoe tige de essays fan Bacon stilistysk ek to wurdearjen binne, by eintsjebislút bistiet de ynhâld út platitudes, forlike by dy fan de drama's fan William ShakespeareGa naar eind5). | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
IIGlendower: I can call spirits from the vasty deep. William Shakespeare dat is syn wurk. Fan it libben fan de man, dy't dy namme hie, witte wy och sa'n bytsje en sels dat bytsje sil ik hjir net neifortelle. Eltsenien kin dat neilêze yn ien fan it great tal boeken, dat oer syn libben skreaun is. Al dy boeken dogge itselde by it oanklaeijen fan it hantsjefol gegevens dat wy hawwe: wiidweidich de eftergroun skilderje - Ingelân yn Shakespeare's tiid, de ôfstamming fan William, it libben fan de heit - fantasearje oer syn jeugd en oplieding, syn feintejierren en bizesetten, syn frijerij en syn trouwen mei Ann Hathaway, syn gean nei Londen; dan in stik oer de foarrinders fan Shakespeare en it toaniel yn syn dagen; syn libbensgong oan 'e hân fan syn wurk. GissingenGa naar eind7) allegearre, konjektueren en fantasyen oant en mei syn weromgean nei Stratford en einlings en to'n lêste it biromde testamant. Dat testamintGa naar eind8) mei syn forbjusterjend toaniel-effekt: I give unto my wife my second best bed. Syn wurk, dat is William Shakespeare; dus net Bacon, net Lord Rutland, net William Stanley, net Edward de Vere, net Marlowe, lykas foar elk normael brein dúdlik wêze moat. Mar net sûnder reden seit Haines yn UlyssesGa naar eind9): Shakespeare is the happy hunting ground of all minds that have lost their balance. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
IIIThe best in this kind are but shadows, and the worst are no worse, if imagination amend them.Ga naar eind10) It spilet moai, yn dit bitinkingsjier is krekt it fjirde diel | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 127]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
fan de Fryske Shakespeare-oersettingGa naar eind11) fan dr. D. KalmaGa naar eind12) forskynd. In bettere Fryske bydrageGa naar eind13) ta de bitinking hie al slim to finen west. It tredde diel fan de neamde oersettingGa naar eind14) hat noch net yn De Tsjerne oan 'e oarder west en de redaksje freget my myn bitinken oer dy beide lêste dielen to jaen, mar dêrby mei ik aldergeloks ek rekken hâlde mei it fjirde ieufeest. Graech! Alderearst wol ik sizze, dat de útjefte fan de oersetting troch Douwe Kalma fan it folsleine wurk fan Shakespeare der needsaeklik komme moast. It is spitich dat Fryslân bitreklik let in folsleine fortaling kriget, al bliuwt it dêrfoaroer in eare, dat earder as yn Hollân yn Fryslân in bigjin makke is mei it oersetten. Rinse PosthumusGa naar eind15) joech fortalingen fan De keapman fen Venetien en Julius CaesarGa naar eind16), fan As jiemme it lije meieGa naar eind17) en fan De StormGa naar eind18). Boppedat sette er fragminten fan HamletGa naar eind19) en Hindrik VIIIGa naar eind20) oer. Letter joech T.E. HoltropGa naar eind21) in moaije fortaling fan HamletGa naar eind22) en fan Julius CaesarGa naar eind23). De útjefte fan Kalma syn Shakespeare-oersetting moast der komme, om't Shakespeare net inkeld fan alle tiden is, mar ek foar elts plak en omdat de fortaling yn elts gefal bisjen lije kin. Persoanlik haw ik dan ek fuortendaliks yntekene om de útjefte troch de Fryske Shakespeare Stifting mei mooglik to meitsjen en ik moat sizze, ik mei dy reade bannen yn 'e boekekast wol lije, dat ik sjoch al út nei de ein fan it ûndernimmen. De Shakespeare Stifting docht it wier net lyts: kreaze, mânske boeken, dúdlike letter, bihoarlike blêdspegel, dat fortsjinnet alle lof. In útjefte lykas dizze is in monumint. Dat is dan tagelyk hwat ik der op tsjin haw, hwant in monumint hat de skyn fan it definitive oer him en bitsjut yn syn monumintaliteit gauris in stan-yn-e-wei. Dochs soe it tige spitich wêze, as it nei dizze folsleine útjefte nou mei-iens dien wêze soe mei alle oersetten fan Shakespeare yn it Frysk. Dêrfoar is de forfrysking fan Kalma nou krekt net goedernôch en is wierskynlik gjin inkelde oersetting dat. Oersette, mei bihâld fan alle kwaliteiten en mei ynbigryp fan alle nuanses en ynterpretaesjemooglikheden is nou ienris ûndwaenlik. Lykwols, it stiet to bisjen, oft sels yn dit Shakespeare-jier, sjoen ús lytse mooglikheden en hingjende de útjefte fan de dielen fan de Kalma-oersetting, in fortaler syn krêften jitris prebearje soe op in stik fan Shakespeare. Dochs moatte wy dêr yn 'e takomst wer op oan, al sil elkenien him dêr fuortdaliks wol net oan weagje. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 128]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
IVWhy should a man whose blood is warm within, Sit like his grandsire cut in alabaster?Ga naar eind24) Shakespeare is in universéle geast. Net inkeld dat er rounom forstân fan liket to hawwen - juristen sprekke heech op fan syn kennis fan it rjocht, sélju fan dy fan sé en navigaesje, botanici oer hwat er wit fan blommen en krûden, en gean sa mar troch - hy is ek tagelyk in dreamer en in bitûft sakeman, in idéalist en in réalist, hy wit stal to jaen oan gefoelens fan wraek en fan forjeffenis, fan ekstase en resignaesje, fan libbensnocht en fan djippe melankoly. Binammen sprekt dy universaliteit op it mêd fan leafde en seksualiteit, dêr't er de tearste en idéeelste fielingen yn wurden wit to fangen, mar ek de meast rjochtstreekse seksuéle forlangens útbyldzje kin; hy is de ascetyske idéalist en de man fan rouwe grappen, hy ken it sensuéle raffinimint fan de yntellektueel en hy hat de linige yntelliginsje foar de skabreuze geastichheit. Hy hat geast en dêrom struit er fan dy lêste rynsk en rij troch syn wurk. Foar my is it ien fan de dingen hwerom't er ús sa nei stiet. De hypokrisy fan de njoggentsjinde ieu hat it wol foarsteld, dat dy grappen in tomjittekomming wêze soene, ornearre foar de mindere man, de ‘groundlings’ dy't it théater ek drok bisochten yn Shakespeare syn tiid; mar dêrmei docht men èn de dichter, dy't gjin konsessys hoegde to dwaen, èn dy mindere man tokoart. Mear lykwols noch jinsels, hwant men miskent en skeint it libben en docht jinsels tokoart, as men net fan herten laitsje wol of kin oer mei talint foardroegen ‘twiivlige grappen’, lykas Kalma formulearre yn syn ynliedingGa naar eind25). Dêryn sei er: Shakespeare's tiid wie iepen yn dy dingen, by uzes forlike; en is it net goed de dingen by de namme to neamen? Of tinkt men, dat de erotyk gjin tierige groun is foar humor? Men soe earder úthâlde kinne, dat it dêrfoar de groun by útstek is. Dêr bin ik it folslein mei iens. By it hifkjen fan de oersetting sille wy sjen yn hoefier Kalma as oersetter dit program trou bleaun is. Ik leau nammers, dat de tiid dy't forroun is, sûnt Kalma de oanhelle wurden delskreau, gunstich wurke hat. Net inkeld yn Ingelân, dêr't einlings en to'n lêste de sensuer op Lady Chatterley's LoverGa naar eind26) opheft is en dêr't yn 1955 in wurdearjend boek forskine koe oer de ûnfoegens by ShakespeareGa naar eind27), mar ek yn Nederlân en sels yn FryslânGa naar eind28) binne aldergeloks de minsken iepener wurden ‘yn dy dingen’. Foar dy | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 129]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dingen sil ik dan ek romhertich omtinken freegje by myn bisprek. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
VWho can be wise, amazed, temperate and furious, Loyal and neutral, in a moment? No man.Ga naar eind29) It tredde diel fan Shakespeare's Wurk, yn Fryske oersetting fan dr. D. Kalma, forfolget de list fan de komeedzjes mei Folle spul om neat, De fleurige wyfkes fan Windsor, Nei jim bileavjen, Trije Keningejoun, Lyk om lyk en Ein goed, alles goed. De yndielingGa naar eind30) is dus neffens genre en dêrbinnen chronologysk nei it ûntstean. Oer de tiid dat de stikken skreaun binne wurdt yn dizze útjefte neat sein; hja wurde, mei in minimum oan noaten efter elts stik, sûnder kommintaer jown. Faeks dat yn it lêste diel, dat bihalven in ynhâldsopjefte dy't yn de ôfsûnderlike dielen ûntbrekt, dochs ek wol de nedige registers jaen sil, ek notysjes oer de chronology opnommen wurde kinne. 480 siden telt it dielGa naar eind31). Dy haw ik trochlêzen en foun dêrby hiel hwat to genietsjen, soms hwat to lekjen en inkelde kearen haw ik it oarspronklike opslaen moatten, om't ik neat to goed út 'e Fryske tekst komme koe. It foel my op, dat ik de fortaling fan somlike stikken leaver lije mocht as dy fan oare; sa naem dy fan Trije Keningejoun bygelyks my bisûnder mei. Leaver lykwols as hwat rûch by al dy 480 siden lâns to gean, woe ik der earst ien stik útsykje en doch forslach fan myn wjerfarren by it hifkjen fan de oersetting. Ik kies dêrta Folle spul om neat, net om't dat it earste stik is yn diel III, mar al om't it de meast skelmske komeedzje is. Foar in part is it Kalma sûnder mis slagge de hwat skabreuze geast fan in mannich passaezjes goed oer to setten; foar in oar part binne de geastichheden ûnfortaelber, mar sa nou en dan is oersetter hwat banger as de théoretikus út 'e ynlieding, dy't ik hjirboppe oanhelle. Ik jow foarbylden.
