De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 180]
| |
Jan Tj. Piebenga:
| |
[pagina t.o. 180]
| |
DS. RINSE POSTHUMUS
Frysk skriuwer (1790-1859) ‘Ik bin steksjoegerich. Easkje derom net fen mij, dat ik allyk sjean sil as jou, wans aegen goed binne. Wez net lulk op mij, omdat ik de dingen oors beschooi as jou. Fordom mij derom foral in believen net; want ik hab myn aegen sels sa net makke, ja, ik hab har hiel in d'al sels net makke. In, ik kin dochs net oors sjean, as myn aegen binne in sa asse mij joon binne. In giet it jou ek sa net? Ik sjoch schilich. Ik kin it al wer net helpe, dat myn aechapels troch in forkearde omgonch ten myn mem in oren mei mij yn myn bernskheit in scheane rjuechtinge krigge habbe. Ik kin dat sjean, nou 't ik woeksen bin, net licht, of net allehiel, oaflere. Set dat, wat boetten myn tadwaen sa komd is, dochs net op myn rekken. Mar, as jou in goed Christen-minske binne, hab dan ljeaver meilijen mei myn ongelok R Posthumus, In Jouwerkoerke fol Frysk griemank. Grins - 1836 | |
[pagina 181]
| |
Dockum, D. Meindersma, Wz. 1840. (XX en 136 bledsiden). Ut de ynhâld fan Posthumus syn tajeften wurdt wol dúdlik, dat it jier fan útjefte, 1840, net samar in tafallich tiidstip is. Yn it bigjin fan dat jier wie by deselde útjower al útkommen syn Een woord tot opwekking van den volksgeest in het zwijgend Friesland. België en Nederlân binne sûnt 1839 foargoed útinoar, it earste spoar yn Nederlân rydt tusken Amsterdam en Haerlem, der is in grounwetswiziging kommen dy't net folle om 'e hakken hat en kening Willem I docht ôfstân fan de troan. De ôfskieding yn de Ned. Herf. Tsjerke set troch en hwat letter de skoalstriid wurde sil bigjint him nou al to oppenearjen. It imperialisme fan de Europeeske greatmachten skammet him foar neat mear en rounom fornimt men fan idéalistyske of rebelske réaksjes op de minne sosiale tastannen (filantropy, anti-corn-law-league, ensfh.). It binne jierren dy't yn dizze Dongeradielster dûmny hiel hwat los slane en dy't him ta hieltyd wer nije, faek profétyske protesten ynspirearje. Yn 1841 jowt er trije nûmers fan it blauboekje De paadwiser; yn 1845 komt er mei syn brochure De algemeene of volksgeest, beschouwd in zijn natuur en werking op het nationaal geluk, vooral met betrekking tot ons vaderland, met een woord aan de Friezen; it jiers dêrop slacht er de fan him dan al bikende toanen nochris oan yn syn Over de al te groote armoede en verarming in Nederland, in skriftke dêr't de skriklike gefolgen fan de ierpelsykte fan 1845 grif net frjemd oan west hawwe sille. By it âlder wurden lûkt er him wol hwat mear werom yn syn ienlikens; it wurk fan de Halbertsma's is foar him ‘in sinneblink yn uus ljeaf Fryslâns tjuust're nacht’, mar hy is wol sa wiis net it forline to priizgjen om it hjoed to lekjen; dat hjoed is foar him ‘in rike tyd oon allerlei goed in tjoed’. (Brief oan J.H. Halbertsma fan 11-XI-1854). Yn 1840 lykwols waermet er him oan J.G. Seume en hy koe it by minderen sykje. It kin seldsum lykje, dat de hokfêste Posthumus - de Ternaerder dy't as dûmny mar ien stânplak hat, fan 1815 oant 1859 to Waeksens-Brantgum - sa'n biwûndering hie foar de ûnrêstige swalker Seume, mar it past alhiel by it dualisme fan syn romantysk-rationalistyske natuer. Hat dr. O. Postma ek net folle op hawn mei J. Slauerhoff en is fan de stille, mystike J.H. Leopold net bikend, dat wyldemannen as Poe, Balzac en Guy de Maupassant ta syn leafste auteurs hearden? Posthumus, dy't yn 1828 ek al bysûndere goed mei de Ingelske literator-bohémien John Bowring oer de wei koe, hat yn oaren tige de ûntdekkersdrift wurdearre dy't er sels allinne yn syn bibleteek útlibbe. | |
