De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 444]
| |
Prof. dr. J.H. Brouwer:
| |
IIt is al wer in moai skoft lyn, dat ik mei in goekunde yn Dútsklân skriftlik diskussiearre oer in Rohwolt-útjefte mei kommintaren op de muorre troch Berlyn. Doe skreau er my: ‘Es wird Sie erfreuen, dasz ich von Richter Die Mauer als auch den Artikel von Jens Daniel gelesen habe. Beides gab mir sehr zu denken. Auf der anderen Seite dürfen Sie nicht vergessen, dasz in Berlin und an vielen anderen Plätzen das Schauspiel Der Stellvertreter aufgeführt wird und zu vielen guten Kommentaren Veranlassung gibt. Das Schauspiel ist übrigens bei Rowohlt erschienen und erlebte schon eine hohe Auflage. Es handelt sich hierbei um die Rolle, die der Pabst bei den Judenverfolgungen im Weltkrieg gespielt hat.’ Ik bistelde it boek, ik lies it as yn ien siken wei út en haw der dagen kapot fan west. Dat kaem fan it thema, ik stim it graech mei, mar ek fan de suggestive, ynkringende wize der't de skriuwer dat thema op biarbeide hat. Hy neamt man en peard. Foar him is de ûndergong fan miljoenen Joaden in aktueel probleem en sûnder hwa of hwat ek to skromen wiist er oan hwa't dêr skuldich oan stiene. Skuldich is net allinne hwa't in misdied docht, mar ek hwa't swijt, wylst er lûd foroardielje moast. Hwa't de measte macht en ynfloed hat, hat de greatste forantwurding en by it forsomjen fan syn plicht ek de greatste skuld. En sa rjochtet de kearn fan syn oanfal, hwant sa mei men it wol neame, har binammen op de figuer fan paus Pius XII en dy syn formidden. It tafal woe, dat ik bigjin septimber it stik yn Stockholm sjen koe; dy kâns haw ik my fansels net ûntkomme litten. Komselden sil in stik sa'n sukses hawn en tagelyk safolle | |
[pagina t.o. 445]
| |
ROLF HOCHHUTH
Dútsk skriuwer, berne 1931 | |
[pagina 445]
| |
argewaesje oproppen hawwe. It soe earst útkomme by de útjowerij Rütten & Loening yn Hamburg, mar dy bikoarre har op it lêste stuit (it stik wie doe al hielendal set). Doe hat Rowohlt (Reinbek by Hamburg), dy't wol faker hwat oandoarst hat dêr't oaren foar opstrûpten, de útjefte oernommen. Dy sil der yn alle gefal saeklik bisjoen, wol gjin spyt fan hawwe, hwant der binne noch oare oplagen fan kommen as fan De smearlappen: myn eksimplaer fan maert 1963 heart al ta de 2de printinge (8-13 tûzen) en sûnt dy tiid binne der frij hwat mear fan 'e parse gliden. Yn augustus wiene al 100.000 printe. Earste opfiering en earste printinge wiene fan febrewaris 1963! Yn septimber wie it opfieringsrjocht al nei tolve lânnen forkoft, oersettingen komme der dan yn alle gefal yn acht talen, der sil in film fan makke wurde troch George Beauregard en sa mar fierder. Dy bilangstelling is grif foar in part mei to tankjen oan 'e argewaesje dy't it stik by gâns katholiken wekker rôp. Dat it toaniel yn it katholike suden fan Dútsklân it nou fuort net op syn programma sette sil (alle foarstellingen wiene oant nou yn it noarden) leit wol foar de hân, mar dat men (lyk as yn Bazel en Olten) oaren mei rebûlje bihinderet om it to sjen, giet hwat fier en it wurket ek noch earslings, hwant lju dy't der oars net nei tale soene, wolle it nou lêze en sjen - sa is de minske nou ienris. En it docht jin goed, dat yn it gefal Olten (Switserlân) de geastlikheit har dúdlik fan de rel distânsiearre. Helte better is it as it stik ta útgongspunt nommen wurdt fan diskusje en as dy diskusje dan net bigrinzge wurdt ta de rol fan de paus