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 130]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dy ‘ûnderlizzende partij’ is moai, mar dochs hat men it gefoel dat Kalma earder sinnen as toaniel oerset. De rigel ‘Hear, ik woe net dat hy my dat makke’ liket my, stjittend as it heart, net maklik to spyljen. Ik freegje my ôf hwerom't der net deagewoan stiet: ‘Dàt soe 'k net graech wolle dat er my die.’
De crux sit yn dy ‘cod-piece’, de pûde foaroan in antike broek en fan gefolgen it lichemsdiel dat dêryn biskûle gie. Dy ‘koker’ foldocht my tige, mar hwerom net ‘in bigriemd, formotte kleed’?
It is dúdlik dat de ‘bucklers’ symboal binne fan de froulike, de ‘swords’ fan de manlike seksuéle organenGa naar eind32). In ‘buckler’ is de namme fan in skyld mei in forhevenheit derop (Holl. beukelaar), mar wie eartiids de bineaming fan inkeld de bult op it skyld, hokker bitsjutting noch meispile yn de werjowne passaezje, dêr't wy grif by tinke meije oan de mons veneris. ‘I give thee the bucklers’ bitsjut dat men jin oerwoun jowt, hwat Kalma mei rjocht oan de letterlike oersetting foarôfgean lit, al mei ik de foarm ‘dú wounst’, mei de ûnfolsleine doe-tiid, net lije. Ik hie leaver sokssahwat sein as: ‘Ik jow it oer, dêr hast myn skyld.’ Margaretha anderet yn it Ingelsk yn it meartal, dêr't foar my de suggesty fan útgiet fan it ‘wy, froulju’ en dêrom hie 'k dy pluralis ek yn 't Frysk wol wollen. ‘Pikes’ set | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 131]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Kalma oer mei ‘knoppen’, mar in ‘pike’ is in ‘pyk’ of ‘piik’, dy't yn de bult op it skyld oanbrocht waerd. ‘Foar fammen is dat mar nuodlik wurk’ is hwat slop, forlike by ‘dat binne gefaerlike wapens foar froulju’, dat der letterlik stiet. ‘Dy hat grif wol skonken’, foarôfgien fan de kommapunt freget dúdliker noch as it origineel omtinken foar de dûbelsinnichheit fan dizze wurden: net inkeld ‘dy hat grif wol skonken om hjirhinne to kommen’, mar ek ‘om dy skroef to foarmjen’. Dat ‘vice’, bihalven skroef ek noch ‘sûnde, ûndeugd’ bitsjut moat fansels yn eltse fortaling forlern gean.
Dat is treflik fortaeld; der is moai gebrûk makke fan de hwat komplekse ynhâld fan it Fryske ‘weage’ en sels de ûnfortaelbere wurdeboarterij mei it twade (h)on-our-able wurdt suver noch imitearre yn it Fryske ‘heech earber’. Like treflik is oerset, in lyts eintsje fierder:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 132]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Jitris in mannich rigels fierder, fine wy, al wer goed oerset:
Inkeld dy ‘nifte’ stiet my net bot oan om't it dochs wol hwat archaïstysk is. Mar der is gâns tige to wurdearjen yn dizze oersetting. Dat forskate dûbelsinnichheden net oer to setten binne - e.g. Cupid is a good hare-finder, mei rjocht fortaeld as ‘in goed hazze-siker’, soks mei foarbysjen fan de ymplikaesje troch it homonym hair = hier - is neat net slim; yn it algemien ammet de fortaling moai goed de Shakespeariaenske geast. Hwerom't lykwols ‘brothelhouse’ = ‘huorrekast’ (I-1, side 13) oerset wurde moast mei ‘kroech’, ûntgiet my, dy't noch wolris yn in kroech komt. In inkelde kear mear hat men sokke lytse irritaesjes, lykas hwannear't in gauris sitearre rigel Speak low, if you speak love oerset wurdt mei it aeklike Praet seft; jaen leafde bodGa naar eind33). Soms hat men it gefoel, dat in lytse foroaring it origineel mear rjocht dien hie.
De fortaling is fansels neat op tsjin, mar mei ‘hy hat de forwachting trefliker oertroffen’ is men de geast fan it oarbyld noch neijeroan. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 133]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Folle spul om neat hat relatyf net folle rigels yn fersen, it is meast proaza. Kalma wol de fersen yn oersetting wolris hwat to moai meitsje. Forlykje:
Hwer't it Ingelsk hiel gewoan is, kronkelt it Frysk him yn bochten om fral dichterlik to wêzen. Mei ‘Der hat noch noait in wiisgear west / Dy't mei syn pine yn 'e mûle frede hie’ of sokssahwat hie it ek wol takinnen. De forkearde fan twa of mear mooglikheden nimt de fortaler foar kar yn II-1, side 26.
Foar ‘oan to hawwen’ soe ik wolle ‘to brûken’. Boppedat soe ik ‘har’ forfange wolle troch ‘dy’, mar noch leaver weilitte, lykas it origineel. Stjitterich wurdt:
Hwerom net ‘Claudio, dêr't jo balken fan midstwa sprekke’ of ‘Claudio, dêr't jo machtich oer opswetse’? In byldzjende útdrukking wurdt mijd, of der is by forsin in rigel útfallen yn it bigjin fan IV-1, side 53.
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 134]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It Ingelsk hat tusken But she is none en Her blush is guiltiness, not modesty noch de rigel She knows the heat of a luxurious bed, hwat Burgersdijk oerset mei ‘Zij kent den gloed van weelderige omarming’, Schlegel-Tieck mei ‘Sie kennt die Glut des üpp'gen Lagers wohl’, en ik yn myn ûnskuld mei: ‘Hja ken de gleonens fan in derten bêd’. Tige tsjuster kaem my de oersetting foar by it neifolgjende eintsje:
Ik leau net dat ien dy't dit heart, en dêr is it dochs foar ornearre, der folle fan bigrypt. Mar it Ingelsk, fan de fjirde rigel ôf, is:
As ik even bisykje mei dit wer to jaen, sûnder de pretinsje fan in definitive versy, mar lyk as my foar de hân komt, dan krij ik:
Dêr is fansels gâns oan to forbetterjen, mar it is leau ik wol dúdlik. Dy gymnastyk stiet der by Shakespeare alhiel net, mar is by in bytsje neitinken ek wol to ûntgean. Dat doch ik nou net om't it net ta de saek docht en ik boppedat it gefoel haw, dat de âlde William my tofreden oanglimket. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 135]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Oan 'e ein fan it stik seit Benedikt (V, 4 side 80):
Dér stiet, yn 'e fuotleasten fan Burgersdijk, in noat by: Sa'n stêf droegen dy't âld wurden wiene. Dat is fansels wier, mar it docht mar o sa'n bytsje ta forklearring fan dizze klaus, dy't earst ta syn rjocht komt as men de fallyske bitsjutting fan dy stôk mei de hoarnen ein ynkalkulearret. Noch in lytse opmerking: ‘sad’ bitsjut by Shakespeare yndied gauris ‘earnstich’, ynsté fan it hjoeddeiske ‘drôf, treurich’, mar op dit plak is it dochs hwat sterker as earnstich, leau 'k. Ik soe de negative omskriuwing, sa eigen oan it Frysk, foar kar nimme: Foarst, jo binne net fleurich, sykje in wiif, sykje in wiif. Inkeld wurdearring haw ik foar de oersetting fan de tafrielen, dêr't Hounebei en TyskerGa naar eind34) - moai oersette nammen foar Dogberry en Verges - yn oan it wurd binne. It nuvere taeltsje dat Shakespeare har yn 'e mûle jowt is moai lykweardich werjown. In lyts eksimpel is foldwaende om dat to adstruearjen, ek sûnder it Ingelsk origineel.
