De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 377] [p. 377] [Nummer 11] Sjoerd Spanninga: De joun leit nou sa fredich de joun leit nou sa fredich yn it hea as wist de ierde net fan leed en foel der net in stêd oan pún dy't tûzen herten blyn fortrape en waerd har skûlplak net in trefpunt fan tragyk hwer't hiel de need it kanteljend kontoer fan dizze wrâld oer huzingen en hôven briek... in teare dize wazemet om doarpen en gehuchten oant hja wenje op de grins fan it bisteande hwat slûge seilen sile har nei rêsten yn it reid de dei draecht noch in lêste sinneblink dy't ljochtet lâns forgetten dingen mar earne hat de tryste wjokslach fan in fûgel wol geheimen helle út de groun dat yn de stille loften alles swijt oft hja in driging metten op har mimerjende gong wylst men forskime tusken waen en witten it wêzen fan it libben socht it wêzen fan de dea... [pagina 378] [p. 378] Leechte der is in greate stilte om my hinne woeksen it lêste fjûr sliept op it waed nou in forsonken kontinint gjin skip dat langer wannelt op it wetter de tiid is har ûntstoarn al lit de loft soms griis en sulver noch in fûgel los dy't fisket op dea tij... Nachtbloeijer It is hardstikke tsjuster de loft hinget del as in lamme flerk mar hjir en dêr swabbert noch in feart troch it lân hwat der lei to blinken ha se wol burgen by dit slûkerswaer de dogeneaten in iensume wachtpost dreamt de eagen iepen nachtbloeijer yn de sliepende stilte. Vorige Volgende