| |
| |
| |
Hugo Kingmans:
It Frysk museum en de aktualiteit
By it ôfskie fan dr. A. Wassenbergh as direkteur fan it Frysk Museum is yn alle toanaerden de lof songen fan dy ynstelling en fan in nou ôfsletten perioade fan persoanlik museumbilied. En mei rjocht en reden. Nimmen sil oanstriid hawwe en lêbje op de namme om fan in museum, dat mank ûs regionale musea ien fan de rykste en meast folsleine neamd wurde mei. Gjinien sil ek kapsje meitsje op hâld en wâld fan dr. Wassenbergh, dy't de samling riker meitsje en de kennis fan de kolleksje fordjipje koe en dy't boppedat nei de oarloch in bigjin makke mei in réorganisaesje, dy't op it stuit fier trochfierd is en de rykdom fan de kolleksje better útkomme lit. In moai foarbyld hjirfan is it opnij ynrjochtsjen fan de sulverkeamers, dy't gean kinne foar ôfskiedsgeskink fan dr. Wassenbergh oan syn museum. Dêrsa treft jin bihalven de pronk fan dy smeikunst ek de moderne oanpak fan eksposysje, dy't mooglik bliek to wêzen yn in âldstilich gebou en yn in hwat bilegere sfear. It Frysk Museum kin perfoarst jilde as in ‘institute’ yn 'e earfolle, Ingelske sin fan it wurd en as sadanich wurdt it grif ek troch de bisikers achteneard. Wol soe men hwat it bisiik oanbilanget in iepener polityk winskje: it liket psychologysk net yn oarder dat men oanskilje moat om der yn to kommen; it is noch minder yn oarder, dat men yn 'e gong ek skilje moat om wer de frijheit fan Keningsstrjitte en Turfmerk to krijen.
Hoe wiidweidich de kolleksje fan it museum ek wêze mei, yn ien ding sjocht men in tige sterke biheining: hja hat ntl. frijwol alhiel in histoarysk aspekt. It forhael fan de Fryske kultuer yn 'e romste sin fan it wurd kriget men dêr omstannich to hearren, mar it wurdt to abrupt ôtbrutsen. Nei 1900 is der neat mear, hwant dêr hâldt de kolleksje op. Fan in aktueel kultureel libben fornimt men yn it museum neat. Nou hoecht dat gjin bswier to wêzen. Men kin de kolleksje biskôgje as in ôfroune gehiel, dêr't fansels altyd noch wichtige histoaryske objekten ynpast wurde kinne, mar dy't as totaliteit dienmakke is. Dan soe it Frysk Museum allinne de skiednis tsjinje en as sadanich ûnmisber wêze, wylst it hjoed op in oar plak syn gerak krije soe.
Men soe it dêrmei folslein lykfine kinne, as op in oar plak yn Fryslân - leafst yn Ljouwert, mar byneed earne oars - de aktuéle kultuer bliuwend oanwêzich, manifest wie. Mar hjir sit de oast. Wol binne der de nedige útstallingen, dy't de gong
| |
| |
fan saken byhâlde, mar dy hawwe fanneed hwat flechtichs oer har. Hwat bliuwends is der net. Hwa't witte wol hoe't der yn Fryslân sûnt likernôch 1900 skildere waerd, kin op mear as ien plak foar inkelde stikken torjoehte, mar kriget nea in oersjoch lyk as datjinge, hwat it Fryske Museum yn 36 keamers oant 1900 ta by de dei lâns sjen lit.
