De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 274] [p. 274] Durk van der Ploeg: Brief oan in forstoarne dichter In memoriam Dr. Obe Postma Ik wit noch dat ik foar it earst Jou fersen lies Ut dat bondeltsje ‘Fryske lân en Fryske libben’. Jo wiene doe al in âld man en ik in foech jonge; Ik hie fan fersen net it measte forstân. Mar sûnt dy earste kears lieten Jou fersen my net los En hielde ik my oan Jo bisibbe. En letter, in inkeld jier lyn, seach ik Jo yn 'e stêd, Doe't Jo in slach de Piter Jelles Troelstrawei omrounen. Jo stiene suver hwat forstuivere nei de loft to sjen En skôgen de riering fan de skippen yn de Prinsegrêft. Mar alles waerd opnommen yn it lûd en biweech fan auto's, En it ljocht hinge tsjin de huzen as soe de dei it bijaen. En sa't Jo dêr stiene kaem it my yn 't sin dat men gjin strjitten Nei Jo neamd hat. Dêrfoar moat men jin op 'e romte jaen. Nou't ek oan dizze reis in ein komd is en alles hwat west hat Wêze sil, de gestalten, de tûzen ljochte stounen En de hannen dy't de klavers skearden, it sil bistean. Al hawwe Jo ek it lân fan de libbenen forlitten En hat men Jo op 'e berje by de Skraeits yn 'e groun droegen, Jou wurk omfiemet noch in lân en in folk. Alles hwat der is tusken himel en ierde raende yn Jou fersen gear Ta in ierdsk bistindich liet: De pleatsen heech op de ljochte hiemen, En de minske in blinkend mansel oer de himrikken, De húsman op 'e wier, dy't him in honk bout, En hja dy't net bidijden, de arbeiders, de koaters Yn de dykshûskes, mar dochs in elk harren eigen ryk hiene Under de rook fan de sé. Hoe hawwe Jo it allegear bineamd, dat it ús bliuwe soe. En wet as ik dy fersen fan Jo lês, op in oerdei, Dan slagge my wer de skrinkels troch de raeijen, Dan bin ik wer as de bern op 'e boartersstâl, En wer waeit de blomme as tsjêf út de hôven. Dan sjoch ik Jo wer stean yn de stêd En moat ik tinke oan dy kears dat ik foar it earst Jou fersen lies. Dan fiel ik my oan Jo bisibbe, ek al huw ik myn eigen tinken wol En wit ik my in sike foar de ivichheit. [pagina 275] [p. 275] De twa lêste brieven dy't Postma de redaksje fan De Tsjerne skreaun hat. Vorige Volgende