| |
| |
| |
Bernard Smilde:
Trije kear Bach en trije kear in Magnificat
Under de likernôch fiif-en-sechstich muzyklju en komponisten dy't de namme Bach droegen, hawwe der op syn minst trije fan de allergreatsten west, dy't in bilangryk wurk skreaun hawwe op 'e latynske tekst fan Marije's lofsang: it saneamde Magnificat.
Hwannear't wy it oer Bach hawwe, tinke wy alderearst oan de greate Johann Sebastian (1685-1750). Hy komponearre syn Magnificat yn 1723, doe't er krekt syn amt as cantor oan 'e Thomas-tsjerke en -skoalle ynnommen hie. Yn 1730 wurke hy it noch ris om en krige it de foarm, dêr't it hjoed-de-dei noch altyd yn útfierd wurdt. Hy wie doe fiif-en-fjirtich jier.
Syn twadde soan Carl Philip Emanuel (1714-1788) sette deselde tekst op muzyk yn 1749 to Berlyn, dêr't er hofklavesinist wie by Freark de Greate. Hy wie doe fiif-en-tritich.
De jongste soan fan Johann Sebastian wie Johann Christian (1735-1782). Ek fan him hawwe wy in Magnificat-komposysje, nammentlik fan it jier 1760, doe't hy oargelist oan 'e Dom to Milaen wurden wie. Hy wie doe fiif-en-tweintich.
Dizze wurken binne alle trije weardefol, binne yn moderne editys to birikken en wurde geregeldwei útfierd. It is tige nijsgjirrich se mei elkoar to forlikenjen, der komme dan opmerklike punten fan forskil en oerienkomst to sjen, dy't in aerdige biljochting binne fan in styl-foroaring dy't him yn it twadde fearn fan de achttjinde ieu foltriek, to witten dy fan 'e barok nei it rococo.
| |
De tekst
Hwat de tekst oanbilanget is der gjin forskil. Alle trije nimme de folsleine tekst fan de lofsang fan Maria, lykas dy to finen is yn it Evangeelje fan Lukas, haedstik 1 de fersen 46 oant 55, neffens de latynske tekst fan de Vulgata mei dêroan tafoege it saneamd Lyts Gloria, de lofsizzing op de Trije-ienheit.
Allinne it wurk fan Johann Sebastian wie yn syn earste foarm greater. It waerd dêr op fjouwer plakken ûnderbrutsen troch in korael, twa koaren en in duet. It lêste is net iens folslein biwarre. Omt Bach sels letter dizze fjouwer ynskoude stikken ek loslitten hat, bisjogge wy it wurk fan Joh. Sebastian yn dizze stúdzje allinne yn syn twadde foarm, sa't it tsjintwurdich praktysk altyd útjown en útfierd wurdt.
| |
[pagina 430-431]
[p. 430-431] | |
Brûke hja dus alle trije deselde tekst, de wize fan bihanneling is oars. By de heit en âldere soan kinne wy in fordieling yn ûnderskate nûmers fine; it werk fan de jongste soan is in trochrinnend gehiel, dat suver net ôfbrutsen wurdt.
Op ûndersteand oersjoch jowe wy in skema, hoe't de tekst troch de trije Bach-mannen yndield is, mei de toansoart hweryn dat part bihannele is. De dêrby jowne oersetting brûkt mar foar in part de fryske tekst fan Wumkes, om sadwaende de wurden sa deun mooglik wer to jaen yn 'e selde folchoarder as yn it latyn.