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 136]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Mei dit libbene eintsje toaniel woe ik ôfskied nimme fan Folle spul om neat, om noch even út 'en rûgen it fierdere boek nei to gean. Ek yn de oare stikken falt it op dat de kluchtige, folkske tafrieltjes meastentiids knap oerset binne. E.g. De fleurige wyfkes fan Windsor, III-5 (side 131).
In noat fornijt ús dat hja direksje bidoelt, mar dat is net ynteressant, hwant it is dúdlik dat hja in forkeard wurd brûkt. Falstaff lykwols falt op de wurden fan Frou Hastich fuortdaliks yn mei So did I mine, dat hwat slop oerset is mei Forkeard opfette ha ik 't ek, hwertroch de grap op healwei ôfbrutsen wurdt. De noaten binne wolris mear hwat heal. Yn Lyk om lyk, by de wurden (II-1, side 333) hja wie suver slij nei stoofde prûmen stiet in noat, dy't ûnskuldigerwize forklearret: Stoofde prûmen, wie iten foar lichte froulju. Sa'n ûtliz is de humoristyske kant neist; safier is it noch op gjin inkeld plak kommen mei de reglemintearring fan de prostitúsje. Hie der noch mar stien ‘kost foar lichte froulju’, hwant stoofde prûmen, dy't yn Ingelân ek wier wol troch oaren iten waerden, wie as útdrukking net salonfähig troch de ymplikaesje mei it bigryp hoer. Dy prom seit himsels, mar boppedat bitsjut ‘stew’ op forskate plakken by Shakespeare op himsels al huorrekast. A dish of stewed plums yn De froalike wyfkes (I-1) bitsjut oars net as ‘hoer’. Trije treffers foar in skûtel stoofde prûmen seit de tekst fan Kalma (side 92) en noat 15 dêrby hâldt ús foar: Skûtel stoofde prûmen, spize foar losse froulju (sic!). Noat 30 by Trije Keningejoun (side 315) seit: It wurd ‘elemint’ wie yn in geskrift van 1661 dat Ben Johnson oanfoel, bigekke. Bihalven dat 1661 it jier 1601 wêze moat, steane hjir noch twa printflaters yn, dêr't de v yn ‘fan’ minder slim is as it forkeard skreaune Jonson, dy't nammers better alhiel net neamd west hie. Nou't ik dochs by de printflaters bin, op side 405 (Ein goed, alles goed I-1) heart ûnder de greate klaus fan Helena to stean: op komt Parolles. Yn Nei jim bileavjen V-2, mis ik boppe-oan op side 228 de oersetting fan de wurden or else be incontinent before marriage. Soms brûkt de oersetter nei myn smaek krekt tofolle wurden. Yn Lyk om lyk III-2, side 361 stiet: mar it stiet fêst dat as er | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina t.o. 136]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
WILLIAM SHAKESPEARE (1564-1616) (portret en hantekening)
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina t.o. 137]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
DOUWE KALMA (1896-1953)
Oersetter fan Shakespeare's wurken | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 137]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
wetteret, syn pisse suver biferzen iis is. Tige, mar fan dat ‘suver’ is by Shakespeare neat to finen en dy tafoeging makket it net pregnanter. Itselde is it gefal yn In klitse boaskje, hear, is like slim as deaparse, gisele en hongen to wurden (Lyk om lyk V-1, side 397), dêr't ‘like slim as’ in ûnnedich ekstra is. It wurd klitse foldocht my hjirre noch leksikologysk noch psychologysk en yn it Ingelsk stiet der dan ek punk = hoer. De sin wurdt dan: ‘In hoer trouwe, hear, is deaparse, gisele en hongen wurde’. To fatsoenlik en binypt is de fortaling ek yn altyd farsk flesk foar ever your fresh whore (L.o.I. III-2, side 359) of triuwt Angelo oan 't herte foar with Angelo shall lie (L.o.I. III-2, side 365). Yn syn forantwurdingGa naar eind35) hat Kalma sein: Ik leau net dat de tael fan dizze oersetting de kenner archaïstysk oandwaen sil; mar as ik ris in moai en gaedlik archaïsme brûke koe haw ik it net litten. My tinkt dat dêr alles foar to sizzen is, mar persoanlik liket my ‘nin’, dat gauris foar ‘gjin’ brûkt wurdt, gjin ‘gaedlik’ archaïsme, likemin as ‘iem’ dat stéfêst foar ‘omke’ stiet. Shakespeare brûkt gauris it wurd ‘cousin’, bygelyks yn Trije Keningejoun I-5, dat Kalma de iene kear oerset mei ‘sibbe’ en even letter mei ‘iem’ (side 252), wurden dy't ik beide ruilje woe foar ‘omke’. ‘Close-stool’, dêr't it Frysk dochs ‘gemak’ of ‘keamergemak’ foar het, wurdt oerset mei ‘geheimstoel’, hwat my hwat to moai foarkomt. Biswier haw ik tsjin ‘rigel’ yn ‘hja moasten har strang oan de rigel hâlde’ op side 334. ‘Litske’ op side 387 is in foarm foar ‘ljidske’ dy't it wurdboek net jowt. Yn dit gefal sil him dat net oan it wurdboek lizze, dat oars wol tokoarten fortoant, dy't it oersetten wolris swier meitsje. ‘To procure’ is keppelje en in ‘procurer’ of in ‘bawd’ is hwat yn Heechhollânsk in souteneur hjit, hokker wurd men om 'e nocht yn it wurdboek siket. In tokoart is ek dat it bigryp ‘ontmaagden’ der yn ûntbrekt. De wurdboekôfdieling fan de Fryske Akademy koe my ek net ynljochtsje: it apparaet is dêr blykber net op birekkene. It ûntbrekken fan it wurd soe der op wize kinne, dat oan de virginaliteit by âlds yn Fryslân net folle wearde takend waerd, hwat wer wize kin op in forijochte en to wurdearjen hâlding op it stik fan de seksualiteit. It soe faeks de muoite wurdich wêze de hiele wurdfoarrie fan it Frysk ris to hifkjen op syn anthropologyske en kultuerhistoaryske bitsjutting. Kalma fortaelt a deflow'rd maid mei in ûntblomme faem (Lyk om lyk IV-4 side 380), blykber ûnder de ynfloed fan it | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 138]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
bigryp defloraesjeGa naar eind36), dat ek yn it Ingelsk bisletten leit, mar dat, as myn konklúzje hjirboppe krekt is, net strykt mei it Fryske tinken en fielen op dit mêd. Dit lêste skriuw ik mei opsetsin del om útkomme to litten dat oersetten fan Shakespeare wier gjin lyts ûndernimmen is. Ik leau dat it Kalma gauris tige slagge is en dat wy bliid wêze moatte mei dit wurk. Ik haw bisocht in lytse blomlêzing to jaen fan myn bifiningen, dy't ik net mear útwreidzje wol, ommers Striving to better, oft we mar what's wellGa naar eind37). | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
VIHe does it with a better grace, but I do it more natural.Ga naar eind38) Diel IVGa naar eind39) bifettet de lette komeedzjes It winterjouns-teltsje en De stoarm, mei de keningsstikken Kening Hindrik VI (diel I, II en III) en Kening Richard III. Der is dus fêsthâlden oan de chronologyske folchoarder fan ûntstean foar de keningsdrama's en gjin rekken hâlden mei de chronology fan de kervingen sels. Yn de 531 siden fan dit diel haw ik wer forskate oantekeningen makke, mar it hat net folle doel dy allegearre bylâns to gean. De oersetting fan de keningsdrama's hat my by it lêzen goed foldien. Biswieren hie ik by Hindrik VI, 1e diel, V, 4 (side 233): Hja hat mei de dofyn oan 't tsjoenen west, as oersetting fan She and the Dauphin have been juggling om't yn ‘juggling’ de lea aerdich mear meisprekt as yn ‘tsjoenen’; by Hindrik VI, 2e diel, IV-7 (side 313) dêr't free oerset wurdt mei frijsinnich en ‘frij’ wier better foldocht; by Hindrik VI, 3e diel, II-1 (side 359), dêr't it moaije Go, rate thy minions, proud insulting boy! - in sin dy't men op 'e tonge priuwe moat - oerset wurdt mei Rach op dyn litskes, greatske swankebast! Minder goed koe my de oersetting foldwaen fan It winterjouns-teltsje, sûnder nou fuortendaliks útmeitsje to kinnen oft dat him sit yn it aerd fan it origineel, of in mooglike kwaliteitsnuanse yn de oersetting. Ik leau it earste, hwant hwat ynherint is oan de oersetterij fan Kalma - in tokoart oan spanning troch in oerwurdearring fan it moaije, ritmyske wurd - wurket hjir tige irritearjend. In foarbyld mei dat fordúdlikje. Yn I-2 ropt de jaloerske Leontes, dy't syn frou fortinkt, út:
Is whispering nothing?
