| |
| |
| |
Jan Tj. Piebenga:
Om it Fryske genoatskip hinne
Fryslân en de Fryske biweging fan 1820-1840
It moat in apart man west hawwe, ien dêr't hwat fan útgyng, dy jonker Idzert Aebinga van Humalda. Fan syn lang libben (1754-1834) hat er mar in frij koart skoft gouverneur fan Fryslân west, mar krekt yn dy jierren, fan 1814 oant syn ûntslachoanfreegjen yn 1826, bisiket Fryslân wer in eigen paed to finen. Hwat hjir dan to rêdden is, hwat yn ien wurd de ynset fan de Fryske biweging neamd wurde mei, giet nea bûten syn oantrun en meilibjen om. De tsjugenissen datoangeande komme fan forskate kanten en litte gjin inkelde twifel bistean. ‘Een hartstochtelijke voorstander van de landstaal der Friezen’ (B.L. van Albada); ‘ervaren vereerder van Gysberts verdiensten’ (offisieel forslach G.J.-feest, Boalsert, 1823); ‘de ervaren voorstander van Vrieslands taal’ (forslach fan dat feest yn 'e Ljouwerter Krante); ‘de earste en geleerdste edelman van Friesland, die Gysbert leest, herleest, meer dan iemand verstaat en nimmer ophoudt nieuwe schoonheden in hem te ontdekken’ (J.H. Halbertsma yn syn redefiering op dat feest); ‘voor ons was Humalda belangrijk door zijn grondige, diepgaande en nauwkeurige kennis onzer Geschiedenis en Oudheden, door zijne buitengewone bedrevenheid in onze oude Volkstaal en derzelver letterkunde’ (6de jierforslach Fryske Genoatskip, oer 1833-'34). It docht jin gjin nij, dat E. Epkema syn trêdde printinge fan Gysberts Rymlerije yn 1821 mei in great fers oan dizze stânfries opdraecht en dat er him yn syn oantekeningen by dit wurk as in Gysbert-kenner fan in bysunder soarte wit to wurdearjen. Dat jonker Idzert sels foar mar efkes tsien eksemplaren op dizze trêdde printinge yntekenet, past yn dit byld, likegoed as dat er in rike Fryske bibliotheek hie. Hat hy ek net mear as oaren each hawn foar it poétyske geny, dat yn J.C.P. Salverda wenne en dat him, yn dat Fryslân fan doe, wol forskuorre
moast?
Fan Gysbert Japiks moast yn it bigjin fan de 19de ieu wol alle nij libben útgean. Yn de list fan yntekeners op Epkema syn G.J.-útjefte forskine hja suver allegearre: de âlderein fan de Wassenbergh-skoalle en de jongerein dy't skielk de toan oanjaen sil. De mannen, dy't it Fryske Genoatskip yn syn earste tiid drage, binne hjir presint, ek al tekenje hja har noch mar as studint to Frjentsjer - J. Roorda en A. Telting byge- | |
| |
lyks - mar hjir fynt men ek de namore fan Tiede Roelofs Dykstra syn heit en dy fan de Wurdumer deiboekskriuwer D.W. Hellema en dy fan de follesidige D.H. Beucker Andreae, de man dy't it Frysk troch Frysk ûnderwiis bihâlde en fuortsterkje woe. De folksskriuwer Sjoerd S. Ypma fan Nijlân mist net, mar likemin misse de Snitser rector H. Amersfoordt en de Ysbrechtumer dominy H.W.C.A. Visser, dy't togearre fan 1824-'28 de trije stikken fan it Archief voor Vaderlandsche en inzonderheid Vriesche Geschiedenis, Oudheid en Taalkunde útjaen sille, foarrinderswurk dat der wêze mei. Foarsafier as dizze mannen Frysk skriuwe, is it Gysbert-Frysk. In standerttael foar de eigen tiid hat har noch net foarme; inkelde fan de Genoatskipsmannen - studearkeamerminsken as Epkema en M. de Haan Hettema - wolle it de kant fan it echte Frysk, it Aldfrysk, út sykje; de Halbertsma's, moderner en réalistysker as hja binne, hâlde it mei de folkstael, mei it eigen dialekt. It is in tsjinstelling dy't har letter, op eigen wize, tusken Harmen Sytstra en Waling Dykstra oppenearje sil.
