De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 124] [p. 124] D.A. Tamminga: It beste bed ‘I give unto my wife my second best bed’ Testamint fan Shakespeare Al wiken lang hjitfolget my de frage: Foar hwa wie Shakespeare's bêste bêd dan wol? Foar in freondinne, âld nou, út de dagen Dat hy triomfen fierde yn mannich rol? Wie it fan him oan har in swiet farwol, Of hat in wroechwjirm earne yn him knage? Wy witte it net en sille it nea witte... Licht woe er by syn dea har witte litte En hat er momp'le mei in lêst grimas: ‘By sa'n maîtresse heart in bêst matras’. Vorige Volgende