[pagina 182]
| |
‘Ich halte den Gang für das Ehrenvollste und Selbständigste in dem Manne und bin der Meinung, dasz alles besser gehen würde, wenn man mehr ginge... Sowie man im Wagen sitzt, hat man sich sogleich einige Grade von der ursprünglichen Humanität entfernt’. Dat hat Johann Gottfried Seume (1763-1810) skreaun en dat jowt ek de man sels yn koart bistek wol aerdich wer. Yn 1963, twahûndert jier nei syn berte, binne der fan dizze yn Dútsklân nou ek hast forgetten skriuwer inkelde karlêzingen útjown; de ynlieder fan de bêste útjefte Prosaschriften, skriuwt Seume in ‘konstitutive Unruhe’ ta en mei alle rjocht. Seume komt yn 1763 yn in Saksysk doarp to wrâld, forliest syn heit al gau, sil mei help fan oaren yn Leipzig théology studearje, mar sjocht dêr ôf as er mient to fornimmen dat godgeleardens en dweperij tige ticht byinoar lizze. Hy reizget dan nei Parys, mar falt ûnderweis yn hannen fan soldateronselders. Hy moat foar Ingelân tsjin de opstannelingen yn Noard-Amearika fjochtsje, komt dêr oan as de frede sletten wurdt en bisiket op de weromreis to desertearjen; finzenis, foroardieling ta de dea en frijkeap folgje inoar dan fluch op. Hy studearret yn Leipzig ôf, mar hat gjin sittend gat. Oan de Russyske kant fjochtet er tsjin Poalen en ûntkomt mar wer krekt oan de eksekúsje. As er wer thús is, wurket er in skoft as lektor by in forneamd útjower, mar ridlik gau bigjint it swalkersbloed wer to polskjen. Yn 1801 reizget er geandefoet nei Syracuse en in jiermannich letter bisiket er op deselde wize Ruslân, Finlân, ensfh. Dêr bringt er dan ek yn boekfoarm forslach fan út en dy beide reisbiskriuwingen, mei syn ûnfolsleine autobiografy, sil mannichien hjoeddedei noch mei wille lêze; fan syn dichterlik wurk kin dat min sein wurde. In aventûrlike, biweechlike, yn 1810 hommels ôfsniene libbensgong as dy fan J.G. Seume stiet yn de tiid fan de Romantyk lang net op himsels. Dochs is dizze ‘deutsche Wanderer’ net it type fan de dreamerige, mystike, oan de deistige wrâld ûntteine romantikus. Hy is praktysk oanlein en it giet him der net alderearst om, de wrâld to bisjen, mar de wrâld to foroarjen. De minsken hearre net yn de wolkens thús en sels net iens yn de himel; hja moatte it nochteren forstân brûke en har neat fan deftige prekers en bigearde heechheden wysmeitsje litte. De reizger moat net to folle acht slaen op de swietrook fan de blommen en it liet fan de fûgels, hy moat sjen doare hwatfoar ellinde der yn gloppe en klinte wankt. Elk goed boek heart dan neffens him ek in politike ynslach to hawwen, hwant de minske wurdt earst minske troch frijheit en gerjochtichheit. Omdat alle minsken minsken binne, | |
[pagina 183]
| |
hearre der ek gjin privileezjes, gjin stânsfoaroardielen en gjin klasse-ûnderskiedingen to bistean. Mear as hokfoar romantikus ek, hat Seume in iepen each foar de sosiale en de ekonomyske kanten fan it libben. Hy is in moralist dy't it earder dúdlik en direkt as moai en blomryk sizze wol. Hy is sljocht mei de antike skriuwers en fan harren hat er de les leard: koarte wurden en dy fêst, slute bêst. Ien dy't goed út 'e eagen sjocht, moat de waernommen saken ek goed útskilderje kinne. Seume syn each wie yn alle gefallen like skerp as kritysk; syn pinne hat faek mear fan in kundich hantearre operaesjemês as fan in weakstreekjend pinsiel. Is Seume yn syn reisbiskriuwingen alderearst in réalistysk biskôger, yn syn Apokryphen biwiist er in skerp tinker, in frij en ûnôfhinklik man en in ûnforbidlik kritikus fan syn eigen tiid to wêzen, folle mear ek in man