Krityk yn 't koart:
Stim ut in fier forline
Simke Kloosterman, Spreuken. Utjown fan A.I. Brouwer-Prakke. Utjefte N. Miedema & Co, Ljouwert, 1962.
Mear as 1100 nûmers telt dizze samling libbenswiisheden, dy't nei har dea yn 1938 yn hânskrift foun is yn 'e neilittenskip fan de romanskriuwster en dichteres S. Kloosterman. It binne losse tinzen en ynfallen dy't de auteur in jiermannich foar har dea út 'e pinne floeid binne. Men kin dus net sizze dat dit neigesetsje de lêzer hjit fan 'e roaster foarset wurdt. Dizze kost mei nei 25 jier wol foar bilegere gean.
It titelwurd tsjut der al op dat hjir dien wurdt oan ‘seedlike learing’. Mar tagelyk ferget de spreukfoarm in skriuwer op 'e kunst fan it weilitten, op it suggerearjen mear as op it eksakt omskriuwen. En it wie krekt dizze kunst dêr't in S. Kloosterman nou ienkear net sterk yn wie, ek yn har oar wurk net. Mar hiel selden birikke dizze ‘spreuken’ de kompakte en pregnante sizzing, dêr't it aforisme troch alle tiden hinne by biltiet. In forgeliking mei de Pensées fan Blaise Pascal (excusez du peu!), dy't de bisoarchster yn har ‘Oanrin’ makket, kin dat euvel net goedprater rjochtoarsom, it neamen fan dizze greatmaster leit de tokoarten namsto skerper bleat.
Dizze drege klute tael yn my opnimmend, kin ik net oan it idé ûntkomme, dat hjir in stim út in fier forline en in totael foarbije wrâld it wurd hat. It is de wrâld fan it âld-liberale moralisme fan de 19e ieu. In wrâld fan jildlik bisit, fan heareboere-greatskens, fan ‘elk foar himsels en God foar ús allegearre’. In pear priuwkes:
‘Wachtsje dy foar de tsjinstfaem dy't frou waen is. Hja ken de roai net yn gjin ding; Jild jowt freonen; Ha it stikje koarstekoeke by de earme like heech as de rjemmetaert by de rike; Praet noait ûnder 't jildúttellen.’
Ik wit wol, men docht de froulike skepper fan dizze wiisheden mei sa'n summiere karlêzing net alhiel rjocht. Der binne ek ‘spreuken’ by, dy't it foar de earme opnimme en de rike op syn plicht wize om to skewielen. Mar noait klinkt der in protest op tsjin de earmoede sels. De rykdom, it bisit wurdt lyk as dy earmoede (en dat is echt âld-liberael!) as fanselssprekkend oannommen. It is foaral dêrom dat dizze kreas nûmere ‘spreuken’ by my soms in bittere neismaek neilitte. Noait lil der út dizze 60 biprinte bledsiden in gjalp fan wearze, in oanklacht omheechkomme tsjin it sociale ûnrjocht om de skriuwster hinne. Dit waecht namsto swierder as men jin biwust makket, dat der yn 1935, it jiers dat juffer Kloosterman dit wurk dienmakke, yn Nederlân in healmiljoen wurkleazen wiene. Noch mear wrâldfrjemd komt har libbenssfear jin oan, as men lêst dat dizze sûnder twivel wol bijeftige frou ta de eksklamaesje kaem: ‘Doch noait saken mei joaden. Noait’. (nr. 475). En dat wylst yn Dútsklân de earste synagogen al rikken.
Ik kin net oars sizze, yn dizze folsinnen teart in wrâld iepen dy't foargoed foarby is en dy't yn 1935 ek al foarby wie. It deatikkerke,