Teije Brattinga:
Roman en lyryk anno 1963
Net as romanskriuwer - yn hokker hoedanichheit ik my nammers (noch) net presintearje kin - en foar in lyts part biropshalve, mar almeast privé fascinearret my it fenomeen roman, lykop mei it fenomeen moderne lyryk. As immen as Poortinga biweart dat de lyryk him, privé dan, neat mear seit, kin ik my dat wol bigripe. Lykwols, as ik út dy biwearing helje moat, dat er it moderne proaza dan wol neikomme kin, bigryp ik him net. Hwant ek de moderne lyryk sprekt my persoanlik oan, mar dy appresiaesje hat in forbining mei de romanappresiaesje. De lyryk fan hjoeddedei moat men nêst de roman fan hjoeddedei sette, net tsjinoer, lyksa de lyryk fan earder tiid nêst de eardere epyk, de ûntjowing fan beide nammers giet frijwol lykop, net hielendal synchroon, mar sjoen oer in biskaet tiidrek tinkt my wol. Proaza en poëzij fan de folksskriuwers b.g. hawwe inselde ûndertoan, ek foarmtechnysk lizze se net sa fier útinoar. Dat is empirysk wier to meitsjen:
De greatste swierrichheit wie jit hoe't se mei skik
Fan 't krychsfolk en bysonder fan dy Hollânske
Kanonniers ôfkomme soene hwant dy woene
Net fuort of hja woene earst har fortsjinne lean
Habbe; en hja drigene 't op in plonderjen
En roven lizze to sillen as se net bitelle
It boppesteande proazastik fan Waling Dykstra dat ik mei it greatste gemak yn in soarte epysk-poëtyske fersfoarm set haw (sa't de skriuwers fan dy tiid fabrisearje koene), wiist sterk yn dy rjochting. En it wie samar in brokstik út De Sulveren Rinkelbel, fan de bledside dy't tafallich iepen foel. As it rymke hie, soe it foarbyld suver folslein west hawwe.
Ik meitsje my sterk dat we dit grapke ek mei de Jong-friezen en alle Friezen úthelje kinne, ek oarsom fan poëzij yn proaza. Fansels binne de ûnderwerpen net gelyk, dy't proaza en poëzij bihannelje (net altyd tominsten). Ik doel yn it foarste plak dan ek op de technyske bihanneling ynsafier it wurdkar, sfear, ritme, ensfh. oanbilanget.
Yn dit forbân woe ik wolris wize op in dichter as Douwe Kiestra, dy't markante poëzij skriuwt, as it my net mist ûnder de skûlnamme Harm Harsta yn it koöperative blêd Bolwerk. Men moat it earder wurk fan dizze talintfolle poëet (hwa soe it optheden tsjin him opnimme kinne en tsjin dizze op nivo