biswieren dy't ik ha, dit wurk is better, riper, gever as syn earste bondel. Dat is opfallend, om't er doe ek al fjirtich wie.
Kimelûd, dêr't ek wol goede fersen yn steane, wie yn 't algemien to swier bilêste mei jongfrysk idioom, idéology en pretinsje, it tilt dêr fan. It persoanlik lûd fan de dichter wurdt oerstimd fan de skoalle, it eigen idioom fordrinkt faek yn de stream fan jongfrysk jargon. De pretinsje wie soms ûnbidich, Jousma forklearret dêr sûnder euvelmoed:
Goed, ik glimkje en wit my wis
Kening yn in ryk fan klanken,
preester dy't mei twang fan tank
en lof de Godheit neijere is.
Hwat de idéology oangiet: in fleachje pantheïsme, dat meilydsum delsjocht op doarpske tsjerkegongers dy't mids stovelucht ‘prate fan Gods leafde en hearlikheit en swolgje yn wurden fan fornedering’, mar Walhalla, de Walkyren, Wodan, Baldur en konsorten earnstich nimt. It sil sa slim net bedoeld wêze, sa'n boarterij is lykwols libbensgefaerlik foar de dichter. Ek de natûrlyryk yn Kimelûd lijt faek oan ûntsierend ornamint. Reéler is de ûnwennigens fan de Fries om utens, dy't praktysk foar Den Haech kiest, mar mei siel en sinnen boun is oan it heitelân.
Dit lêste element is ek yn de nije bondel hieltiid oanwêzich, mar it wurd is hjir soberder, it byld raker, it symboal konkreter. It slagget de dichter om dizze ûnwenningens wier to meitsjen yn poëzij, dy't dy namme fortsjinnet. De biwegings-dogmatyk, dy't daliks ré is mei de therapy: hwat docht dy man yn Den Haech, lit him thúskomme, is hjir fansels net oan de oarder. It giet om de fraech, oft de dichter der mei de bikende klisjé's mar hwat omhinne sangert en bygelyks ‘stjerre wol yn 't ynleaf âldershûs’, of dat er yn goede fersen biwiist, dat dizze leafde suver en ynteger is. En dat bart hjir meastentiids, ek al stroffelt men noch wolris oer in wurd as Gideonsbinde. It heitelân fan de ûnwennige is faek tige lyts, it krimpt by Jousma mear as een kear yn ta de âlde reed by hûs lâns, dy't tusken reidige sleatten troch it lân glydt en ‘weet hat fan wyn, fan wetter en fan ripe fruchten’. It wersjen hat altyd wémoed en toloarstelling yn, dat forliedt him lykwols net ta in modern synisme, dat de dingen en it forlangen dea analisearret. Hy ropt in sfear op, dy't jin hwat docht.
Dizze ûnwennigens is net ynsidinteel, winlik is de langst nei Fryslân foar dizze dichter ûnderdiel en symboal fan in weder, in universeel forlangen fan de swalkjende minske nei