| |
| |
| |
Jan Tj. Piebenga:
Wekkers mank sliepend folk
Op 'e drompel fan de romantyk. Blomlêzing út 'e Fryske skriftekennisse oer de jierren 1822-1836. Mei ynlieding en taljochting fan dr. Y. Poortinga. Utjefte: Laverman, Drachten, 1962. (Iduna-Rige, teksten út de Fryske skriftekennisse fan de njoggentjinde ieu, ûnder redaksje fan K.S. Katsma, dr. Y. Poortinga en G. van der Woude, nr. 1). Utjefte-rige Fryske Akademy, nr. 209.
| |
I
De greatste kwael fan dit boekje is, dat it to lyts is. Yn noch gjin hûndert siden wol it fan alles en noch hwat jaen: in oersjoch oer de breedte en in ynsjoch yn de djipte; in byld fan de ûntjowing en in karakteristyk fan de opnommen lêsstikken; de eftergroun en de foargroun; it forskaet fan stavering en taelgebrûk en de ienheit fan stribjen om yn en foar it Frysk in literatuer to skeppen. Dat rêdt gjinien yn sa'n koart bistek op en grif net as it oer sa'n wichtich tiidrek giet, in tiid dat der allerhande nij libben wekker wurdt en dat der neffens Fryske forhâldingen ynienen in oerfloed fan talint biskikber is. Gean mar oanstean en set safolle bisykjen en biwegen yn in foechsum histoarysk ramt to plak, as men foar de ynlieding mar acht siden brûke kin; as der foar de blomlêzing dan fiifentachtich siden oerbiiuwe dêr't de taljochtingen en forklearringen ôf moatte; as der fan de njoggentjin stikken, fan alve skriuwers, fijf fan Posthumus en trije fan Salverda binne; as men suver neat seit of sizze kin oer de steatkundige, de sosiale en de geastlike situaesje dêr't de fortsjintwurdige skriuwers yn forkeard hawwe. Poortinga syn tige lêsbere útiensetting oer de ynfloed fan de bûtenlânske literatueren en streamingen op de Fryske skrjften út de jierren 1822-'36 hinget tofolle yn de romte; hy ornearret blykber dat syn lêzers frijhwat fan dy tiid witte of ré binne der hieltyd in encyclopedy of hânboek op nei to slaen; hy jowt by de skriuwers dy't er nek foaren hellet net efkes it jier fan berte en forstjerren en it foarnaemste wenplak op; hy set ek net op ien side de Fryske boekpublikaesjes út dizze bigjinjierren ûnderinoar; hy komt net mei feiten oangeande en wurdearringen fan hwat daelks oan
| |
| |
1822 foarôfgien is, de Wassenbergh-skoalle en de bast primitive ynset fan de folksskriuwerij; hy skewielt ús net mei in listke fan jiertallen en data, - tsien, tolve, hie genôch west, - en mei de nammen en forskiningstiden fan blêdden, almenakken of jierboekjes. Hy makket ús ek net dúdlik of oannimlik hwerom oft er by 1836 de einstreep set; bie trije jier letter - De Vrije Fries, diel I, is der dan - of noch leaver fjouwer, fiif jier letter, as Harmen Sytstra en Tiede Dykstra mei har skriuwerij nei foaren komme, net folle mear eigenskip hawn? Hwerom is de folchoarder fan de opnommen stikken chronologysk, hwat meibringt dat Posthumus en Salverda har wurk oer it hiele boekje forspraet leit? Yn it Frysk en yn dy tiid dochs is de tiid fan publikaesje gauris in saek fan tafallichheit. Dat sa'n oardering mear mechanysk as histoaryskpsychologysk is, docht wol bliken út it feit dat Jan Gelinde van Blom en Wopke de Jong Jacobsz. net yn it boekje foarkomme, wylst hja der neffens har generaesje - de iene is fan 1796, de oare fan 1799 - mar ek neffens har aerd en har plak yn Frysiân dochs alhiel yn thúshearre. Beide wiene meiwurkers fan de Friesche Volksalmanak, dy't fan 1836 ôf elk jier yn it ljocht kaem. Van Blom syn satirysk fers De Broedbij hie yn de blomlêzing op syn plak west en hie it forskaet fan toanaerd greater makke; datselde jildt ek foar De Jong syn Metten Skroar, to Earnewâld, in luftich en linich fers dat wol yn de Fr. V. fan 1852 stiet, mar bêst folle earder skreaun wêze kin; en grif bie in brokstik út syn De Dominys hifke, mar follen to licht achte fan 1840 yn it boekje net misstien. Poortinga lykwols liket alles hwat fan tiidkrityk yn him hat safolle mooglik to mijen; it proazastik dat er fan mr. Jakob Roorda opnimt is net