Oersjoch fan tekstbihanneling
|
|
J.S.B. |
Latynske tekst (Lukas 1:46-55) |
Fryske oersetting: |
Nr. |
Sjongstimmen |
Toansoart |
46. |
Magnificat anima mea Dominum. |
Great makket myn siele de Heare |
1. |
Koar (5 stimmich) |
D |
|
47. |
et exultavit spiritus meus |
en jubelje docht myn geast |
2. |
Aria: mezzo-sopr. |
D |
|
in Deo salutari meo. |
yn God, myn Sillichmakker. |
|
|
48. |
Quia respexit humilitatem ancillae |
om't Er oansjoen hat de lege steat |
3. |
Aria: sopraen |
b |
|
suae: |
fan syn tsjinstfaem. |
|
|
ecce enim ex hoc beatam me |
hwant sjoch, fan nou ôf sille my |
|
|
dicent. |
sillich priizje |
|
|
|
omnes generationes. |
alle slachten, |
4. |
Koar |
fis |
|
49. |
Quia fecit mihi magna |
hwant dien hat my greate dingen |
5. |
Aria: bas |
A |
|
qui potens est: |
Hy dy't machtich is, |
|
|
et sanctum nomen eius. |
en hillich is syn namme. |
|
|
50. |
Et misericordia eius a progenie |
En syn barmhertichheit is fan slachte oant |
6. |
Duet: alt en tenor |
e |
|
in progenies timentibus eum. |
slachte oer hwa't Him freezje. |
|
|
51. |
Fecit potentiam in bracchio suo, |
Hy die in machtsdied mei syn earm: |
7. |
Koar |
G |
|
dispersit superbos mente cordis sui. |
forstruid hat Er heechhertigen yn 'e sin |
|
|
fan har hert, |
|
|
52. |
Deposuit potentes de sede, |
Delstaet hat Er machtigen fan har troane |
8. |
Aria: tenor |
fis |
|
et exaltavit humiles. |
en forhege minsken fan lege steat; |
|
|
53. |
Esurientes implevit bonis; |
Hongerigen hat Er folle mei goed, |
9. |
Aria: alt |
E |
|
et divites dimisit inanes. |
en riken fuortstjûrd mei lege hannen. |
|
|
54. |
Suscepit Israel puerum suum, |
Opnommen hat Er Israel, syn feint, |
10. |
Terzet |
|
|
recordatus misericordiae suae. |
tinkend oan syn erbarming, |
|
(2 sopr. en alt) |
b |
|
55. |
Sicut locutus est ad patres nostros, |
Lyk as Er sein hat ta ús âffears, |
11. |
Koar (fuga) |
D |
|
Abraham et semini eius in saecula. |
Abraham en syn sied yn ivichheit. |
|
|
|
Gloria Patri et Filio |
Eare oan 'e Heit en oan 'e Soan |
12. |
a. Koar |
D |
|
et Spiritui Sancto; |
en oan 'e Hillige Geast; |
|
|
|
sicut erat in principio, |
lyk as 't wie yn 't oanbigjin |
|
b. Koar (= 1) |
D |
|
et nunc et semper, |
en nou en jimmer, |
|
|
et in saecula saeculorum. |
oant yn alle ivichheit. |
|
|
Amen. |
Amen. |
|
Oersjoch fan tekstbihanneling
|
|
C.Ph.E.B. |
J.Ch.B. |
Latynske tekst (Lukas 1:46-55) |
Nr. |
Sjongstimmen |
Toansoart |
Sjongstimmen |
Toansoart |
46. |
Magnificat anima mea Dominum. |
1. |
Koar (4 stimmich) |
D |
Koar (4 stimmich) |
|
|
47. |
et exultavit spiritus meus |
|
Koar (4 stimmich) |
|
Koar (4 stimmich) |
|
|
in Deo salutari meo. |
|
|
48. |
Quia respexit humilitatem ancillae |
2. |
Aria: sopraen |
b |
Sopraen-solo |
C |
|
suae: |
|
|
ecce enim ex hoc beatam me |
|
|
dicent. |
|
|
|
omnes generationes. |
|
|
49. |
Quia fecit mihi magna |
3. |
Aria: tenor |
G |
Koar |
C |
|
qui potens est: |
|
|
et sanctum nomen eius. |
|
|
50. |
Et misericordia eius a progenie |
4. |
Koar |
e |
koar |
c |
|
in progenies timentibus eum. |
|
|
51. |
Fecit potentiam in bracchio suo, |
5. |
Aria (bas) |
|
bas-solo |
C |
|
dispersit superbos mente cordis sui. |
|
koar |
C |
|
52. |
Deposuit potentes de sede, |
6. |
a. Duet: alt en ten. |
a |
alt-solo |
G |
|
et exaltavit humiles. |
|
koar |
G |
|
53. |
Esurientes implevit bonis; |
|
b. Duet: alt en ten. |
F |
tenor-solo |
a |
|
et divites dimisit inanes. |
|
|
54. |
Suscepit Israel puerum suum, |
7. |
Aria: alt |
d |
koar |
C |
|
recordatus misericordiae suae. |
|
|
55. |
Sicut locutus est ad patres nostros, |
|
bas-solo |
C |
|
Abraham et semini eius in saecula. |
|
koar |
c |
|
|
Gloria Patri et Filio |
8. |
Koar (= 1) |
D |
koar |
F |
|
et Spiritui Sancto; |
|
|
|
sicut erat in principio, |
9. |
Koar (dûbelfuga) |
D |
|
|
et nunc et semper, |
|
|
et in saecula saeculorum. |
|
|
Amen. |
|
koar (fuga) |
C |
| |
| |
| |
De styl fan 'e muzyk
Yn greate halen kin men sizze, dat it wurk fan de heit, hwat de styl oanbilanget ta de barok rekkene wurde kin, wylst de kompositys fan de soannen yndield wurde ta dat tiidrek tusken barok en de Weenske klassiken, dêr't men meastentiids wurden foar brûkt as rococo, galanterie en ‘Empfindsamkeit’ (likernôch 1740-1780). Mar it is slim hjir de grinzen ôf to beakenjen, sa't skiednisboeken dat graech dwaen meije. It is nammentlik perfoarst net sa, dat men allinne de heit foar de beide soannen oer typearje kin en oarsom. Bytiden stiet de âldste soan ek wer ien mei de heit foar de jongste soan oer. It is dêrom goed en bisjoch en biskriuw earst alle trije wurken apart.
