D.A. Tamminga:
‘Net opmakke as in byld’
Ta de neitins fan O. Postma.
Nou't de klok fan Koarnwert, it stille doarpke ûnder de Kop fan 'e Ofslútdyk, syn dealet hearre litten hat oer it grêf fan hwa't wol ‘de âldste dichter fan Europa’ neamd waerd, is it tiid fan bitinken. De lange tiid fan libjen dy't O. Postma skonken wie, - 95 jier, twa jier âlder wurden as in Waling Dykstra - driuwt dêr ta, mar net allinne dat. Wol is it wier, dat it om him hinne aloan iensumer waerd, doe't ek jongere tiidgenoaten fan sines as Wumkes, Hof en Sipma weifoelen. Sels hat er dat as ôfstjerte field, hwat bliken docht oan it kwatryn dat bigjint mei dizze rigels:
Al greater it tal fan har dy't ús forlieten:
De hôven kil, dêr't w' yn it gerspark sieten.
En dochs, om it nòchris mei syn eigen wurden to sizzen, hâldde de âlde Postma syn freonen wol. Forgetten wie syn wurk by hwat neffens him ‘jongemannen’ wiene yn it minst net. Hy is de lêste fan hwa't men sizze kin dat er syn poëzij oerlibbe hat. Dochs hat der in tiid west dat op it toaniel fan de Fryske dichtkunst O. Postma in eftergrounsfiguer wie. Alhiel bûten de fornijingsaksjes fan de Jongfriezen steande, wie er foar in kritikus as Douwe Kalma einliks in, wol wurdearre, mar min ûnder himelbistoarmers thús to bringen konfrater.
Lykwols, oer dy perioade hinne wint nei 1945 foaral Obe Postma nije biwûndering en wurdearring by hwa't yn en fuort nei de twadde wrêldoarloch jong en ûntfanklik wiene. Ien tsjûgenis datoangeande is Fokke Sierksma's yngeand essay Bern fan de ierde, útjown doe't de dichter 85 jier waerd: in blyk dêrfan is ek it heechsetten fan syn dichterskip troch in wèr jonger kritikus as Lolle Nauta en wol men dy line trochlûke oan it hjoed ta: it bitinkingsfers dat Durk van der Ploeg yn dit nûmer ôfprintsje liet, tsjûget fan ienselde wurdearring.
De forbining of leaver de forraning fan universélens en uterste soberheit sil dizze ‘modernen’ lutsen en ta har hege notearringen brocht hawwe. Der is dit jier yn Koarnwert dan ek net in dichter opdroegen, hwaens wurk mei him yn it grêf gien is. As libbene dichter fan dizze 20ste ieu, kin men Obe Postma yn 1963 sûnder restriksje bitinke. Mar bliuwt soks lykwols gjin