fan de Aufklärung as fan de Romantyk, fan Lessing as fan Novalis. De aphorismen, yn dizze bondel yn skynber los forbân byinoarbrocht, waerden yn 1806 en 1807 skreaun, mar koene earst nei de dea fan de skriuwer publisearre wurde; in bigryplik feit foar elk dy't dizze sinspreuken lêzen hat en hwat fan de napoleontyske censuer ôf wit. Moat Seume neat fan in diktator en ek neat fan in guillotine-revolúsje ha, hy is dochs ek net konservatyf of kontra-revolusionair. Hy sjocht de flaters fan de Frânske Revolúsje tige goed, mar stiet dochs wol efter har oarspronklike bidoeling en stjitkrêft. De wetten fan de ivige natuer binne foar him sahwat itselde as de humaniteit en steane boppe alle keningsmacht en adelhearskippij. Dizze boeresoan set alles op de minsklike weardichheit en hat fangefolgen ek in optimistyske minskeskôging, al is er dêrom noch net blyn foar de skaedkanten yn it minskewêzen. De oerlevere godstsjinst is foar him wol net ta weismiten keard, mar dochs in forâldere saek; der sil wol hwat oars en betters foar yn it plak komme. Yn 1840 binne Seume syn Apokryphen noch aktueel. Posthumus hat mei syn oersetting en kommentaer fansels in politike bidoeling: dizze aphorismen moatte ek yn Nederlân wurkje, de geasten los meitsje, de aksjes foar forbettering fan it forwurden libben yn folk en steat opdriuwe. Dêrom lit er oan in koarte ynljochting oer skriuwer en boek - Een woord aan den lezer fan twa siden - ek in oprop fan eigen hân, Aan mijn Vaderland, foarôfgean. De hjoeddeiske lêzer sit mei dit stik fan fjirtjin siden, skreaun yn slim-retoaryske styl en heechdravende tael, gau oan. Hwat in iensidige idéalisearring fan it Nederlânske forline, tinkt er, hwat in studearkeamerprodukt, hwat in preektoan en sabeare-wolsprekkendheit! Dy't dan | |
[pagina 184]
| |
dochs trochlêst en oerlêst, heart ynienen hwat fan wjerklank. Hjir nimt blykber in man it wurd dy't sprekke moát, dy't út in djippe oertsjûging libbet, dy't hertstochtlik forûntweardige is om al it ûnrjocht en de fordrukking dy't de lytse man oandien wurdt. Alle thema's dy't er fierderop yn syn oanmerkingen útwurkje sil en dy't tsjin de ein fan it boek yn inkelde klimaksen útrinne, snijt er hjir al oan. Ta de greate mannen fan Nederlân rekkenet er frijwol útslutend de erasmiaenske geasten, de humanisten en libertinen, de remonstranten en frijgeasten. Fordraechsumens is de heechste deugd; mar de nachtskoalle falt net to fordragen en de ‘allerverderfelijkste heerschappij der geestelijken’ likemin. It is in skande dat hjir yndertiid oan de socinianen de gastfrijheit wegere is. Hwat in kostlike tiid, doe't roomsk en protestant tsjin de despoat Philippus II opstiene, in gearwurking dy't helaes ‘door de verfoeijelijkste geestelijke heerschzucht en den dolsten protestantschen ijver’ yn de byldestoarmtiid forbrutsen waerd. Goed komt it allinne as wy fierdergean op it paed dat de foarfaers ynslein binne, ‘het pad der gezonde rede, der vrijheid en van gelijk regt’. Mar dan moatte wy, dy't ta plicht hawwe ‘de onvermoeide volmaking van het goede’, de eagen foaral net slute foar de tokoartkommingen fan ús tiid. Dy binne der planteit: ‘de verregaandste geldzucht’, ‘de onbepaaldste en onbepaalbare zucht naar het goud’, ‘de gevloekte gouddorst’, ‘het tot het uiterste gejaagde eigenbelang’. En dan fansels de bidlerij om fette baentsjes, de flaeijerij, it bilestingstelsel dat de riken noch riker en de earmen noch earmer makket, de sloppens en slaefskens fan dy't de toan oanjaen moasten. Sil Willem II it kwea better oanpakke doare as Willem I? As de forkearde aristokraty nou mar net de iennige