De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 366] [p. 366] Tiny Mulder: Brief encounter hja hawwe de leafde troch de helte kreake - dan hâlde wy elk hwat oer - mar elk hâldde oer in steat fan sniesliep dôf en fatael hja hawwe tsjin elkoar hoe maakt u het? sein midden op it stasjonsplein wylst se roppe woene I love you I love you I love you 1000 feestrigels men kin dus stjerre op it stasjonsplein en gewoan trochrinne binnensmûls de eangst forswetse in bytsje trilje mei it is kâld! en dei sizze tsjin de kapitein en goedemiddag tsjin de dominé alle wite leagens út it etiquetteboek komme hânsum fan pas as de wide jas oan moat om de deaferzen hûd to forbergjen fortriet is in dimmene fûgel hy ropt net fierder as de lytse sel: it hert hja hawwe de leafde troch de helte kreake en har sjongfûgels bisletten yn lûdtichte sellen hearst hoe't hja laitsje oangeane en swetse op it feest? [pagina 367] [p. 367] Foroarlik soms is de leafde fuort op reis of nei it wurk de dei is koart de moarn is samar skriemend barn de middei treast in nije jurk de joun fielt koel in likefolle stoel om yn to sitten en neat to sjen soms komt de leafde rij splitst yn seis sawn dielen oan alle dingen kinst it fiele de tafel it gasstel ytgerei se flaeikje dy as blêdden fan seringen sa út de sinne wei soms is de leafde twa ja twa folsleinen en witstou hwa? se komme fluitsjend en genegen elk troch dyn strjitte kinst gjin fan beiden foar de holle stjitte en rikst har - hoe koest oars? - forlegen dyn tweintich fingers ta hwer haw ik tweintich fingers wei? dy groeije samar op in dei [pagina 368] [p. 368] Wifkjend in beam fan pineholle en fan 'k wit gjin rie jaget de koalswarte fûgels it sinnegriene lân út de fûgels slane de wjokken om en om as boekblêdden mei himeltael se bidde om in wize en hillige moanne Gods sulverstream om op to silen sulverljocht om har tael to lêzen en wy bingelje mei de fuotten oer de rânne fan de wrâld en felle ôf: doar ik wol doar ik net doar ik wol in sprong weagje en útfine hwat is hillichheit ivichheit ûneinichheit? as dy fûgels nou mar de boekblêdden ús foarhâlde woene mei de jildige wurden wizer as 't petear fan sniebline wrâldwizen mei har wiidgapjende klokken to wif om op to sprekken [pagina 369] [p. 369] Sognefjord de koel forljochie joun rûkt blau en grien nei djip klear wetter en tusearte oer it houtfjûr ik set de tinte iepen alle eardere biminlike simmerjounen komme noflik de hannen yn de bûsen nei my ta en sitte mei oan oer de fjord waeit in liet dat ik lang lyn forspile joun komt it einlings wen thús to iten ik doch myn âlde namme út en strûp de langsten ôf tinken is sykheljen rûken en priuwen en it sjen rinteniert op en del mei de fearboat op it micawetter as ik mar lichtwei wol bistou der al en skikst oan tafel mei dyn simmereagen nei 't miel fannacht sille wy skjinne nammen drinke [pagina 370] [p. 370] Mars stil allegearre net prate soldaten marcheare foarby ien great sykheljen ploait it gerdyn ien tûzenstap dindert yn 't rút rige oan rige itselde gesicht ien doel yn de pas rjocht foarút hinne en gjin werom de ierde slacht de ierde plat stil allegearre net prate op nei de rânne en hwerhinne dan marcheare soldaten hearst al ús fuotstappen kommen neist stappen fan mem en heit en sjochst it gesicht fan myn jonkje dat sa út 'e sliep wei seit stil allegearre net prate soldaten marcheare foarby kom de tiid is om foar biminnen ik kin net mear by dy sliepe set wiid de finsters iepen en lit it great sykheljen yn dou hearst dochs dyn stap al forlitst dyn gesicht stil net mear prate wy marcheare marcheare foarby Vorige Volgende