retprogramma Se moatte it mar witte. It is in great sekses wurden. De nûmers binne float, origineel, geastich, gauris forrassend. Rients Gratama syn konference siket it net bot yn de aktualiteit, mar wol yn lytse, fine grapkes, yn wurdboarterijen. Gratama forstiet in kunst, dêr't party dûmnys yn ús tiid jaloersk op wêze kinne, nammentlik om it greate publyk fêst to hâlden en dochs de yntellektueel net to forfelen. Binammen as de boer, dy't der efkes fan dreamt dat der oalje of gas yn syn lân foun wurdt, lit er yn de Fryske kabaretwrâld hwat unyks sjen; dat er in oare kear biwiist, Tetman syn learskoalle net forgetten to hawwen (byg. yn De nozems fan Menaem) en dat syn tipearringen jin soms efkes Jarich de Vries yn it sin bringe, is it neat minder om. Jetske Zylstra wit yn dit fleurige programma har kânsen wol to brûken, Baukje Felkers is enthousiast en hat oanliz, Cor Hoekstra kin yn alle gefallen tipearje en lit jin oer oare kwaliteiten noch yn it ûnwisse en Cor Huisman hat fan de gelegenheit gebrûk makke om foar it earst nei in jiermannich wer ris hwat nije eleminten yn syn muzyk to bringen.
Suver it hiele programma fan Rients Gratama bringt humor en fleur. Mar it kabaret hat ek hiel oare fasetten: de lytse mimering, it sentimintéle lietsje, de filosofij, de bitterheit. De wikseling fan dizze eleminten mei humor en fleur is de sterke kant fan Tetman de Vries syn nij programma, dat de hwat tradisioneel oandwaende titel Fan snúfdoaske oant nylonhoaske hat. Foarbylden fan tige goede kabaretteksten binne Tsien jier letter en Hwat bod! Floate, sjongsume lietsjes as O, heit... en Se kinne ús neat mear leare binne der njonken it filosofearjende Ek de jeugd hat syn oantinkens. Né, de tsjinstelling ‘âld en nij’ is nou lust net in fynst, mar it is Tetman de Vries slagge en bring op dat âlde thema in goed programma.
Nou't it selskip in fornijing ûndergien hat, soe it lykwols net forkeard wêze en lit tonei sokke hwat al to âlderwetsk wurden oertinkings as de prolooch (Utarbeide yn de greide) en ek de swiete plaetsjes dy't Stinus Veldkamp dâr as dékor by makket, mar wei. Tetman, dy't dit earste nûmer sûnder folle oertsjûging bringt, is wol betten teksten treast en ek Veldkamp hat wol hwat oars yn de marse. Mar fierder is it by Tetman syn selskip yndied oan in weardefolle fornijing takommen. Dat syn broer Jarich, ien fan de bêste en populairste kabaretiers, dy't Fryslân hat, der mei ophâlden is (al sil ek hy it op 'en dûr wol net litte kinne) is spitich. Dat dit ôfskie der ta laet hat dat Klaes Westra, dy't sa njonkenlytsen in bytsje weiwaerd, nou de Fryske sealen wer bireizget, is oan de oare kant in ding om wiis mei to wêzen, hwant ek hy kin der hiel hwat fan. Dat Mien de Vries-Ganzinga bleaun is, hoecht jin ek wier net to muoijen; hja hat yn it nije programma in pear treflike nûmerkes, dy't de alsidichheit fan dizze artyste útkomme litte. Fan de nije manlike krêft, Leo Dykstra, is it min to sizzen oft er op 'en dûr yn dit formidden syn plak fine kin; in soad talint hawwe wy sa op it earste each by him net ûntdutsen, mar lit ús by dit debút dan mar de kleminsje tastean. Tetman syn beide dochters, Anneke en Leny de Vries, hawwe dy kleminsje perfoarst net nedich. Wy hawwe hast nes in debút sjoen, dat sàfolle routine en fakmanskip suggerearre. It great wurden yn in artystehúshâlding liket dochs wol hwat foar to hawwen.
It selskip Roel Nijboer komt foar de twadde kear mei in kabaretprogramma. It journaliste-kabaret wie forline jier, binammen hwat de teksten oanbilanget, in hwat meager bigjin; by it nije programma In boek fol bjusterbaerlikheden liket gâns mear opset to wêzen. De