Is leaning cheek to cheek? is meeting noses?
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 139]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Kissing with inside lip? stopping the career
Of laughter with a sigh? - a note infallible
Of breaking honesty; - horsing foot on foot?
Skulking in corners? wishing clocks more swift?
Hours, minutes? Noon, midnight? and all eyes
Blind with the pin and web, but theirs, theirs only,
That would unseen be wicked? - is this nothing?
Why, then the word and all that's in 't is nothing;
The covering sky is nothing; Bohemia nothing;
My wife is nothing; nor nothing have these nothings,
If this be nothing.
Dit is in prachtich stikje toaniel. Wis, it is ek ‘blank verse’ en ek as sadanich tige moai, mar it is boppe al de rjochtstreekse útbylding fan de jaloerskens dy't treft; dy skombekjende opsomming, mei natuerlike fynsten deryn lykas kissing with inside lip en horsing foot on foot. Jaloerskens jowt dizze uteringen yn, sûnder to freegjen hoe't kissing with inside lip of horsing foot on foot nou krekt technysk yn syn wurken giet. Dat ynteressearret ús ek neat en it hat Shakespeare grif ek net ynteressearre. Dit fragmint is samar to spyljen; it is folslein toaniel. De oersetting fan Kalma is dat net (side 16):
Is lúst'rjen neat?
Is 't neat, dat noazen, wangen inoar streakje?
Sok ynlik patsjen neat? Of 't laitsjen drôf
Mei suchtsjen ôf to brekken ('t fêste blyk
Fan trou dy't brekt?) neat, streakjen, foet tsjin foet?
Weiskûljen neat, noch driuwen mei de tiid,
Dat d'ûre in tel, de middei nacht waerd? Neat,
Elts each, op harres nei, steksjoch to winskjen,
Dat harren tsjoed net sjoen wurdt? Alles neat?
Dan is de wrâld mei al har ynhâld neat;
De hege himel neat; Bohemen neat;
Myn wiit neat; en lit neat dy neaten ha,
As dit sels neat is.
De jaloerske opwining is hjiryn toskronfele, in stik toaniel forfongen troch in foardracht-foar-ien-hear. In ûnmachtich stikje ‘blank verse’ is oerbleaun, ûnmachtich yn de sin fan: ‘sûnder machten’. Slimmer noch as hwat weifallen is (inside lip, horsing, corners), is hwat der bykommen is (dròf, sels) en foroare; in gefolch fan it feit dat de oersetter it konkrete byld hieltyd opofferet oan de abstrakte bitsjutting, it aktive oan it passive, it toaniel oan de deklamaesje. Sjochris njonken inoar: | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 140]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It is dúdlik hoefolle slopper it Frysk wêze moat, noch ôfsjoen fan de wurdoarder en de dêrút fuortkommende ritmyk. Even earder as dizze passaezje stiet: As rank as any flaxwench that puts-to / Before her troth-plight. Oersetting: Sa geil as hokfoar flaeksfaem, dy't jit foar / Har boask al ré is. Goed fortaeld, hwant puts-to bitsjut puts her body to the man's; mar net wierliken goed, hwant dan hie der stien ‘leit’, ynsté fan it to neutrale ‘is’. Mar dat yn it foarbygean. In oar foarbyld, dat in moai eintsje toaniel forweakket fine wy yn III-3, dizkear yn proaza. In âlde skeper fynt in lytse poppe en de âld-man grommelet yn himsels: This has been some stairwork, some trunk-work, some behind-door-work; they were warmer that got this than the goor thing in here. Moai spylber allegearre, mar net yn oersetting: Hjir ha hja mei dwaende west yn hoekjes en herntsjes, efter kisten en kasten, en hja binne der al hiter fan wurden as dit earme stumperke. (side 46). Hoe't in minske dit yn 'e goedichheit spylje moat, is my in riedsel - in eksklamaesje foar (min) doarpstoaniel, oars is der net fan oerbleaun. In tobekskriljen foar it konkrete merkbite wy ek yn II-1: As dit wier is, bilije hja 't, stiet der op side 26. Bilije, siz dat wol, hwant it origineel seit: I'll geld theet all, d.w.s. ik lobje se allegearre. Oer himsels wol Antigonus, dy't dit drigemint uteret, ek net mijen wêze, hwant hy hâldt út: I had rather glib myself..., hwat op deselde yngripende operaesje slacht. De oersetting folstiet mei de formelding fan it risseltaet: leaver sels gjin man mear. Kalma brûkt it wurd ‘ljidske’ noch alris, mar callat (II-3) | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 141]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dêr't dit nou krekt in moaije oersetting foar wêze soe, jowt er wer mei pestwiif (side 33). Goed fortaeld lykwols is: ...so without bawdy, which is strange; with such delicate burdens of ‘dildos’ and ‘fadings’, jump her and stump her (IV-4). Kalma makket derfan: ...sûnder ûnfoech praet, dat al nuver is, mei sokke fyn-bitochte refreintsjes en dideldeintsjes en brike eintsjes, lykas stomp har en komp har (side 59), dêr't ik foaral de ‘brike eintsjes’ in fynst yn achtsje. Mar genôch oer It winterjouns-teltsje en de keningsstikken, hwant ek út diel IV hie ik my in stik útkard om hwat conscientieuzer nei to gean, nammentlik De stoarm. De stoarm, om't ik foar my nommen hie ek hwat djipper op it stik sels yn to gean en hwat fan Shakespeare syn kunst en kunde oan sjen to litten | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
VIILet us be sacrificers, but not butchers.Ga naar eind40) De stoarm, in licht en ljocht mearke, set yn mei in oerrompeljend toanieleffekt: op it hichtepunt fan de stoarm giet in skip ûnder yn it gewelt fan de eleminten. It soe suver to bot oankomme, as Shakespeare net tagelyk to kennen joech dat it faeks allegearre hwat tafalt. Dat seit er wol net eksplisyt, mar de humor makket dat wy net oan in trageedzje hoege to tinken. De bimanning, rûge, rouwe klanten as it wiene yn Shakespeare syn dagen, mar tagelyk bitûfte en drystmoedige sélju, sjogge wy konfrontearre mei de passagiers: de kening fan Napels en syn gefolch. De humor hjiryn spitst him ta yn de boatsman en yn Gonzalo, in earsum âld riedsman, lyk as er yn de list fan dramatis personae oantsjut wurdt. Dy fint, is Gonzalo syn oardiel oer de boatsman, dêr fyn ik nou suver treast by; ik leau it wiist der by him net op dat er forsûpe sil, syn troanje wiist op neat as de galge. As Antonio skelt: Oan de galge, dû lider, dû ûnskeamele skreauwer! Wy binne sa bang net foar fordrinken as dû!, dan falt Gonzalo yn: Ik stean der foar yn dat forsûpen syn ein net wurdt, al wie it skip net sterker as in nútsdop (side 98). Hwat de oersetting oanbilanget, ‘lider’ en ‘ûnskeamele skreauwer’ mist de piid fan it Ingelske you whoreson, insolent noisemaker, dat Posthumus fortaelde mei: dou hoerekyn! dou onbeschamme gewelf-makker!Ga naar eind41) dat my better foldocht. Nei nutshell hat it origineel noch and as leaky as an un- | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 142]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
stanch'd wench, dat frjemdernôch yn de Kalma-oersetting net foarkomt. ‘En sa lek as in faem dy't de regels hat’, soe myn fortaling wêze, oars as Posthumus sines, dy't in sa lek as in foech opsloepen, mansyk, fanke hat. Even fierder is ek Farewell, brother! - we split, we split, we split! yn de Kalma-oersetting weifallen. De ein fan it earste toaniel is fan in superieure humor. Gonzalo mimeret: Now would I give a thousand furlongs of sea for an acre of barren ground; long heath, brown furze, any thing: The wills above be done! but I would fain die a dry death. De fortaling stiet my net oan: Nou woe ik bêst in tûzen mile sé jaen foar in pounsmiet keale groun, mei hege heide, toar strewel, hwat ek (side 99). Hwat by Shakespeare yn natuerlike tinkweachjes komt, is hjir ûnderbrocht yn jen rinnende sin, mei it oanstellerige ‘toar strewel’, net liker as driget der in frijsinnige dûmny to forsûpen. Furze is de hoannespoar, Ulex europaeus L., mar dêr giet it hjirre net om, fan dat oangeande kin ik it graech mei de oersetter lyk fine: ‘toarnen’ of ‘rûchte’ hie folslein foldien. ‘Nou woe ik tûzen mile sé jaen foar in hoeke keale groun; hege heide; brune rûchte, hwat ek.’
