| |
| |
| |
Anne Jousma:
Oan 'e oare kant
Komme der gjin kûgels mear? Hwat is it ûnbidige stil! Gjin fluitsjen, gjin ploffen..., sels gjin stappen. Allinne de groun is tichteby en dy liket wol fluwiel, sa waerm en noflik. Ik seach niis dochs neat as stiennen, grize, hurde stiennen en alhiel gjin gers of sa. Wol stikeltried, mar dêr wie ik noch net oan ta, tocht ik. Of dochs wol? Ik wit der neat mear fan, mar ik liz hjir nou sa sêft as op side. Myn boarst en rêch fiele al hwat nuver en krekt oft myn hannen waerm wurde, waermich en wiet... Hwat oars, dat komt fan it ôfwaskwetter...
Mem wasket ôf en ik droegje de leppels en foarken. Hja seit, der sit net folle fet oan. Mar goed, hwant de sjippe is krap en gas om it wetter to hytsjen is ek krap.
‘Hwat is op lêst net krap’, siz ik. ‘Brea soms net? En klean net? Moaije leuzen en slachwurden, dy binne der plenty, dêr kin men om skik oan komme. Frijheit en frede steane op eltse bline muorre, dêr liket ek genôch fan to wêzen. En dan stiennen, dy hawwe wy ek by 't soad; betonblokken om der muorren fan to bouwen. Foar huzen liket it wer krapper om to kommen.’
‘Dû moatst dy stil hâlde mei sok nuver praet’, seit mem. ‘De muorren hawwe ek earen tsjinwurdich, dat koeste wol witte, tinkt my en der in bytsje rekken mei hâlde. Hwat jowt it allegearre, dat gekanker? Wy sitte yn 'e skûte en wy sille meifarre moatte. En in kamp is net alles, ast dat mar witst. As hja dyn smeulske praetsjes hearre, jowe hja dy ek in kamp.’
‘As ik dan tominsten mar gjin kamp jow’, siz ik. Mem laket net. ‘As hja dy knippe, knippe se my ek’ seit hja. ‘Du altyd mei dyn krityk. Hast de krante lêzen jouns?’
‘Nou..., lêzen... Is dat net hwat in great wurd? Hwat stiet der eins to lêzen yn? O ja, it giet sa bêst yn de lânbou, leau 'k, net? En der is ek in forrieder fongen by de muorre. Wie 't net in studint?’
‘Krekt’, seit mem, ‘krekt sa'st seiste. Jimme studinten moasten hwat better op jimme wurden en op jimsels passe. Is it noch net moaijernôch, dat jimme heit yn in kamp stoarn is? Wolst my der faeks ek hinne ha? Dochst dyn bêst der wol aerdich foar, dat kin 'k net oars sizze. En it regear bitellet dyn studzje noch wol: soest tankber wêze moatte.’
‘Jawis al, tankber foar de wurkûren oan de muorre en foar
| |
[pagina t.o. 384]
[p. t.o. 384] | |
ANNE JOUSMA
Frysk dichter, berne 1900
| |
| |
it eksersearjen en foar de lessen yn it evangeelje fan Marx en Lenin.’
‘Skoof en skande, datst soks seist. It evangeelje hat jimme heit dy wol oars leard. Mar doe wiest ek al tsjin de tried yn, hast altyd mei dwerse kneppels stuiten. En nou witst, hoe't it mei jimme heit ôfroun is troch dyn tadwaen...’
Dat hie hja nou net sizze moatten. Ik wie doedestiids noch in bern! Hwat is nou tolve jier... En trochdat it doe sa gien is, hâlde se ús nou tominsten foar bitroubere stipers fan it regime: it regime fan tichtmitsele finsters en keale winkels en útstoarne strjitten en glupske eagen, dat alle forset smoart. Nou litte se ús tominsten gevuurde.
Sei mem noch hwat? It komt tige út de fierte..., de lûden wurde swakker..., alles draeit, alles is tsjuster... Och, ik liz hjir ommers op dat sêfte spul, krektlyk as niis. Myn rêch docht wol sear...
‘Professor, der bisteane dochs ek gelearden, dy't net a priori athéist binne? Men kin dochs fan miening wêze, dat it geheim fan dea en libben hjir op ierde net logysk bigrypber is noch wêze sil?’
De professor rjochtet syn flikkerjende brilleglêzen Trude har kant út, dy't it weaget en stel sa'n fraech op syn kolleezje. Hy rint read oan. ‘Juffer’, seit er, ‘soks is folslein sinleas en sûnder nut. Hwat soe men der oan ha om oer ûnoplosberheden to tinken? Wy hawwe mei de minsken en de wrâld fan hjoed to meitsjen. Dy moatte wy de wei fan frede en gerjochtichheit op stjûre en al ús tinken moat der om gean, middels to sykjen, dy't dat bifoarderje.’
