De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 167] [p. 167] [Nummer 5] Tiny Mulder: Viadukt in viadukt is boud foar wegen dy't elkoarren ha to mijen dus gean ik boppe en dou ûnder lâns ik wit alteast dyn grêf net yn hwat tiid of rjochting oft de himel is wy moasten ús needsaeklik fan elkoar bifrije sa neamdest yn de deaskrik my - dyn bern - dyn mem de libbensrollen binn' per slot omkearber grif giest dus boppe en ik ûnder lâns en sjochst loksillich lynjend oer de balustrade my gean omleech omheech de kurve lâns fan noch nomade [pagina 168] [p. 168] Ferve hus de skilder hat hjir west en de stoffearder it hûs rûkt skjin de kleuren roppe klearder de sounens om fan doarren en kezinen en bûtendoar fordiele linen feninich skerp yn 't lak de greatske romte yn rjocht- en trijehoeken foar dit wis hûs mei tún en stek en paden gjin plak hjir mear gijin plak foar earmen en nomaden de nije stoel stekt dryst it bekling nei de sulvren souder mar jouns yn de biskaefde skaden fan hjir en dêrre lampkes rekt tryst ûnwennich de stoel syn earmen nei 't ûnwennige bihang elk dy't hjir komt beart kreas en sa gesellich en beart my bang de skilder hat hjir west it hûs rûkt nij nei âld gefaer hy ferve glêd de doarren en kezinen sjochst wol hoe kreas er ferve hat hy ferve ek myn eangst foar wissichheden wer wyt en swart Vorige Volgende