Twa kanjers fan stiennen, gjin wûnder dat dy Jo pleagen, sei er. Hy liet my in fleske sjen mei twa stiennen der yn. Galstiennen? It woe my mar amper oan. Nea hie ik earne lêst fan hawn en boppedat... wy wiene dochs ûnderweis nei 't stasion sa fris as in nút, beide. As it wier wie hwat dy dokter sei, moasten der foto's makke wêze, tocht my. Nou, dy woe 'k dan wolris sjen. Mar gekheit allegearre, soks kaem jin samar net ynienen ûnderweis nei de trein oer. In hertoanfal, in oerhael, ja, dat koe elk mooglik oerkomme, mar galstiennen...
De dokter fordwoun ûnderwilens en ek de suster gyng de keamer út. Ik waerd hwat slûch mar ynienen skeat ik mei in skok oerein, alteast foarsafier't ik oerein komme koe. In forskuorrende gedachte bisprong my: Hja hâldden my foar in oar, der moast in forwikseling west hawwe mei immen oars, of mei de temperatuerlist dy't, dat wist ik, op it fuottenein fan 't bêd hong. Hwat namme soe dêr op stean? Hwaens namme? Hawar, ek dat soe Irene wol ophelderje. Fannijs dûkte ik yn myn ûnthâld. Dykman, Van Hilten, de baes... de koffers, it winkelrút, de sjael fan Irene...
Der kaem in man yn 'e keamer, ik seach troch de teisters boei er hoeden op my ta teante, de hoed op 't bêd lei en him foardel bûgde om myn hân to tútsjen. Ik knypte de lippen stiif op elkoar om my net to forrieden, ik woe witte hoe't it fierder útpakke soe, mar stelde boppedat fêst dat it my net alhiel ûngefallich wie. Tagelyk siet der hwat yn dat my de huver oer de rêch jage, hwat lugubers, né, better sein, hwat makabers. Stel dat syn frou omkaem wie en my, grif in dûbelgongster, trocih it forwikseljen fan de tempkaert foar syn frou houd.
Hy stie wer oerein en seach grif dat ik de eagen net alhiel ticht hie, hwant hy sei: Dokter is tige tofreden, hast ek pine?
Mar dit is in for..., fierder kaem ik net. Hy lei my de hân op 'e mûle. Net prate, net prate... ik bigryp it wol fanke, sei er. En hy forfette: Dou bist se kwyt, it komt allegearre wol goed, soks moat syn tiid hawwe. Ast aenst wer thús bist...
- Mar eh...
- Net prate, as alles bliuwt sa't it nou liket, sei dokter, meije de bern joun ek efkes by dy sjen.
Ik skodholle, mar koe gjin wurd mear útbringe. Ik moast aenst mei de haedsuster prate, as er fuort wie; dit koe sa net trochgean...
Hy siet mar by my, myn hân yn sines, en glimke my bimoedigjend ta, lyk as de dokter. In skoftsje letter sei er: Ik meitsje it mar net to lang nou, dou sjochst my fanmiddei wer. Doe