| |
| |
| |
Trinus Riemersma:
Minske tusken ierde en himel
Hoeden skoude er it gesicht om 'e hoeke fan it gebou. Neat to sjen. Hy harke. Twivele. Mei in pear sprongen stie er efter it stiennen hokje dêr't de toiletten yn wiene. It pishoekje, skeat him troch de holle, hy hie der gjin tiid ta. Hearde er dochs hwat? Né. Hy wrong him fierder tusken de muorre en it sket, dêr't it geboutsje deun tsjinoan stie. In swaei, de tas plofte oan 'e oare kant yn it gers... hy koe net mear werom. De snuten fan 'e gimpys raemde er yn it gaes en klautere omheech, taestte nei it stikeltried en sprong. Neist de tas kaem er del mei de snút yn 't wiete gers. Efkes hold er him kûst, der barde neat, skuorde de tas oan en roun as in gek de grippel del en troch de strûken. Heare God, bea er heal lûdop. Heare God. Hy wie frij!
Tweintich oer fjouweren wie it. Tsien menuten lyn lei er noch op bêd. Hy huvere, syn sokken wiene dweil wurden fan 't wiete gers. Hy boude in sigaretsje en avensearre fierder. Om seis ûre soene se him misse: oardel ûre foarsprong. Hjir wie in dyk. Hy soe by de wâl op klimme, mar bitocht him. Yn 'e droege sleat lâns wie better, salang as 't koe.
Yn 'e fierte wie de stêd. Hy moast der foarlâns en dan it Noarden yn. De sigaret makke er út en sneupte yn syn tas om in stik iten. Hy waerd biroerd, koe net oer smoken op 'e nofteren mage. Mar dat net allinne, hy makke himsels neat wiis: hy wie gjin helt, earder lef. In stik âlde bôlle bihaffele er.
De sleat waerd djipper, hy koe de blabber bûten de skuon keare en moast hegerop. Hwat soe 't ek, der wie noch gjin mins op 'en paed. In skoft roun er de wei lâns. De mulen makken gjin leven, hy hearde it sels amper. Dochs better as skuon mei hurd lear en spikers. Wetterticht fansels, nou ja, hwat joech it ek, de skuon stiene noch ûnder 't bêd. Dy mochten se foar syn part as jiskebakjes brûke.
De wei makke nou in heakse bocht nei rjochts. Hy murk it net, roun mei de holle foardel. Ynienen bleau er as in stôk stean. Dat rinteniershûs mei dy nachtblinen, hy hie gjin skerp ûnthâld, hy hie it earder sjoen. En dêr, dêrre dat wie it sket, en dêrefter heech it dak dêr't er krekt ûnder wei flechte wie. Idioat dat er wie, hy roun op 'e efterpoarte ta, hy gyng it suden yn.
Deselde eangst fan strak griep him wer oan. Werom moast er. Hurdrinnend de wei lâns oan 'e bocht ta. Net wer loftsâf.
| |
| |
Dan mar troch fjilden en sleatten. It Noarden. Hy glied by de berm del en hipte it sleatsje oer it strewelleguod yn. Hy hime as in beest, moast efkes sitte. Alles wie wiet, túken swypken him tsjin 'e holle en greate drippen stouden him om 'e earen.
Op 'e hûken bikaem er in set, fage mei de bûsdoek it wetter út 'e nekke en kroep doe op hannen en fuotten fierder. De strowellen wiene leech, mar njonkenlytsen waerd de groun dridzich, it beamkeguod makke plak foar reid en dêr lei foar him it kanael. Kjel waerd er net mear, joech him oerein en gyng oan 'e igge ta. Der roun in foech paedtsje deun by it wetter lâns, foar fiskers en pearkes of sa.
Yn 'e fierte riktikke in trein. Hoe fierôf wist er net. De damp binaem him it sicht en joech ek de lûden in nuvere heimigens. Hy harke, en waerd op 'e nij mankelyk. As er eat yn dit libben haetsje koe, dan wiene dat treinen. De treinen dy't him aloan wer fan hûs fierd hiene. En dat ivige getik, dat altyd tsjustere en driigjende wurden yn him oproppen hie. Om gek fan to wurden. Se hiene him wolris thúsbrocht, ja, mar nea foar lang. En sûnt se him al fierder it suden yndroegen, hied er se hate. De treinen wiene it sjenbere wurktúch dat him yn dy klyk brocht hie, en hwat der fierder fan minsken oan ta dien wie, bitsjutte oars neat as blazen op fluitsjes en metaeleftich ien-twa-gerop.
De weromtocht út it suden soe to foet wêze. Hy gyng rjochts, dêr't de stêd wie en nei alle gedachten in brêge, noch bûten en oan dizze kant. Hy avensearre hurd om't er neat mijde en him feilich wist mei it deade kanael oan 'e iene en it hoge reid oan 'e oare kant.
In pear hûndert meter koed er mar sjen, en nei boppen wie it noch slimmer, egael griis wie de loft. Him seagen se ek net maklik, dat wie wier, mar hy hie it leaver oars hawn. Gjin stjir dêr't er him oan oriëntearje koe en hoe as strak de sinne kaem? It wie tsjin Sinteklaes en faeks soe it de sinne net siagje ek mar mei in feal ljocht oan to jaen hwer't er stie, lit stean de grize muorren om to reagjen.
