De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 343] [p. 343] Anne Jousma: Dreamkleed Hja seine my, dêr earne op in souder dêr lizze noch hwat doeken en hwat klean... Hoe lange jierren is 't al lyn, doe boude er dêrfan syn dream op. Hwat soe der noch stean? Aldgillis' keningsmantel en syn kroane, Idwine' wale en Thied har wyt mei swart, de harp fan Holder en de stêf, dy't oan 'e goe-biskop hâld joech... Hwat is dermei bard? De keningshal -, it wâld mei dûnkre stammen, de klinte fan de earme slachteman, de klean fan elfen en fan Fryske fammen: hwa makke 'r túchdoek faeks of barnhout fan? Túchdoek en barnhout - stof en jiske wurde de dingen, dy't ús tinken foarmen jow'. Mar 't wêzen fan de dream kin nea forwurde: it ken gjin hjoed noch juster, doe noch nou. Dêr op dy souder - mûlk, gie ik derhinne, forgeat ik alle soargen fan de dei - soe jin de kiel sa frjemd bisette kinne, as men it werfoun, sa't it roerleas lei: forgetten dreamkleed fan forgetten gloarje, fordroege blom fan Fryslâns brulloftsdei, forstoarne sang fan Fryslâns heltestoarje, lyk syn biswarrend wurd ús song en sei. Syn stof is boppe de Noardsé forsille: hy koe de wetten en hy woe it sa. Och, warje dizze lang forgetten, stille biklaeisels fan syn dream, dy't wy noch ha. [pagina 344] [p. 344] 18 Oktober 1953 - 18 oktober 1963 D it wie de dream, dêr't hy ús hert mei woun: O er Fryslân sil in nije maitiid strûze, U t de âlde stobbe sil nij sprútsel brûze, W y jowe ús krêft: ús bloed is jong en soun. E n heftich is de dreamblom iepenblet; K oart wie har dei, mar 't sied dat hat him set. A s dreamsied sterk, as dreamsied wûnder tier L eit it to wachtsjen, mar dit folk tilt swier. M ei leaden loften skouwe hjerst syn fleagen: A s stof ha hja him útstruid oer de weagen. Vorige Volgende