Toanielkronyk:
En rest ris hearlik fan myn Boalsert ut
Yn it kabaretprogramma, dat Tiny Mulder foar de iepeningsjoun fan de boekewike yn Boalsert skreaun hat, is de haedpersoan in dichter, Piter Havinga, dy't fan Deputearre Van der Mark in rêstbeurs krige hat. Yn Parys ‘rêst er hearlik fan syn Fryslân út’. Fansels, in skriuwer moat net allinne op de tiid de pinne in skoftsje mei rêst litte, mar ek distânsje nimme fan it deistich formidden, dat him faeks wolris ynspirearret, mar ek in moai soad lytse argewaesjes jowt en bytiden stom forfele kin.
De jierlikse boekejoun yn Boalsert hat fansels in hiel oar karakter, mar is op syn minst in útsje. Los fan de minsken, dy't sa troch 'en dei om jin hinne libje, komt men net; jo treffe der sels in hiele protte tagelyk. Ek dêr komme de lytse argewaesjes wolris út fuort, mar it lette gearwêzen yn De Wijnberg - nei ôfrin fan de toaniel- of kabaretjoun, dy't oant nou ta ek hast alle kearen oanlieding ta in krûm argewaesje joech - makket in soad goed en dy't him net hâldt oan it Bokma-rantsoen dat Durk van der Ploeg Fedde Schurer deis ta hawwe wol, sjocht, as er djip yn de nacht ôfstekt, faeks Fryslân, syn kunstlibben en syn minsken wol efkes yn it sêft kleurde ljocht fan de sympathy.
En fan 't jier wie de neismaek hielendal net bitter, fan de Bokma net en fan it ‘programma’ like min. Der wie nimmen, dy't leaver syn wurk op de planken hawn hie, foar de kop stjitten. Der hiene ek gjin fiif of trien skriuwers oer de teksten gaar west en - dat wie wol in unikum - der hie tiid west foar de repetysjes. Tiny Mulder hat har bêst dien om it publyk bikomma to litten fan hwat in lange rige fan jierren bar in tipysk Boalserter joun gou. Hja bisocht it mei hwat nijs en dat is har knap ôfgien. It programma Der wurdt op jo past wie hwat nijs, net omdat it yn Parys spile (sûnt it forwyt fan de kofjekannen net mear jildt steane wy nearne mear foar), mar omdat it dizze kaar ris hielendal gjin ‘Frysk kabaret’ wie.
It forsin, dat it dòchs as ‘in fleurige kabaretjoun’ oankundige waerd (yn it tekstboekje stiet ek it wurd ‘kabaretprogramma’) nimme wy der graech op ta. Boppedat, de haar Bouke Tuinstra hie it yn syn iepeningstaspraek ek al efkes oer in ‘musical’. Dêr hie it mear fan. En it alder meast like it op in programma, dat as kabaret bidoeld is, mar dat op in musical útdraeide. Dat makket in bioardieling net sa maklik, hwant as der net foldien wurdt oan easkan, dy't foar kabaret jilde, kin der sein wurde: ‘it wie ommers ek in musical’, wylst it omkearde like goed jildt.
It stiet lykwols elkenien frij, in programma to skriuwen, dat heal kabaret en haal musical is. As de beide eleminten dan lykwols troch elkoar Tinne lyk as yn Tiny Mulder har programma, dan moatte der in paar kanttekeningen makke wurde. Mear net, yn dit gefal, hwant oanlieding ta earnstige krityk jowt dit wurk net.
It liedende idé fan de skriuwer mei de rêstbeurs, dy't it dòchs net slaggei om hielendal fan Fryslân út to rêsten, is aerdich. Der rit amper ûntjowing yn dit forhaeltsje, it bliuwt by dit idé, mar it is in brûkbere eftergroun foar in stikmannich ‘losse nûmers’.
Dy losse nûmers - lietsjes en parlando's - binne op harsels knap, yntelligint, forrassend. Hja hawwe dus eleminten fan goed kabaret,