of fan de katholiken, mar útwreide wurdt ta de forantwurdlikens fan elts yn dat tiidrek, yn Dútsklân fansels, mar likegoed dêrbûten. Diskusje op peil wie der bygelyks op it Kongres für die Freiheit der Kultur, hâlden op 26 april '63 yn 'e universiteit to Keulen, mar dat is dan ek in organisaesje fan skriuwers, learden, wittenskipslju en kunstners, dy't it krityske tinken en de skeppende wurksumheit fordigenje en dêr't mannen as Theodor Heuss, Karl Jaspers, Jacques Maritain, Reinhold Niebuhr, Denis de Rougemont, om in pear bikende to neamen, oan meidogge. Hoefolle oan pro en kontra losmakke is, sjocht men earst goed oan de Rowohlt-útjefte Summa iniuria oden Durfte der Pabst schweigen? Hochhuths ‘Stellvertreter’ in der ôffentlichen Kritik. Herausgegeben von Fritz J. Raddatz, forskynd yn septimber 1963. It is in boek fan 236 siden, dat noch mar in lyts part bifettet fan hwat der oan dy tiid ta oer it stik yn krante en tydskrift skreaun wie. | |
[pagina 446]
| |
IIIt falt net to ûntstriden, Hochhuth syn stik is in skerpe (en iensidige) oanfal op 'e kury yn Rome, op 'e paus fan doe binammen, omdat dy de forantwurdlike man is yn syn eagen. De skriuwer hat mear as ienris mei klam ûntstriden, dat er de katholike tsjerke of it pausdom oanfalle woe; it gyng him om de iene paus, dy't nei syn miening net dien hat, hwat er dwaen moatten hie. It soe op himsels hielendal net sa gek wêze, om jinsels ris ôf to freegjen, hoe't de hâlding fan de lieding fan de katholike tsjerke foar fascisme en nasionael-sosialisme oer west hat. Der steane jin feiten foar, dy't noch altiten in bittere neismaek jowe. Yn 1933 helpt it Centrum Hitler en syn maten oan 'e mearheit fan 67%, dy't nedich binne om de grounwet sa foroare to krijen, dat de wetjaende macht alhiel oan presidint en kabinet komt. Itselde jiers slút it Vatikaen in konkordaet mei Hitler, dêr't it Centrum himsels as politike partij by opheft, in erkenning fan Hitler dy't syn posysje yn 'e wrâld enoarm forsterke en forkundiget de bikende Von Papen, dat de dea op it slachfjild de natûrlike bistimming fan 'e man is. Franco krige sûnder mis it krús fan it Vatikaen mei by syn aktiviteiten yn 'e boargeroarloch yn Spanje, hwat fansels net sizze wol, dat men it goedkarde, dat er yn 1936 en 1937 yn Bajadoz en Toledo protestanten en joaden útmoarde en sels sikenhûspasjinten mei de bajonet út it lijen holp - yn it lân fan 'e Basken waerden amperoan 70.000 minsken it slachtoffer, dat dochs wol meast katholiken west hawwe sille. Of laette soks der mei ta, dat lang om let yn 'e pauslike ensyklyk fan 1937 de nasionael-sosialistyske théory oer steat en ras foroardiele waerd? ‘Wer die Rasse, oder das Volk, oder den Staat, oder die Staatsform, die Träger der Staatsgewalt oder andere Grundwerte menschlicher Gemeinschaftsgestaltung... zur höchsten Norm aller, auch der religiösen Werte, macht und sie mit Götzenkult vergöttert, der verkehrt und fälscht die gottgeschaffene und gottbefohlene Ordnung der Dinge’. Sa de Dútske tekst. Mar kardinael Innitzer ropt yn 1938, as Hitler syn yntocht yn Eastenryk hâldt, him it wolkom ta; op syn hjitten komt de swastikaflagge op 'e toer, alle tsjerkklokken liede en as der in referendum oer de Anschlusz komme sil, wit it episkopaet hast net, hoe heech it it nasionael-sosialisme wol net sette sil yn it advys om foar to stimmen. En Graf Preysing, biskop en letter kardinael doarst sizze, dat it libben en hanneljen fan 'e kom- | |
