De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 288]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 289]
| |
dan in blfrijing noch foar sin. Ik skriuw dit lêste altyd noch ta oan it net witten fan de réaliteit. Wol hie dizze sneontojoun mei frjemde militairen yn 'e stêd hwat sensasioneels, mar sensaesje hat my nea it measte lutsen. Wol hawwe guon foarfallen út de oarloch my folslein bihearske, lykas de fusillade fan de twaentweintich to Dokkum, mar dochs is de tragyk my foar it meastepart ûntgien. En hwat jin ûntkommen is, is net yn in rekonstruksje oan to fielen.
As apart nûmer fan De Gouden Tiid, orgaen fan de Kristlik Fryske Jongerein, is der in bondel forsetsliteratuer útkommen, dy't nei alle gedachten wol in totaelbyld jaen kin fan de Fryske forsetsliteratuer, al bliuwt de foarming fan in totaelbyld altyd ûnderdienich oan in persoanlike smaek. It trochlêzen fan dizze bondel ropt ek ûnderskate reminisinsjes op, al binne dy folslein oars as by it lêzen fan oarlochsjournalen en dokumintaesjes. By it earste is it forhael makke, by it twade makket men it sels. Njonken dizze simplistyske hypothese binne der noch oare faktoaren oanwiisber, faktoaren dy't men net yn it algemien stelle kin, mar foar de Fryske literatuer wol biskiedend binne. Der leit yn it foarste plak in to greate distânsje tusken de feitlike oarloch en de wjerslach yn de literatuer. Sok in distânsje sil der altyd bliuwe, mei't de biskriuwing it feit net opheft en oarsom. Mar namsto sterker jildt dat foar forsetsliteratuer. Literatuer stribbet nei stilearring en net yn it foarste plak nei konkretisearring. Literatuer kin ûntliend wêze oan de werklikheit, kin basearre wurde op feiten, mar kin ek wêze in willekeurige gearfandeling fan feiten, it kin stean op de grins fan dream en werklikheit, it kin skreaun wêze mei hallusinaesjes. Ek forsetsliteratuer hat dy romte, frfjheit en biweechlikens. Dat nimt net wei, dat út it totaelbyld fan dy literatuer dochs in werklikheit nei foaren springe moat, in werklikheit dy't net yn it foarste plak it feitlike werjowt, mar de eftergrounen fan de oarloch en it forset, via in skerpe psychologyske tekening, mar ek binammen via in yngeande en krityske manier fan skriuwen. En dêr rit by it Fryske forsetsproaza de oast. It is to oerflakkich, it hat krekt in fordjipping to min en dan doel ik binammen op skriuwers as Ulbe van Houten (Ein fan 'e mars), Marten Sikkema (Episoade) en Geart Jonkman (Fusillade). Dit proaza is ûnwerklik, it is esthetysk oarderjen fan in dusoarder en krekt dêrom in mistekening fan de chaos. It bêste foldocht noch it wurk fan Freark Dam (Souvenir) en Reimer van Tuinen (July 1944). De earste binammen om syn boartlik en suggestyf skriuwen en de twade om syn irony, syn | |
[pagina 290]
| |
strak en saeklik skriuwen. Reimer van Tuinen hat him yn syn forsetsliteratuer net forliede litten troch literaire esthetika, mar skriuwt soms suver abrupt. De forsetsliteratuer fan Dam en Van Tuinen is lykwols opboud mei autobiografyske eleminten, binammen foar it proaza fan Reimer van Tuinen hat dat sa wichtich west, dat hy oars faeks gjin forsetsliteratuer skreaun hie. Ek by it trochlêzen fan dizze bondel docht bliken dat de Fryske literatuer neijer oan de romantyk as oan de réaliteit leit, en dêrom wurdt my it byld dat ik sykje fan dy oarloch ek net dúdlik út dizze bondel. Dêrfoar is dizze lektuer miskien tofolle forsetsliteratuer en tomin oarlochsliteratuer. Dit wurk is net yngeand dwaende mei in problematyk, it is net skreaun mei psychologyske visy, mar dit wurk is frontael yn it forwar, suver doktrinair. It hat in felle ôfkear fan de dútske bisetting, dy't faken troch de distânsje fan de tiid noch feller wurden is. It forhael fan Rink van der Velde heart net by de forsetsliteratuer, om't Rink van der Velde it - lykas ik - fan de rekonstruksje hawwe moat. It forhael Bifrijing is in ympresje, dat yn dizze bondel betten efterwege bliuwe kinnen hie. Hwat de poëzijbydragen yn dit boekje oanbilanget binne de fersen fan Freark Dam fierwei it bêste. En dêrnjonken it wurk fan Douwe Tamminga. By Dam is it binammen de essinsje fan de poëzij, dy't jin oansprekt. Yn dizze fersen komt it werklikheitsgehalte fan de forsetsliteratuer foar it ljocht. It wurk fan Douwe Tamminga sprekt binammen oan troch de technyk. By ien fan ús deaden en Wellebrêge dogge jin oan balladefoarmen