ûnaerdich, mar mear fan de skriuwer syn tiid en syn opfettingen hie men weromfoun yn syn Ammeliet bye wielewale en syn Liet foar it earste bataillon Friesche Sjitterij, ney Bosch yn Noard-Braban tjeande, beide yn 1830 en apart útjown. Yn dit forbân to bigripen, mar net to forjaen, is it folslejne weilitten fan Tsjalling Hiddes Halbertsma, dy't yn 1832-'33 syn fiif nûmers fan De Roeker útbrocht hat; hwat hie men hjir graech in goed stik dêrút en binammen syn Sets en Tzjerk yn Snitser Merk sjoen; dat wurk bie it boekje minder topswier en ek minder wankant makke. Ik hie 't ek lije meijeu as de blomlêzing net mei in steatlik-forheven fers fan Posthumus, mar mei ien fan de réalistyske proazastikjes fan Sjoerd Simons Ypma fan Nijlân - berne yn 1746, skriuwer fan it skrjftke Boerevriesk út 1821 - bigoun wie. Om op 'e souder to kommen, moat men earst op de flier stean. Der is yn 1822 net
| |
| |
allinne in Gysbert Japiks-tradysje, mar ek in Waatze Gribbertsen Aagtje Ysbrants-tradysje; party ‘Wassenberghers’ hiene foar dy lêste ek grif wol in iepen each, sa't gauris blaken docht.
| |
II
Poortinga hat it yn syn ynlieding binammen oer de literaire ynfloeden dy't om utens wei op de Fryske skriften ynwurke hawwe; it wurdt in skôging dy't de titel fan syn boekje rjochtfeardigje moat. Hy giet dan ek flitich nea hwer't fan oersetting of neifoiging sprutsen wurde kin en hy fynt hiel wol forbannen, geastlike bisibbens, trochwurking fan de algemiene tiidsfear. Myn baswier is net, dat er dit docht, mar dat er dit docht en oars neat. Hy bisjocht sadwaende de Fryske skriftekennisse net yn har eigenheit, net yn har by alle breklikheit dochs aparte ûntjowing. Us skriftekennisse is net allinne mar dochs wol foaral in dielnimming yn de striid foar selsbistean; hja hat, alteast prinsipieel, faker in nasionale as in provinsialistyske kant. Hwat sil men biwege en set forgelikingsmateriael út de Ingelske, Frânske en Dútske literatuer njonken de Fryske skriften, lyts yn tal en skeamel fan deugd as dy binne? De skriuwers dy't it Frysk foar kar nimme, fine gjin tael dêr't hja fuort alle kanten mei út kinne en dy't har maklik smeije lit; hja fine gjin lêzers by hwa't it kritysk apparaet neffens winsk funksionearret; hja witte dat hja meastal in iepenbiere bioardieling misse moatte. It binne net sa'n bytsje dy't mei it forlamjende gefoel omrinne dat hja in ta weismiten kearde, ta forbastering biskikte en ta útstjerren doemde tael brûke. Frysk skriuwer wurdt men ek yn ús tiid net sûnder yn de antithese to stean en yn de kontramine to gean; as wy, dy't op syn minst oardel-ieu efter ús hawwe, dêr al fan witte, hoe soene de jongkeardels fan likernôch 1820 der net folle mear ta twongen wêze? Hja moatte wol hwat wylds of hwat révolúsionairs of hwat sterk-emosioneels of hwat iensums of hwat ellindichs oer har hawn hawwe. Fornimt men dat by al dy mannen om 1820 hinne faeks noch net, dan oppenearret it ham grif wol by it âlderwurden, dàn, as
safolle Friezen yngreven-Frysk wurde en it suver net mear yn de mienskip úthâlde kinne.