‘Lyk as in muorre’, seit Trude heallûd. Deun by har systerje in pear o sa súntsjes tusken de tosken troch. Professor is hwat hurdhearrich. Hy sjocht har kant út en seit njuetwei: ‘Is ien fan de dames of hearen fan miening, dat wy oer sokke oerwoune stânpunten noch ien wurd smoarch meitsje moatte?’
Nimmen docht in mûle iepen, in pear skodholje forheftich, in stikmannich oaren dogge skytskoarjend mei. Ik wurd kjel fan mysels..., ik ha ek skodholle en skamje my dea, as Trude my fol oansjocht, oerein giet en der út. ‘Lefferts’, seit hja yn it foarbygean. ‘Dû dûmnyssoan’, snuorret hja tsjin my. Ik soe har wol efternei gean wolle, mar de professor sprekt al fierder en de oaren sjogge my allegearre sa oan. Der binne forskate die-hards fan de partij by, ik bliuw sitten.
‘Wy sille dochs ienris fan dy efterbliuwsels ôfkomme moatte’, seit professor, ‘Sa net, my tinkt, dat ús tsjinstanners, de kapi- | |
| |
talisten en imperialisten yn Washington of Londen of Parys yn de praktyk al net folle oars hannelje as wy. Hja hâlde rekken mei de bisteande wrâld en syn machtsproblemen en harren god hawwe hja mear yn 'e mûle as dat hja fierders har om him bikroadzje. Wy kinne it sûnder sokke lege formules ôf. Sokke famkes moatte noch hwat opfied wurde om fan dy sentimintéle romantyk ôf to kommen. Hja hearre hjir op dizze banken jit net thús. Foar ús bigryp hat de metafysika ôfdien, as folslein ûnnut en oerstallich. It is ús to min en forskûlje ús efter in god, dêr't wy likemin yn leauwe as hja dêr yn it westen sels.’
Nou wurdt it wer sa tsjuster. God..., lit it geheim fan Jou bistean my klear wurde. It hat my nea net loslitten, fan myn bernetiid ôf net... Jo binne der dochs...?
Wy sitte yn 'e rounte, in hespeltsje bern fan in jier of tsien, tolve. Wy ha gelikense kyltsjes oan en koarte broeken. Omke Peter sit tusken ús yn en fortelt. Omke Peter is in feteraen en hy fornijt ús folle fan de greate mannen fan de revolúsje: Marx en Lenin en Stalin. En fan de oarloch en de faksisten. En hoe't dy der op lêst oangiene mei help fan de Russyske kameraten.
‘Mar ek fan de Frânsken’, siz ik, ‘en de Amerikanen en de Ingelsken.’
Omke Peter sjocht my swart oan. ‘Hoe komst dêrby?’
Lokkick siz ik net, dat us heit in boek hat oer dy tiid. Ik krij in reade holle: alle bern sjogge my oan. Ik stammerje hwat... wolris heard... ik tocht... En dan krûp ik safier as it kin yn myn hoekje fuort, wylst de oaren my lûd útgnize en omke Peter sels ek.
‘Allegearre kapitalisten en oarlochsoanhisers’, seit omke, ‘mei moaije praetsjes. Dat witte jimme ommers wol? Dêr ha wy it al safaek oer hawn.’
‘Hja leauwe noch oan in bibel en oan in god’, raest Ulrich. Syn heit is hwat heechs by it regear. Karl giet oerein, syn heit is ek dûmny, krektlyk as mines. Hy seit: ‘En dat doch ik ek. Dat hat der neat mei út to stean.’
Omke Peter glimket ris. ‘Dat learst noch wol ôf, it is út de tiid, jonge. Lês mar ris goed de boeken fan ús greate striders ast hwat âlder bist. Dy sille dy wol better leare hwer't it op oankomt. By hwa fan jimmes thús wurdt noch wolris in bibel brûkt? De greate minsken witte faek ek net betten en och, it mei ek net safolle kwea.’
| |
| |
Karl giet stean en hy sjocht my oan. Omke seit: ‘Nou, my tinkt oars, by in dûmny thús sille hja dat âlde boek wol ha, net Klaus?’
Ik wurd noch reader, gean stadich stean en skamje my dea. De oare jonges skatterje en Karl wurdt pûr. Hy fljocht ien fan de lûdste razers op 'e hûd en ear't ik it wit, fjochtsje Karl en ik tsjin wol tsien oaren. It slagget omke net en meitsje der fuortdaelks in ein oan; wy sitte fol blauwe plakken en myn lippen bliede.
Jouns foar 't forhear by heit. ‘Wês dochs net sa ûnfoarsichtich’, seit hy. ‘It kin my myn bistean kostje.’
‘Ja mar, heit, hy seit, dat God der net is.’