tagong ta de troan krijt en as der nou mar in iepen ear is foar de bittere klacht fan ‘het werkzaam deel des Nederlandschen volks’. It giet sa hurd, der bart safolle en men kin it hast net byhâlde; troch de útfining fan de ‘stoomkracht’ foroaret de hiele maetskippij en wurdt ‘de ruimte tot een stip en de tijd tot een oogenblik’. Posthumus sprekt dan de nije kening, de regearders, it folk, ynmoedich en plechtich ta; it moat út wêze mei de klassebifoarrjochting, der moatte rjochtstreekse forkiezingen komme, wy moatte lyk as de Frânsken, Ingelsken en Belgen ‘op het standpunt onzes tijds’ stean. De machten binne woegen en to licht bifoun: ‘Te weinige volksgezindheid bezielde tot nu toe uwe vergadering, vertegenwoordigers van de natie!’ De fyftichjierrige Posthumus sprekt as in tige progressyf, liberael Nederlanner. Sprekt er ek as Fries? As er de greate | |
[pagina 185]
| |
foargongers yn dit foaropstik opneamt, binne dêr ek de Ayttas, de Hoppers, de Van Harens, de Valkenaars en de Hemsterhuisen by en wurdt ek Balthasar Bekker as foarbyld steld: ‘Zulke voorgangers hebben wij, Nederlanders en Friezen!’ Yn de oanmerkingen by Apokryphen slacht er de funksje fan de tael heech oan: ‘Vernietig de taal en gij hebt het volk als zoodanig vernield. Dit kan niet te veel en te luide verkondigd worden’. De nammen binne gjin deade oanhingsels, mar hawwe in sin: ‘De eigennamen van alle volken hebben eene goede beteekenis, geëvenredigd aan de mate hunner beschaving en zedelijkheid. Ook de Germaansche, waarbij tevens de Friesche behooren, bezitten die eigenschap’. As er apokryph 357 oerset hat, docht er it nochris ‘in mijne moedertaal’, om't de wurdspilingen dan better ta har rjocht komme. Wol er de ellinde fan de earmen biskriuwe, dan jowt er ynkomsten en útjeften fan in Fryske arbeidershúshâlding wer (bls. 123-124), in stik dat yn in boarneboek foar de Fryske skiednis yn syn hiele hear en fear opnommen wurde moat. Der steane nammers yn de aloan langer wurdende oanmerkingen by de lêste apokryphen mear treflike stikken en mear as ienkear is Posthumus hjirre syn tiid fier foarút. Ien sitaet fan bls. 109 mei ta biwiis tsjinje: ‘De geschiedenis van Nederland moet nog meer worden dan eene geschiedenis onzer vorsten, wier karakters bijna alle als even edel, braaf en vaderlandlievend, beschreven worden, en in wier lof men op eene, na genoeg voor allen gelijke, wijze pleegt uit te weiden. Zij moet meer worden dan de geschiedenis van eenige familien met geheelen of gedeeltelijken, voorbijgang van het volk, als of dit nooit bestaan hadde, als of dit niets ware. Zij moet meer eene geschiedenis van dit volk, in zijne opkomst, ontwikkeling, geest en werken, worden, dan zij tot nog toe was. Zij moet ons meer, dan tot nog toe, als in een spiegel het ontstaan van den derden stand, die heilzame kracht der maatschappij, laten aanschouwen’. En dan makket er biswier tsjin in mei namme neamd, ‘zoo joodsch-christelijk’ skiednisboek út earder tiid, ‘in den geest der toen heerschende kerk geschreven’. Dizze man, dy't as ien fan de earsten yn Nederlân wiisd hat op it opkommende sosialisme (Saint Simon) en dy't op de ein fan syn libben in moedich tsjûgenis doarst to publisearjen oer De philantropie beschouwd in haar wezen, werken en afdwaling, is fan de neiteam oan nou ta nea hielendal rjocht dien, docht hieltyd wer bliken. Posthumus hat net alle, mar wol it greatste diel fan de Apokryphen oerset. Syn oanmerkingen steane lang net allegearre op itselde peil en binne ek wolris hwat lyts en skoalmaster- | |
[pagina 186]
| |