Hwat dizze mannen meiinoar forbynt, dat is de Nutssfear. It is mr. D. Jakles fan Boalsert - ek in yntekener - dy't yn de hjerst fan 1818 yn syn departemint fan de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen it útstel docht ta it yn it libben roppen fan in kommisje dy't foar in ‘gedenkstuk’ foar Gysbert Japiks soargje moatte ril. Twa jier letter wurdt yn Ljouwert sokssahwat as de generale repetysje fan it Gysbert Japiks-feest fan 1823 hâlden, as der yn de Great-tsjerke it monumint foar de skoalherfoarmer J.H. Nieuwold ynwijd wurdt. Party ‘Fryske mannen’ binne oanwêzich en ûnder harren fansels de gouverneur. Ds. H.W.C.A. Visser, sels skoalopsjenner, hâldt de feestrede; by it miel is de redenrike literator mr. C.P.E. Robidé van der Aa de ceremony-master - alwer in yntekener - en dêr jowe twa Fryske skriuwers har nei alle gedachten foar it earst as sadanich yn 'e iepenbierheit. De oantrún giet neffens B.L. van Albada út fan jonker Idzert Aebinga van Humalda, ‘wat inzonderheid dr. J. Halbertsma zich aantrok, die met zijne gewone boert en naïvïteit smakelijke piquante saus aan den maaltijd ten beste gaf. Nevens deze verraste de Onderwijzer Salverda van Wons de aanzittenden met diens doorwrochte bekendheid met die taal, en wel in schoonklinkende coupletten, die in 't bijzonder door Zxc. den Gouverneur werden toegejuicht’. Net allinne hjirre hat it Nut de foarstap hommen. Hieltyd yn dy jierren hat it hwat fan frysksinnigens oer him. As it Nutsdepartemint fan Ljouwert ein 1823 prizen oan de leerlingen fan syn tekenskoalle útrikt, sprekt mr. F. Binken - yn- | |
| |
tekener en mei-oprjochter fan it Genoatskip - oer Duco van Martens en draecht mr. A. Deketh - idem, idem - in fers foar oer Caspar de Robles, Duco syn tsjinstanner. Itselde departemint skriuwt in priisfraech út foar in boekje mei ‘Levensschetsen van vermaarde mannen en vrouwen
in Friesland geboren’; de ynstjûring fan ds. G. Brandt Maas to Woerden wurdt yn 1828 mei goud bikroand en letter útjown.
De gilden binne yn de Frânske tiid fordwoun, mar ek neitiid is der forlet fan organisaesje yn lyts forbân en bisletten rounte. De minsken binne hwat skoftich fan de greate, drokke en kweade wrâld wurden en hja sykje graech hwat oanhâld oaninoar yn resitear- en sjong-kolleezjes, yn lês- en muzykselskippen, yn freonerounten en sociëteiten. It is de tiid fan de oefeningen dêr't de Ofskieding al yn taret wurdt, mar ek fan de oprjochting fan forsekeringsmaetskippijen. Giet it om ienfâldich formeits, dan lit de oerheit it folk graech bitsjen, mar o-waei-myr as it om selskippen op it gebiet fan ‘godsdienst, letterkunde, staatskunde’ giet, dan falt der sûnder de tastimming fan it regear neat to bigjinnen. As it Frysk Genoatskip út de orthodokse, Bilderdijkiaenske hoeke weikommen wie, hje der grif frijhwat tsjinwurking west, mar fan ‘bezwaren tegen den geest der eeuw’ hiene de oprjochters gjin lêst. Dêr sieten net sa'n bytsje Nutsmannen, mennisten en juristen ûnder, lju fan stân allegearre, en dat wie fortroud folk. Mar hja soene it Frysk Genoatskip dochs net mei op 'e kluten bolpen hawwe, as hja, dwers troch alle meiwurking fan de forljochting binne, ek net de sterke sûchkrêft fan de yn dy jierren hord opkommende romantyk field hiene.
Fryslân wie yn dat stik fan saken net foarlik, Nederlân likemin of noch minder. De Fragments of ancient English poetry fan Macpherson binne fan 1760, de Stimmen der Völker in Liedern fan Herder út 1778, Des Knaben Wunderhorn fan Brentano en Arnim is yn 1806 útjown. De Dútskers hawwe de stúdzje fan it folkseigene earst foargoed op 'e gong brocht en ûndersikers as Jacob Grimm, Heinrich Hoffmann von Fallersleben en Johann Wilhelm Wolf hawwe faek har moed net hawn as hja út Nederlân de help net krigen dêr't hja op tidigen. Hwerom kaem Fryslân ek net fanwegen, it lân dat dochs by de gelearden fan de romantyk bysûnder yn 'e gunst stie? Yn de Geschichte des Heidentums im nördlichen Europa (1822-1824) fan F.J. Mone waerd der net sa'n bytsje omtinken oan de Fryske mythology jown. Sûnder Mone wie it bikroande antwurd op in priisfraech oer de Noardske mythology fan de Grinzer doarpsdominy dr. Nic. Westendorp net to tinken, mar
| |
| |
hy forwurke der dochs ek de frucht fan eigen ûndersiik yn. Dr. Westendorp waerd al gau nei de oprjochting lid fan it Frysk Genoatskip, dat de Friezen moatte wol fan syn wurksumheit witten hawwe. Wiene de Grinzers mei har genoatskip Pro excolendo jure patrio de Friezen ek al net in ein foarút mei de stúdzje fan it heitelânske rjocht? It Zeeuws Genootschap wie fan 1769, it Utrechts Genootschap fan 1778, de foarname Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde to Leiden al fan 1766. Earst om 1820 hinne, nei tritich jier fan bitreklike warberens fan de Wassenbergh-skoalle, sit der yn Fryslân hwat yn 'e loft. De earste Lapekoer fan 1822 falt net as in tongerslach út in heldere himel. Yn 'e simmer fan 1822 freget de Ljouwerter boekprinter M. van den Bosch de ‘liefhebbers der Vriesche landstaal’ om kopij foar in ‘Vriesch-Boers Almanak’ dat er útjaen sil. Yn de jierren 1824-1829 komme J.C.P. Salverda, R. Posthumus en R. Windsma mei in stikmannich Fryske útjeften foar it ljocht, dy't meiinoar dochs it bistean fan in Fryske literatuer biwize. Hie de Ingelskman John Bowring hjir tsien jier earder west, ynsté fan yn it lêst fan de tweintiger jierren, hy hie syn (ek yn it Nederlânsk oersette) literaire reportaezje oer Fryslân fanwege tokoart oan gaedlike stof net skriuwe kinnen.
