De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 311]
| |
E.B. Folkertsma:
| |
[pagina 312]
| |
sa docht Bergstra sels net oars, mar nammersto skerper klearrichheit kriget it, hwer't it mei him op fêstsit. Hy sit en hoart oan in tsjoar. Hy kin net loskomme fan hwat him binearet: it idé fan in Fryslân en in Fryske biweging yn isolemint. En mart dat idé, it idé fan sa'n Fryslân en sa'n Fryske biweging him binearet, stallet er him it byld fan in ynteressante naty, dat him de romte jowt om dêrútwei it empiryske Fryslân en syn biweging kritysk bilangriker to meitsjen as se yn 'e wurklikheit binne. Dêrfandinne dy floed fan krityk, rinnend by beekfollen út 'e hichte wei del, krityk en gjin ejn, dy't de earme harker sawol blynslacht as meinimt. Kin sa'n stream sûnder beken, bitize yninoar om en sels tsjininoar yn? By Bergstra yn alle gefallen net. Yn dizze lêzing fan sines dochs rôllet de iene tsijnspraek oer de oare, en steane tsijnstellingen as rotsen yn it soal sûnder forbân neistinoar. De foarâlden krije it forwyt to hâlden, dat se Fryslân isolearre hawwe en dêr de neiteam it slachtoffer fan makke - ik lit yn dit forbân nou mar wêze, dat èn hwat it âlde èn hwat it midsieuske èn hwat it neifrijheitske Fryslân èn hwat it Fryslân fan 'e biweging oanbilanget, dy isolemintsfoarstelling fier by de wierheit fan 'e histoarje troch is - mar dat is foar himsels gjin biswier om it bihâld en de takomst fan it hjoeddeiske Fryslân ek yn isolemint to sykjen: in ûnpolityk kultureel. Hy aaskat it rjocht om yn it Frysk, dat er skriuwt of sprekt, it ynternasionale wurd alle romte en gerak to jaen, en tagelyk stelt er as nasionale eask, yn en ta it proses fan yntellektualisearring fan datselde Frysk sil der yn 'e eigen tael oer alles en noch hwat sprutsen en skreaun wurde. Krekt as jowt it iene by it oare gjin swier probleem, dat yn alle gefallen wol ris hwat lichte taljochting hoegde, dy't de lêzer lykwols net kriget. As de biweging har net allinne mei tael en ideéle kultuer, mar njonkelytsen ek mei dingen fan ekonomysk en materieel bilang foar Fryslân bimuoit, dan hoecht it lêste noch net forkeard to wêzen, mar hja moat al bigripe, dat hja dêrmei net yn nasionale sin dwaende is en dat it har sels fan har nasionale fisy en taek ôfbringe kin. Wurdt dy eigen, nasionale taek yn 'e biweging de lêste tiid al net fiersten to min biseft en bigrepen? En wer folget, krektlyk as yn 'e foarige lêzing oer selsbistjûr, it birop op it wysels! Fryslân moet it yn syn biweging net forwachtsje fan oare formiddens noch fan partijen noch fan it ryksregear noch fan 'e provinsje noch fan gemeentebistjûren, mar fan eigen krêft en partikulier inisiatyf. En dy formoanje hat sin, is altiten wer nedich, allinne net yn tsjinstelling, lyk as Bergstra se driuwt. Syn wysels! oerset as | |
[pagina 313]
| |
sûnder oaren, soe in ûnmûglik isolemint bitsjutte, in apartheitspolityk dêr't gjin apartheit is noch wêze kin. Ja, it is in toer fan komsa. De biweging hat gjin ynfloed, klaget dizze kritikus, mar as hja har op 'en paed jowt om ynfloed to krijen, dan stekt er har swiere speaken yn 'e tsjellen. Hja hat har folk foldedich to nasionalisearjen, as it mar binnen de ôffreding fan 'e ideéle kultuer, as it mar yn it biheinde, as it foaral mar bûten alle polityk bart. It mocht bikend stean, dat it Fryske folk dêrre, yn it ideéle, allinne bistiet en dat dêr syn ûntjowing en takomst biskaet wurdt. En sa wankelet Bergstra hieltiten war troch, fan 'e iene ein nei de oare. Dêrom net, hoecht dat niget to dwaen? Sa komt it, as men oer folk en biweging hinne kritisearret. Dan hat men gjin reélernôge groun foar jins krityk. Nammers, it is Bergstra allinne net, dy't dat docht; wy Fryske kritisi suver allegearre bikweadigje ús der follentiids oan. Yn ús idéalisme fergje wy it folk en de biweging net to min op hege dingen: yntelliginsje, fisy, forhef, avontûr, alluere, formaet, greatme, eigen