[pagina 447]
| |
mintator fan Hitlers rassewetten ‘von den Grundsätzen des katholischen Glaubens bestimmt waren’. Fansels kin men hjir oare feiten en persoanen foaroer sette. Ik neam mar de moedige hâlding fan biskop Von Galen fan Munster of Pater Maximilian Kolbe (omkommen yn Auschwitz) en prelaet Bernard Lichtenberg (dy't yn 1943 frege om as sielsoarger fan 'e Joaden meigean to meijen nei it ghetto fan Litzmannstadt), de twa mannen dêr't Hochhuth syn stik oan opdroegen hat. En mei klam moat steld wurde, dat biskuldiging fan ien groepearring of ien persoan net ynhâldt ûntskuldiging fan oare groepearringen of oare persoanen. Men soe, om in foarbyld to neamen, ek by de protestantske tsjerke en by protestantske lieders yn Dútsklân de finger op tige seare steden lizze kinne: ik tink bygelyks oan in útlitting fan de bikende protestantske biskop Dibelius út 'e nazi-tiid yn sa'n nazi-geast dat men dy foar de doar fan dy man net sykje soe, ik alteas net. Ik hie him graech letterlik sitearje wold, mar bin it plak kwyt. De kritisi fan Hochhuth hawwe gelyk, as hja der op wize, dat noch de protestantske tsjerke, noch de frijtinkers, de frijmitselers of de PEN-Club foldien hat oan de easken, dy't Hochhuth oan de paus stelt. Ek as hja pleitsje foar in bioardieling fan de feiten yn it ljocht fan de omstannichheden, dy't dwaen en litten sa al net forûntskuidichber dan dochs gauris bigrypliker meitsje kinne. | |
IIIDe krityk fan Hochhuth rjochtet him lykwols net tsjin de katholike tsjerke of polityk, net tsjin de paus, mar tsjin in paus, dy't yn in biskaet tiidsbistek yn 'e iepenlike foroardieling fan 'e joadeforneatiging nei syn bitinken to koart sketten is. Nou sille yn 'e bioardieling fan in paus katholiken en netkatholiken maklik útinoar gean. Doe't paus Johannes XXIII op 3 july 1963 foar altiten de eagen ta die, hat alle wrâld, protestant en ûntsjerklik like goed as katholyk lof fan him sprutsen en heech opjown fan syn bitsjutting, boppe hope en forwachting. Dy lof fan net-katholike kant woe de katholiken, ûnderstel ik, wol oan. Mar lof hâldt oardiel yn, al is dat yn in positive foarm en ûnderstelt as tsjinpoal de mooglikheit fan ôfkarring. It leit foar de hân, dat dêryn katholyk en net-katholyk it minder maklik iens wurde sille, as it oardiel giet oer in paus. Mar oer de feiten is yn alle gefal diskusje mooglik. De frage | |
[pagina 448]
| |
wurdt dus alderearst, oft Hochhuth de feiten rjocht dien hat. Dat er der net samar hwat hinne skreaun hat, biwize de 45 siden, fyn biprinte, dy't er as forantwurding oan de boekútjefte tafoege hat ûnder de titel Historische Streiflichter. It is op himsels hwat frjemd, dat in toanielstik sa fordigene wurde moat, mar dat de skriuwer der yn dit gefal ta oergien is falt to bigrepen, omdat it hjir in fûle oanfal op in histoaryske persoan fan eigen tiid oanbilanget. ‘Die folgenden Anmerkungen zu umstrittenen Geschehnissen und Aussagen sollen beweisen, dasz der Verfasser des Dramas sich die freie Entfaltung der Phantasie nur soweit erlaubt hat, als es nôtig war, um das vorliegende historische Rohmaterial überhaupt zu einem Bühnenstück gestalten zu können. Die Wirklichkeit blieb stets respektiert, sie wurde aber entschlackt.’ It docht dus bliken, dat oan it skriuwen dochs wol earnstige stúdzje foarôf gien is; Hochhuth biropt him û.m. op publikaesjes fan Gerald Reitlinger en Poliakov-Wulf. Hy kin ek neirekkene wurde. Yn 1958 forskynode by de Fischer Bücherei Pius XII. sagt. Ueber Religion, Wissenschaft, Politik und Gesellschaft, dat fansels ek de nedige ynljochting jowt oer de tinkwize en de hannelwize fan 'e paus. It liket my ta, dat men der net omhinne kin om to konstatearjen, dat de paus tige op 'e hân fan Dútsklân wie. It konkordaet mei Hitler wie al perfoarst net sûnder syn ynfloed ta stân kommen en as yn it lêst fan de oarloch dúdlik wurdt dat Dútsklân der oan giet, is er in forklearre tsjinstanner fan 'e ‘unconditional surrender’. Fansels hat er syn motivearring dêrfoar: Dútsklân mei net weifalle as buffer tsjin in oerwinnend kommunistysk Ruslân. Hy sil ek de earste wêze, dy't nei de oarloch Dútsklân oan- en ynhellet. It is grif sa, dat dy freze foar it kommunisme der tige ta bydroegen hat, dat de paus dy't wis gjin sympathy foar it nasionael-sosialisme hie, mar o sa stadich ta krityk komme koe op nasionael-sosialistyske praktiken en dy dan ek noch utere yn sokke hoedene wurden, dat it wurd krityk der soms amper op fan tapassing is. Dat er ek oars koe, biwiist er as er fuort en fûl protestearret as in pear Amearikaenske bommen by ûngelok op Vatikaensk gebiet tolânne komme. En it is op dit punt, dat de oanfal fan Hochhuth ynset, hwat de hâlding fan de paus by de forneatiging fan de Joaden oangiet. De paus wie better as hwa ek op 'e hichte fan hwat der om en ta gyng en it lot fan 'e Joaden hat him grif wol oandeard. Hy hat troch jild sa'n 1500 italiaenske Joaden nei Amearika ûntkomme lit- | |
[pagina 449]
| |
ten en der ta meiwurke, dat 4000 oare in taflecht fine koene yn kleasters. Mar dat wie neffens Hochhuth lang net genôch: de paus hie op 'e tiid en yn skerpe wurden Hitler de hulde opsizze moatten, dan hie dy wol ynboun, lyk as er ek ynboun hat yn 1941 by it protest fan 'e tsjerke tsjin de euthanasymoarden op kranksinnigen fan de nazi's - ek de fûle biskop Von Galen hat er ommers net oppakke doarst, doe't dy it iepenlik yn syn preken tsjin de nazi's yn 'e kant sette. Men kin fansels biriddenearje, dat de katholiken it bilije moatten hiene, as de paus yn syn machtsposysje harren oproppen hie ta massael forset tsjin de joade-forneatiging en dat de paus mei sin myld yn syn krityk wie ‘im Interesse der Leidenden selber, um nicht ungewollt ihre Lage noch schwerer und unerträglicher zu gestalten’ (2. 6. '43). Der is ek sein, fan katholike kant, dat, as de paus ta forset oproppen hie, in great part fan 'e katholiken, de Dútske biskoppen foaroan, dat bifel net opfolge hawwe soene. By de diskusje yn 'e Katholike Akademy moat dr. Johannes Neuhäuser, wijbiskop fan Munster, sein hawwe, de paus koe net foar de Joaden opkomme: ‘Er wäre Gefahr gelaufen, als Nicht-arier verschrieen zu wurden.’ Net sa'n sterk argumint fansels. Likemin as de utering fan de paus, ta syn fordigening oanfierd, dat er de Dútske katholiken, dy't de ied op Hitler ôflein hiene, net yn gewissekonflikten bringe mocht; hja moasten hearrich wêze. Op al sokke biswieren hat Hochhuth mar ien andert: it docht der neat ta, oft de oprop sukses hawn hie of net, it docht der likemin hwat ta, oft de katholiken of sels de Joaden (mar koe de tastân fan de lêsten noch minder?) dêrfan to lijen hawn hiene, it hie der sels neat ta dien, as de Dútskers, doe't hja baes yn Rome wiene, de paus om sa'n protest oppakt en ta marteler makke hiene. De paus hie, neffens him, it hege en dúdlike wurd sprekke moatten út it kristlike leauwe wei, hwat ek de gefolgen west hiene. Dat wol sizze: Hochhuth hat Pius XII metten oan syn idéaelnoarm fan de paus en him to licht bifoun; foar him is Pius XII in tûke opportunistyske dipiomaet, dy't syn miening yn moaije frasen biwuollet om Hitler mar gjin argewaesje to jaen, mar net de steedhâlder fan Kristus, dy't er wêze moatten hie, rjochtút oardieljend en foroardieljend yn kristlik tsjûgenis. | |