Al om 1780 hinne hie prof. Ev. Wassenbergh fan Frjentsjer op de oprjochting fan sa'n maetskippij of genoatskip oanstien; it wie him yn 'e wei dat Fryslân net sa'n ynstitút hie. De taek dêrfan wie oars dúdlik: ‘onderzoek naar Frieslands oorsprong, taal, oudheden, geschiedenis en wetten’. Folle letter hie ds. H.W.C.A. Visser, skrepper en man fan inisiativen by útstek, ek de oprjochting bipleite. Mar beide treftige mannen stoaren yn de lêste moannen fan 1826, de 53-jierrige dominy en de 84-jierrige professor; hat har dea de oare frisiasten, jongemannen meast, opskrille en kjel makke? De tiid like nou wol ryp to wêzen; der wie al hwat forbân, troch Constanter, troch it Frjentsjerter atheneum, troch it Gysbert Japiks-feest. Op 28 augustus 1827 waerd it Frysk Genoatskip fan 21 man oprjochte en in foech moanne letter koene op in gearkomste yn Frjentsjer de ‘wetten’ oannommen wurde; doe wiene der fiifentweintich man. Meast lju fan de hegerein fansels; dat koe doe al min oars. Ta de nije yntellektuéleklub hearden rjochters, griffiers, advokaten, dominy's, dokters, grytmannen, leararen en heechleararen, sekretarissen, ûntfangers, in inkelde keapman, in inkelde ûnderwizer ek, mar dy hâldde it net lang út. Stânsforskillen wiene fan it libben net to skieden. Under de ‘bijzondere genoodigden’ op it feest fan 7 july 1823 yn Boal- | |
| |
sert wiens wol P.C. Scheltema, ds. R. Posthumus en dr. E. Halbertsma, mar net de beide skoalmaster-dichters Salverda en Windsma, dy't oars fuort yn de buert wennen. De dounspartij de jouns waerd ek allinne troch ‘de aanzienlijkste ingezetenen en zeer vele vreemdelingen’ bywenne.
Foar wiidweidige en steatlike formulearring hiene de minsken doe de tiid, dat de nije foriening krige in lange namme: Provinciaal Friesch Genootschap ter beoefening der Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde. De doelomskriuwing wie rom en tsjutte tagelyk de fjouwerliddige organisaesje al oan: ‘Het onderzoek van al hetgene, dat de Geschiedenis, Oudheden, Grond, Taal en Letterkunde van dit Gewest betreft; zonder echter daarvan de overige Nederlandsche Provinciën te willen uitsluiten’. De earste ôfdieling waerd net allinne opdroegen alle needsaeklike foarwurk to dwaen ta de ‘bewerking eener Algemeene Friesche Geschiedenis’, mar har waerd ek de folklore taskikt: ‘de verzameling van volksverhalen, volksromans, berigten omtrent vroegere en hedendaagsche volksbegrippen, zeden en gebruiken’. Wie yn de lêste formule it wjerlûd fan de tiid al skoan to fornimmen, it program fan de fjirde ôfdieling, dy foar ‘Taal- en Dichtkunde’, hie sûnder de opbloei fan dizze tweintiger jierren net to tinken west. Gean mar oanstean: ‘a. De Grammaticale beoefening der Friesche Taal, in hare volle uitgebreidheid; b. De verzameling van alle verspreide stukken, welke men mag achten een gedeelte der fraaije letteren van Friesland uit te maken; c. De taalkundige opheldering derzelve; d. De instandhouding van het nog aanwezige der Friesche volkstaal; e. De beoefening der Friesche prosa en dichtkunst’. Dat liket der op: wittenskip en literatuer, stúdzje en striid, gearfette yn ien libbensforbân. Gjin Genoatskipsman tinkt der dan oan, de tael bûten it wurkfjild to kearen. Mei der neffens de foarstelling fan dy tiid fan de Fryske âldheden net folle biwarre wêze, de ‘oude Friesche taal die nog als een eerwaardig overblijfsel staat op de puinhoopen der verwoeste Oud-Duitsche talen’ stiet der better foar; dêr is de
lêste tiid troch Wassenbergh, Ten Broecke Hoekstra, Epkema, Halbertsma, Hoeufft en oaren gâns oan dien, mar der bliuwt genôch to dwaen oer en dêr kin ek dit Genoatskip foar tsjinje. Fan de 25 leden (de wurkjende dan; der binne ek gewoane, bûtengewoane en honoraire leden) jowe har acht by de earste, fiif by de twade, fjouwer by de trêdde en wer acht by de fjirde ôfdieling. De lêste acht fortsjinje hjir neamd to wurden: J.D. Ankringa, mr. F. Binkes, mr. U.A. Evertsz, mr. S. Haagsma, E. Halbertsma, R. Posthumus, P.C. Scheltema en mr. A.
