roeijeu bliuwe mei de riemmen dy't hja hawwe, dy't libje wolle tsjin de klippen oan.
Net altyd sjocht men by in lyts folk as uzes de greate dramatyske kontoeren fan dit barren. Us krânsdrager fan hjoed, nettsjinsteande syn prille jierren in man fan bilegere libbenswysheit en filosofyske duldsumens, hat ús omtinken brocht op it symboal fan de slak, dy't deis fiif meter klimt en nachts trije meter sakket, mar dochs op it ûnforwachte stuit earne presint is. In faei en neaken libben, dat bidrige wurdt troch de leppe fan 'e sintralisaesje en it bitende sâlt fan de minachting foar alles hwat lyts is en in eigen oantlit hat. Dat him ek samar oplosse kin yn triennen fan sentimintaliteit en selsbiklach.
De literatuer, de wittenskip, de biweging, it binne de taesters, dy't út it ûnreedlike fan dit bistean dochs útstutsen bliuwe moatte om in wei to finen yn in alderminst garandearre takomst. It is it libjen út de bline hope, dat de leppe der ek wolris njonken slacht, en dat de histoarje net op alle slakken sâlt leit.
Salang der libben is, is oder hope, salang der hope is, is der feest. Ut dizze paradoks wei bistiet ek it periodike Gysbert Japicxfeest, dat aldergeloks dit jier noch net bikronken hoecht to wurden mei 5% bisuniging op dizze gewestlike ynvestearring yn kultuer en geastlike vitaliteit.
Wy bidoele wier net ús stamboeksbollen tokoart to dwaen, as wy lykwols de auteurs fan ús letterkunde ûnmisbere ambassadeurs fan it Fryske libben achtsje en harren as sadanich de foechsume eare bringe.
It mei ús boppe mjitte oanstean, dat njonken ús Fryske oerheit ek de Nederlânske oerheit mear as ienris blyk jown hat fan har meilibjen yn en omtinken foar de saek fan de Fryske kultuer. Ik hie hjir dan ek omskeakelje wollen en myn taspraek yn it Nederlânsk fuortsette mei it each op de forwachte oanwêzichheit fan de minister fan Underwiis, Kunsten en Wittenskippen of syn fortsjintwurdiger. Hwer't lykwols dizze forwachting idel blykt, kin ik Jimme, achte auditoarium, de sensaesje fan sok in taeloergong frij bisparje, mar dochs sizze hwat ik jerne foar it ear fan de departemintsfortsjintwurdiger, hwaens ôfwêzigens ik inkeld oan in spitich misbigryp taskriuwe mei, sizze wollen hie.
It wie dit, dat wy de bilangstelling fan de Nederlânske ryksoerheit, dy't ek nou net by us yn 'e kiif kommen is to stean, net inkeid weardearje wolle as in hoflik gebeart, mar as in forklearring fan bitrutsenens. Nammers, hwat kweatongen