De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 279]
| |
E.B. Folkertsma:
| |
[pagina 280]
| |
biweging eventueel wol hawwe, mar tagelyk soe in status fan selsbistjûr it Fryske folk ûntsein wêze? Hwat Bergstra de biweging apart tahawwe wol, is gjin wet en rjocht fan steat, mar in seedlik rjocht. Foarsafier't it mear as literair bigrepen wurde moat, is it net polityk, mar yn seedlike kategory tocht. Einliken easket de ynfierder fan 'e term selsbistjûr foar de Fryske biweging net oars en net mear fan dy biweging as sa't hja altiten al west hat en foar in tige great diel hjoed de dei noch is: bistean yn en ta idéele kultuer. Har kritisearjend, wol er har yn dyselde wei allinne fierder hawwe: warberden, striidberder, sterker, fruchtberder, mei mear dissipline, mear yntellektuéle lieding en mear mienskipsfoarming. En dat kin elkenien mei him lykfine; yn alle gefallen hoege biswieren dêrtsjin en krityk derop hielendal net fêst to sitten op it bitinken oer in status fan selsbistjûr foar it Fryske folk. Hwa, likefolle foar of tsjin of twivelriedich ûnder sa'n status, soe gjin Fryslân wolle gever, bloeijender en riker fan bistean? Mar oan ien allerbilangrykst ding giet Bergstra foarby. Mei ôfwizing fan selsbistjûr foar Fryslân, lyk as dat yn 'e biweging steld is en foarstien wurdt, is der noch neat sein oer de widerfiemjende fraech, dêr't de kweltje fan selsbistjûr, yn posityf útslútsel, mar ien antwurd op is: Fryslâns politike fraech. Ek hwa't net oan in status fan selsbistjûr foar it Fryske folk wol of him net oandoar, is fan dy fraech net ôf. Hy likegoed as de foarstanner, hy einliken noch driuwender, wurdt ferge op útslútsel, hwat er polityk foar en mei Fryslân wol. Gjin selsbistjûr foar Fryslâns folk? Goed, hawar, mar hwat dan? Nimmen komt en kin foar posityf antwurd dêrop wei. Der net, dat wol sizze negatyf biskied op to jaen, is in saek fan ûnmûglikheit. It is net allinnich it hearren en dielhawwen fan Fryslân yn de Nederlânske steat, dat soks fuort al ûnmûglik makket, mar ek hwat dat steatsforbân fier oer it formeel en direkt politike yn 'e hiele ûntjowing fan Fryslâns libben bitsjut en biwurket. Yn ús dagen dochs hoecht it gjin taljochting, hoe't op allerhanne mêd de polityk - de Nederlânske - it birin en de takomst fan it folk hwat langer hwat sterker mei biskaet. De machtige moderne yntegraesje fan polityk, ekonomy en kultuer, hoe't wy dêr ek ûnder stean meije, bikrimpt de Fryske biweging aloan mear yn har mûglikheden fan kulturéle aksje allinnich. Mei alle needsaek dêr ek fan kin it bleat dêrmei foar Fryslân net ta, sels net hwat Fryslâns kultureel libben oanbilanget. Wy kinne it net avontûrje en hâld it op in Fryskeigen kultuer yn isolemint; fan need of fan wil, in oare kar as foar in diel tsjin en foar in diel nést of sels yn de Neder- | |
[pagina 281]
| |
lânske polityk in eigenfryske to fieren, hawwe wy net, hjoed de dei minder as ea. Ek hwa't de Fryske biweging prinsipieel en fundaminteel allinne kultuerstriid achtet to wêzen, ûntkomt dêr net fan. Dat biwize de feiten nammers nou al, fout de aksje foar Fryslâns selsbistjûr noch mar tige lyts en swak is en de biweging likegoed geande wei mear yn in polityk stadium rekket of leaver slagget. Foar- en tsjinstanners meije forskele oer it idé en de saek fan in politike status fan Frysk selsbistjûr, it nimt net wei, dat hja yn 'e mande net allinne by Fryske oerheden, mar ek by de Nederlânske oerheit en yn Nederlânske politike forbannen war dogge en aksje fiere foar kulturéle, ekonomyske en finansiéle bilangen en rjochten fan it Fryske folk. Troch dy direkt of yndirekt politike wei slagget it de biweging, al geande en dwaende, oerheitssubsydzjes foar Fryslân en syn saek to winnen, eigen mannen yn lichemen fan oerheit en folksfortsjintwurdiging to krijen, dêr it Fryske lûd of alteast Fryske lûden hearre to litten, wetlike erkenning to biwurkjen fan it rjocht fan ûnderwiis yn 'e eigen tael, dyselde tael offisieei plak