Dat is foar Fryslân in iepen plak. Hjir moat nedich by sein, dat dy leechte wol oanfield wurdt. De provinsje stelt dêrom alle jierren f 2000 biskikber foar it oankeapjen fan Fryske byldzjende kunst. Yn it earstoan wie dy kolleksje bidoeld foar it organisearjen fan utstallingen op Fryske doarpen en yn stêdden. As sadanich hat de samling biwiisd in funksje to hawwen: by mear as ien gelegenheit koe men earne yn Fryslân de al oankochte wurken oantreffe. Troch de bank binne de doeken, de blêdden grafyk en de pear plastiken lykwols opslein yn it depot fan it Ljouwerter Kunstsintrum, wylst guon skilderijen in min ofte mear fêst plak hawwe yn 'e gearkomsteseal en de théskinkerij fan de Prinsetun. Mar it greatste part fan de noch mar foege samling sit ornaris forskûle en wachtet op oerbringen nei it Frysk Museum, dat op 't heden dêr alhiel gjin plak foar hat. Dat de provinsiale kolleksje skielk museumbisit wurde sil, stiet net yn 'e kiif. By it ynrjochtsjen fan Fogelsangh State as úthôf fan it Frysk Museum binne út it provinsiael bisit in mannich doeken nei Feankleaster forhuze. Dy hingje dêr hwat krap en ek hwat lykme-allinne, om't se losmakke binne fan jn noch oanwaeksende totaliteit, dêr't lykwols gjin fêst ûnderkommen foar is. En dat sil der pas wêze, as it Frysk Museum syn wjokken útslaen kin (oer de Turfmerk hinne nei de Kânselarij, sa't dochs it doel is).
By it negative motyf, dat men op 't stuit net of mar min op 'e hjchte komme kin fan de jongste ûntjowing yn 'e Fryske byldzjende kunst, komt dus in útsoarte positivenien, t.w. dat der oan in útbou fan it museum wol tocht en arbeide wurdt. Nou komt de fraech hôé't der oan arbeide wurdt. Hoe't der oan arbeide wurde kin mei in budget fan f 2000 jiers, in bidrach, dêr't men wier net fier mei springt. Men moat jin dêrom bisauwe, dat dit bidrach bliken die oer ûnderskate jierren to... great to wêzen. Der bleau jild fan oer. Dat jild is oan twaris ta brûkt foar it gearstallen fan kisten mei in karkolleksje fan Fryske ambachtskunst; se geane of sille by lânbouhúshâldskoallen en legere technyske skoallen lâns. It spansearjen fan jild hjiroan is yn bigjinsel net forkeard: hwa't der fan ûtgiet, dat de provinsiale kolleksje safolle mooglik yn roulaesje moat, skikt graech yn dat ek de ambachtskunst yn dy troch- | |
| |
tocht bihelle wurde kin en mei, nammersto mear om't de provinsiale kolleksje skielk mei alle wille ek goede foarbylden fan Fryske ambachtskunst fan hjoed-de-dei yn it Frysk Museum ynbringe mei. Mar it ûngelokkige is liket my ta, dat foar dy kisten gjin ekstra bidrach biskikber steld hoegde to wurden, om't der dochs jild oerbleau fan de op himsels wol tige skriele twatûzen goune, dêr't byldzjende kunst foar oankocht wurde mei.
Nou is de redenaesje fan de kommisje dy't oer it oankeapjen giet kleardernôch. Hja is fan bitinken dat der, nou't de kolleksje de hals sahwat hat en alle nammen dy't yn 'e bineaming komme omfettet, jierliks mar in bytsje oan to keapjen is. Sikerwier kin men net út alle romte tarre. En der is hwat foar to sizzen om hwat it wurk fan de jongerein oangiet kritysk en fjildhoeden to bliuwen: it giet op 't lêst om in museumkolleksje dy't net in bleat eksperimintéle ynslach hoecht to hawwen, sa't in eksposysjeseal dat barre mei. In museum hat útsoarte in oar karakter as in kunstseal, al binne de noarmen de lêste tiden frijhwat forskoud. Mar in bytsje moedich doaren sil der dochs by moatte, binammen as der toriede gien wurde moat mei in smelle beurs, op sa'n foet dat men mear oanwiisd is op jonge as op al biwoartele talinten.