karakter as skerp sniene runen, en jowe harren op it skeamele brea, dat hja fan soks sa'n ellindich bytsje hawwe. Mei dat dan net? Is it ûnreedlik en easkje in Fryslân yn sok in wiid en swiid bistean, en tidigje der op, en dream der fan, en treastgje derta oan? Wis mei dat, fanwegen de leafde, mar net sûnder it bigryp en de barmhertichheit fan it bitingst. Wy kinne net op 'e wjukken en yn 'e wide hege flecht litte hwat op of amper boppe de groun omflodderet. Ja, dat kinne wy bisykje, om gewaer to wurden, dat wy itsij mei ús krityk dêr yn 'e hichte allinne bliuwe itsij dat hwat it noch al weaget ús efternei to kommen nuver ôfsaeit en op frjemde plakken, dy't wy net op it each hiene, to lânne rekket. Wy mienden in heech idéalistyske mienskip to foarmjen, en wy hawwe yndividualisten oanset, ynteressante maten lichtwol, mar mei hwa't it mar wif ôfwachtsjen is, of't hja fan eigen tael en folk en saek noch wol forlet hawwe. Hwant as in Fryslân, sa fol deugden, nou ris genôch fan syn deugdsum sels krige en Starter, dy avonturier, efternei de wide, hast sa deugdsume wrâld net ynswalke? Yn alle gefallen, om it folk en syn biweging is it to rêdden, en dy kinne, hoe fortrietlik dat yn follen ek wêze mei, net sûnder in krityk, dy't har bigrypt yn har réeel, empirysk bistean. As it tominsten in effektive en fruchtbere krityk wêze sil, dy't harren út gâns in idéalistyske distânsje wei net foarbyfart. Hja hawwe hwat oan oanspraek sa neiby mûglik yn eigen hûs en op eigen hiem; fóár alles hawwe hja oanspraek fan neden op hwat harren dêrre skeelt. En dat binne, Fryslân oanbilangjend, | |
[pagina 314]
| |
hiele sljochte dingen. Hwant hwat moat in folk mei biswarringen ta greatme en skientme, as syn bilangen fan eigen tael, kultuer, karakter en mienskip, sa't it dêrmei troch 'en dei reilt en seilt, it sleau wei nei it sin lizze? Hwat in biweging, ûnder hwaens great gros it tjirmet fan flauwe oertsjûging en aksje en striid, sagau't it op 'e eigen saek oankomt? Sokke biswarringen wjerljochtsje fan fierrens yn 'e kimen del. Wy Fryske kritisi sizze Fryslân hege en wiere dingen folle gjin genôch, mar hja binne wier op in feilige distânsje. Hja binne sels réeel, mar wurde it net op it sté dêr't hja it wêze moatte. Fiersten to min komme wy ta de earste fraech, en weagje it net, dy ús folk, ús biweging en ússels sa réeel mûglik foar to hâlden. De earste fraech: dizze, of't wy Friezen mei biweging en ússels en al noch wol in folk en naty binne. En de twade, like earst: of't wy Friezen, elk op syn plak, ré en yn steat binne om yn hiele deistige trou oan 'e Fryske saek, in trou sûnder frijbliuwendheit, de twivel oangeande Fryslâns nasionael bistean leagen to hjitten. Nou is Freark Bergstra ien fan 'e inkelen mei each foar de needsaek sawol as foar it gefaer fan dy fraech. Allinne, troch syn ûntwyk yn in yntellektualistysk idéalisme, dat syn réeelpsychologyske kennis fan it folk yn dizen spint, kriget hja de primaire en swiere jilding to sines net, dy't har takomt. Dat docht net allinne bliken út syn perspektivysk eachweid fan in Fryslân op distânsje omheech, mar likegoed út syn, alteast yn dizze lêzing, forsmelle sicht op in dochs neibyer Fryslân hoarizontael. Hoe mei hy der by komme en lit yn 'e foarbyflecht de namme yntegraesje falle, sûnder har saek yn it probleem, dat him dwaende hâldt, fierders to biheljen? Wylst dy moderne yntegraesje, sa't hja net allinnich út Hollân en Nederlân, mar hwat langer hwat tichter en sterker út 'e wide wrâld wei troch it hiele Fryske libben lûkt, dochs krekt de greate, gefaerlike konfrontearring en útdaging foar Fryslâns nasionael bistean is, it pleit en de wraksel swierder as ea, dêr't yn útmakke wurde sil, of't Fryslâns folk, yn it ideéle sawol as yn 'e réaliteit, nasionael bistiet, bistean kin en bistean sil? Hat it dan ek sin, de Fryske biweging in eigen taek to wizen sûnder sa'n kardinael probleem der yn to biheljen? |
|