en Minke riist oerein as in beaken yn sé.
‘Wy moatte der ôf ju, oars krij' wy de brot net oan 'e kant ear't de bel giet’. Meiiens komt der in foet oer de rânne en dan rint it keammerke oer fan har geavensear en geskaei. Se wasket har yn de nis by de wasktafel en as er de kraen rinnen heart en har earmen as moleroeden efter 't gerdyn lâns gean sjocht, moffelt er hurd de kaei yn 'e broeksbûse. Hy docht dan krekt as siket er om 'e bûsdoek, hwant Minke har eagen binne rounom, der ûntkomt har neat.
‘Man, avensear nou hwat, jo steane dêr mar, jo steane altyd yn 't formidden en in hân útstekke komt neat fan. It is hjir ek fierstento lyts foar twa minsken’, seit se der efteroan.
‘Jo hawwe dit sels wollen ommers’, tinkt er, mar hy seit it net, hwant hy wit dochs wol hwat der dan komme sil. Har rêch, dy't al dat swiere wurk net dwaen koe en dan de knoarre jild, dy't se foar de âld keet krije koene. Se ha der al faek genôch oer praet.
Togearre skouwe se nou it iene bêd vinder it oare - as in laed yn it kammenet - en dan sjouwe se de tafel nei de midden dêr't de lampekap wachtet. Tagelyk rattelt dan ek de bel troch it hûs en efkes letter skuifelt er efter har oan de ytseal yn, de eagen stiif op it sipeltsje yn har nekke dat tusken de stuollen hinne in paed siket nei it taffeltsje dêr't Minnema en de frou al wachtsje.
Der is foar elkmis in aei, mar as er al dy grize hollen om him hinne sjocht en it gepraet fan alle kanten as in sé op him oankomt, sykje syn eagen allinne mar om it gat fan de doar en syn hân taest djip yn 'e bûse. - De breatafel thús, mei it swilkje en de kat op 'e knibbel. -
‘Toe ju, hwat binne jo wer drok fan 'e moarn, fortel ús ek ris hwat’, seit Minke en tagelyk skout se him har aei ta, hwant sá is se dan ek wol wer.
Nei breaiten moat se de keamer dwaen en dan mei hy der net yn, thús mocht er dat ek net, dan roun er altyd nei de boer nei 't búthús ta, mar hjir wit er net hwer't er it sykje moat. Minke wol ha, dat er mei de oare manlju yn de konversaesjekeamer gean sil, mar dat doar er net heal, der is net ien by dy't er ken en hy wit doch gjin praet to bitinken. It is noch krekt oft er in jonge is en er him op it skoalplein der net byjaen doar. Hy rint dan de gongen mar hwat op en del, mar dêr fleane de fammen him foarby en yn de doarren steane de âlde wyfkes; de eagen stekke him yn 'e rêch en as er foarby is, wurdt er bipraet. As ienige rêdding is de húskedoar der dan, dêr sit er feilich yn 'e sel en nimmen kin by him komme.