It twade toaniel forpleatst ús nei it eilân, foar de klinte fan Prospero. Miranda klaget tsjin har heit oer de stoarm, dy't troch syn tsjoenen ûntstien is. En hja en wy krije in andert op ús ûnrêst yn de wurden fan Prospero: Gjin ûnk is bard. Wy hearre ek de skiednis fan Prospero: ienris wie hy hartoch fan Milaen. It stiet Miranda noch faech foar, dat it eartiids oars west hat, mar hja moat in negatyf andert jaen op de fraech fan har heit: Hwat sjochst jit mear / Tsjin tiids oertsjustere, einleaze eftergroun? net bot pregnante oersetting fan: in the dark backward and abysm of time, d.w.s. ‘yn it tsjustere tobek en de ôfgroun fan de tiid’. De hartoch lei him út op geastlike dingen en liet it regear oer oan syn broer. Underwilens is in my false brother / Awaked an evil nature ûndúdlik oerset mei: mar yn myn broer / Untwekke it tsjoed ta krêft (side 102). Dy broer woe net inkeld plakforfanger wêze en konkele dêrta mei de kening fan Napels. Mark his condition, and the event; then tell me / If this might be a brother, oerset as: Hear, hwer't dit boun op útrint; siz my dan / Oft der sa'n broer ea libbe. De fortaling fan it foarste part is knap, mar de ein kin ik gjin frede mei hawwe. Hawar, de hartoch en syn berntsje wurde yn in forrotte âld | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 143]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
boat... sûnder túch / Noch takel, mêst noch seil yn sé útset. Gelokkich hat Gonzalo der foar soarge, dat hja alteast hwat rêdding meikrigen en Prospero's leafste boeken út syn bibleteek. Sa binne hja tolve jier forlyn op dit eilân oan lân slagge. Your tale, sir, would cure deafness - min oerset mei: Dit genies sels dôvens, hear - hat Miranda sein, mar hja is slim slûch en rekket dan ek yn 'e sliep. Ariël, de loftgeast komt by syn master, Prospero, en forhellet hoe't er stoarm en skipbreuk to wei brocht hat, lyk as him hjitten wie.
It hie sa maklik west om de foarm ‘roppend’, om ‘Hel’ ynsté fan ‘de Hel’ en om ‘is’ as bipalend tiidwurd fan ‘alle divels’ to mijen. Bygelyks: prins Ferdinand,
De keningssoan, 't hier rjocht oerein as reiden,
Die foarst de sprong; hy rôp: ‘De Hel is leech,
En alle divels bin hjir!
Prospero réagearret hjirop mei:
‘Skime’ as oersetting fan ‘spirit’ wol net yn my del; ‘igge’ wurdt sûnder reden fan stâl helle, om't ‘strân’ hjir mâlle skoan foldocht: Moai, brave geast!
Mar 't wie dochs ticht by 't strân?
Wy hearre fan Ariël, dat de passagiers oer it eilân forspraet binne en dat harren neat oerkaem is, likemin as skip en ekipaezje:
yn feil'ge haven
Is 't keningsskip; dy gloppe, dêrst my ienris
om midnacht beast, 'k soe dauwe helje fan
Bermuda' teist're strannen, is it burgen
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 144]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘Dy gloppe... is it burgen’, dêr't it Ingelsk there she's hid hat, liket my net moai en alhiel net needsaeklik. De float, dêr't it skip diel fan útmakke, forhellet Ariël noch, is werom fearn nei Napels. Hja leauwe, it keningsskip sonk foar har eagen, / En ek har foarst fordronk. Ariël mient hjir, hy hat wol sa goed syn bêst dien, dat er nou wol de frijheit krije kin. Mar Prospero hâldt him foar, dat syn tiid noch net om is en hellet nochris op hoe't lang forlyn Sycorax, in hekse, út Algiers nei dit eilân forballe waerd: Dy heach mei har wylde eagen waerd mei jong / Hjir litten fan de sélju. De oersetting, dy't hjir oars tige knap is, leit in ûnfortsjinne blaem op de sélju, oars sa'n earsum slach minsken. It Ingelsk is even dúdliker: This blear-eyed hag was hither brought with child, / And here was left by the sailors, dêr't út bliken docht dat net op it dwaen, mar heechstens op it litten fan de sélju hwat oan to merken is. Ariël wie doe har tsjinstfeint, mar om't er to fatsoenlik wie om har ôfgryslike bifellen op to folgjen, waerd er foar straf fêstset yn de spjalt fan in pynbeam. Sycorax wie stoarn, mar Prospero hie him bifrijd en seit him nou net ûntankber to wêzen, oars set er him wer fêst, tadatst tolv' winters gûld hast. Men wriuwt jin de eagen út by dit ‘tadat’. Wy komme nou yn 'e kunde mei Caliban, de soan fan Sycorax, dy't Prospero as slaef tsjinne en sa troch him tasprutsen wurdt:
Fordoarne slaef, dy't fan de divels sels
Fokt is op dyn forflokte moer, kom hjir! (side 108)
Dat is treflik fortaeld en ik nim dan ek oan dat de s achter divel (the devil himself, seit it origineel) earder in printflater is as in biwuste tafoeging; divels meije smearlappen wêze, it binne gjin baggerlju. Wy hearre dat Prospero syn bêst dien hat hwat goeds fan Caliban to meitsjen:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 145]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Ik nim dit fragmint oer om't hjir alle kwaliteiten fan Kalma syn fortaelkunst, de goede sawol as de minder goede, yn foar it ljocht komme. In goed forstean fan de tekst blykt derút, in tige gefoel foar it ritme, in tal moaije fynsten yn de fortaling en dêrnjonken typyske flaters: sûnden tsjin de hillige geast fan it fortalen. Ab uno diste omnes: Dú hast my praten leard, en flokken is myn baet dêrby. Dy sin is alhiel ynjown troch de ritmyk en de psychologyske konstruksje spilet gjin rol. Ik soe it sa foarstelle kinne: Thesis: Dou hast my praten leard. Fraech: Hwat is myn baet dêrby? Andert: Dat ik flokke kin. Dy opienfolging is yn de fortaling fan Kalma forlern gien en sa giet der hieltyd hwat fan de pregnante bitsjutting yn de oersetting to loar. Der is ek in sin hielendal weibleaun en om better oan to tsjutten hwat ik bidoel sil ik sels bisykje in fortaling fan it fragmint to jaen, dêr't ik graech gebrûk by meitsje fan Kalma syn wurk: Prospero: Unhuere slaef,
Gjin inkeld mark fan goedens hâldt op dy,
By steat ta alle kwea! Ik hie bigreatsjen,
Die war en lear dy praten, brocht dy eltse ûre
Noch hwat by; wylstû, in wyld, gjin doel
Hiest oer dysels, mar grollest, rou,
As 't dierlikst wêzen; ik joech dyn winsken
De wurden ta har út'ring! Mar dyn min skaei,
Al hast hwat leard, hat hwat dêr't gjin goeminske
By bankje kin; dêrom bist fortsjinne band
Yn dizze rots, al hiest ek slimmer
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 146]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
As de finzenis fortsjinne.
Caliban: Dû hast my praten leard; myn baet dêrby
Is dat ik flokke kin.
Ik jow dit fansels graech foar better, mar bin bliid dat ‘it tsjoed’ en ‘de ealen’ fordwoun binne en dat mei de finzenis rjochtset is. Mar fierder mei it forhael, Ariël fortokket ûnderwyls prins Ferdinand mei muzyk en sjongen. Hwer't dat muzyk weikomt? freget er him ôf, net liker as hie Ariël it fanfarekorps mobilisearre. Leaver hie ik dus ‘dy muzyk’ hawn. Dan sjongt Ariël it prachtige:
Dy dea, dy't nearne in hael docht, haw ik it measte op tsjin, mar ek oars is de oersetting net botte dúdlik. In lyts bisykjen ad hoc, dat ik al wer foar better jow, kin sjen litte dat de bitsjutting dochs wol oer to bringen is: Fiif fiemen djip dyn heit is rêst
Korael sil út syn biente ûntstean;
Dy pearels ha syn eagen west;
Neat fan him sil wier forgean,
Mar wurdt troch de sé for-keard
Ta in rike en wûndere steat.