tinken. Bihalven in fers fan Fedde Schuren, Sjoerd Spanninga en Anne Wadman, hat dizze samling ek gjin literaire pretinsjes, mar it is lykas Freark Dam yn syn ynlieding seit: hja drage ûnmiskenber it teken fan it libben. En sa stiet der ryp en grien yn dit boekje; it totaelbyld fan de Fryske forsetsliteratuer, dy't foar in great part ûnstien is út de emoasje, út de haet, út de twivel om it hert rommer to meitsjen. Hwat jin yn dizze bondel tige opfalt, is dat der yn haedsaek ien generaesje nei foaren komt. Geart Jonkman, Marten Sikkema, Freark Dam, Anne Wadman, Reimer van Tuinen, Sjoerd Spanninga en faeks mei ik de figueren Kees Meijer, Aldert Deelstra en Kees Jongsma der wol oan tafoegje. Dizze generaesje hat yn it foarste plak it meast aktyf konfrontearre west mei de oerhearsking. Yn harren wie faeks de Sturm und Drangperioade noch net ienris bilune. Wichtiger is, dat krekt dizze figueren mei it útbrekken fan de oarloch op 'e miet stiene om in nije generaesje to foarmjen. En krekt dy generaesje- | |
[pagina 291]
| |
foarming foel gear mei de oarloch, dy't harren literaire idéalen tobriek en it liet makke ta in marsbifel. En sa is dizze generaesje mei de oarloch en it forset kommen to stean en yn de frijheit, de iepenheit, hweryn de idéalen ynienen in folle greater romte en perspektyf krigen yn losse yndividuen ûtelkoar fallen, om't der gjin bining wie. De bining fan dizze generaesje wie de oarloch en it forset yn de literatuer, al hat dat proses him dan ek yn haedsaek nei de oarloch útspile. Likegoed hat dizze generaesje - dy't neffens Wadman tusken de wâl en it skip fallen is - foar de ûntjowing fan de Fryske literatuer fan greate bitsjutting west, al soe it allinne mar west hawwe ta kampfoarming tsjin it nazisme. It bliuwt lykwols in opfallend forskynsel dat de âldere generaesje dizze oarloch min ofte mear oan har foarby gean litten hat. Freark Dam seit yn syn ynlieding dat hy mei de forklearring, dat hja yn dy snuorje hwat betters to dwaen hiene, in stik hinne frede hawwe kin. It fers By ien fan ús deaden fan Douwe Tamminga, brocht my ynienen wer yn 't sin dat wy simmers tusken de twa setten yn de Ealsumer feart swommen. Twa-trijeris yn 'e wike kaem der dan in mynhear út 'e stêd dy't fan it set ôfdûkte en ús mei greate slaggen foarby swom. Soms klattere hy by ús op it houtflot, doek wer yn it wetter, mar hy bleau in ûnbikende foar ús. Mar fanwegen syn greate prestaesjes yn it wetter haw ik as hountsjeklauwer him altyd in stille hulde tatocht. Mar letter misten wy him. En ik foun it prachtich dat in soldaet hângranaten yn it wetter smiet, sadat der in poddestoel fan wetter omheech kaem. Ik garre de hulzen dy't de soldaten yn it fjild efterlieten. Mar dy frjemde mynhear kaem net werom. En folle letter waerd ik gewaer dat it Johan Joseph Erich wie, oan hwa't Douwe Tamminga in in memoriam wijd hat. Sa wurdt oeral wer it forline iepenskuord en is der rounom it wjerlûd fan it forwar.
It wurk dat yn dit boekje byelkoar brocht is, hat fan de twa gearstallers elk in ynlieding meikrigen. Jehannes Terpstra hat dat frij wiidweidich dien nei oanlieding fan de literatuer, dy't hy foar it sammeljen trochlêzen hat. Yn syn ynlieding biheint er him dan ek net ta de forhalen en fragminten yn dizze bondel gearbrocht, mar hat bisocht in kritysk oersjoch to jaen fan in great part fan de produksje. Fangefolgen is syn ynlieding hwat al to skematysk wurden. Mar likegoed wiist hy op in tal fasetten en tokoartkommingen dêr't de lêzer fan dit boekje hwat oan hawwe kin. De ynlieding fan Freark Dam is skreaun | |
[pagina 292]
| |
as in persoanlike forklearring. Dam hat fan datoangeande noch mei bipaelde dingen ôf to weven. Mar dizze ynliedingen foarmje yn har gehiel in oersjoch, dêr't dizze útjefte it mei dwaen kin, al mei ik yn alle frijmoedigens forklearje it net oeral mei iens to wêzen. Mar fan datoangeande wol ik graech safolle romte litte as de rekonstruksje fan my needsaeklik makket. De Kristlik Fryske Jongerein hat dizze bondel yn in parsekonferinsje oanbean, en by dy oanbieding forklearre dat dizze útjefte binammen bidoeld is foar jongereinrounten. In treflik idé, dat biwiist dat de jongerein dy't dizze oarloch net meimakke hat, dit stik fan de skiednis net yn it forjittelboek docht. Yn wêzen forklearje hja har solidair mei it forset, itjinge in bistindiging fan de demokraty ymplisearret. |
|