en doarp ôfreizge om it fjûr fan de primitive ynstinkten op to reakeljen en de neger bliede to litten foar syn swarte hûd.
In pear dagen foardat in stikmennich swarte jonges en famkes nei de blanke highschool sille, komt de glêdde hannelsreizger, dy't hjir Adam Cramer hjit, yn in stedtsje oan. De bifolking, hoewol hart allegear potinsiéle negerhaters, het har stymjend deljown ûnder de nije wet. It's the law, sizze ha en as wy gewelt brûke, forlieze wy it dochs. De sfear is lykwols laden en as de uterlik charmante dogeneat syn agitaesje bigjint, brekt de hel samar los. Twa moedige blanken, de direkteur fan de skoalle en de redakteur fan de pleatslike krante, springe foar de negers yn de bres, mar binne machteleas. In binde fan de Ku Kluks Klan tsjocht troch de strjitten en forbrênt in krús foar de negertsjerke en dyselde jouns komt de swarte dominy om by in bomoanslach op syn hûs. De kranteman, dy't de oare deis sels de negerlearlingen nei skoalle bringt, wurdt healdea slein. Joe Green, iep fan de negerjonges, sil lyncht wurde op biskuldiging, dat er yn de kelder fan de skoalle in blank famke oantaeste woe. Hy wurdt op it lêste momint rêdden, as it fanke (de dochter fan de redakteur) bikent, dat hja, ophise troch Cramer, alles liigd hat.
It forhael is ienfâldich en trochsichtich en as men neat fan de werklikheit ôfwist, soe men faeks fan in melodrama mei sterke swart-wyt tekening sprekke. Hjir is lykwols net oerdreaun, hjir wurdt yn in koert filmdrama sûnder psychologyske komplikaesjes in binearjend byld fan de smearlapperij yn it suden jown. Miskien hawwe de regisseurs mei opsetsin de struktuer fan it forhael ienfêldich hâlden, om it trochsneed bioskooppublyk makliker oan to sprekken. It is al spitich dat hja der in erotysk konflikt ynlaske hawwe, dat net funksioneel is.
De sfeartekening en de typen binne marterlik. De gong fan de swarte fammen en jonges nei skoalle, de forbjustere wite troanjes op strjitte, Joe Green dy't de sadistyske kliber dy't syn bloed easket, rêstich yn 'e mjitte giet om syn direkteur en de skoalle to sparjen, dat is kamerawurk en spyljen fan great formaet. Mei de eagen fan dizze jonge sjocht it skeinde en fortrape negerfolk fan fjouwer ieuwen jin oan. Ek de massascenes binne treflik. By de redefieringen fan Cramer, dy't fansels de kommunisten en de joaden oanwiist as de skuldigen efter de skermen, tinkt men soms even oan Marcus Antonius op it Forum yn Hamlet. De jonge William Shatner spilet dizze misdiedigersrol seldsum knap. Hast alle akteurs nammers binne bêst.
Dit is net ‘mar in filmforhael’, dit is in adekwaet komprimearre byld fan it Amearika fan de negerhaters, fan in blanke massa dy't riden wurdt fan de smoarchste erflike ynstinkten. De regearing wol de goede kant út, sûnder mis. Mar hwa rounen mei yn de mars nei Washington? Ministers, senatoren, de blanke dominys? Né, mar al frijhwat filmstjerren, skriuwers en oare kunstpers. En by de bigraffenis fan de fjouwer famkes út Birmingham wie gjin fortsjinwurdiger fan it Wite Hûs of fan de regearing. De boetepreker Billy Graham wie dêr ek net. Dy wie op reis om Europeänen to bikearen, neidat er earst Martin Luther King warskôge hie, om hwat foarsichtich to wêzen mei syn aksje foar de negers.
And God is loved in Mississippi,
Home and church her people hold dear.
INNE DE JONG