as Amerikaen (Miller), Gryk (Kazantzakiks), Chinees (Brecht) en Switser (Dúrrenmatt) sjoen hawwe, mar dy't dochs yn it foarste plak in Fries bliuwt, wie yn de scènes, dy't de klimaks fan it stik bringe, to stereotyp om oertsjûgje to kinnen.
Ofsjoen fan it goede spyljen fan Akke Radsma as de âlde dame en W. Hoekstra as de learaer moat ik dochs wol ta de konklúzje komme, dat de werjefte fan in greate ploech amateurs fan in slim to spyljen stik as ditte wol in tal oansprekkende uterlike effekten birikke kin, mar yn in djippere útbylding fan dat stik tokoart sjitte moat.
Yn Opsterlân moatte de grinzen foar it gebiet, dêr't goede amateurkrêften út keazen wurde, rommer nommen wurde òf de kar fan de stikken sil him oanpasse moatte oan de mooglikheden fan it eigen spilersmateriael. Mei alle respekt foar hwat Jef van der Heijden birikt hat: mei massa-effekten kin it by stikken as ditte net ta.
Fan 't winter hat der yn Olterterp in petear oer de opfieringen op De Sweach west en dêr hat bliken út dien, dat der oer de opfetting fan hwat der spile wurdt en troch hwa ûngelikens tocht wurde kin. Ik haw ek fan 't jier net de illúzje, dat hja dêr tonei in oare koerts farre sille en ik treastgje my der mei, dat de Sweachster eksperiminten yn alle gefallen ta nijsgjirrige diskusjes liede.
Yn Jorwert binne de problemen net sa great. Hja kieze dêr stikken dy't foar amateurs spylber binne. Fan myn stânpunt bisjoen is dat dus forstanniger en foar de resinsint is it nofliker, omdat hy de spilers bioardielje kin nei hwat hja mooglikerwiis folbringe kinne. Jorwert hat ek de kontinuïteit fan de regy foar. De Sweach mei dan yn de rin fan de jierren regisseurs mei in biskate artistike erudysje hawn hawwe, it biswier is dat hja stik foar stik it ûnbilearde spilersmateriael wer hiel oars brûkten. Pyt van der Zee is net sa'n erudyt man, mar in iverige, biskieden wurker, dy't syn materiael ken, it yn de rin fan de jierren bislipet en op syn tiid ek wer fantasij genôch hat om net yn ien biskate rjochting fêst to rinnen. Syn resultaet mei der wêze; de ploech dy't fan 't jier Fanfarella fan Jan Naaijkens yn de oersetting fan Tabe Beintema spile hat, hat suver gjin swakke spilers, mar wòl in tal bêste krêften. Fan de ‘iepenloftploegen’, dy't wy yn de rin fan de jierren hjir yn Fryslân sjoen hawwe is dy't Jorwert op it stuit hat wol de bêste.
Fanfarella is in fleurich stik oer in Italiaensk doarpke, dat yn opskuor brocht wurdt troch in tal reizgjende artysten. It hie hwat yntelliginter ynelkoar set wêze kinnen, mar it hat genôch libbene tafrielen, humoristyske scenes en yn de dialogen fine geastichheden om jin yn it notaristún in moaije simmerjoun to bisoargjen. Tabe Beintema hat in tige knappe, natuerlike oersetting makke.
It stik is linich en feardich spile. Foar de rol fan Fanfarella wie net de bêste spylster keazen; dat wie sûnder mis Jetske Zylstra, dy't de kastleinsdochter spile. Teake Wagenaar, dy't ek yn foarige jierren al tige opfoel troch syn tipearringen, spile kostlik de rol fan de mislearre studint yn de theology.
Goede yndividuéle prestaesjes, mei as eftergroun massa-effekten, dy't yn dit stik, mei dit materiael en binammen ek yn it knappe dékor fan Stinus Veldkamp tige ta har rjocht kamen, hawwe de iepenloftopfieringen yn Jorwert fan 't jier ta in sukses makke.
PITER TERPSTRA