It is foar my nammers tige de fraech oft men jin allinne biheine moat ta de byldzjende kunst fan Fryslân of - en dat bigryp is justjes rommer - fan Friezen, dy't al of net yn dizze provinsje wurksum binne. Dy't bouwe wol oan in kwaliteitskolleksje sil fierder sjen moatte. Der is yn wêzen gjin Fryske byldzjende kunst, as dy der de lêste ieuwen yn de biheinde sin fan it wurd ea west hat. Der is wol in byldzjende kunst dy't yn Fryslân ûntstien is en dy't past yn rommer ramt. My tinkt, dat men just dat ramt sjen litte moat. Dat der yn Fryslân - en lit dat to Ljouwert en yn it Frysk Museum wêze, mar dan as in selsstannich ûnderdiel dat syn eigen plak en teffens it gearhingjend forbân mei de hjoeddeiske museumkolleksje biwiist - in kolleksje wêze moat, dy't net to ing bigrinzge wurde mei. It giet hjirby feitlik om 'e fraech, hóé't it Frysk Museum útboud wurde moat. Dy fraech is op in oar plak earder dien en ek biandere. Men moat foar in antwurd fansels net wêze by de greate musea yn Hollân. Men kin it wol fine yn oare provinsjes en binammen yn Grins, Arnhem en Eindhoven. It antwurd is ûngelikens. It waerd dêr ynjown troch de pleatslike of leaver regionale situaesje. It mei faeks gjin kwea en bring hjir de trije útinoar rinnende oplossingen op it aljemint.
| |
| |
To Grins hong it museum twa kanten oer. It hie en hat noch oan 'e iene kant in bleat stedske en provinsiale kolleksje, dy't fan fierren net stringhâlde kin mei dy fan it Frysk Museum. Mar oan 'e oare kant wie der aldergeloks troch de goederjowske hân fan dr. Hofstede de Groot in weardefolle samling tekeningen en in lytse, mar moaije kolleksje skilderijen út de Gouden Ieu. It museum wie sadwaende èn histoarysk èn kunsthistoarysk - allebeide yn frij biheinde sin. Doe't yn 1955 Jos de Gruyter hjir museumdirekteur waerd, moast er útslútsel dwaen oer it biwâld dat er fiere soe. Hy liet doe de twa-dieling yn wêzen. Elke oanwinst foar de histoaryske ôfdieling en foar de goede porsleinkolleksje wie wolkom en foar dy kategory waerd ek wol oankocht. Mar it kunsthistoarysk aspekt foaral waerd aktualisearre. Dêr wie alle oanlieding ta: Grins hat yn 'e jierren tweintich fan dizze ieu it élan kend fan de kunstnerskloft De Ploeg, hwertroch de Grinzer kunst streekrjocht út it atelier wei oansluting krige mei it Dútske ekspressionisme, dêr't hja in regionale forabeiding fan sjen lit. De Gruyter samle dus yn 'e earste opslach it wurk út de goede jierren fan De Ploeg en joech yn syn museum tagelyk klearrichheit oer it ynternasionale forbân troch oankeap fan Dútske skilderijen út dat tiidrek. Op sa'n manier krige syn kolleksje in eigen wêzen. En yn it biheinde ramt, dêr't in provinsiael museum njonken de greate musea yn it Westen allinne al útreden fan efterstân en finânsjes altyd mei sitten bliuwt, boude De Gruyter dit byld fan binammen de ‘noardlike’ kunst fan ús ieu breder út. Mei fakentiids opmerklike útstallingen folle er fierders de kolleksje tydlingswei oan en by syn fuortgean nei Den Haech koe Grins merkbite dat dit museum in eigen
wêzen hie, dat it namme hawwe mocht en ek namme hie en dat it boarch stie foar alteast in net machtich, mar wol ynstruktyf oersjoch fan ûnderskate streamingen yn 'e byldzjende kunst.
