Mar it hie tinkt my net mear as billik west, as Piebenga der by sein hie, dat ik krekt dêroer detaillearre skreaun ha (yn Fryske stúdzjes, Assen 1960) en dat ik dêr earne yn it boekje nei forwiis. Mysels wol ik likemin neiskriuwe as Piebenga.
Hwerom haw ik dit boekje dan al skreaun? ‘Om op 'e souder to kommen, moat men earst op de flier stean’, seit Piebenga. Mei dizze hwat tsjustere fariant fan it sizzen, dat men net fan 'e flier op 'e souder stappe kin, bidoelt Piebenga likernôch, as ik him goed bigryp, dat de dichters en proazaskriuwers fan nei 1822 der net sûnder de rimelders en almanakstikjeskriuwers kommen wiene. It kin wêze. Ik wit dat noch sa lyk net. Mar moat men dêrom wurk fan immen dy't mei beide fuotten op 'e flier stean bliuwt, dat wol sizze dy't gjin inkelde muoite docht om syn stof literaire foarm to jaen, yn in útjefte fan literatuer, al of net neffens 20ste-ieuske noarmen, opnimme, lyk as Piebenga wol? De forhaeltsjes fan S.S. Ypma dy't er neamt, lyk as dat fan 'e weelderige boerinne dy't net genôch oan har âld boer hat en nou de feint in damp skûteldoek by de broeksflappe yn triuwt, meije dan wol nijsgjirrich wêze, se binne der samar hwat hinnekwattele, sûnder styl of slot. Moat soks nou op 'e nij útjown wurde?
Men kin net fan 'e flIer op 'e souder stappe. Mar it fascinearjende fan Gysbert Japicx is, dat er it àl docht. It bysûndere fan 1822 en dêrnei is, dat ‘de oerfloed fan talint’ dy't der dan is itselde kunststek wer fortoant. Nou ja, de souder is sa heech net, mar dêr stiet foaroer, dat in hiele ploech it him diskear levert. Om it opmerklike dêrfan útkomme to litten en nei to gean hoe en mei hokfoar helpmiddels hja dat klearspile hawwe, ha ik in boekje as dit dan dochs mar gearstald. Oan de almanak-tradysje hiene dizze mannen - by de genres dy't hja beoefenen - neat (in lytse útsûndering is yndied Tsjalling Halbertsma dy't yn 'e Aagtje Ysbrandts-tradysje fuortfart); bihalve fan Gysbert Japicx moasten hja it fanwegen it niveau dêr't hja nei stribben alhiel fan bûtenlânske foarbylden hawwe.
Binammen yn 'e kennis fan it hoe en het dêrfan siet in hiaet yn 'e literatuerskiednis, dat ik bisykje woe op to foljen; it twadde hiaet seach ik yn 'e kennis fan 'e opbou fan 'e literatuertael, it ûnderdiel dat ik ûnder de hân dus nei Fryske stdúzjes ôfskoud ha. Foar een en oer koe it mei in bihindich wurkje dat net fierder as oant 1836 gyng wol ta; doe wie it element fan-'e-miet-gean der al net mear by. Yn dat jier falt der troch it ophâlden fan it Friesch Jierboeckjen en troch de dea fan Salverda dochs greater caesuer as Piebenga ha wol. En hwannear't op dy manear Van Blom en Wopke de Jong