| |
Johann Sebastian
It wurk fan 'e Leipziger Thomas-cantor is winliken in greate kantate of lyts oratoarium. It duorret krekt in heal ûre en bistiet út 12 koaren en aria's. Resitativen en koralen komme net foar. It is in wurk, hweryn Bach al syn stylmiddels wit to brûken en dat troch greate fariaesjes tige bynt en in sterke krêft fan sizzen hat. De bigelieding fan de aria's is wakkere ûngelikens fan soarte: allinne continuo, strikers, fluiten, strikers mei fluiten, oboe d'amore-solo. Der is ien duet en ien terzet. De koaren binne fiif-stimmich, almeast polyfoan, mar bytiden ek mei machtige homofoane passaezjes.
It falt op dat der gjin inkelde folsleine da capo-aria yn stiet: alles is tige konsintrearre skreaun en elk stik hat in úsprutsen skerp-omline foarm. De triomfantlike ynset fan it Magnificat komt werom yn nr. 12b op de wurden: sicut erat in principio, as woe Bach net allinne nei it bigjin fan Gods skepping, mar ek nei it bigjin fan syn eigen wurk weromwize. Dizze manear fan dwaen jowt oan it wurk in monumintale yndruk. Itselde hat hy ek tapast yn 'e Hohe Messe, dêr't de muzyk op Gratias agimus tibi werkomt oan it slot yn it Dona nobis pacem. En allyksa yn it Weihnachtsoratorium, dêr't motiven út de Pastorale brûkt wurde as tuskenspullen by it korael dêr't de twadde kantate mei ôfslût.
Jit inkelde oantekens by de ûnderskate nûmers:
2. | De wize fan 'e bliere aria Et exultavit is boud op in omheechgeande greate trijeklank (do-mi-so). |
3. | Typearjend yn de aria Quia respexit is de delgeande oermjittige sekunde-gong, dy't Gods delbûgende goedens oer syn tsjinstfaem stal jowt. Bysûnder origineel is de ôfsluting
|
| |
| |
| fan dizze aria, of better sein it feit, dat hja net ôfslút mar ynienen oerrint yn it koar. |
4. | Omnes generationes. Mei ynsetten dy't elkoar neidogge is hjir it oan elkoar riigjen fan de slachten wol op tige suggestive wize oanjown: suver op it naïve ôf lit hy oan 'e ein de fiif stimmen it thema yn forkoarte foarm werjaen. |
5. | Yn de aria Quia fecit mihi magna wit Bach mei lytse middels greate dingen to dwaen: de bassolist hat allinne violonsel en oargel ta bigelieding, mar lykwols tilt it allegearre fan blidens en biweechlikens. |
6. | It duet Et misericordia foar alt en tenoar lit jin tige tinke oan it earste koar fan de Mattheüs-passy: (mjitte 12/8), toansoart (e lyts), ritmyske figueren en ynstrumintaesje (fluiten en strikers) en de hiele muzikale sfear hawwe der oerienkomst mei en lykwols bliuwt it in selsstannich stik muzyk, dat binammen tsjin 'e ein in greate djipgong krijt troch de harmonysk nijsgjirrige ûntjowing fan de slotkadins (dêr't sels in théoretikus yn 'e harmonij kluijen oan hawwe sil). De chromatyk jowt hjir yndied kleur en hâldt oant de lêste noat ta der in greate spanning yn. |
7. | Yn it Fecit potentiam falle op: de sterke ritmyske útbylding en de geartwongen akkoarden oan it slot, om it sinleaze fan it heechmoedich bitinken foar to stellen. |
8. | Yn it Deposuit hat Bach it fansels net litte kinnen om it delstjitten fan 'e troane to yllustrearjen. Ek it forheegjen fan 'e legen kriget yn it twadde diel syn útbylding. |
