fan it as bileanning lokjende goud, him ta foroardielje sille. De spiler fan de Ill-rol hat blykber in oare opfetting hawn; fan it bigjin ôf (alteas by de première) wie hy de skuldbiwuste; fan ûntjowing wie by him gjin sprake. It liket my ta, dat de rol en it stik woun hawwe soene, as net allinne by de Gülleners, mar ek by Ill dy ûntjowing dúdlik nei foaren brocht wie.
De sitewaesje liket yn Die Panne neat wei to hawwen fan dy yn Der Besuch der alten Dame, mar de figueren Alfred Ill en Alfredo Traps litte har wol meiinoar forlykje. Alfredo Traps kriget mankemint oan syn auto en moat yn in doarpke oernachtsje; mar de herberge is fol (der is in gearkomste fan féfokkers) en sa wurdt er gast fan in âlde hear yn dy syn lânhûs. Hy wurdt noege op it feestlike miel, dat dy de jouns mei in pear oare âlde hearen hawwe sil. It iten is bêst, de wyn wurdt net spanre en it petear is Traps skoan nei 't sin. De âlde hearen dogge in ‘spultsje’ mei him; de iene wie earder rjochter, de oare ofsier fan justysje, in tredden advokaet, in fjirden beul en nou nimme hja op har jountsjes forneamde prosessen noch ris troch: dat fan Sokrates, fan Jezus, fan Jeanne d'Arc, fan Dreyfus, fan de Ryksdeibrân. Hja stelle út, dat hy dy jouns forklage wêze sil en dat hja him birjochtsje sille. Traps nimt dat útstel oan, hwant, seit er, hy hat neat op syn gewisse. En men moat oannimme, dat er dat mient op it stuit, dat er it seit. Mar ûnder de fragen, dy't de âlde hearkes, al itende en drinkende, him stelle, wrot er, sûnder it earst sels to biseffen en sûnder de warskâgingen dy't syn fordigener him jowt acht to slaen, himsels hwat langer hwat mear fêst. It wurdt dúdlik, dat er net samar fan in man, mei in kofferke panderjend lâns 's Hearen wegen, ta de tekstylreizger yn in Studebaker wurden is. Hy hat syn eardere baes op net sa'n moaije manear oan kant reage, om dy syn plak yn to nimmen. Hy lei it oan mei de frou fan dy baes (nou ja, hja kaem him op healwei tomjitte) en soarge der doe sels foar, dat dit ruchtber waerd; syn baes krige der in oerhael fan en stoar en doe wie it paed frij foar Traps, net om mei de widdou to trouwen (dêr hied er gjin bilang by), mar om
haedfortsjinwurdiger to wurden. Op masterlike wize biskriuwt Dürrenmatt hoe't de feestjende hearen foar de aerdichheit de skuld fan Traps útplúzje en, tik foar de aerdichheit, him ta de deastraf foroardielje. Hja wolle gerjochtichheit like goed as Clara Zachanassian. In beul hoecht der net oan to pas to kommen, hwant as de bisopen hearen mei lijen de trep op klauwe om de gast it op parkemint skreaune deafonnis op bêd to bringen ‘as aerdich oantinken oan harren sûppartij’, sjogge hja dat Traps him foar it finster forhinge hat.