Elk' ûre biliede nimfen him
Hark! ik hear har - bim, bam, bim.
‘Fiemen’ skriuw ik yn ôfwiking fan it deistich spraekgebrûk, mar mei emfatyske bidoeling (full fathom five) liket my dat forantwurde. As Ferdinand en Miranda inoar sjogge, binne hja opslach foreale, hwat Prospero wol nei 't sin is, mar him dochs hwat to fluch giet en dêrom wurdt Ferdinand in soarte fan twangarbeid oplein. It foarste toaniel fan it twade bidriuw lit ús op in oar part fan it eilân de oare oanspielde passagiers sjen: Alonso, de | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 147]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
kening fan Napels; syn broer Sebastiaen; Antonio, de falske broer fan Prospero, dy't hartoch fan Milaen is; Gonzalo en oaren. Hja reitsje yn 'e sliep, bihalven Sebastiaen en Antonio. Sebastiaen bislút, nou't hja tinke dat prins Ferdinand omkommen is, lykas Antonio ienris dien hat, de macht fan syn broer oer to nimmen. As er ré stiet de sliepende Alonso to deadzjen, soarget Ariël derfoar, dat dit net trochgiet, mei't er de minsken wekker wurde lit. It twade toaniel bringt ús nei wer in oar part fan it eilân, dêr't Caliban hout tôget, wylst it swier waer is. As Caliban de potsemakker Trinculo, ek ien fan de skipbreklingen, kommen sjocht, is er sa binaud, dat er him plat jowt. Trinculo lykwols, dy't bang is foar it swier waer, krûpt by Caliban ûnder de jûpe, mei in monolooch, dy't de ynlieding is ta ien fan de kluchtichste scènes dy't Shakespeare skreaun hat. Fan in oare kant komt Stephano op (in bottelier, trochstrings dronken, lykas de list seit), mei de flesse yn 'e hân. Hy sjongt dat alderkostlikste sémanslietsje fan Shakespeare, dat hjir folgje mei en wol - as hommage oan de staveringskommisje dy't op 't heden sa fan har hearre lit - yn de oarspronklike stavering.
De hiele skroar, dy't sa tige de gunst hat by Kaert (heart dy r der yn?) is hjir wrychtich oerboard rekke. Myn fariantoersetting, hoewol wis net folmakke, liket my mear de Shakespeariaenske geast to amjen. De skipper, de swabber, de boatsman en ik,
Konstabel en syn maet,
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 148]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Wien' mei Myn, Maei en Maertsje op 't skik,
Mar nimmen wie hyt op Kaet;
Hwant hja hie in tonge as in fekke,
Om har koe in séman forrekke.
Hja koe gewoanwei pik en tarre net rûke,
Mar 'n skroar mocht har kardzje dêr't it har jûke,
Dat, jonges, nei sé, en lit har forrekke!
De dronken Stephano fornuveret him tige oer it munster dat er sjocht, mei fjouwer poaten en dat fan foaren en fan efteren prate kin. Oant Trinculo foar it ljocht komt: How cam'st thou to be the siege of this moon-calf? Can he vent Trinculo's? Yn de fortaling hjit it sleau en heal: Hoe hat dat moannekeal dy hjir falle litten?, wylst der stiet: ‘Hoe kaemstû de trochgong fan dit moannekeal to wêzen? Kin it Trinculo's ôfblaze?’ Caliban wurdt nou dronken poaid troch Stephano, dy't er spontaen as syn God biskôget, wylst Prospero foar him ôfdien hat. Ban, Ban, Ca-Caliban / Hat in oare baes; nou in oar mar, man! is it refrein fan syn frijheitsliet. It tredde bidriuw lit ús sjen hoe't Ferdinand yn 'e skrip is foar Prospero en hoe tagelyk de leafde tusken him en Miranda har ûntjowt. Yn it twade toaniel sjogge wy Caliban, Stephano en Trinculo wer en hearre wy hoe't Caliban fan Stephano de tasizzing loskrijt dat er Prospero deadzje sil. It tredde toaniel bringt ús jitris by Alonso, mei syn gefolch, dy't troch Ariël in feestmiel foartsjoend krije, dat wer fordwynt, wylst har it ûnrjocht dat Prospero ienris oandien is, yn 't sin brocht wurdt. It fjirde bidriuw spilet wer foar de klinte fan Prospero, dy't Miranda taseit oan Ferdinand, dy't him tige ward hat. Ta eare fan dit feit komt der - troch de toverkunst fan Prospero - in tuskenspultsje mei Ceres en Iris en dan fornijt Ariël dat er Caliban, Stephano en Trinculo sa fan 'e wize brocht hat, dat dy ta de hals ta yn 'e sinkpoel, efter it hûs, bidarre binne. Hja meije nou fan Prospero opkomme, mar yn de Kalma-fortaling mei Trinculo net sizze: Monster, I do smell all horse-piss; at which my nose is in great indignation. Wol by Posthumus, dy't oerset: Monster! ik roek neat as hynste-mige; wertroch dat myn noos tige lilk makke isGa naar eind42). Hawar, hja meije noch even prate, mar dan wurde hja opjage troch geasten, yn de foarm fan jachthounen, dy't oanfitere wurde fan Prospero en Ariël. It fyfte en lêste bidriuw spilet him ek ôf foar Prospero's klinte. Ariël soarget derfoar, dat alleman dy't op it eilân omdoarmet dêr gearkomt. Prospero forjowt harren; Alonso sjocht | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 149]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
syn soan, dy't er fordronken miende to wêzen, werom, mei Miranda. It fanke, dat oant diztiid ta, bihalven har heit, inkeld Caliban mar sjoen hat, ropt by it sjen fan al de lju optein út: How beauteous mankind is! O brave new world, / That hath such people in 't, bikende wurden, dy't net sa maklik adekwaet oer to setten binne. Hoe moai is minskheit! Eale nije wrâld. / Dy't sokke minsken hat, makke Kalma derfan, op side 154, ynsté fan: ‘Hwat prachtich is it minskdom! Moaije nije wrâld, / Dy't sokke minsken hat’ of sokssahwat. Prospero seit, dat it skip ré leit om har allegearre nei Napels to bringen, dêr't de brulloft wêze sil. Dêrnei giet er nei Milaen, dêr't fan myn tinzen! Ik eltse tredde wije wol oan 't grêf. As lêste ûnthjit er in gunstige wyn, dêr't Ariël foar riede sil, mar dan sil dy frij wêze om ta de eleminten werom to gean. Prospero brekt syn tsoenstêf en lit syn boek yn sé forsinke. Nou hat al myn tsjoen in kear; / 'k Ha nin krêft as d'eig'ne mear, seit er yn in epilooch (side 158). By kristlike útjowerijen, sa is de hjitting, hawwe se in saneamde Godsmiter yn tsjinst, dy't oars neutrale lektuer in kristlik kleurke jaen moat, troch God der in tal kearen yn to bringen. Kalma is yn de lêste rigels fan de epilooch hwat godsmiterich dwaende, hwant hy sjocht kâns God èn de sûnde der yn to bringen, dy't it origineel net hat.