9. | As de riken yn it Esurientes mei lege hannen fuortstjûrd wurde, doar Bach it rêstich oan en lit oan 'e ein de lêste noaten fan de beide fluiten wei, dat allinne de bas oerbliuwt; in aerdige fynst. |
10. | Bysûnder waerm en myld klinke de trije stimmen dy't it Suscepit sjonge. Mear objektyf komt dêr ynienen de hamboai boppe út, dy't it Magnificat blaest op 'e gregoriaenske wize. |
11. | Dan sette de bassen in stevige fuga yn: Sicut locutus est: it hwat âlderwetske motet-karakter wol om sa to sizzen de bân mei de âffaers yn it skier forline útkomme litte. |
12. | Mei ynsetten dy't elkoar neidogge, warrelet him it Gloria foar de Heit en de Soan omheech: as krinkeljende wijreek dy't omhegen stiicht. Mar foar de Hillige Geast rint dizze biweging fan boppe nei ûnder: Hy komt ommers del om yn minsken to wenjen. Dêrnei sette de trompetten yn om mei it koar op 'e muzyk fan it earste Magnificat de weromkear nei it earste bigjin oan to jaen. |
| |
| |
| |
Carl Philip Emanuel
Syn Magnificat is it greatste fan 'e trije en duorret sa'n fyftich minuten. It is yn njoggen nûmers fordield, hwerfan fjouwer foar koar en fiif foar solisten, to witten in aria foar elk fan de fjouwer stimmen en ien duet foar alt en tenoar. Syn ynstrumintaesje is de greatste: heit Bach brûkte twa fluiten, twa hamboaijen, trije trompetten, pauken, strikers en oargel mei continuo; Phil. Emanuel hie bûtendat noch twa hoarnen yn syn partituer.
By alle foroaringen yn 'e styl (minder polyfony, lange operaeftige koloratuer-aria's, in lichter muzikael idioom) falle dochs daliks greate oerienkomsten op mei it wurk fan de heit.
Dat docht fuortdaliks al bliken út 'e toansoarten dy't hy brûkt. Bigjin- en slotkoar steane yn it feestlike D great. Beide hawwe op Quia respexit in sopraen-aria yn b lyts. De tekst Et misericordia eius wurdt by beide yn e lyts bihannele.
It kin net oars of de soan hat it wurk fan 'e heit kend en der, al of net biwitten, oantinken oan biwarre. Hy wie sechstjin jier âld en noch thús, doe't de greate heit yn 1730 syn twadde foarm joech oan syn Magnificat, jierren dat in minske tige iepenstiet foar yndrukken. Hy hat it grif meispile of meisongen.
Syn koaren binne mear homofoan as by syn heit, mei útsûndering fan de greate dûbelfuga oan 'e ein op sicut erat in principio en it Amen. Hjir lit hy ús wol tige dúdlik sjen yn hwat skoalle er opbrocht is en hwa't syn greate learmaster west hat. Struktureel is hy hjir in soan fan syn heit.
Nijsgjirrich is, dat it earste fuga-thema fan Carl Philip Emanuel yn it Requiem fan Mozart werom to finen is yn it Kyrie, mar dan yn 'e lytse terts oerbocht. Hjir wurdt dus wol tige wier de forneamde útspraek fan Mozart oer Carl Philip Emanuel Bach: ‘Er ist der Vater, wir sind die Bub'n. Wer von uns was recht's kann, hat's von ihm gelernt!’ Mar de saek wurdt noch nijsgjirriger, as wy sjogge dat dit thema al to finen is by Händel yn syn haedwurk The Messiah fan 1741 op 'e tekst út Jesaja 53: ‘And with His stripes we are healed’. Mozart hat ek dit wurk kend en der sels in eigen ynstrumintaesje fan makke, oanpast oan de smaek fan syn tiid, in ynstrumintaesje dy't sels hjoed-de-dei noch wol brûkt wurdt, al jowt men trochstrings tsjintwurdich de foarkar oan dy fan Händel sels.