| |
| |
Telting. Ha litte it ommers net by hwat moaije wurden. It is har tsjin 't sin, dat der ûnder alle almenakken en jierboekjes dy't der dan útkomme gjinien is dat alhiel oan Fryslân wijd is. De Ljouwerter learaer Ankringa docht dêrom It útstel, fuortoan elk jier sa'n boekje út to jaen. It moat hielendal yn it Frysk steld wurde en sil ornearre wurde ‘voor den beschaafden stand’; net sasear de lju fan it lân sil it oansprekke moatte; it heart foaral de ‘stedelingen smaak voor hunne veel vergetene moedertaal in te boezemen’. Dêrta sil der yn opnommen wurde moatte in kalinder mei wichtige data út de Fryske skiednis, in koart oersjoch fan de Fryske skiednis en Frysk grienmank yn rym en ûnrym. In kommisje giet daelks oan 'e slach: J. van Leeuwen en mr. A. Deketh út de earste, en J.D. Ankringa en mr. A. Telting út de fjirde ôfdieling. Yn koarte tiid wurdt it Friesche Jierboeckje foar it jier 1829 rémakke, dizkear ta spyt fan de ‘Forgearers’ noch sûnder skiednis-oersjoch. It twade jierforslach fan it Genoatskip, útbrocht simmer 1829, is oer dit inisiatyf tige to sprekken; oan it bisykjen ‘de te veel vergetene Friesche taal vooral onder de stedelingen te doen herleven’ is in bigjin fan útfiering jown en der mei oannommen wurde dat ‘deze earste proef, op een weinig bearbeid veld genomen’ de lânslju oanstean en har opwekje sil ‘tot verdere beoefening der Friesche taal’.
De lotgefallen fan it Friesch Jierboeckjen binne symptomatysk foar de mooglik- en ûnmooglikheden fan dy jierren. J.D. Ankringa en mr. Albartus Telting sille der wol it measte wurk foar dien hawwe: mear as ien bydrage moast út it Hollânsk oerset wurde. De lêste is in warber en trou man; hy hêldt al gau op in gearkomste in foarlêzing ‘ter aanprijzing van de beoefening der Friesche landtaal’ en nei inkelde jierren is er ek al Genoatskipssekretaris. Fan de distânsje fan it Frysk of fan de Fryske taelbiweging, sa typysk foar it Genoatskipslibben yn in folle lettere fase, is dan neat to fornimmen; de bifoardering fan de kennis fan ‘de geschiedenis van ons eigen dierbaar vaderland’ en ‘de instandhouding van deszelfs schoone, oorspronkelijke taal’ wurde yn de jierren om 1830 hinne amper útinoarhâlden. As Telting yn it fjirde jierforslach (simmer 1832) fortelt, dat de Genoatskipswurksumheden om de bikende politike omstannichheden (ôfskieding fan België) mear as in jier stilstean moasten, bitoant er him dochs bliid dat it Friesch Jierboeckjen 1831 op 'e tiid forskine koe. De jiergong 1832 moat dan mar oerslein wurde, fral ek út freze ‘voor een slecht vertier van het werkje in de gegeven omstandigheden’. Wie yn de trêdde jiergong, 1831, bigoun mei it Kirt oerlicht oer
| |
| |
Frieslâns Schydnis fenne fierste tyd oon it jier 1814 to fan mr. A. van Halmaël Jr., - op forsiik fan de redaksje skreaun en neffens de opset yn fiif jiergongen ûnder to bringen, - yn de fjirde jiergong, 1833, koe dêr in fiks forfolchstik fan opnommen wurde. It fyfte jierforslach (simmer 1833) is wakkere wiis mei dizze moaije bydrage: ‘een zamenstel, dat, onder den nederigen naam van Overzigt, welligt het eenige is, dat in de zoo zeer gevoelde behoefte van eene wijsgeerige Geschiedenis van Friesland eenigermate voorziet’. As it sechde jierforslach fornijt, dat it trêdde stik yn Friesch Jierboeckjen, 1834, opnommen is, wol it ek de skriuwer ‘tot voortzetting van deze nuttige doch veel tijds en arbeidsvorderende taak, de noodige letterkundige rust van harte toewenschen’. Spitigernôch komt der fan dizze fuortsetting neat. De sechde jiergong fan it Friesch Jierboeckjen, 1835, forskynt noch wol, mar sûnder Kirt Oersicht; Van Halmaël wie ‘trog aemptssoargen forhindere’. It sawnde jierforslach klaget oer to min meiwurking en oer ‘eene groote lauwheid’ by harren dy't wol hwat goeds leverje koenen; faeks is it de lêste kear dat it Jierboeckjen yn dizze foarm yn it ljocht kommen is. En yndied, yn it achtste jierforslach (simmer 1836) moat Telting meidiele, dat de forskining stopsetter is. ‘In de plaats daarvan zal er een Geschied-, Taal- en Oudheidkundig Mengelwerk, bij nummers, en zonder verbindtenis van tijdsbepaling, worden in het licht gegeven, waarin stukken van allerlei aard zullen kunnen opgenomen worden’. Dan, en it jiers dêrop yn it weromsjen nei trien jier, sit der hwat fan toloarstelling yn Telting syn altyd gefoelige wurden. De greate forwachtingen fan 1827 binne net útkommen. It wurk kaem mar foar in stikmannich
minsken op. Dêrom net, der is ek gâns winst. ‘Immers, wanneer wij den toestand onzer Friesche Letterkunde, zoo als die was voor en tijdens de oprigting van ons Genootschap, vergelijken met het veel blijder gelaat, hetwelk zij thans vertoont, dan zal het wel geene aanmatiging heeten, zoo wij aan onzen invloed eenig deel in deze gunstigere uitkomsten toeschrijven, hoewel wij ons wel zullen wachten te beproeven, om dien invloed met den vinger aan te wijzen’. Dochs meije de seis jiergongen fan it Friesch Jierboeckjen neffens Telting der as frucht fan it Genoatskipswurk wol wêze. ‘Dat wij hierdoor het onze hebben toegebragt tot het aanwakkeren van de belangstelling in onze grijze moederspraak, verheerlijkt door de schoone gezangen van Gysbert Japicx, van Salverda, van E. Halbertsma, meenep wij ons zeiven, zonder grootspraak, als eene verdienste te mogen toerekenen’. Dat Salverda hjir op sa'n earfol plak neamd wurdt, sil
| |
| |
wol to tankjen wêze oan Joast Hiddes Halbertsma, dy't yn de lêste helte fan 1836 op in Genoatskipsgearkomste syn meileden ‘tot bewondering en tot medelijden stemde’, meidat er ‘in de krachtige taal der Friezen, ons den moeijelijken en met doornen overgroeiden levensloop van onzen grooten Dichter Jan Cornelis Pieterszoon Salverda met de levendigste kleuren schilderde, en de dichterlijke ontwikkeling en verhevene talenten van dit te weinig bekend genie voor oogen stelde’, alwer neffens Telting.