It Gemeentemuseum fan Arnhem bilibbe syn opgong ek nei de oarloch. Foartiid hie it in histoaryske kearn, in bikende kolleksje keramyk en âld sulver en in oersjoch fan de Nederlânske skilderkunst. Yn 1935 waerd it forrike mei in rige doeken út de Haechske skoalle. Dat jiers waerd foar it earst in wurk fan in eigentiidske kunstner oankocht. Nei de oarloch gyngen se fierder dit paed op. Hjir ek mei in restriksje: de Gelderske kunstners waerd fierwei meast om tocht. Der wie lykwols ien bysûndere omstannichheit. Mank de yn Gelderlân arbeidzjende skilders hie in Dick Ket sitten, dy't gauris - al doocht dat net alhielendal - yn ien sike neamd wurdt mei de skilders fan it saneamde magyske réalisme, in rjochting dy't
| |
| |
yn 'e jierren tritich him tige warde. Om de wiidweidige en boeijende samling doeken fan Ket hinne boude direkteur De Lorm in oersjoch op fan dit magysk réalisme mei wurken fan Willink, Schumacher, Fernhout, Hynckes, Charley Toorop. Dizze kunst kin men ûngelyk oer tinke, mar it Arnhemmer oersjoch is represintatyf. It is dêr in spesialiteit. Yn Arnhem waerd boppedat, krektailyk as yn Grins, in aktive eksposysjepolityk fierd, hwerby't sterke foarkar to fomimmen wie foar de byldhoukunst fan de lêste ieu. Ek fan datoangeande krige it Gelderske museum in eigen plak.
Eindhoven hie rjochtoarsom yn it earstoan suver neat. It stêdlik Van Abbe Museum is der pas sûnt 1936. It hie in foege regionale kolleksje, mar dy wie lang net folslein. Nei de oarloch wie der net folle om op fuort to bouwen. Under it direktoraet fan mr. E.J.J. de Wilde (nou bineamd oan it Stedelijk Museum to Amsterdam) smiet it museum it oer in hiel oare boech. It waerd pas yn twadde ynstânsje in histoarysk museum, mar bigoun him foaral to ûntjaen hwat de aktuéle kunst oangie. Mei't it ommers ûnmooglik wurden is nou noch in samling âlde masters oan to lizzen - in kolleksje dy't hwat bitsjut is net mear to biteljen - socht de direksje it yn 'e kunst fan de 20e ieu. Troch gâns bisiik oan ateliers, gâns relaesjes en de needsaeklike moed wist mr. De Wilde fan syn museum in ynstelling to meitsjen, dêr't men mei de stikken op 'e hichte brocht wurdt fan de greate rjochtingen lyk as kubisme, De Stijl, de Parizer Skoalle en de Cobra-groep. It museum leit hjirtroch noch al hwat op mâlforneamde namme, mar it spilet in hiel eigen rol yn it museumlibben fan Nederlân, mei troch syn ûtstallingen.
Dizze trije oplossingen fan in fraechstik, dêr't wy tinkt my yn Fryslân ek foar steane - al wie it allinne mar om't skielk it Frysk Museum mear romte ta syn foldwaen krije kin -, biwize wol, dat der foar de aktuéle útbou fan in museumkolleksje gjin formule to finen is. Yn al dizze gefallen waerd to set gien neffens pleatslike motiven en mooglikheden. Mar op twa punten bliek in communis opinio to hearskjen: der waerd in gearfetting jown fan in biskate perioade yn ús eigen ieu en der waerd en wurdt in útstallingspolityk fierd, dy't út is op eksposysjes dy't troch tal en formaet gjin plak krije kinne yn 'e kunsthannel. Konkurrinsje mei de kunsthannel hoecht gjin sprake fan to wêzen (al kin men ûngelyk tinke oer de fraech oft in museum perfoarst in forkeapútstalling oanhelje moat); fan wikselwurking soe lykwols wól praet wurde kinne. Nimt men û.o. it hâlden fan útstallingen foar kar, dan hat it tige syn
| |
| |
foar, dêr in eigen romte ta to hawwen. Yn de trijs neamde musea binne it kiekt de útstallingen, dy't de fêste kolleksje wakker dwerse kneppels smite.
