mar moatst sa mar tinke, in snein is gau om.
Op dat stuit toch ik net mear, ik helle myn knyft út 'e bûs en mei myn smoarge learzens oan fleach ik de gong yn. Hoe't it krekt wie wit ik net mear, allinne dat it my allegear read foar eagen waerd, as seach ik bloed. Mar foar de keamersdoar bleau ik stean, freegje my net nei it hoe en it hwat, ik wit it net mear... Ik wit noch wol dat ik oars neat tocht as: deastekke, deastekke! En likegoed gyng ik werom, as waerd ik keard!
Dy dûmny sei letter: jo binne foar in moard biwarre wurden, jo hawwe dat net oan josels to tankjen. Hy koe ek noch wolris gelyk ha, ik woe bloed sjen, yn it wylde wei der op yn stekke omt ik troch alles hinne wie... en dochs gyng ik werom... By de snikke smiet ik it iepen mes yn 'e feart, ik liet my yn e roef falle, alhiel oerstjûr en ynein, wurger as fan in wike dongkroadzjen... Né, ik kin net sizze hwat ik dy nacht meimakke haw.
Dy sneontojoun wie de lêste kear dat ik yn myn eigen hûs wie. Mei smoarge learzens yn 'e gong, oan 'e keamersdoar ta, fierder net...
Doe waerd it swalkjen mei de snikke myn foarlân, sneontojouns hoegde ik thús net mear foar de wâl to wêzen. Ienlik en iensum roun ik yn 'e live, kroade ik earne op 'e romte in fracht klaei op 'e wêl. Lokkick dat heit en mem it net mear meimeitsje hoegden... Noch kear ik it heit sizzen: Jentsje rêdt him wol...
Winters lei ik yn it eigen doarp foar de wâl. Thús kaem ik net, de snikke wie myn thús, oars hie 'k net mear.
Doe't it mei de skipperij op 'e ein roun, hierde ik it tichtset by de âld oaljemoune. Ik hie hwat beuzichheit en in ynstruijinkje, it measte hoegde ik net, ik hie goed fearn.
Nou moat ik it oare ek noch fortelle, hoe't de soan fan Herre Wibes by my kaem dat in great mynhear wurden is yn 'e stêd en dy't yn jildsaken sit. Nei lang oanhâlden forkocht er my stikken foar grou jild dêr't ik in hege rinte fan barre koe en it wie wisser as de bank. Twa, trije jier gyng it goed, doe koe 'k mei myn stikken de kachel oansette omt se gjin stûr mear wurdich wiene... Ja, Jentsje rêdt it wol... Dy fan Herre haw ik flokt mei skriklike forwinskings. Ierde en himel haw ik byinoar flokt, ik...
Doe is dûmny komd, ik haw him de planke wiisd, likegoed kaem er werom... It duorre langer as in jier, ear't ik in bibel oannaem... Né, né, ik ban der noch net, ik moat Brecht forjaen en myn bern, ik moat dy fan Herre de hân jaen wolle...