Ek yn it Magnificat fan de jongste broer, Johann Christian, sille wy aenst in fuga-thema tsjinkomme, dat oan ditselde bisibbens fortoant. Wy litte se dêrom alle fjouwer folgje:
| |
| |
Wy komme werom by it Magnificat fan Carl Philip Emanuel. Syn koaren binne fjouwerstimmich. It earste is foar it greatste part bihearske troch de basgong: do ti la mi fa so do, dy't njoggen kear foarkomt yn forskillende toansoarten.
De fornedering yn 'e aria Quia respexit is yllustrearre troch in delgeande terts op quia en in delgeande sekst op humilitatem. In fynst is de wize hwerop hy yn mjitte 31 it nije fan it Ecce útbyldet: in akkoart dat ús hjir alhiel oer it mad komt (lyts sekst-akkoart op 'e fjirde trep).
De aria Quia fecit is echt in rococo-produkt mei syn raketeftige figueren, forhâldingen en bassen fan brutsen akkoarden yn 'e bigelieding. It koar Et misericordia mei syn ôfwikseling fan fjouwer- en twastimmichheit soe men earder mei it wurd ‘Empfindsamkeit’ biskriuwe wolle.
De bas-aria is net allinne ritmysk, mar ek melodysk syn heit út 'e mûle stapt. Itselde kin sein wurde fan it duet Deposuit: ek hjir kin men samar sjen, dat de soan de thema's fan syn heit kend hat. En tagelyk moat men sizze: senior wint it hjir fan junior, syn ritme is twingender, syn krêft fan sizzen mear bihearske. Lykwols makket Phil. Emanuel wer folle goed troch midden yn dit duet in oergong nei F great to meitsjen om dêryn de tekst Esurientes to bihanneljen mei eigentiidske middels: lytse delgeande figuerkes, dy't hieltyd herhelle wurde (portamenti), dit jowt in treflike tsjinstelling mei de earste helte.
De ûnrêstige syncopen yn de alt aria sucepit Israel jowe oan dizze tekst in waerme biweging dy't troch fordûbeling fan 'e meldij yn 'e bigelieding noch forsterke wurdt.
It koar Gloria Patri is in forkoarte herhelling fan it bigjin- | |
| |
koar (mar dan mei in oar slot) - dizze technyk hie de heit dus ek al. Oer de dûbeld-fuga dy't it wurk ôfslút hiene wy it al.
Phil. Emanuel moat by de útfiering fan dit wurk wol goede krêften ta syn foldwaen hawn hawwe (mooglik opera-sjongers?): de stimmen fan koar- en solo-partijen hawwe in wide omfang.
| |
Johann Christian
By it wurk fan de jongste soan falt fuort-en-daliks op, dat it as ien stik trochrint. It is dan ek it koartste fan 'e trije, duorret sahwat sawntjin minuten, en forlit de haedtoansoart C mar in pear kear (sjoch it skema fan de tekst-bihanneling).
De ynstrumintaesje is biskiedener: njonken de strikers hoecht men mar twa hamboaijen en twa hoarnen to brûken: in tige wenstige bisetting fan it préklassike orkest.
Syn muzikael taeleigen is foar it measte part wer de galante styl fan it rococo, allinne dêr't it koar nei oare toansoarten útwykt komme wy mear yn 'e sfear fan 'e ‘Empfindsamkeit’.
De koarstikken binne meast homofoan, al binne der genôch imitatoaryske ynsetten. Lykas syn broer bislút hy mei in fuga, mar nou wer op in oar stik fan de tekst, nammentlik op: et in saecula saeculorum, Amen. Fan dit thema is de earste mjitte gelyk en binne de fierdere mjitten bisibbe oan it fuga-thema fan syn broer.
Noch greater oerienkomst tusken harren beide is der op to merken yn de basgong fan it haedthema op it Magnificat mei de bybhearrende akkoarden, dy binne alhiel deselde, allinne de orkestrale omspiling is oars, by Johann Christian boartliker, wylst de koarstimmen fan de âldere broer hwat mear eigens hawwe. Wy jowe de muzyk fan beide wer as noate-foarbyld.
Nou moat men witte, dat Johann Christian nei de dea fan syn heit (yn 1750) út Leipzig weigien is om nei syn broer Carl Philip Emanuel yn Berlyn to gean. It leit tige foar de hân, dat hy dêr yn 'e kunde kommen is mei it wurk fan syn healbroer, dat dy krekt in jier tofoaren komponearre hie. It stevige haedthema is him - jonge fan fyftjin jier - yn 'e holle sitten bleaun en hy hat der net los fan komme kinnen, doe't er trien jier letter yn Milaen him der ta sette om dizze selde tekst op toan to setten.