It Genoatskip sil dus nou mei in nij Mengelwerk yn sé. Yn it Frysk of yn it Hollânsk? De earste opset liket west to hawwen it alhiel yn it Frysk út to jaen, mar kinne de gearstalders dan wol op genôch bydragen rekkenje? ‘Ook twijfelde men er aan, of, bij de weinige bekendheid onzer landtaal in andere Gewesten, de bekendheid met het Genootschap, door de uitgave van zoodanig in het Friesch geschreven mengelwerk, buitenaf wel merkelijk zoude worden bevorderd’. It eardere útstel wurdt ynlutsen en bisletten wurdt ta ûtjefte fan in ‘Mengelwerk in de Nederduitsche taal’, dêr't alderhanne bydragen op Frysk gebiet yn pleatst wurde sille, ‘alsmede van stukken, zoo wel in prosa als dichtmaat, in eenig oud of nieuw Friesch dialekt opgesteld’. Oft yn de lêste sin de geast fan jhr. mr. M. Hettema nei to priuwen falt? Hy sit yn alle gefallen mei J. van Leeuwen en mr. A. Telting yn de redaksje. De Vrije Fries, mengelingen, uitgegeven door het Prov. Fr. G. t.b.d. Fr. G., O. en T. komt it nije tydwurkje to hjitten dat yn 1837 bigjint to forskinen en dat yn it njoggende jierforslach sjoen wurdt as ‘de earste schrede, met welke ons Genootschap voor het grootere Nederlandsche publiek te voorschijn treedt’. Fan 1837-'39 forskine der fjouwer stikfes en dêrmei is it earste diel dan folslein. Neffens Telting is it Fryske Genoatskip dan noch altyd in ‘letterkundige vereeniging’ en hat hja mei to wurkjen ‘tot den bloei der Friesche letterkunde’. Dat docht hja, op har wize, ek fierder wol. Yn de jierren 1839-'41 wurde bygelyks foarlêzingen hâlden fan J.G. van Blom (‘Eene proeve van het harmonische in de Friesche Dichtkunst’), J.D. Ankringa (‘Eene grammaticale en aesthetische beschouwing van eenige der uitgebreidere dichtstukken van Gysbert Japicx’) en mr. A. Telting (‘Over de
grammaticale beoefening der Friesche taal in haren geheelen omvang’). Hoe mear lykwols de oprjochters fan it Genoatskip ôfstjerre en hoe fierder as it him dêrtroch fan syn oarsprong forwideret, hoe minder omtinken de ‘letterkunde’ kriget. Soene party it net sa sjoen hawwe, dat it Frysk Selskip fan 1844 dit diel fan de Genoatskipswurksumheden oer- | |
| |
krigen hie en dêr ek better mei rêdde koe? De jongerein fan 1827 wie al gau âld wurden; aldergeloks stie in nije jongerein ré.