Op 'e drompel fan de romantyk wol literatuerskiednis jaen en de gearstalder wol literatuerwittenskip bidriuwe. Mar it is noch nea ien slagge, literatuer op harsels, yn klearebare isolemint to bisjen. It goede wurk is nea alhiel sûnder it minne to tinken. Alle wurk komt út in minske fuort, is mei tûzenen ûnsichtbere triedden mei syn tiid fan ûntstean forboun en oer
| |
| |
syn konsepsje hawwe likegoed ingels as duvels gear west. Mei oare wurden: de literatuer is noch mear de memorisaesje as de ynventarisaesje fan de kultuer. Dêrom moat men faek, om de literatuer fan in foarbygien tiidrek goed to forstean, ek folle witte, folle kanten sjen, folle libbens libje. Dy't mei Dante of Shakespeare of Goethe of Dostojewski goed yn 'e kunde komme wol, moat in wrâld doare to ûntdekken. Mar gjin ûntdekking sûnder skipsbou, goede navigaesje, brûkber wapenark; gjin geniet fan âldere literatuer sûnder it yngeande en om myn part akademyske ûndersiik. De sljochtwei bibellêzer kin it mier hawwe oan de foar him ûntagonklik lykjende theologyske wittenskip, mar ier of let kriget er dêr troch fortalingen, troch preken of troch diskusjes mei to meitsjen. Wurket de wittenskip sadwaende dochs op jins wurdearring yn, dat docht ek de morael, it byntwurk dat it libbensgefoel yn stân hâldt. It binne krekt de moralisten dy't har forsette tsjin de itige morael; de amorélen geane har gong wol sûnder praetsjes en litte de bisteande oarder graech wêze.
De ynlieding pellet hiel hwat greate nammen út oare literatueren, hiel hwat fielingen, stylfoarmen en streamingen, hiel hwat ûntjowingen en krises oeral. En fortrou Poortinga mar dat er dat bihearske en biskieden, mei kennis fan saken en yn kleare tael docht. Mar hy ûntkomt net oan it gefaer dêr't allegearre, dy't it partikularisme mije en it universalisme sykje wolle, foar bleat komme to lizzen. Tsjin syn sin isolearret er de Fryske literatuer dan dochs en wol yn it eigen lân en ûnder it eigen folk. Is dêr syn freze foar jiertallen, boeketitels, foar de tekening fan it literaire omskot yn ien wurd, út to forklearjen? Hwerre as just yn dit boekje hie in krekte typearring fan it Gysbert Japiks-feest fan 1823, hwer in ûndersiik nei de driuwfearren fan de stifting fan it Frysk Genoatskip yn 1827, sa goed op syn plak west? Forskate fan de alf skriuwers dy't hjir mei ien of mear fan har wurkstikken foar it ljocht komme, binne ek skiedskriuwer of filolooch of sels sosiolooch; hoe nou, hâldt dat oare wurk gjin nau forbân mei har literaire produksje, seagen hja sels de skiedingen wol dy't wy sa trou en faek sa domwei oanbringe? Hwerom is Poortinga net to gast gien by de tûke biskriuwer fan de 19de ieu, dy't hysels mei syn Spegel fan folkslibben (Estrikken, XXX, 1960) biwiisd hat to wêzen? Nou moatte wy hast wol leauwe, dat it weilitten fan Van Blom en De Jong en Tsjalling Hiddes en it ûntbrekken fan tiidskrityske skriften net by tafal of ûngelok bard binne. Poortinga hat tofolle it (modern-) literaire en to min it literair-histoaryske byld, d.w.s. de Fryske situaesje, op it each hawn.
