[Nummer 10]
Reimer van Tuinen:
Opbrutsen hus
Fuôrt mei de weeldrige toai,
troféën fan de lange reis:
- wie 't wierliken in pylger-tocht? -
mei 't sillich breidspear
en rju foarfaers, giet en strang,
- hwer keart dat jong forstoarn gesicht? -
fuòrt mei de bringst oan souvenirs,
't foarnaem brevet, de tearichheden
en ‘hjir sil Ik myn yntrek nimme’.
Gjin gloede mear, gjin brûnzen Wurd
oan d' ein fan ljochie dei,
gjin iepen moarn mei wynderjend gerdyn
en wite frede oan de dis,
gjin bliid' herkenning mear,
hwant it libbenslang liet
dat net einigje soe, net einigje koe,
naem in ein doe't de omsizzer gyng,
- hoe súntsjes doarren tadien waerden! -
en yn 't struwel forstoar it fûgelliet,
doe't de toanen sakken èn tsjusternis,
doe't alle klokken letten.
en de wanden stoarje nei neat,
forbjust're troch 't skriklik forried,
en de flier, skamtleas ûntbleate,
wit gjin ried mei it ljocht;
sjoch de finsters, sa holeagich,
en de kachel, sjoch hoe ûntdien,
|
|