eftich; mear as ienris hied er him better stil hâlde kinnen. Dochs wurdt men út it gehiel dúdlik syn geastlike persoanlikheit gewaer. Tsjin de stellige (dogmatyske) godstsjinst, de klassike orthodoxy, hat er de greatste biswieren; mei Seume mient er, dat hja de wiere tsjinstelling foarmet fan de wiere seedlikheit. De erfsûnde (nr. 67) seit er gjin wurd goeds fan; hja bistiet nammers net iens, likemin as de erfdeugd en de erfadel. Skyngodstsjinst en skynfrommens hatet er fûl en dêr spijt er gauris syn gâlle oer út: ‘Zoogenaamde godsdienst was ten allen tijde de dekmantel der schreeuwendste bedriegerijen en goddeloosheden’. De godstsjinst wurdt foar him suver ta politike ethyk: ‘Het geheele wezen des christendoms berust, dit is zonneklaar voor elk, die zien wil, op de gelijkheid der menschen voor God en de wet’. Bij nr. 53 jowt er in soarte fan bilidenis, yn alle gefallen in selskarakteristyk: ‘Zelfstandigheid, reinheid des gewetens en vrijheid onzer zedelijke zelfbewustheid, gepaard met een nuttig werkzaam leven onder de menschen, maken de ware eer en het menschelijk karakter uit. In anderen te leven maakt ons tot de ergste slaven’. Posthumus hat fansels ek syn eigen dogma's en net in bytsje. Ien is de gelykheit fan alle minsken. ‘Geene ongerijmder, geene verpestender, leer is er voor de maatschappij uitgedacht dan die, dat de koningen Gods stedehouders zouden zijn over de menschen. Zij verdient geene wederleggings waar menschen wonen’. (Nr. 44). De middenstân is lykwols foar him ‘het pit en merg der maatschappij’. (Nr. 20). Aldergeloks is der yn 1840 in biweging geande tsjin de slavernij, ‘die eeuwige schande der menschelijkheid en des christendoms. God geve, dat deze groote vlek, door helsch eigenbelang op de menschelijke natuur geworpen, spoedig geheel afgewischt worde!’ (Nr. 122). Op side 118-121 ûntwikkelet Posthumus út dit dogma in redenearring, dy't it midden hâldt tusken in bigjinselprogram en in stik skiednisfilosofy, in nijsgjirrige en foar dy tiid hast revolusionaire skôging. As Seume úthâldt, dat der troch de Frânske Revolúsje winlik neat foroare is, blykt de kommentator it dêr net mei iens to wêzen: ‘Hier kan ik in lange na geen ja en amen op zeggen, vriend Seume!’ (Nr. 17). Oangeande de maetskiplike foarútgong bitoant er him in greater optimist: ‘Hoe meer de nijverheid onder het geleide van vrijheid en verlichting zich onder het volk uitbreidt, hoe minder het duizendhoofdig monsterdier (de volkswoede) zal woeden en hoe minder schrik het zal aanjagen’. (Nr. 290). Hy idéalisearret lyk as mear Friezen fan syn tiid de Foriene Steaten: ‘Driemaal gelukkig Amerika... licht het oude en verouderende | |
[pagina 187]
| |
Europa nog lange en tot hervorming van dit ons werelddeel met het licht uwer rede en vrijheid voor!!’ (Nr. 134; ek nr. 146). De gelykheit is foar him in religieus bigjinsel. As Seume seit, net oan de metafysyske grounslach fan it rjocht to leauwen, komt Posthumus dêr tsjin op: ‘Iemand, die zegt, niet in God te gelooven, heeft zijne onvervreemdbare menschenregten, dit is waarheid; maar hoe een mensch werkelijk niet in God gelooven kan, heb ik nooit kunnen begrijpen, even weinig, als hoe men zonder God wezenlijke menschenregten kan aannemen’. (Nr. 79). It giet Posthumus altyd en rounom om ‘burgerzin, nationale geest en kracht’. As Dútskers en Frânsken it helske middel fan de boekecensuer to baet nimme, hat er dêr in ôfgriis fan: ‘Geene ergere dwingelandij dan de stremming van de vrije mededeeling der gedachten... Gelukkig! dat deze overheersching van den eeuwig vrijen geest des menschen zich, bij de toenemende verlichting, hoe langer hoe korter zal kunnen