| |
| |
| |
III
Tidens de Gysbert Japikshulde op 7 july 1823 yn Boalsert sjonge alle oanwêzigen steande: Seinj' uus kening, Heare. Oft al dy sjongers har lokkick field hawwe yn de Fryske en de Nederlânske situaesje fan dy jierren? Ut de kranten, út de Stads- en Dorpskroniek fan Wumkes oer dit tiidrek wurdt men it fuort net gewaer, mar in feit is dat gjinien dy't sjen koe doe rjocht syn moed hie oer de gong fan saken. Yn en nei de Frânske tiid siet der frijhwat jild yn Fryslân, mar it siet by navenant in lyts tal minsken. Elkenien klage oer de ekonomyske efterútgong, mar suver gjinien - of it moast de kening wêze - doarst nije wegen yn to slaen dy't ta forbettering liede koene. De bifolking fan in stedtsje as Starum wie yn tweintich jier op in treilde part ynkrompen en mei Hynljippen gyng it halt noch hurder. De frachtfeart, de fiskerij, en fangefolgen de skipsbou, wie yn djip forfal; allinne de jeneverstokerijen hiene it drok. Stoommasinen kamen earst let opsetten. De leanen wiene leech, de prizen heech. De wetterfloed fan 1825, dy't Fryslân skriklik teistere hat, makke de sociale omstannichheden noch minder. It oantinken oan de tiden dat in boerearbeider hjir trije stûren of in dûbeltsje deis fortsjinne en fan ierpels, roggebrea en minne kofje libje moast, is hjoeddedei noch net útstoarn. Der waerd sûpt, de húsfesting fan brede folkslagen wie striemin, de earmesoarch hie de oerheit it measte wurk mei. Omstippers en bidlers wiene der by't soad, net sa'n bytsje lytse poppen waerden to founling lein en út de greate stêdden yn it Westen bisochten de hearen it útskot nei it Noarden to fordriuwen: Frederiksoord en omkriten, Ommerskâns, Feanhuzen. De tastannen yn de tichthuzen lieten gjin biskriuwing ta; de Fryske keapman Suringar hat dêr mei inkelde oaren trou efteroan west. De provinsje moast it yn de nij-sintralisearre
steat gauris bilije, mar yn dy provinsje hie allinne de hegerein en de adel de leije. It koloniael bidriuw, dat gâns winst hearde op to leverjen, wie de fleur út; de Java-oarloch yn 1825 moat Nederlân sa'n fyftsjintûzen en dy dôfhûdige opstannelingen sa'n twahûnderttuzen minsken koste hawwe. De skieding fan it keninkryk, de ôfskieding fan België, like hwat biweging yn dit skiere en wurge libben to bringen, mar it bleau almeast by hwat pathétyske drokte yn de boppelaech. Kening Willem hold de foet lang stiif, twongen troch syn ‘Friese hoofd dat hem dubbel Fries werd’, Van Speyk waerd de nasionale helt en oan de retoaryske kriichslieten kaem suver gjin em. In pear jier letter is it yn de tsjerke, dêr't it al lang rommele hie, to
| |
| |
rêdden; de ôfskieding komt op en set troch. In fyn opmerker, de frijsinnige M.D. Teenstra, wit it wol to forklearjen hwat dêr yn Ulrum en Droegeham en sa geande is: it byleauwe stekt de kop wer op; it is de maetskiplike ellinde, mei de dwersens en demoralisaesje dy't der mei mank geane, dy't op it godstsjinstich gebiet in útwei siket; de forljochting is net oan de legere folkslagen ta kommen. En dat, wylst de Nutsdominys en de nije skoallen dêr sa foar yn 't spier west hiene; hie J.H. Nieuwold, de Fryske Pestalozzi, dan om 'e nocht skrept?