Hjir soe de twivelige fraech dien wurde kinne, hwerom't Fryslân - of krekter it Frysk Museum - him ek weagje moat oan de aktualisearring fan in eigene histoaryske kolleksje, dy't earne oars syn gelikens net hat. It antwurd kin koert om 'e hoeks: Fryslân hat in moderne kolleksje nedich. Ljouwert hat in kunstniverheitsskoalle krige, dy't him noch fierder ûntjaen moat, mar dan in modern museum bislist net misse kin. Dêr komt by, dat kunstskiednis aloan mear in fak wurdt by it middelber ûnderwiis. Dy gong fan saken kin men wiis mei wêze, mar Fryslân sil dit ûnderwiis ek stypje moatte troch útstallingen en troch in eigen kolleksje. It is tige moai, dat der jildlik prikken yn 't wurk komme sille foar ekskursjes fan learlingen fan de kunstniverheitsskoalle nei wichtige útstallingen yn Hollân. Dy stúdzjereiskes sille der wier wol bliuwe. Mar it is needsaeklik, dat dy learlingen ek to Ljouwert sels alteast min ofte mear op 'e hichte bliuwe. Allyksa is it in baes ding, dat kwekelingen ienkear jiers ûnder taforsjoch fan Openbaar Kunstbezit nei Amsterdam, Den Haech of it Krôller-Müller Museum op 'e Hege Feluwe ta meije, mar it is in útsje fan ien dei. De kunde oan in kolleksje yn Fryslân sels en in bisiik alle moannen oan útstallingen to Ljouwert of dêrby om soe folle mear útwurking dwaen. Mits dy kolleksje dan mar goed is en de eksposysjes kwaliteit hawwe. Just om dat lêste soe it de baes wêze, dat der ûnder de provinsiale kolleksje fan nou, dy't skielk museumkolleksje wurdt, in breder basis lein wurdt en dat har biheining, dy't ôf giet by wurk fan allinne Fryske kunstners, de wrâld út rekke.
Dat idé is nammers net ienris revolusionair, hwant it bjstiet al yn it Frysk Museum en krekt yn 'e skilderijeseal. Dêr hingje fansels de doeken fan Fryske skilders út it forline: de berneportretten, de lânskippen, stillibbens, bibelske tafrielen en de Oranje-galerij. Mar dêr hinget ek in Govert Flinck, dy't wol learling west hat fan de Ljouwerter Lambert Jacobsz, mar syn opgong makke yn Amsterdam, nei't er leerling west hie fan Rembrandt. Ut dy perioade is dan ek it doek fan Isaäc dy't Jakob seinget. Einliks hat dat skilderij dus al gjin forbiningen mear mei Fryslân. Op oare wize hâldt dat foar de Rembrandt yn 'e skilderijeseal. Jawis, it is in portret fan Saskia, de boargemastersdochter út Ljouwert. Fanwegen dat histoarysk aspekt is it Frysk Museum nei de oarloch oan dit skilderij slagge. Mar dêrnjonken - en nei myn bitinken dêrboppe - hâldt it
| |
| |
kunsthistoarysk aspekt: der hinget in Rembrandt en hoefolie Nederlânske musea kinne ús dat neisizze?
Wol men op dit nou noch smelle motyf fuortbouwe, dan binne der wis nije mooglikheden. Dan kin men yn 'e earste opslach ek wurk yn 'e kolleksje bihelje dat nei oanlieding fan in Frysk motyf makke is. Hwannear't ik yn it Gemeentemuseum yn Den Haech in moai skilderij hingjen sjoch fan Kamerlingh Onnes, dy't troffen waerd troch de haven en inkelde reade boeijen op Westskyige, dan achtsje ik it allinne mar spitich, dat Fryslân dat skilderij mist. Sa misse wy hjir ek de doeken dy't Jan Manker yn De Knipe en omkriten makke hat. Fryslân hat noch nea ûntdutsen, dat in bitûft grafikus as Ap Sok destiids inkelde suver rembrandtike etskes fan de Fryske lânsdouwe en fan Ljouwert - nota bene, dat ûnding fan in wettentoer by de Skrâns-oerwei, mar hoe moai etst! - makke hat, dat soe it dan mis wêze en keapje ek letter wurk fan Sok sines oan? Jan Wiegers hat as Akademy-professor gauris mei syn learlingen op It Amelân arbeide, mar hwat is der fan dat wurk ea oankocht? Of leaver: hwerom kochten se nea inkelde fan dy suver Japanske akwarellen oan, dy't Wiegers sels op dat eilân makke hat? It kin faeks noch. Forline jier slagge it tominsten noch wol, mar de kolleksje hat sûnt yn Dútsklân west. Mar as it wol kin, hwerom dan net? En hwerom ek gjin oan wurk fan Wiegers? Syn berteplak Oldehove leit yn Grinslân, mar hwat soe dat? By de Grinzer kunstners binne nammers ek Friezen, sa as Jan van der Zee en Siep van der Berg. Towyl der ek altyd noch in Gerrit Bennen is, út hwaens jongste, Amsterdamske perioade betten net to witten neat yn 'e kolleksje opnommen is. Mar dat tiidrek is wol to Grins en to Eindhoven fortsjintwurdige!
