En keile de ierdkleat yn 'e hel?
Klearder noch is dat to sjen, as men de slotrigels fan it prachtige natuerfers Midsimmer mei dy fan Groun en minske, in fers mei min ofte mear itselde grounthema, forgeliket:
Fûl strûst jong libben oer it stoarne hinne
En ivich stiet it strieljend evenwicht. (bls. 32)
De finger dy't de glêdde kerl forkromle
Hat bloed en trien fan tûzenen towreaun. (bls. 66)
Twaspjalt, twivel oan de minske fan goede wil, oarlochseangst, protest tsjin it minsklik tokoart en eigen lotsbistimming, dat binne sa in pear eleminten, dy't it lettere en ripere dichtwurk bihearskje. In irony en relativearringsdriuw wurde de dichter eigen dy't men út it jongere wurk suver net ken:
De ein bireizgje fan it lokjend pinsioen
En skielk mei hearen fan de Fryske Akademy
Sa freget de takomstige direkteur fan dyselde Akademy him ôf yn in fers dat Tusken twa kilometerpeallen hjit. Hjir skuort de wiere dichter efkes oan 'e stringen. It binne rigels dy't Obe Postma skreaun hawwe koe, al soe er se mei noch mear forsluijere spotskens omklaeid hawwe.
De lêzer dy't foar 1950 trou konsumint west hat fan Fryske poëzij, sil net oars as wiis mei dizze bondel Dúnsân wêze kinne. Mar hoe stiet it mei de jongeren ûnder harren? Ien fan ús jonge skriuwers, dy't ik nei syn oardiel frege, fornijde my dat dit wurk him like fier stie as de fersen fan 19e-ieuwers as Sytstra of Windsma. It wie foar him folslein forline tiid.
Men moat soks oannimme as in earlike útspraek sûnder rankunes. Dochs is Dúnsân foar gâns âlderen grif noch gjin stik literatuerskiednis wurden. Foar harren, dy't lyk as ik, dit wurk sa'n tritich jier folge hawwe, moat it in brok Fryske poëzij fortsjintwurdigje, dat plak en funksje hat yn in gehiel.
Lyk as sein sjocht de bondel der typografysk tige kreas út. De priis dy't de útjower hjirfoar takend is, wie sûnder mis oer alle boegen fortsjinne.