De koarstikken út dit wurk wurde hieltyd ûnderbrutsen troch solo-pasaezjes en orkestrale tuskenspullen. Hwat de thema's oanbilanget binne de measte stikken oan elkoar bisibbe en almeast opboud út 'e trije-klank (do mi so). Dêrmei wiist
| |
| |
| |
| |
Johann Christian foarút nei it tiidrek fan 'e Weenske klassiken dy't dat ek graech dwaen meije: gjin niget, dat men him meastentiids sjocht as de wichtichste skeakelfiguer tusken Joh. Seb. Bach en Mozart.
De bisibbens fan de thema's ûnder elkoar is it dúdlikst to sjen by forlikening fan Quia fecit mihi magna mei fecit potentiam en sicut locutus est. Sa wurdt ek it Quia respexit fan 'e sopraen-solo biantwurde troch de tenoar yn syn: Esurientes. Hy is de tredde Bach, dy't yn 'e sopraen-solo Quia respexit in delgeande sext brûkt op humilitatem.
It opbouwen fan in prachtige klimaks hat Johann Christian wer fan syn heit leard, as hy yn de mjitten 205, 206 de fjouwer stimmen fan it koar efter elkoar ynsette lit op c, d, e en f op e tekst: Abraham et semini ejus. Ek dizze technyk is mear as ienris by Mozart werom to finen, bygelyks yn syn Requiem.
De slotfuga hat in regelmjittige opbou: mjitte 244-255 exposity, de fjouwer stimmen jowe it thema bar om bar; mjitte 256-269 trochwurking, it thema forskynt yn oare folchoarder en toansoarten; mjitte 270-273 it saneamde stretto, de ynsetten tige ticht op elkoar; mjitte 274-277 oargelpunt, de bas bliuwt lizzen en mjitte 278-280 slot.
| |
Forskil en oerienkomst
Sette wy de trije wurken nou nochris njonken elkoar, dan kinne wy sizze: hwat it muzikael taeleigen oanbilanget, heart it wurk fan 'e heit ta in oar tiidrek as dat fan 'e beide soannen. It wurk fan Carl Philip Emanuel is it minst liturgysk fan karakter. By Joh. Sebastian is it polyfoane elemint it sterkst oanwêzich. De oerienkomst tusken Joh. Sebastian en Carl Philip Emanuel bistiet yn toansoart, fordieling yn aparte nûmers dy't elk har eigen karakter hâlde en fierder gâns lytse ûnderdielen dy't yn boppesteande analyse oanwiisd binne. Ek is Carl Philip noch lang net ôfstapt fan de saneamde ‘Fortspinnungstechnik’ fan it Barok-tiidrek.
De oerienkomst tusken de beide soannen Bach leit binammen yn de styl, it brûken fan itselde haedthema en it pleatsen fan in fuga oan 'e ein.
De oerienkomst tusken de heit en jongste soan leit yn it tapassen fan in klimaks op imitaesjes en in inkelde thematyske bisibbens. It wurk fan Johann Sebastian jowt de greatste fariaesje fan kleur, Philip Emanuel sines hat de greatste virtuositeit en Johann Christian sines de strakste ienheit. Likegoed hawwe hja stik foar stik genôch eigens om elk foar oar in plak yn it útfierings-repertoire to hâlden of werom to winnen.
| |
| |
| |
Konklúzjes
Troch konkreet dizze trije wurken nêst elkoar to setten, kinne wy ta bislút inkelde algemiene konklúzjes lûke.
1. | It is yn it algemien al in faeije saek tiidrekken yn 'e muzykskiednis krekt ôf to beakenjen, yn 'e achttjinde ieu wurdt dit al bysûnder nuodlik. Tusken barok, rococo en klassyk bisteane yngripende forskillen, mar der binne likegoed sterk forbinende linen. |
2. | De kennis fan libbensomstannichheden, family-relaesjes, plak en tiid fan komponisten is ûnmisber yn 'e muzykskiednis en kin net mist wurde by de ynterpretaesje en weardearring fan har wurken. |
Oantekening: It Magnificat fan Joh. Seb. Bach is to krijen yn de bikende útjeften fan Peters (Leipzig), Breitkopf & Härtel (Wiesbaden) en Bärenreiter (Kassel). Carl Phil. Em. en Johann Christian harres binne koartlyn forskynd by de Harmonia-útjefte to Hilversum.
|
|