Ta forliking:
Op lang net alle slakken haw ik sâlt lein. As ik al myn bifiningen en bitinkingen werjown hie, dan wie it fiersten to | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 150]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
lang wurden. It hear ris oersjend, moat ik konkludearje dat ik, ôfsjoen fan allerhande fragmintaryske goede dingen, de oersetting fan De Stoarm as gehiel mar min wurdearje kinGa naar eind43). As ik dan yn de ForantwurdingGa naar eind44) lês: Ik bigoun mei de sonnetten oer to setten; fan dy oersetting koe ik mar in tige lyts bytsje mear brûke, doe't ik dy in goed tritich jier letter oerarbeide. Sa gie it ek mei in oersetting fan ‘De Stoarm’, dy't yn 1923 ré kaem, dan bigjin ik to twiveljen. Dan freegje ik my ôf, oft wy hjir net by forsin to meitsjen hawwe mei de oersetting fan 1923, ynsté fan mei de lettere. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
VIIIBless thee! thou art translated.Ga naar eind45) It forhael fan De Stoarm haw ik op 'e foet folge, om't ik neijer op dat stik yngean woe. Mar dat moat even wachtsje, om't ik earst myn tinzen oarderje wol oangeande it fortalen fan Shakespeare. Om to bigjinnen jowt it goed forstean fan de tekst soms swierrichheden, mar dêrfoar binne tsjintwurdich helpmiddels planteit. De fabuleuze taelbihearsking fan Shakespeare, en syn libbene geast, meitsje lykwols dat in folslein adekwate oersetting net mooglik is en de oersetter soms hwat offerje moat op it stik fan itsij de foarm of de ynhâld. En om't dy twa winliken ien binne sil de fortaler altiten hwat fan in kwea gewisse oerhâlde, wylst de skôger fan in oar syn oersetting it maklik hat as it giet om it oantsjutten fan tokoarten. Hwerom wurdt Shakespeare oerset? Om syn wurk birikber to meitsjen foar hwa't gjin of ûnfoldwaende kennis fan syn Ingelsk hat? Mar dan hie in Fryske oersetting suver gjin doel, om't Shakespeare via it Nederlânsk foar eltse Fries tagonklik is. Né, der wurdt ek oerset om in risseltaet to krijen yn de eigen tael, dat op himsels wearde hat, dat moai is en dat ek spile wurde kin. Dêrom binne de essinsiéle kondysjes foar in oersetting de forsteanberens en de spylberens. Beide komme winliken op itselde del. As men oan de foarm fan Shakespeare syn stikken fêsthâldt - de ‘blank verse’, ôfwiksele mei proaza - sil dat ek easken stelle oan it spyljen. Ik leau dat de toanielspylders út Shakespeare syn dagen gelyk hiene, mei't hja de stikken mei feart en faesje spilen: twa ûren foar in great drama, lyk as wy fan tiidgenoaten witte. Dat is by it Ingelsk fan Shakespeare mooglik, om't dat, mei al syn barokke kanten, dochs winliken klear en rjochtút is, mei sprekkende bylden, en der op rjochte | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 151]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
om spile to wurden. En dêrre krekt, sjit de oersetting fan Kalma noch wolris to koart. It stiet der allegearre wol, mar it wurdt hwat in tizeboel, mei't it konkrete forfongen wurdt troch it abstrakte en fral de wurdoarder hwat kunstmjittichs krijt, dat it spyljen biswierlik makket en it forstean yn 'e wei stiet. Dêr foaroer moat sein wurde dat Kalma de tekst goed forstien hat en wier wol Frysk ken; it is him meastentiids slagge de komplekse bitsjuttingsynhâld fan it origineel yn itselde tal Fryske rigels ûnder to bringen. Hwat Klaes DykstraGa naar eind46) Rinse Posthumus forwyt: Posthumus sûndiget op suver alle siden wolris tsjin de wet fan de massa, d.w.s. dat er syn oersetting net itselde tal rigels tapartet (yn dit gefal, dat er foar de oersetting gâns mear nedich hat) as dat it origineel hat, dat kin Kalma wis net oanwreaun wurde. It liket my oars ta, dat oer dy ‘wet fan de massa’ noch wol forskil fan ynsjoch mooglik is. ‘Blank verse’ is gjin sonnet en op himsels hoecht it net sûndich to wêzen, in follefâld fan twa rigels ta to foegjen yn fortaling, foaral as it sa wêze mocht, dat it Frysk nou ienris mear ‘massa’ hat as it Ingelsk en dêr wize ek de oersettingen fan de proaza-einen út Shakespeare by Kalma op. As in gewoan stik proaza - in willekeurige roman bygelyks - yn it Frysk mear bledkanten ferget as it Ingelsk origineel, dan soe der net folle tsjin wêze ek it tal fersrigels yn in Shakespeare-oersetting út to wreidzjen. Fansels bliuwe dingen as de forhâlding tusken de massa fan de ‘blank verse’ en it proaza ek fan bilang, mar ik leau dat ik leaver in pear rigels mear haw, mei bihâld fan in bigryplike en toanielmjittige bitsjuttingsynhâld, as in forlies fan dat lêste ta greater gloarje fan dy ‘massa’, dy't my nou net sà dierber is. Fansels sil de konsciensieuze fortaler graech like koart om 'e hoeke gean as it origineel en dêr fûleinich nei stribje. Mar it hoecht gjin dogma to wêzen, al wie it inkeld mar om't it origineel dochs superieur bliuwt. Hwa dat mar heal kin, docht goed de fortaling to brûken om dêrmei it Ingelsk better to forstean. Ik hoopje dat de oersetting fan Kalma ûnder oaren dêrta brûkt wurde sil. Mar ek hoopje ik dat Shakespeare spile wurde sil, yn it Frysk. Njonken Ionesco of Becket, njonken Osborn of Sartre of Dürrenmatt, hâldt dat syn greate wearde. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
IXThe daintiest last to make the end most sweet.Ga naar eind47) De Stoarm wurdt algemien opfette as it lêste stik fan Shake- | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 152]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
speare. To biwiizgjen is it net, mar der is neat tsjin en der is wol gâns foar to sizzen. Nimt men dat ienkear oan, dan jowt de dichter sels jin suver it hiele stik troch gelyk, mei't de parallelly fan de lotgefallen fan Prospero en Shakespeare's libbensrin yn it each springt. Lyk as Prospero hâldt Shakespeare der mei op en keart werom nei syn bertegroun; de greate tovener bigraeft syn tsjoendersstêf en de geast dy't him tsjinne hat, lit er frij. Dat alles net om't er oan de ein fan syn krêften is, om't er yn de delgong is, né, op it hichtepunt fan syn kinnen en yn it folsleine bisit fan syn talint hâldt er dermei op; net forbittere, net toloarsteld en rankuneus, mar formoedsoene mei hwat west hat en yn in stimming fan forjaen. Dochs soe it forkeard wêze De Stoarm to sjen as in allegoary, dêr't alles symboalyske bitsjutting yn hat. De allegoary forûnderstelt in fan to foaren oanwêzige filosofy en dêrfan is by Shakespeare nea hwat to finen. Eksperiminteel, troch it libben en troch de ûntjowing fan syn figueren yn alderhande krisissituaesjes, komt er ta syn ûnthullende wysheit; troch in hegere dialektyk dy't de deduktive analyse fier efter him lit. As De Stoarm ús it libben fan Shakespeare symboalysk liket oan to tsjutten, dan komt dat mei't, lyk as ik earder al sein haw, by him wurk en persoanlikheit gearfalle. Syn bihearsking fan it métier fan de toanielskriuwerij en syn masterskip oer de tael makken dat er stikken produsearje koe, hwannear't er mar woe, mar dochs stiet it foar my fêst, dat der mar ien perioade yn syn libben west hat dat er de Macbeth skriuwe koe, of de Hamlet of de Lear. Sa wie der ek mar ien tiid, dat er De Stoarm skeppe koe, yn krekt dy foarm, hweryn't it stik foar ús opteine eagen leit; in tiid dat er der mei ophâlde woe en, út hokker psychosomatyske oarsaken ek, fielde dat er it net mear fuortsette koe. De resignaesje, dy't út De Stoarm sprekt is birikt nei in libben fan wrakseling en striid, is de útkomst fan in persoanlik forwurkjen fan lot en libben. Mar it is perfoarst gjin oerwoun wêzen, gjin ûnmacht ta skeppen, gjin bigjinnende seniliteit. De man is oan 't wurd, dy't sizze kin: Op myn wurd wekken grêven / Har sliepers, skuorden iepen, lieten har / Frij troch myn macht'ge kunst. Mar nou swar ik / Dy rouwe tsjoen hjir ôfGa naar eind48). Selsbiwust heart dat, krêftich, keninklik! Shakespeare giet werom nei Stratford en swijt fierder. In swijen, like riedseleftich en great as syn wurk west hie. Yn wierheit hat er altiten swein, nea in iendudich andert jown op ús ûnrêstich freegjen, nea ien figuer eksplisyt in bidoeling | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina t.o. 152]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Opfiering Hamlet yn 'e skuorre fan Ruerd Scheltema op It Amelân yn 1926
Steande fan lofts nei rjochts: Sybolt Nijdam (Laërtes), Tsjisse de Jager (Polonius), Sjouke van der Veen (hôveling), Simon Koopmans (hôveling), Geale de Vries (Horatio). Sittend midden: Barend van der Veen (de kening), Clara van der Garden-De Boer (de keninginne). Sittend rjochts: Douwe Kalma (prins Hamlet). | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina t.o. 153]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hânskrift Douwe Kalma
(foarste blêd fan oersetting Hamlet, it lêste drama dat de skriuwer fortaelde). | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 153]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
yn 'e mûle lein. William Shakespeare is yn wierheit, lyk as Gustav LandauerGa naar eind49) opmerkt, de greate swijer. It is it wurk dat sprekt, dat tsjûget fan greate hertstochten, fan net to bifiemjen djipten en fan fortokjende hichten. It wurk, it wurk sels, hieltyd it wurk, dat freget ús omtinken. Dêrom keare wy ús jitris nei De Stoarm. Wol it stik noch oare geheimen priisjaen? Dêr binne de trochsichtige nammen fan Prospero, de bigunstige, de woldijende; fan Miranda, de strieljende, it wûnder ek; fan it ûngelokkige munster Caliban, forfoarming fan it wurd canibal: kannibael. De greate kunst fan Shakespeare, syn hege objektiviteit makket fan Caliban, in munster ta gjin goeds by steat, dochs in wêzen dat ús op in geheimsinnige wize ynteressearret, dat ús oangiet en oandeart, ja, dat ús neistiet. Robert BrowningGa naar eind50), yn syn Dramatis Personae, dichtet Caliban upon Setebos - will sprawl, now that the heat of day is best, / Flat on his belly in the pit's much mire, / .... / Letting the rank tongue blossom into speech, hwat natural theology in the islandGa naar eind51) wurdt. Mear yndruk, as it dochs wol tige filosofysk tochte gedicht fan Browning, makket de ‘natural theology’ dy't Shakespeare sels yn Caliban leit. Dy moat yn Prospero wol syn master erkenne, mar Caliban docht dat tsjinakseljend, wegerich, mei't der gjin brêge is tusken it heechminsklik tinken fan Prospero, dêr't dy syn easken út fuortkomme, en syn eigen traech, forachtlik brein; mar yn Trinculo, dy't him drank jowt, ûnderfynt er hwat eigens en folslein frijwillich wol er dy as mear as syn baes, as syn God erkenne, wylst er ré is ta de swierste tsjinst, dêr't er oars mar min oan wol. De freugde fan it fielen fan syn pseudofrijheit makket fan Caliban sels in dichter, dy't komt ta in jûchjend frijheitsliet. Ban Ban Ca Caliban / Got a new master, get a new man. Oer de frijheit prate ek de eallju as hja, fordoald op it eilân omkruse. Gonzalo jowt in skets fan in maetskippij, lyk as hy him ynrjochtsje soe, as er de macht hie. It is in skildering dêr't Shakespeare it foarbyld foar foun hawwe moat by MontaigneGa naar eind52), yn dy syn essay oer de kannibalen.