Fan dat allegearre is by de Halbertsma's, Posthumus, Van Blom en De Jong, by Roorda en Windsma wol it iene of oare wjerlûd to fornimmen. Hja binne ek net altyd blyn foar hwat om har hinne yn Europa om giet. It pauperisme, de wurkleazens as gefolch fan de yndustrialisaesje yn Ingelân, de forstedsking, de tanimming fan it greatgrounbisit, de eksploitaesje fan froulju en bern troch ûnbarmhertige wurkjowers, de lange wurktiden, it biheinen fan de regearmacht ta in foech tal foarname famyljes, de ûnderdrukking fan Ierlân, de sosiale lyryk yn it lân dêr't opstannige dichters as Lord Byron en Shelley it net langer bankje koenen, - party Friezen wisten der doe wol hwat fan. De fortretlike réaksje op de révolúsje yn Frankryk koe foar har ek net forburgen bliuwe; hja moatte faek mei argewaesje it royalisme, absolutisme en klerikalisme wer boppedriuwen sjoen hawwe. It alkoholisme en de wiidforsprate berneprostitúsje, de earbied by de riken foar troane en alter dy't allinne mar konservatisme wie, hja hawwe de graef de St. Simon ta maetskiplik herfoarmer makke en ds. Rinse Posthumus moat wol ien fan de earsten yn Nederlân west hawwe dy't oandacht foar him frege. Hat Eeltsje Halbertsma yn Heidelberg ek net fan tichtby de striid tusken de liberalen en de konservativen meimakke, wist er net fan Metternich's Eastenryk, dêr't de adel yn boun mei de kleasters it feodale systeem sa hurd mooglik forsterken, soed er sels net lid fan de Burschenschaften of fan ien fan de Landmannschaften west hawwe, dêr't it romantyske, Dútsk-nasionale sentimint as licht bierskom oer de glêzen roun? Heine en Von Platen rounen út it Dútsklân fan réaksje en sensuer wei, mar de Friezen namen graech fan de Dútskers har foarleafde foar sêgen en mearkes, foar folklore en folkssang, foar germaenske filology en
Schleiermacheriaenske gefoelsthéology oer. It mei dan in smelle boppelaech west hawwe dy't yn Fryslân yn de jierren 1820-'40 om in eigen literaire utering socht, dy mannen holden wol de finger op de pols fan de tiid; yn mannich opsicht wiene hja mear ynternasionael oriëntearre as letter kommende generaesjes
| |
| |
dy't fakentiids mear yn Nederlân opsletten sieten.
De eigenheit en de bitreklike greatens fan it tiidrek ± 1820-± 1840 yn Fryslân wurdt allinne dúdlik as men it nije lubben dat him dan iepenbierret as in ienheit sjocht. Dêrom mei men ek net útslutend omtinken jaen oan hwat yn it Frysk skreaun is; de Hollânske produksje fan hjir wenjende en wurkjende skriuwers hie doe ek faek in tige Fryske ynslach. It isolearjen fan de literatuer fan it politike en it geastlik-godstsjinstige libben fan dy dagen slút de doar foar it forstean fan hwat de skriuwers biweegd en ynspirearre hat. Dêrby moat men yn Fryslân, it mei himsels oan wêzende, altyd sykje nei de ienheit fan tsjindielen. De stifting fan it Frysk Genoatskip stiet hjir grif net folslein los fan de ôfskieding yn de Herfoarme tsjerke. As de tiidgenoaten doe de literatuer net allinne as in bilidenis fan eigen klachten en biswieren, dreamen en winsken, driften en langsten, mar ek as in striidmiddel yn it konflikt fan de mieningen sjoen hawwe, kinne wy mar net beare dat it om hwat geastlike boarterij op in iensum eilân giet.
Ek de ûndersiker fan de Fryske skriften út de jierren 1822-1836 mei de eagen net slute foar it wurk fan it Ljouwerter ‘taal-, geschied- en dichtkundig genootschap Constanter’, foar dat fan de Nutsman, Byronfreon en Grikehelper Robidé van der Aa, foar de histoaryske toanielstikken en dichtwurken fan mr. A. van Halmaël, foar biwyskes fan frisiofily of sels fan frisiomany by mr. J. van Lennep (De Roos van Dekama is fan 1836!), foar de útjowers-inisiativen fan G.T.N. Suringar, follenet-genôch. Dr. G.A. Wumkes mei dan to hurd en to gysten foarútdraefd wêze, hy wie dochs it goede paed ynslein doe't er acht joech op hwat yn it Hollânsk, mar faek ‘yn Fryske geast’, yn en oer Fryslân skreaun wie.
Yn syn Op 'e drompel fan de romantyk hat de kundige en bilêzene Poortinga tofolle it isolemint socht en dêrom is spitigernôch by de ynset fan de Iduna-Rige in moaije kâns forsomme. It boekje is fansels better as neat en de forsoargers fan de kommende dieltsjes yn dizze rige sille goed dwaen noch mear fan de tokoarten as fan de deugden fan Poortinga syn wurk to learen.
|
|