It Friesch Jierboeckjen wurdt op de earste side fan de earste jiergong in ‘probearsel’ neamd. Dat is it ek. Dochs komme de literaire nammen fan dy jierren hast allegearre yn de ynhâldsopjeften foar: Ankringa en Telting as ‘forgearers’ fansels gauris, mar R. Posthumus en J.G. van Blom litte har net gau yn 'e steek. De trije bruorren Halbertsma hâlde har net ôfsidich, mar fêste meiwurkers fan tydwurkjes en organisaesjes kinne hja uteraerd al net wêze. R.B. Windsma fortoant him hjir al, Salverda net. Mr. Jacob Roorda, de jongforstoarne Ljouwerter advokaet (1802-1834), biwiist syn talint yn in stikmannich bydragen; neffens Telting ‘paarde hij aan een vurige en door weinigen geëvenaarde liefde en zucht voor zijnen Frieschen geboortegrond, grooten lust voor de beoefening van de Friesche Geschiedenis en Oudheden en van de vergrijsde Taal onzer Vaderen’ en lei er him op it dichtsjen fan folkssangen út. In namore dêr't men wol hwat mear fan witte wolle soe is T.P. Tresling. Proazawurk dat der útkypt is der net, - it Kirt Oersicht is frijhwat stiif oerset, - as men alteast it tige lange, bysûndere, striidbere, yn it Hollânsk skreaune opstel fan J.H. Halbertsma oer Friesche spelling yn jiergong 1834 net meirekkenet. Der sit yn al de seis jiergongen nochal hwat blêdfolsel: oersettingen, albumferskes, grêfskriften. De moade fan de tiid frege doe wiidweidige, histoaryske dichtstikker, romances: Telting, Tresling, Van Blom en Roorda soargje der yn it Jierboeckjen foar; Telting birammen hat de slach fan it fortellen-op-rym knap to pakken en koe wol hwat fan Staring leard hawwe. Ek de lof fan it Frysk mankeart net: De Friesche Teal fan Tresling (1831, 25-28) en De Friesne-Teal fan Van Blom (1833, 30-40). De obligate Oranjeforhearliking is yn
Oon Kening Willem I fan Ankringa to finen (1829, 51-55): ‘Naerve iz yen Lân, so wol behearre Trog rocken deugdsum Foarst’ en hwat der mear folget. Ek Tresling hat it oer Oranje (1834, 13-16) en sjongt dan fan ‘De held fan Waterloo, de rom fan 't heytelân’. M. Hettema en E. Epkema skriuwe har rymwurk yn in eigenoanret taeltsje, dat men likegoed nijmakke âldfrysk as âldmakke nijfrysk neame kin, mar dat ek wol in foaroefening ta it Oera-Linda-Bok-Frysk hjitte mei. Sosiale sentiminten wurdt mar selder stal oan jown. Der binne twa fersen dy't fan datoangeande opfalle: it iene, De earme Aerbeider (1829, 24-26) is in tige frije neifolging fan de Hollânske dichter Immerzeel, fan de hân fan in anonymus; it oare Earmoed is in oersetting nei it
| |
| |
Ingelsk fan R. Southey troch R. Posthumus (1833, 18-21). Sa swiet en lij it earste stik is, in weake romantisearring fan de earmoed, sa wreed en wrang en réalistysk is it twade.
Romantysk is ek de taelskôging fan de measte Genoatskipsmannen, yn tsjinstelling mei de folle réalistysker taelvisy fan Joast Halbertsma. De earste liket my yn in sitaet út it Kirt Oersicht fan Van Halmaël frij koart en net ûndúdlik formulearre (1834, bls. XXII): ‘Dizze teal, (dy fan de âlde Fryske wetten, P.) dy tot oon it gijn fee dizze twaede tijdromte de gemiene lânsteal wier, iz trog it tijdsforrin yn folle tingen wijzige, foroare in forbastere, in op it ein allinne az sprekteal oerbleauwn, dear Gysbert Japicx neierhânz him wer ien schrieuwteal uwt makke het, werijn de ijnfloed fenne neiboerige Hollansche teal, so't joe do ijn bruwkme wier, ien bulte to sjean wier, bynammers ijnne boekstavering. Dat dizze teal behâden blieuwe mei, aefschien jae den eak onderdwaen moat foarre âde oprjuechte Friesche teal, dy't uwz net tjienstig in so goed az onmuwlk schijngit wer ijn to fieren!’ Set dêr dan foaroer Joast Halbertsma yn deselde jiergong, yn syn opstel oer Friesche spelling út oktober 1833: ‘Ik spoor het volk aan, om zijne regten te hernemen; ik poog het te plaatsen op een standpunt, van waar de taal beschouwd wordt als eene schepping en eigendom des volks, waarover geene doode letteren noch letterzifters te heerschee hebben’. En efkes earder: ‘In het verwijt aan de Friesche taal, dat zij niet gespeld kan worden, ligt daarentegen de schoonste lofrede op den onachterhaalbare rijkdom en de wisselende zangrijkheid harer spraakgeluiden opgesloten’.