Yn 't mienebêst die 'k alles krekt oarsom
As wenst is, nou; nin hannel, hokfoar soarte,
Liet ik mear ta; nin oerheit soe sa hjitte;
Fan witnis woe 'k net witte; earmoed, rykdom
En tsjinstberheden, fuort; kontrakten, erfskip,
Bifreding, swetten, wynbou, lânbou, fuort;
Gjin spul mei nôt noch oalje, wyn, metael;
Gjin fêst birop net ien die mear in slach;
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 154]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De froulj' ek frij fan wurk, mar earber, kein;
Gjin steatsbiwâld;..........................
Natûr birike ús mienskip dan mei alles,
En sûnder swit of wurk; misdwaen, forrie,
Swurd, piik noch mês, kanûn noch hokfoar kriichsreau
Woe ik dêr ha; natûr soe út harsels
Foldiedich oerfloed jaen, ta goede spiis
Foar myn ûnskuldich folkGa naar eind53).
De frijheit hjiryn is ek yn it foarste plak it frij om lui to wêzen, mar der is in oar elemint dat wy ek al fine yn More's UtopiaGa naar eind54) letter ek yn Bacon's Nova AtlantisGa naar eind55) en yn Campanella's SinnesteatGa naar eind56), allegearre basearre op it gelykheitsidéael, dat yn de tiid fan John BallGa naar eind57) útdrukt waerd yn it When Adam delved and Eve' span / Who was then a gentleman? Boargerlike gelykheitsidéen en romantyske tinzen oer de eale wylde, lykas dy letter troch RousseauGa naar eind58) har greatste populariteit krije soene, komme gear yn de skildering fan dizze idéael-steaten. Shakespeare polemisearret der net tsjin, fansels net, mar it empiryske byld fan De Stoarm set hjir de gedachte fan de fundamintéle ûngelikensens fan de minsken foaroer - in ynsjoch dat mei demokratyske gesindheit en hege minsklikens net yn striid hoecht to wêzen. De Stoarm is in mearke, mar it is tagelyk in hertgrounlik né op it maklike mearke fan it dolce far niente. Prospero bihearsket troch syn wysheit en kunde de geastewrâld, mar as in Robinson Crusoe moat er wrotte en wrame om in sober libben to bihâlden. Caliban helpt om hout to kapjen en wetter to sjouwen en Ariël, dy't stoarm en muzyk en rykdom foartsjoene kin - mearkeseftige eleminten allegearre - helpt net op de amoréle wize fan it wenstige mearke. Prospero hat him net in paleis bouwe litten op it eilân, net rykdom skaffe litten, gjin wielde en in maklik libben. De boargerlike forachting fan de arbeid ûntbrekt yn De Stoarm; de bêste en ealste lju arbeidzje yn frijwillige tsjinstberens. It is nammers de fraech oft de geasten foar in paleis soargje koene. Hwant Prospero mei dan harren hear en master wêze, hy mei in great en machtich tsjoender útmeitsje, almachtich is er alderminst. Dêr is er to minsklik ta; hy kin fan syn tsjinstberen oars net klear krije, as hwat binnen de bifieming fan har natuer leit. Wol kin er Caliban oan 't wurk krije, praten leare, mar hy kin him net ta deugd oansette, en Ariël moat er heine en troaije om tsjinsten los to krijen fan dit wiffe wêzen, dat syn frijheit boppe alles leavet. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 155]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hurd en fûl moat Prospero net inkeld Caliban, mar ienkear ek Ariël tasprekke, sa, dat wy suver kel wurde as wy it hearre. Dat komt om't wy langer wend binne alles en elkenien foar ûntarekkenber to hâlden en gjin moréle easken to stellen as it net yn 't aerd skynt to lizzen. Jitris, oer dit alles swijt Shakespeare, mar syn stik, dat wurklikheit is de pear ûre dat it spilet, makket dat wy hjiroer neitinke kinne, moatte... Troch syn swijen krekt is it stik libben en nijsgjirrich nei hûnderten jierren en it sil dat bliuwe ek. Ik sil net al hwat great en goed is oan it stik bisprekke, en ik swij dêrom oer de sin fan de ienheit fan tiid yn De Stoarm, oer it forskil yn bislútfoarming as earst Sebastiaen en Antonio, letter Caliban en Stephano in moard bilizze, oer de leafde tusken Miranda en Ferdinand en noch folle mear, op ien ding nei. Hwant it greatste, it djipste fan it stik is foar my noch hwat oars. It is de bitsjutting fan Prospero as minske, as idéaelbyld oan 'e hoarizon fan ús wêzen. Yn Prospero sjoch ik de minske, de humanistyske minske, dy't op it hichtepunt fan syn macht ôfstân docht fan alles dat er bûten eigen minsklikheit bisit, dy't de bihearsking fan de natûrkrêften, hoe ek yn hearrigens oan de dy konstituearjende strekkingen ta stân kommen, oerjowt om inkeld minske tusken minsken to wêzen; forjaend net út ressentimint en machtsdriuw lâns in omwei, mar út inerlike oandrang, frij, ûnforfeard. Yn Prospero is de minske, is syn kosmyske bitsjutting, ûntkristlike. Net de gong via it krús ta heger himelske steat sjogge wy hjir foar ús, mar dy fan de prométéyske heechheit nei de hichten, net fan in idele en oerspande himelsidé, mar fan heger, hwant djipper, humaniteit. Ik moat hjir tinke oan wurden fan NietzscheGa naar eind59): Jin warleas to meitsjen wylst men de striidberste wie, út hichte fan it gefoel, dat is it middel ta wiere frede, dy't altyd birêst op in frede fan de gesindheit. Prospero is foar my it glânzjend fisioen fan de westerske minske, dy't op it toppunt fan syn macht troch bihearsking fan de natûr, der ta komt de atoombom út to baljen, eilannen eilannen to litten en alle demony ôf to swarren en dy't it oandoar to sizzen:
Nou hat al myn tsjoen in kear,
'k Ha nin krêft as d'eigne mear.
Dat is it boadskip, dat Shakespeare's The Tempest my bringt, eltse kear as ik it stik lês. De greate tovener út Stratford hat nei dit stik syn toverstêf bigroeven, mar de bitovering fan The Tempest bliuwt. | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 156]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Ek dy fan it wurd, dat de hege hâlding fan Prospero oan it slot al ynliedt en tariedt:
We are such stuff
As dreams are made on, and our little life
Is rounded with a sleepGa naar eind60).
Wurden, dy't ek beitele steane yn de stien yn Westminster Abbey, dy't wijd is oan de neitins fan de dichter, dêr't mei rjocht fan sein is:
Nei God, hat Shakespeare it measte skepenGa naar eind61).
|
|