Sadré't men it mêd wider nimt, docht bliken dat der mear mooglikheden to réalisearjen binne as de jierlikse twatûzen goune lije wolle. Mar dat bidrach is dan ek in grypstehealstûr, grif neffens hwat de oare musea ta har foldwaen krije en dy ynstellingen kleije noch stien en bien. It sil, wol men wierijken hwat eigens en hwat fan kwaliteit birikke, sûnder mis fiifentweintich kear safolle wurde moatte. Hwant as men by it oan to keapjen wurk de Fryske ôfkomst fan de kunstner as bitingst farre lit, mar wol oanstiet op relaesje mei Fryslân, dy't dan bliken dwaen moai oan it wurk sels, dan soe der alles foar wêze en noegje foaroansteande kunstners hjirhinne om har eigen visy to jaen. Yn dat gefal soe de museumkolleksje in hiel apart oansjen krije kinne, wylst de bân mei Fryslân min ofte mear bliuwt.
| |
| |
Der is noch in oare mooglikheit. Dy leit yn in noch folle breder en om my ynternasionale opset fan de takomstige kolleksje fan út Frysk Museum. Yn dat gefal soe der fansels hieltyd wurk fan Fryske kunstvers en troch Fryslân ynspirearre byldzjende kunst oankocht wurde moatte, mar boppedat soe de oankeappolityk der op út wêze moatte en sjoch om nei bilangrike stikken bûten it biheinde Frysk-museale terrein. Sa't Eindhoven docht dus? Ja en né. Ja, om't it gean koe om deseide nammen en stilen en rjochtingen. Mar né, om't by alles, hwat ús museum dochs al fanwegen forsterking en útwreiding fan de eigen kolleksje freget, dy lêst to swier wurde soe. Wol leit der lykwols en dan foaral yn ús tiid in prachtige kâns yn it sammeljen fan de grafyk, nasionael en ynternasionael. Finânsieel is dat to dwaen, as elk tominsten ôfstapt fan dy ûnnoazele twatûzen goune. Hwat yn it Stedelijk Museum to Amsterdam mar in part fan de totale kolleksje is, soe yn it Frysk Museum it haeddiel fan de ynternasionale kolleksje wurde kinne. As der mar mei yntuysje en manmoedigens tapakt waerd, soe sa'n polityk op dit gebiet grif hwat eigens biskreppe kinne.
Oft dy kolleksje plus de oanwinnende en foar alderhanne útwreiding fetbere provinsiale samling ta har rjocht komme sille yn in Kânselarij-museum of dat der in moderner ûnderdak nedich wêze sil, stiet noch to bisjen. Wol wie it de baes en hâld by it planearjen nou al rekken mei de represintaesje fan de mear aktuéle ôfdieling. Allyksa hat it sin en lit op dit stuit yn jin omgean dat der komme moat in tarikkende útstallingsseal - dêr't Ljouwert om raest: greate eksposysjes wurde ôf fordield oer twa gebouwen òf bisnoeid -, fierders in aula en in projeksjeseai, dêr't ynliedingen mei dia's hâlden wurde kinne oer de rinnende ûtstallingen. En om it forlanglistke ôf to rounjen: in edukative tsjinst kin it Fryske museumwêzen njonkelytsen net mear sûnder en miskien net sûnder in museum-kofjekeamer.
|
|