Dat de Genoatskipsmannen it Gysbert-Frysk en faek ek de Gysbert-stavering brûkten, wie fan harren min oars to forwachtsjen. Hoe mear lykwols guont mei de âlde Fryske wetten yn 'e kunde kamen, hoe fierder hja mei it Frysk tobek woene. Rasmus Rask (1787-1832) wie net sûnder reden al gau nei de oprjochting earelid fan it Genoatskip wurden; likemin sûnder reden wie it, dat jonker M. Hettema Rask syn bydragen oer it Frysk yn 1830 en 1832 yn it Nederlânsk útjoech. Yn de Ljouwerter Krante fan 16 febr. 1830 skriuwt Hettema oer de stavering fan it Frysk: ‘Het Friesch moet met geene Hollandsche letters en teekens, mear met deszelfs eigene en oorspronkelijke geschreven worden’. Dêr ûntstiet dan in diskusje út mei Br. - grif de menniste preker Jan Brouwer (1760-1838) dy't neffens Telting ‘de roem der Friesche letteren zeer na ter harte ging’ en dy't tige bidreaun yn it Frysk west hawwe moat - en it is dan de âldere dy't de jongere der op wiist
| |
| |
dat de âldfryske stavering skeadlik foar it hjoeddeiske Frysk wêze moat; skriuw sa't jimme prate, seit Brouwer, mar bliuw Gysbert Japiks sa ticht mooglik op 'e side. It wie in diskusje, dêr't tonearsten gjin ein oan komme en dy't yn it Selskip-1844 nochris mei hertstocht oerdien wurde soe. It Genoatskip hâldt him net bûten dizze staveringstriid. Joast Halbertsma foldocht oan in winsk fan it Genoatskip as er in Verhandeling over, en Ontwerp tot eene regelmatige spelling van het Landfriesch gearstalt en dy oan in kommisje (Ankringa, Evertsz, Telting, Posthumus) foarleit; hy hâldt der yn it Genoatskip in foardracht oer en sil syn foarslach útwurkje en publisearje. As er gau publisearret, seit Telting yn simmer 1832, sil er dêrmei tomjittekomme ‘aan den algemeenen wensch van alle beoefenaren onzer schoone moedertaal’ en dan tik ‘mag men de beste gevolgen hopen voor haren verderen opbouw en luister’. It duorret dan noch sa'n oardeljier, ear't it opstel Friesche spelling yn it Friesch Jierboeckjen 1834 stiet, mar dat let Telting net dêr simmer 1834 syn greate tank en biwûndering foar út to sprekken. Hy ken syn Friezen tik wol: ‘Indien de beoefenaren van het Landfriesch uit innige overtuiging, na een gezet onderzoek, de spelregelen, door den Heer Halbertsma voorgesteld, mogten kunnen aannemen en in hunne geschriften volgen, zoude er voor het duurzaam gemak der lezers zeker veel gewonnen zijn. Doch vrijheid blijve tienen ieder gelaten!’ Fan dy frijheit is fan de miet ôf oan goed gebrûk makke; al yn de hjerst fan 1834 kaem de Genoatskipsbistjûrder mr. Daam Fockema yn in gearkomste mei syn winsken en biswieren oangeande de Fryske stavering, de earste mar net de lêste opposant.
Romantysk oanfielen sprekt út tal fan útlittingen en útstellen yn de Genoatskipsforslaggen. De fynst fan twa, wierskynlik ûnbikende fersen fan Gysbert Japiks yn Oxford wurdt bikend makke: ‘Zij zijn echter van zoodanigen dartelen inhoud, dat zij schijnen te strijden met dien wasem van zedigheid en kieschheid, welke zijne gedichten ademen, en waardoor de Hoogleeraar Wassenbergh wilde, dat Gysbert Japix zich zoo zeer van zijne tijdgenoten onderscheidde’. De winsk wurdt útsprutsen nei in mear ‘volledige schets der Goden- en Geloofsleer onzer Heidensche voorvaderen, en vooral der Friesen, dan er tot nog toe bestaat’. As Genoatskipsregel wurdt nommen it âlde Fryske wapen ‘gelijk hetzelve wordt voorgesteld door de eerste Friesche Vorsten gevoerd te zijn geweest’. Al gau krije de biwearde folksplantingen fan de Friezen yn Switserlân it omtinken. Rector H. Amersfoordt fan Snits bringt yn 1838 ‘den ouden Frie- | |
| |
schen volksstam der Stadingers’ op it aljemint; fuortoan binne de Stadingers it symboal fan in anti-klerikael, Frysk sentimint. De forbining mei it Noarden komt hieltyd war oan de oarder; der binne kontakten mei Kopenhagen, der wurde Yslânske boeken foar de bibliotheek oantúgd, op útstel fan mr. Daam Fockema sil der briefwiksel hâlden wurde mei Deenske ûndersikers oer de Deensk-Fryske bitrekkingen yn de earste njoggen ieuwen fan ús jiertelling, yn 1836 forskynt it boek fan M. Hettema en R. Posthumus oer Onze reis naar Sagelterland, M. de Haan Hettema sprekt yn 1838 oer ‘De uitkomsten van eene door hem gedane reis naar Denemarken, omtrent de overeenkomst van het Noord-Friesch met onze Friesche taal’. As yn 1840 dr. Karl von Richthofen syn beide mânske wurken Friesische Rechtsquellen en Alfriesisches Wörterbuch forskine lit,
is dat suver pynlik foar de Genoatskipsmannen dy't mei har boarne-utjeften noch net rjocht rie witte. De Dútskers bringe de Ald-Nederlânske skatten foar it ljocht en nou de Ald-Fryske skatten ek al, ‘die, als een erfdeel der vaderen, door ons in de earste plaats hadden behooren te nutte gemaakt te worden’.
