De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] Durk van der Ploeg: Kritik der praktischen vernunft De ingel fan it materialisme Draecht gouden wjokken. Hja tsjinnet de statussymboalen En draecht har de minsken op as goaden. De kultuer forstiennet op De pleinen fan de stêd. Hwant de ingel makket de minske Offallich as in keppeldier. De dichter is in auto. Hy stiet as in brûnzen byld yn it park. Hy is in masinael kréatuer, In bern fan de filosoof. De dichter seit: ‘De muze is blyn, Hja libbet by de dei. Ik skriuw de tredde wierheit, Wetten foar psychology, Deiboeken fan poézij En grêfskriften fan 100 megaton’. Ik kin myn eigen skrift net lêze. Myn namme is in statussymboal. Ik draech gouden wjokken, Hwant ik bin de ingel fan it materialisme. Ik, bern fan dizze ieu; Dy't gjin ierde hat, gjin woartel sjit. Ik, kommunisearjend fet fan de ekonomy. Ik, teken fan forfal. [pagina 175] [p. 175] Proleten De moanne kaem oer. Lei in greate hân op 'e stêd, Stiek fingers yn it wetter En dipte in tonge yn de Dreamen fan de minsken. Doe't de moanne foel, Stiek de sinne in hân omheech En brocht it forkear op gong. De sinne en de frou Swommen yn it wetter. De man oer de brêge Hinge tsjin it spegelbyld. Doe roun de sinne fuort En alle klokken letten. Doe die de frou de doar ta, De man gyng troch de poarte En de stêd stiek de moanne As in paraplu oer it skouder. Der groeije tûzen eagen Yn de fiver fan it byldbuis. Der swimt in frou yn de Tyrrheenske Sé. Der waeije frjemde flaggen Yn de Bulgaerske stêdden. Wy wenje ûnder antennes Dy't it each meitsje ta in lins, De nacht ta in dief, De dei yn Egyptyske tsjusternis. [pagina 176] [p. 176] Apokalyps Op in dei de sinne biwuolle Yn geitehier. De himel Sa ticht as in poat. De huzen Blyn as bunkers. Ik wol nei de doar Ik wol it ljocht sjen En wachtsje mei iepen hannen, Hwant de Kening sil foarby komme Mei geweldige winen En wetter en bloed. De moanne Sil út de kym opstean. De minske Forhoalen, stiet yn it tsjuster. Der komt in man troch it fjild Ljocht as in ingel. Gods eagen Dy't in iepenbiering dogge oan Harren dy't in leauwe hawwe As in atoom. Skriuw, sei de man. Skriuw dat der gjin hier Forlern giet. Mar hoe sil ik skriuwe Under Gods eagen? Mei wetter, mei bloed? Ik kin myn eigen grêfstien Net tille. Myn hûs hat gjin doar. [pagina 177] [p. 177] Seizoenen fan de leafde Nou't it hjerst is Sil ik it hûs fan de leafde slute. Yn de parken sil ik myn hert ta dwaen, Hwant de leafde forkleuret myn leafste, It rottet wei tusken de gerzen. De kjeld fan de winter Sil it hert winterhurd meitsje. Mar takomme jier sil myn leafde Jong en grien wêze En ik sil my spegel je yn dyn wetters, Spylje sil ik yn dyn winen En elkenien sil sizze: ‘Sjoch, hy is der wer. Hoe leaf moatte dy twa elkoar hawwe As it winter is’. [pagina 178] [p. 178] Dynastike krisis Wês net bang, seit de generael Hwant wy hawwe in kening sûnder politike bilangstelling. Hy winsket yn frede to libjen Mei syn folk en hy sil har Ridderorden omdiele as wikseljild As in teken fan frede. Wy sille mei in forsierd boarst stjerre. Wês net bang, de kening sliept. De sinne stiet yn syn learzens, It bloed is bistjurre yn syn skoech. Hynders wyt as ingels Drage syn lichem fuort De swarte ruter hawwe it protokol oernommen Sjoch, hjir jimme generael. [pagina 179] [p. 179] Krypt It is poézij In hert to hawwen, In mûle om to praten, to drinken, Mei it ûnsichtbere to libjen. En wilens ik skriuw: ik blied, ik libje. De sé, de beammen, it flesk, it wurd; It binne de omwegen dy't ik Al skriuwende meitsje. It is poézij In hert to hawwen, Sykhelje to kinnen, Blommen to setten Op it stedsgrêf, To skriuwen op In griene fiver. En leaf to hawwen, Net mei wurden, Net to lêzen. Vorige Volgende