‘Prate litte, God hinget fan syn praetsjes net ôf. En tink derom, datst gjin oanstjit jowste dêr by de pioniers; út noch yn wol ik dat net lije.’
Omke Peter komt derby en docht syn biklach oer my. ‘Ik kom krekt by jou kollega Arntsen wei. Syn soan Karl en dy jonge fan jowes, dêr haw ik by de pioniers aloan argewaesje fan. Hy woe syn soan net straffe, dus dêr sil ris efkes neijer oer praet wurde moatte. Men moat op lêst syn plichten tsjin lân en folk oer forstean. Dat is dûmny fansels wol mei my iens?’
Heit is ûnrêstich. ‘Hwat hawwe de jonges eins dien?’
‘Hja sette de boel op stelten; sjoch him mar ris oan, hoe't hy derút sjocht. Ik stean demp, dat jo him hjir yn myn bywêzen goed ôfstraffe.’
‘Ik slach him nea’, seit heit en hy stoarret forbjustere nei de houneswipe, dy't Peter him foarhâldt.
‘'k Sil it wol fan jo oernimme. Doch dyn jaske mar ris út, jongkeardel en dyn bloeske ek.’
Ik sjoch heit oan, dy wit him gjin rie; mem ek net. Peter glimket sa'n bytsje. Dan geane heit en mem derút... De swipe strimet oer myn bleate rêch, ik liz langút op 'e divan. O, hwat docht dat sear... Ik wol net skreauwe..., kreunen kin 'k net litte...
Hja ha my grif yn 'e rêch sketten, troch rêch en boarst hinne. My tinkt, it sakket hwat ôf mei de pine...
Mem forbynt de skeinde plakken. Hja gûlt. ‘Heit is lulk op dy. Hy wol dy foarearst net sjen. Jonge, hoe koest ús sa yn gefaer bringe. Tink derom, datst dy tonei rêstich hâldst by de pioniers.’
By de pioniers, ja, Karl is dêr net mear. ‘Hy is nei in forbetteringskamp’, seit omke Peter en hy sjocht myn kant út. Hja gnize allegearre. Ik bisykje it ek mei in fjûrreade holle.
| |
| |
Nou bigjint er oer de boeken, dy't by de jonges thús lêzen wurde. Alden witte ommers lang altyd net, hwat goede boeken binne foar de bern. Ik hear om my hinne wol praten, it gounzet my yn 'e earen. Ynienen seit omke: ‘En Klaus, hwat lêze se by jimmes thús noch mear as de bibel? Jimme heit sil wol hiel hwat boeken ha, hy is in man fan stúdzje.’
Ik dûk ynelkoar, myn klean skjirje tsjin myn seare rêch oan. Ynienen siz ik: ‘O ja, ús heit lêst de tinkskriften fan Churchill en hy het ek boeken fan Trotzky en fan Nietzsche.’
‘Nou kin ik mei dy prate’, glimket omke nei ôfrin. ‘Ja, sa nou en dan moat de hurde hân der ris oer by de meeste jonges. Wurde se wol forstannich. Heart jimme heit ek wolris nei de útlânske radio? Hy moet goed mei de saken op 'e hichte wêze as dûmny fansels...’
Nou helje se heit op en hja nimme al syn boeken mei. Ik fljoch derby wei nei bûten. Komme hja my efternei? De kûgels fluitsje om my hinne... Ik fal! O, myn rêch! Is Peter der noch mei syn swipe? Of ha se my sketten? God, as Jo der binne, hwerom litte Jo dit dan allegearre ta? Al dizze nearens en al dat bloed en al dy eangst...
‘Dat het hjir op ierde altyd sa west - en it bliuwt ek sa. Dit is gjin oarde fan frede, hjir hearsket altyd striid en gewelt en oarloch en bloed en ôfgunst.’ Trude har eagen steane wiid iepen, hja sjocht my fol oan: greate blauwe eagen mei dûnkere teisters. En har linige skonken lizze yn myn birik op it strân; har lytse boarsten skine troch it tinne baeipak hinne. Ik wurd der op in frjemde wize oars as oars fan, mar ik doar har net oanroere en ik wol it al. Ik kin it suver net litte. Ulrich en Werner soene der rûge moppen oer raze en gnize, mar mei my is it oars.
‘Der binne dochs ek sokke moaije dingen hjir op ierde, Trude. Tinkt dy ek net? Sa't wy hjirre nou lizze by it wetter oan 'e rânne fan 'e bosk en it is sa stil en dû bist by my. Is dit net suver it paradys?’
‘Allinne de spegeling fan it paradys’, seit Trude. ‘Dat ha wy noch oerhâlden, dû en ik en noch inkelde oaren, dat wy yn dy spegel sjen kinne. Alles hwat noflik en goed is hjirre, is in spegeling fan hwat efter dit lân leit. Speltelingen, dy't komme en dy't forglide.’