to bisoargjen yn 'e bineaming fan strjitten, wegen en doarpen, de oerheden fan gemeente, Steaten en ryk ta mear, greater en royaler bifoardering fan ekonomyske en kulturéle bilangen fan Fryslân to biwegen, en hwat der fierder fan soks wêze mei. Dingen yn oanbigjin noch mar, wis dat, mar dêr't ek Bergstra neat tsjin hawwe sil noch foar it allerneiste har wei ôfwize. Alhoewol, as er dan as ien fan syn earnstichste biswieren tsjin in status fan selsbistjûr foar Fryslân bybringt, dat ús folk dy sels allinne net winne kin, mar dêrta de meiwurking nedich hat fan de Nederlânske steat en dat sa'n status dus bistean soe by de graesje fan dy steat, nammersto klearder leveret er dêrmei biwiis, hoe slim ûnpolityk er tinkt, en dat noch wol oer in polityk probleem. Hwat de biweging oan't nou ta by de oerheden en mei de help fan Nederlânske steatkundige partijen bihelle hat, hie dat dan yn dy wei èk net wêze moatten en hat hja dat dan èk mar by Nederlâns graesje? Mar sa'n argumint tsjin de politike status fan selsbistjûr foar it Fryske folk seit dan ek allinne mar hwat, hwannear't, lyk as yn dizze lêzing bart, út 'e fraech fan Fryslân en syn kultuer it politike aspekt eliminearre is. San eliminaesje fan itjinge út de Fryske fraech net to eliminearjen is, sok in gong bûten it stik yn kwestje, it stik fan in politike status foar it Fryske folk, troch Bergstra sels op 'e nij oan 'e oarder en yn 'e pleit brocht, fleurich om, en lieding fan e diskúsje oer dat stik op in oar spoar, hja meitsje, dat syn | |
[pagina 282]
| |
krityk net ta de saek docht. Hwat lykwols net sizze wol, dat hja gjin wurdearring en achtslach fortsjinje soe. Ynsafier't hja skerper yn it bigryp bringe kin, dat de wei nei en fan in status fan selsbistjûr foar Fryslân allesbihalven licht achte wurde mei, hâldt hja wearde. Wearde foaral net minder hat hja fanwegen har tige nedige warskôging oan 'e foarstanners fan sok in selsbistjûr foar it forlied om nou mar, sûnder genôch bilangstelling en each foar de needsaek fan bifoardering fan Fryslâns idéele kultuer yn arbeid en yn striid, dan krekt steger as ea, yn sté dêrfan noedlike iensidich al to folle biwegingsaksje op dat iene, it politike aspekt, to setten. Om 'e wille fan dy forlieding hawwe wy sa'n warskôging ommers hurd fan neden. De saek fan selsbistjûr en har aksje moatte bileaven net yn in nije romantyk, lyk as soe dêrmei allinnich of ek mar fierhinne Fryslân rêdden wêze. Earder is it oarsom; in status fan selsbistjûr foar it Fryske folk hat earst sin en takomst, byhwannear't er wêze mei foar en fan in folk yn opgong, forriking en bloei fan 'e eigen kultuer en byhwannear't it folk en syn biweging it doel hawwe, de wil, de inerlike macht om him yn sterke kultuerstriid dêrhinne to biselskipjen, him to dragen en him to foljen. Mar is dat der net mei mank, dan soe sa'n status in earme, bjuster lege foarm wêze, in steatkundige yrréaliteit en polityk geskaei yn in fidele keamer, en, hwa wit, krekt net in oppronke grêf foar in eigen kultuerlibben yn inerlik forfal. En dan de tredde fortsjinst fan Bergstra's krityske skôging. De negative strekking dêrfan kin klearrichheit jaen, dat der mei alle biswieren ta oplossing fan 'e Fryske kwestje yn har hiele hear en fear gjin oare wei is as dy fan aksje foar polityk selsbistjûr. Dêrfoar hoecht hja mar fortaling yn it positive, en lit dy ta. Stiet Bergstra sels, soe ik oandoare to freegjen, einliken wol sa fier fan sok in fortaling ôf as it allegearre, ôfwizing en gjin ein, lykje wol? Nei safolle krityk op it idé fan selsbistjûr foar Fryslân jowt er syn oanprizing fan selsbistjûr foar de Fryske biweging ynienen de flugge fûgel fan in opmerking mei, dat de wei dy't hy wiist miskien noch wol tarissing wurde kinne soe ta hwat er opwoun earst foar in ding fan ûnmûglikheit forklearre hat. Dat hat er nammers wol faker: sa út 'e flecht wei in krityske noat falle litte, dy't delkomt op syn eigen stelling en har al yn 'e gong fan 'e rede noch omsmyt of tominsten kiif set. Hoe't dat yn dit gefal fierders ek wêze mei, yn alle gefallen is Bergstra's eliminaesje fan it politike aspekt út 'e Fryske kwestje reden genôch ta sterker positive oertsjûging fan de | |