handhaven’. (Nr. 189). Mei Seume leaut er, dat oan de oarloch (‘die schandvlek des menschdoms’) sawol positive as negative kanten sitte (nr. 219); dochs kin er winlik allinne mar ‘de oorlog tot volstrekte zelfverdediging’ akseptearje; ‘de rede en het evangelie veroordeelen den krijg en de zich zoo snel uitbreidende nijverheid zal hem eindelijk geheel uitroeijen’. (Nr. 342). Liket it, as hat Posthumus de moderne oarloch foarútsjoen, grif jildt dat foar de psychosomatyske genêskunde. Wy nimme hjir de hiele oantekening by nr. 282 oer: ‘Ligchaam en geest zijn een: en het eerste oefent in zijnen ziekelijken toestand eenen onberekenbaren invloed op den laatsten. Geneeskundigen kunnen in verreweg de meeste gevallen veel meer ter genezing van de krankheden der ziel doen dan de godgeleerde, die doorgaans te geestelijk zijn, als de eersten maar niet te stoffelijk zijn. Hij, die dit het volmaaktste met elkander vereenigt, zal de volkomenste geneesheer der menschen wezen’. Oft de faek sa swiersettige dûmny hjir net út eigen (jonkheits-)erfaring sprutsen hat? Hy is syn akadémyske stúdzje yn Grins as medysk studint bigoun. Doe't de Goutumer ds. J. van der Zwaag, dy't fan 1830-'42 de herfoarme gemeente fan Foudgum en Raerd tsjinne hat en sadwaende ek folle omgong mei syn Waeksenser kollega hie, yn de gearkomste fan 23 febrewaris 1860 fan it Frysk Genoatskip syn op 22 septimber 1859 forstoarne âldere freon bitinke moast, tekene er Posthumus neffens it forslach ‘vooral in zijne eigenaardigheid als Fries, en vond in hem eene karakteristieke uitdrukking van den volksaard zijner landgenoo- | |
[pagina 188]
| |
ten’. It stik is opnommen yn De Vrije Fries, IX, 1862, nei it folle greatere stik fan J.H. Halbertsma oer PosthumusGa naar voetnoot1). Ut beide skôgingen blykt, dat de hwat iensume en ienkennige man net maklik to trochgrounjen wie; hy loek him like faek stil werom as dat er mei sin podium of forum socht; fêst stiet, dat er sawol oan syn kristendom as oan syn Friezendom lit hat. Yn it greate, dryste, polémyske, mar waerme en tankbere bitinkingsfers, dat H.G. van der Veen op it ôfstjerren fan Rinse Posthumus skreaun hat (Nieuwe Friesche Volks-Almanak, 1860, s. 163-168), skriuwt er, dat de gloarje fan dizze tinker en wiisgear ‘sil stean mei wrâldshistoarje’. Dat mei dan dichtertael wêze, hy karakterisearre Posthumus dochs wol goed: hy gong syn eigen gongen, hy wie fij fan sekte-leafde of -haet, yn 't boaze in bern, man yn 't forstân, in ‘dwaelgeast’ dy't net bleau by 't ‘wier geloof’ fan follen. It byld wurdt op sa'n wize allinne hwat simpel en nayf, it smyt gjin skaden ôf, it seit neat oer de fortwifeling dy't Posthumus syn diel grif mear as ienris west hat. Hat Posthumus syn daimonion, mar ek syn daemon kend? Fan it wyldseauwige yn Salverda is er faek kjel wurden: ‘dichterlijk genie is hij geheel. Ware hij wat beschaafder!’ skriuwt er yn 1825 oer him oan J.H. Halbertsma. Sels hat er in libben lang bisocht de emoty en de ratio ta in harmonysk gearlibjen to bringen, mar hy is net de earste en net de lêste Fries dy't dat mislearre is. Hy wie yn de geast grif wol bisibbe mei J.G. Seume, mar wie folle mear mei himsels oan. Dochs wied er op syn wize ek wrâldreizger, revolusionair, minskefreon. Komme syn tokoarten as sadanich net mei foar rekken fan de Fryske woastyn fan syn tiid? Yn alle gefallen hat er yn Apokryphen, foaral op de earste en lêste bledsiden, syn tinken en stribjen bleatlein, sá, dat de hertstocht fan de oertsjûging der foar ús noch yn baernt. Mei fan it alderbêste en meast persoanlike dat Posthumus skreaun hat, is hjir to finen. |
|