IVOan de suverens fan motiven kin by Hochhuth min twivele wurde, oan syn earnst likemin, mar is it him slagge syn visy | |
[pagina 450]
| |
op oertsjûgjende en forantwurde wize stal to jaen? It is goed hjirby ûnderskie to meitsjen tusken it stik lyk as it yn boekfoarm foar ús leit en de tekst lyk as dy yn 'e biwurking fan Erwin Piscator, de forneamde regisseur, fan it toaniel ta ús komt. It stik, skreaun yn in soarte fan ritmysk proaza, is fordield yn fiif bidriuwen, mei as ynlieding ta bidriuw of toaniel soms bledsidenlange ynljochting en taljochting, dy't suver mear op de lêzer as op de spiler birekkene lykje to wêzen - Hochhuth syn bidoeling wie, dat by de opfiering dy einen troch in stim sein wurde soene. Yn it earste toaniel, in sterk toaniel dêr't de kearn fan it hiele stik al yn sit, is de adellike jezuïtepater Riccardo Fontana (soan fan 'e persoanlike adviseur fan de paus) yn 'e apostolyske nuntiatuer yn Berlyn (augustus 1942). Dêr wit de SS-Obersturmführer Gerstein yn to kringen mei syn boadskip, dat yn Poalen alle dagen weroan oer de 10.000 Joaden forgasse wurde; hy wol dat de paus dêr tsjin protestearje sil. Dy Gerstein is in histoaryske figuer; as oertsjûge kristen is er mei sin yn 'e SS gien, om dy fan binnen út kennen to learen en to bistriden. De nuntius wiist it forsiik fan Gerstein ôf, mar Riccardo is ûnder de yndruk kommen fan syn hertstochtlik tsjûgenis. Hy siket Gerstein, dy't in Joad Jacobson by him ûnderdûke litten hat, op yn syn hûs; Gerstein ferget him der dan op, dat er dy Joad helpe sil mei syn pas en klean om oer de grins to kommen. Sels reizget Riccardo dan nei Rome, om to bisykjen mei help fan syn heit, de paus ta iepenlik protest oer to heljen. It kostet him muoite, syn heit safier to krijen, mar as ek yn Rome de Dútskers de Joaden ophelje, oft se nou doopt binne of net, en opslute, foroaret dy. It is augustus 1943 wurden, as de paus syn riejower, greve Fontana en in kardinael yn audiïnsje ûntfangt; de kardinael wurdt, wol hwat karikaturael, tekene as in leafhawwer fan in goed libben en as blommekweker en tagelyk as in tûke diplomaet, dy't Hitler sa lang maaglik de hân boppe de holle hâlde wol. By dizze audiïnsje giet it petear earst oer allerlei finansiéle kwastjes. Greve Fontana bisiket dan de paus ta iepenlik protest to krijen. As bliken docht, dat Fontana syn soan yn Rome is (yn striid mei hwat him opdroegen wie), moat Riccardo by de paus komme. En dan folget de scène tusken paus en Riccardo: de paus wol net iepenlik protestearje tsjin de joadeforneatiging; Dútsklân mei net to slim fornedere wurde, om it kommunistyske gefaer, de paus wol op frede ta tusken | |
[pagina 451]
| |