De iennichste Fries, dy't de Dútskers noch wol hwat leare koe, wie Joast Halbertsma, mar ody stie fansels altyd apart. Hy hie gâns niget oan de Aldgermaenske talen, oan de dialektstúdzje, oan de praktyske fonetyk; dat hie syn âldere freon en mei-frisiast Albert ten Broecke Hoekstra (1765-1828) nammers ek al. Jacob Grimm wit fan beide mannen en hat mei Joast Halbertsma fan 1830-1858 briefwiksel. Sawol Grimm as Halbertsma is mearkeforteller, folklorist, leksikograef; beide wike hja net maklik foar in autokratyske oerheit; beide hawwe de folksdeugden bysûnder heech; beide witte it geny fan Bilderdijk to wurdearjen. Mar al is Halbertsma folle better ynformearre as de Genoatskipsmannen, de lêsten is de sucht fan de romantyk nei it alomfiemjende, synthétyske en harmonisearjende dochs net frjemd. Fryske stiídzje is foar harren alteast yn prinsipe gjin pielderij, mar gearfetsjende wittenskip en sels libbensskôging. Op har wize hawwe hja Germanistyk bidreaun, net safolle minder en earmoediger as earne oars yn Nederlân. Oft it om rjochtsboarnen, om mounlinge oerleveringen of om mythology giet, om folksmearkes, byleauwe of sede, hja sjogge it as de greate learmaster Jacob Grimm allegearre yn de organyske ienheit fan it folk, de ienheit foar hwa't de folkstael de hertslach is. It kin net bêst oars; by sa'n visy leit der gauris in dizenige mystyk om 'e hoeke fan de doar en de sabearewittenskip en galaarde kwaksalverij is dan ek min to kearen. Jan Gerardus Ottema hie al trêddelieu wurkjend lid fan it Ge- | |
| |
noatskip west doe't er mei it Oera-Linda-Bok foar it ljocht kaem. Untspoaringen diepe har nammersto gauwer foar, om't yn de Romantyk de wittenskip, de literatuer en de politike aktualiteiten wûnder ticht by elkoar lizze kinne. Konservatisme en rebelske sip leine by Grimm en Halbertsma, mar ek by party Genoatskipsmannen frjemd trochinoar mjukse. Allegearre moatte hja neat
hawwe fan it yn de 19de ieu klassike lân fan de révolúsje, Frankryk, fan de Frânske wyn, fan de Frânske strikerij. As W. de Jong, Jacobsz. de fyfte jiergong fan de Friesche Volksalmanak (1840) in fers mei op reis jowt, kin er it ek net litte:
‘Doe't liefde voor een van de deftigste talen,
Het Friesch, zoo welluidend, zoo krachtig, zoo schoon,
U soms haar beminnaars op proeven onthalen;
Spreek zelden' t; - te hard is voor velen haar toon;
Zij wijkt, met haar volle, haar rollende accoorden,
Bij dezen, voor Gallia's windrige woorden’.
It forwyt, dat faek tsjin Jacob Grimm rjochte is, syn Andacht zum Unbedeutenden, is ek it Genoatskip net oan ûntkommen. It Frysk Selskip fan 1844 wist dêr ek fan. Harmen Sytstra en Tiede Dykstra lykje de echte romantici, mar is Waling Dykstra mei syn In doaze fol âlde snypsnaren, syn Uit Friesland's Volksleven en syn Friesch Woordenboek net in uterst kundich en warber learling út de Grimm-skoalle? It is de hiele Fryske biweging en literatuer fan de 19de ieu om de ‘folksgeast’ to dwaen. As Wopke Eekhoff in wiidweidige ynlieding skriuwt by de earste jiergong, 1836, fan de Friesche Volksalmanak, - de provinciale almenakken rite fan 1835-'38 as poddestuollen út de groun -, jowt er dêryn suver in konfessy. ‘Zoo er eene provincie van Nederland is, wier bewoners zich bijzonder door eenen provincialen geest, door volkszucht of nationaliteit kenmerkten, dan is het Friesland’. De skiednis is net it oardiel oer, mar de rjochtfeardiging fan it Friezendom. ‘Dat karakter, die liefde tot het vaderland, en dat hooggestemd volksgevoel, waren de waarborgen van de burgerlijke en staatkundige vrijheid, welke hier, zoo het scheen, sinds eeuwen haren zetel had gevestigd, en, als het voorwerp van den nijd van ijverzuchtige naburen en veroveraars, dikwijls werd aangevochten en meermalen met heldenmoed verdedigd’. Rom, deugd en gloarje fan de âffaers lizze ús forplichtingen op. Troch it hanthavenjen fan ús selsstannichheit kinne wy ‘een’ hechten dam opwerpen tegen den stroom van dien wuften tijdgeest, welke lacht met karakter en spot met beginselen’. Oerdriu- | |
| |
wing lykwols is forkeard. Wy binne nou diel fan Nederlân en dêrom ‘zijn wij thans verpligt, de algemeene belangen meer te behartigen en tot de welvaart van het geheel bij te
dragen’. Oan Hollân hawwe wy ek folle to tankjen. De plichten komme sa fan wjerskanten. ‘Een zoodanig bestuurde gewestelijke geest, die gegrond is op de natuur en de ligging van de bodem, op de geschiedenis, op de taal en de zeden des volks, zal alzoo eenen vasten steun voor Nederland zijn, zoolang een algemeene geest denkbeeldig is’. Sa tinkt Wopke Eekhoff der oer en ek hjirre is er in echte Genoatskipsman.
As it trijetal Dykstra-Sytstra-Van Loon him yn 1844 biwust en ûnbiwust tsjin de âlde en deftige mannen forset, wit it net heal hoefolie it oan syn foargongers forskuldige is. Yn wêzen is har hiele ‘idéology’ al yn de Genoatskipskeamers klearmakke. Harmen Sytstra hat oan M. de Haan Hettema mei syn Iduna-stavering to tankjen en noch wol mear ek. Alinne omdat it trijetal minder ‘stân’ hat as de Genoatskipslju, hat it mear ‘folk’. Mar fan dat folk makket it dan ek suver in religieuze kategory.
Juist, septimber 1963.
|
|