Ik lûk har tsjin my oan, ik patsje har wangen en lippen, ik streakje har leaf lichem. Hja lit my stil gewurde en sjocht my oan. Har eermen lizze om myn rêch; dat docht sear, mar ek krekt oersom.
| |
| |
‘Pine en laafde, hja torane yn elkoar. Hja binne út ûngelikense lannen; hja sykje elkoar en forniele elkoar yn dizze wrâld. En soms wurde hja ta ien. Krekt as libben en dea. Der is gjin dea, dy't gjin libben bernet en der is gjin libben, dat net stjert hjirre yn dit oarde. Hja binne yn elkoar bifrissele...’
Trude, hwer bist nou? Ik fornim dy ynienen net mear. It is kâld en tsjuster. Ik liz op hwat hurds en dyn waermens is fuort...
Dêrre oan 'e oare ein fan de seal stiet hja foar de baly. Hwat is hja wyt en ûnsjoch! Twa swiere polysjemannen efter har!
‘Forried tsjin it folk, ôfwikings fan de partijbigjinsels, slaveronseljen nei it westen. Forsprieden fan illegale propaganda...’ Kâlde, kille gesichten efter dy tafel, evenredige stimmen, dy't prate oer fijannen fan it folk en westerska demagogen en metafysyske forriederij fan lju, dy't útroege wurde moatte.
Trude, sjoch my dochs ris oan; ik bin to lef, ik doar neat sizze. Ik sit hjir tusken de studinten yn, dy't it forhear meimeitsje moatte en ik bin like lef as hja allegearre. In pear litte har eagen yn spot gean fan har nei my. Ik krij in hege kaem, ik doar net om my hinne sjen.
‘Forbetteringskamp foar fiif jier...’
Myn hert slacht wyld, myn boerst docht der sear fan. Myn rêch ek. Ynienen stompt Ulrich my oan. ‘Dû koest dy faem fan moai tichteby, nou?’
‘Faem’, siz ik, ‘hwat faem?’ Hy gysgabbet en stompt foarser. ‘Hwat is er ûnnoazel! Trude, bidoel ik, dy't nei it kamp moat.’
‘Och..., kenne..., kenne. Dat is hwat folle sein. Ik ha se wolris moete.’
‘Fan moei tichteby, woest sizze. Wy ha jimme doe oan dat marke sitten sjoen. Wy Bieten efter hwat struwellen, fierderop. Ha, ha! Nou, dû kinst der hwat mei, dat moat ik sizze. Hoechst net sa forskuorrend to sjen, ik praet der net fierder fan. Hwat ha wy gniisd! Allinne dêrom al siz ik neat!’ Hy jowt my noch in stomp.
‘Leafde en dea binne nei bisibbe. Miskien soe men sizze kinne, de dea en de omearming bringe ús tichteby it oare lân!’ Bist dêr wer, Trude? Bist dêr wier-wier wer? Ik tocht, dat ik dyn lûd hearde.
‘Sa'n bytsje frijen en tútsjen sil dy gjin kwea dwaen’, spytgnyske Ulrich. ‘Moatst it op lêst dochs ien kear leare. Mar witsthwatst dwaen moatst? Dû hast der hwat in oer slach foar krek. Unfortocht, woe 'k mar sizze. Dan bliuwst sels ek ûnfor- | |
| |
tocht. Hja sil har part oan frijers dêr nou wol krije, dêr yn dat kamp. Oh, la, la!’
Op syn side hinget syn revolver - yn in swarte huls - fan binnen read. Read en swart, read en swart en fjûr...! Nou leit er op 'e rêch. Krekt as is syn gesicht nou folle rêstiger en fynder as oars. Hy is nei 't oare lân ta, dêrre liket it frediger to wêzen as hjir. Is 't net sa, Trude? Dat hastû ommers altyd al sein, dû wiest der wis fan.
Ik wol ek út dit lân wei, efter de muorre wei! Ik moat fuort, nei hwer't it better wenjen is, mylder... Rinne nou, rinne! Dizze strjitte út, dy hoeke om... Né, nou stadichoan, foarsichtich! Bist nou net wiis om sa to fleanen. Binne der noch gjin Vopo's? Of dochs..., dêrre yn 'e fierte? Hja lizze oan, it rattelt, it fluitet om my hinne! O, myn rêch, myn boarst. En myn hannen wurde wiettich. Ik bin net oer de muorre kaem, wol? Net yn it oare lân...
Binne dat earmen, dy't my opnimme? Sa wûnderlik sêft. Drage hja my der nou dochs hinne? Nei dêr't it better is? Nei dêrstû it oer hieste, Trude? Hear ik dy? Bistû der al? Ek al?
|
|