de Alliearden en Dútsklân en dêrom wol er neutrael bliuwe en Hitler foaral gjin argewaesje jaen. Wol is er ré om in lange forklearring yn neatsizzende folsinnen to diktearjen, mar it bisykjen fan de kardinael om dochs hwàt konkreter de dingen to neamen, nou't sels yn Rome de Joaden ophelle wurde, wiist er folslein fan de hân. Hy stjûrt Riccardo fuort en as dy de joadestjer op syn preesterklean docht, biskôget er dit as blasfemy en forbiedt it. Mar Riccardo wegert de stjer der ôf to heljen; hy wiist op it foarbyld fan de Deenske kening, dy't warskôge dat er sels de joadestjer drage soe as men de Joaden dêrta twong - doe gyng it oer. Hy skammet him, dat it Vatikaen net itselde docht; de paus komt syn ropping net nei. Mar ien moat dochs de forfanger fan Kristus wêze; as de paus swijt dêr't er sprekke moast, sil hy it sels dwaen moatte. Riccardo wit mei to kommen yn in goederentrein, dêr't de italiaenske Joaden mei nei de forneatiging fan Auschwitz brocht wurde. Gerstein docht dan yn Auschwitz noch syn bêst Jacobson, dy't dêr ek bidarre is, út it kamp to krijen, mar de kampdokter, de divel yn persoan (dy't ek yn it earste bidriuw, as de partijlju yn forbân mei de loftoanfallen jouns yn in kelder byinoar komme to drinken, to kegeljen en to swetsen, syn rol spilet as ‘de geheime regisseur’, frij fan alle morael), hat alles troch, moardet en lit moardzje; ek Riccardo, dêr't er yn in eardere scène yn in heechst sinyske dialooch mei omboartet, kriget de kûgel - bifrijing út in yn uterste solidariteit frijwillich yngien meilijen mei de Joaden. | |
VWy seagen it stik yn it Stockholmske théater, dat nou ûnder de lieding stiet fan de forneamde filmman Ingmar Bergman, mar dy hie de regy net; Stig Torsslow stie dêr foar en hie treflik wurk levere. Ik kin my hast net yntinke, dat der in bettere opfiering mooglik is. Prachtich waerden de figueren fan de paus, de kardinael, greve Fontana en de ‘dokter’ útbylde; hwat swakker wiene nei myn bitinken Gerstein en Riccardo, wylst dy yn it stik krekt sa'n bilangrike funksje hawwe. It wûnderlike wie, dat de opfiering, al wie dy noch sa bêst, op my in minder sterke yndruk makke as de lêzing dien hie. Nou soe dit komme kinne, omdat it hiele forrin fan de hanling troch de lektuer fan to foaren bikend wie en it elemint fan forrassing dus miste, mar ik leau dat net, hwant dat soe folslein yn striid wêze mei myn ûndergean fan oare my tige bikende toanielwurken. | |
[pagina 452]
| |
It sit him grif hjiryn, dat by opfiering de swakke kanten fan it stik dúdliker nei foaren komme as by it lêzen, forsterke troch (of nettsjinsteande?) it feit, dat Erwin Piscator der foargoed it mes yn set hat. By ode opfiering docht bliken, dat it stik mear in rige fan scènes op itselde niveau is as in dramatyske ûntjowing nei in hichtepunt ta; it thema, yn de earste scène al skerp steld, wurdt fierderop al mar herhelle, lit it dan wêze mei de nedige fariaesje. De figueren fan Gerstein en Riccardo, by útstek de dragers fan Hochhuths idé, krije hwat statysks, bytiden sels hwat krampeftich-fanatyks oer harren; hja oertsjûgje as libjende minsken minder, dat is it wûnderlike, as de fan de skriuwer sa kritysk bioardiele en dêrneffens foarme figueren as de paus, de kardinael en sels as de kampdokter. Hochhuth is, om in moadewurd to brûken, tige engagearre yn syn stof, faeks to bot, hwant it strekt ta skea fan de dramatyske foarm en de psychologyske bylding. Erwin Piscator hat de tekst fan Hochhuth foargoed ûnder hannen hawn; hy hat gâns bikoarte en sels hiele scènes forfalle litten. Dit kin him min kwea-ôf nommen wurde, hwant it stik wie fiersto lang om sa opfierd wurde to kinnen; sels Shaw, dy't der oars ek wol hwat mei koe, hat him net sa gean litten. De tekst bislacht yn it boek 214 siden; de skattingen fan de dûr fan in opfiering sûnder