[pagina 283]
| |
needsaek fan aksje foar Fryslâns selsbistjûr en ta fêster bigryp, dat dy wei allinne ta it doel liede kin. Of hawwe wy foarstanners forsterking fan dat bigryp en dy oertsjûging altomets net nedich? Dat Fryslân der foar en mei syn saek troch in idéele kultuerstriid, hoe ûnmisber dy ek wêze mei, allinne net komt, hoecht it linkelytsen langer diskúsje? Mar komme wy der wol, mei dêrnêst politike aksje to fieren yn it stadium fan it ynsidintéle, it aksidintéle, it foar de hân wei oppige, it opportún grypbere en bihelbere, dêr't de biweging nou yn forkeart? Leechlizzing fortsjinnet soks net, dêrfoar is it al to folle need en wankele ôfset; mar dat it genôch wêze, biwurkje en strekke soe, moat fan fierrens net lykje. It ûntbrekt ús politike aksje yn dit stadium en dizze foarm bitinklik, noedlik, gefaerlik sels oan romte, oan forbân, oan perspektyf, oan in greate fisy, en dêrtroch oan bisieling. En yn dat tokoart moat en wol oantreasting ta, aksje foar en wis, stadige en swiere forwurkliking fan in status fan selsbistjûr oan it Fryske folk forsjen. In status, dy't yn foriening fan réalistysk en fan idéalistysk polityk tinken de mûglikheit hat fan in greate steatkundige midsfoarm yn biheining, midsfoarm tusken in rjochtprinsipieel wol to easkjen, mar hjoed de dei dochs réeel net mear bisteanbere eigen selsstannige steat en in bistân en bistel bleat as minder of mear desintralisearre provinsje en dêr't Fryslân histoarysk birop op ta syn foldwaen hat. Yn dy forantwurde biheining, net greater, mar ek net lytser - en oars nearne - leit ús mûglikheit foar it fieren fan in polityk, dy't genôch bitsjutting hawwe kin om hwat wy oan't nou ta oan politike aksje hawwe to rjochtsjen, om romte, perspektyf en fisy to jaen, om to ynspirearjen en om foarmjende krêft en macht to wêzen. Mar hwat moat en kin, sil dat ek? Dat is de fraech foar alle steatkundige aksje, dêr't it mei om hwat bilangryks en greats to rêdden is en dy't nearne en nea ûnbitongen posityf antwurd kriget, tominsten net yn it foar. Binne wy, sels fier nei it foar, al sa wis, dat wy yn it kulturéle ta it doel komme sille? Gjin minsklik libjen en stribjen hat waerborch fan 'e takomst. Gjin minskene doel en wurk ta dat doel is noch kin sûnder bitingst, mar hoecht der ek net sûnder om dochs, yn sté fan negative, positive biantwurding fan harren to krijen. Hoefolie Fryslân yn syn striid foar rjocht, frijheit en ûntjowing ek tsjin hawwe mei: op alle en wier net allinnich op polityk gebiet, bare ienfâldich is de saek mar, dat de need driuwt en dêrom aksje en striid easket. Hwa't mient, dat aksje foar Frysk selsbistjûr dochs neat jaen en úthelje sil, kin der likegoed op oan, dat | |
[pagina 284]
| |
alle aktiviteit foar Fryslâns saek ta mislearring keard is. Hwat der komme sil fan itjinge wy foar eigen lân en folk forlangje, hoopje, forwachtsje, is mar gjin ôfwachtsjen, kultureel sa min as polityk. It doel heart yn 'e rekken, net yn it foar de útkomst. Foarsafier't it oan it Fryske folk en de Fryske biweging lizze kin, moat ek yn it stik fan selsbistjûr en syn aksje, allyk as yn alle oar stik, de wil derefter. De wil ta arbeid, ta striid, ta frijheit yn in foarm, de greate muoite wurdich. Mear hoege hja net, mar mei minder kin it by harren net ta. Kinne wy, folk en biweging, gjin izer, izers fan tiid en wrâld en macht, mei hannen brekke, jowt it dêrom foech, fuort yn it foar al oan to nimmen, dat der ek gjin bûgen oan is? Ek as wy altomets it slimste duchtsje, dan noch bliuwt dit der fan, dat striid foar de frijheit, yn biheinde foarm sels, de muoite wurdich is: de muoite fan it rjocht, fan freze en hoop, fan it avontûr, fan 'e réens ta hwat, mocht it yn blydskip en yn leed to dragen wêze, oer ús komme mei. |
|