bikoarting fan de tekst ûntrinne inoar gâns, de meast pessimistyske sette de dûr, mien ik, op acht à tsien ûren - dat is fansels ryklik lang. Nou mei men fan in sa deskundich toanielman as Piscator forwachtsje, dat syn bikoartingen it wêzen fan Hochhuths stik net oantaest hawwe, ja faeks de dramatyske krêft dêrfan forsterke. As er it tige libbene toaniel yn 'e SS-kelder forfalle lit, bitsjut dat sûnder mis net it weisnijen fan in ûnmisber elemint yn it stik; de oandacht wurdt sadwaende noch helte mear konsintrearre op it sintrale thema: it tokoartsjitten fan de steedhâlder fan Kristus. Toanieltechnysk soe men hjir sels fan winst prate kinne, mar ik kin der ynkomme, dat oaren, dy't dochs al biswier tsjin de strekking fan it stik hawwe, sizze, dat troch dit weifallen de skuld noch iensidiger op de paus lein wurdt, omdat in formidden fan Dútskers as yn de kelder oanwêzich, dy't sels net sa'n bytsje yn 'e skuldfrage bihelle wurde kinne, sadwaende eliminearre wurdt. ‘Aus dam grellfarbigen Gemälde des noch ungewandten, aber Theaterinstinkt verratenden Autors hat Piscator ein Plakat in grob vereinfachenden Strichen gemacht, dessen Stoszrichtung freilich die gleiche wie des Lesedramas ist.’ Dat liicht der net om. It liket my hwat oerdreaun, mar yn | |
[pagina 453]
| |
alle gefal is wol dúdlik, dat Hochhuth, hwat syn yntinsjes oangiet, der rjocht op hat bioardiele to wurden nei syn eigen tekst en net nei dy fan Piscator. Dêr moat lykwols foaroerset wurde, dat Piscator ek dingen fordwine litten hat, byg. opmerkingen oer it seksuéle libben fan tsjerklike figueren, sels fan de hillige Franciscus, dy't neat mei de kearnkwestje to krijen hawwe en dy't Hochhuth bûten syn stik hâlde moatten hie. As er dêr op oanfallen wurdt, is it mei rjocht. Ek it aksintuearjen fan de jildsucht fan it Vatikaen, in elemint dat Piscator bliuwe lit, hie Hochhuth better weilitte kind. As ik my, nei it stik en syn opfiering en nei it lêzen fan hiel hwat literatuer oer it thema en syn bihanneling, myn bitinken oer De ramplesant fan Hochhuth gearfetsje mei, dan soe ik sizze: lit ús bliid wêze alderearst, dat in jong Dútsk skriuwer him mei sa'n ynmoed fordjippe hat yn ien fan de biskamsumste episoaden fan ús tiid. Ik lies earne, dat in Nederlânsk skriuwer nei it lêzen fan it stik sei: dat ik noch libje, is it biwiis, dat ik sels to min dien haw foar it bihâld fan de Joaden. Dat komt mannichien faeks stûf genôch oan, mar it makket yn alle gefal dúdlik dat Hochhuth, hy mei dan yn syn stik iensidich Paus Pius XII skuldich stelle, yn wide rounten it bisef fan forantwurdlikens wekker makket. Dat is winst. As toanielskriuwer hat Hochhuth syn greate fortsjinsten, it sit him wol yn 'e fingers, mar ek (noch) syn tokoarten, sawol hwat de bou fan it stik as de psychology fan syn figueren oangiet. Hy stiet ek noch mar oan it bigjin fan syn wei as drama-skriuwer, mei men hoopje. Yn Stockholm hat er meidield, dat er mei in oar stik De wurkjower dwaende wie, mar dat it stadich einde, fanwege al de rebûlje dêr't er troch De ramplesant yn bihelle wie. Lit ús hoopje, dat de nou 32-jierrige skriuwer (eartiids lektor foar in útjowerij en guon fan de Tsjerne-lêzers faeks bikend as de bisoarger fan de kostlik-illustrearre Gedenkausgabe fan Theodor Storm Am grauen Meer. Gesammelte Werke, Mosaik-Verlag, Hamburg) de kâns kriget om syn ûnmiskenber dramatysk talint ta folle ûntjowing to bringen. Beetstersweach, novimber 1963. |
|