Hy doek. Skean foar him siet in man oan 'e brogge. Efter de lytse rútsjes skynde ljocht en in read thépitsje. De man kôge stadich, as wie it om de tiid to rekken dy't him noch fan syn wurk skaette. Op 'e tafel stie it trompke dêr't it hapke yn moast. Ynienen fielde er sympathy foar dizze earme donder dy't aenst op in gammele fyts nei 't wurk traepje soe, om to bodzjen ta eare Gods en ta forriking fan in soadtsje mercedesriders. Siet syn heit nou ek net by de tafel wylst mem de thé útgeat? Heit dy't yn it wenstige doaske de selsdraeide
| |
| |
sjekjes kleartelde, om't it by de boer tofolle tiid frege. Hy hie oanstriid en gean nei it keardeltsje ta, mar hy koe him mar betten net fan sentimintaliteit riede litte. As dit mantsje him seach, soed er tûzen om trettjin immen warskôgje dat der ien yn nuvere klean by it wetter lâns slûpte.
It wie net forstannich it selskip fan minsken to sykjen, dat hied er al syn libben al witten. Hy seach himsels wer as lytsjonge yn 'e swéen sitten. Heit fierderop yn 'e oppers. Net leaver mei de jonges boartsje? hie mem fornuvere frege. Né, mei heit! Och jonge! sei heit dan en swei. Mar hy gyng mei en siet lykme-allinne by de hikke mei de jassen en de festjes en de thermo's. Hy hie gûle wollen, nei heit fleane, nei mem en nei de maten yn 'e buorren, mar hy siet dêr't er siet en glimke tsjin heit en de oare arbeiders en sei dat er it nei 't sin hie.
Hy joech him plat op 't liif en kroep mei hoarten ûnder it ljocht troch dat út 'e ruten foel. Hy bleau mar leaver allinne. Hwat wie mienskip by einsluten oars as de ljochttoer dêr't de séfûgels har nachts tsjin kapotfleagen?
It hûske lei nou efter en hy wâdde fierder. Mar de twivel kaem: as der ris gjin brêge wie of net earder as flak by de stêd? Mar hy hie dochs de trein heard oan diskant. Of net?! Trochrinnen en kueren yn it grize om in dûnker silhouet boppe it wetter to ûntdekken. Neat, mar wol in inkeld ljocht, de stêd oer, en fan en ta it lûd fan âlde auto's.
It glysterige en smoarge paed bigoun mear en mear fan it wetter ôf to wiken. Hy kaem op heger, droegen groun dêr't hjir en dêr in pôltsje gers op forskynde en it reid woeks sa heech net mear, fornaem er, dat hy joech him hwat mear foaroer. Nei in set wie der lykwols gjin bûgensein mear oan, hy moast of op 'e knibbels of manmoedich rjocht oerein gean. Muoisum riek er de lea en seach. En seach lyk foar him de stêd en it wetter dat tusken de huzeblokken weiwaerd. Gjin spoar fan in brêge. De earste bouwurken, dat grif fabriken wiene, kaem ljocht út oan alle kanten. Underom wiene manlju dwaende by frachtauto's. Skippen leine yn 't kanael to wachtsjen. Hy soe heger by de wâl op moatte, it fabryksterrein oer en dan de stêd yn.
Hy sonk op 'e knibbels del. De stêd troch, hy doarst it net. Wer soed er werom moatte. It wie om to gûlen en hy woe it ek wol om dat rotgefoel kwyt to reitsjen, mar it bleau yn him, droech en skrynderich. Hy gyng werom, itselde glysterige paed lâns. Soms in biweging yn it wetter fan ien of oan bist of fan neat miskien.
Langomlet kaem er wer by it hûske dat deun tsjin it wetter
| |
| |
oan stie. Der baernde gjin ljocht mear. Mei in pear sprongen wied er it foarby en yn 'e reiden. Jit in hoart en hy stie wer by de strewellen dêr't er strak sitten hie út to pûsten. Hy soe mar trochrinne it westen yn en de wetterigge hâlde. Faeks wie dy kant út in brêge, in stêd alteast net.
Hy hoegde net iens fier of hy seach út 'e dampfleagen de kontoeren fan in brêge loswurden. Doe't er derop stie en jitris it suden yn eage, koed er birekkenje dat er sahwat tsien menuten geans fan it sket ôf wie dêr't er syn tocht bigoun. It wie kertier oer fiven. Hy hie gâns tiid forgriemd, dat hy sette de stap deryn. It klinkertdykje waerd hwat langer hwat smelder. It waerd in púndykje, rau en fol wetterpuozzen. Mar it laette nei it Noarden.
Neffens de tiid moast de sinne nou al boppe de kym wêze, mar der wie nearne in ljocht finster oan 'e loft dat syn plak oantsjutte. Hy moast op syn gefoel foar rjochting to seil gean en hoefier't er himsels dêryn bitrouwe koe, wist er net.
Yn 't earstoan hied er it makljk hawn, it dykje roun rjochtút rjochtoan en de inkelde heakse bocht waerd fierderop troch in nijen korrigearre. Letter wie it púndykje útkommen op in asfaltearre rydwei dy't likernôch east-west lei, mei iperen beammen oan 'e noardkant. De beammen hongen allegear deselde kant oer, mar hy wist net hokker winen hjir it meast waeiden, dat it holp him neat.
Hy wie rjochtsôf slein, it noardeasten yn. Nei in skoftsje bigoun de wei omheech to rinnen en mar even mear en hy kaem foar in spoarbaen dy't de rydwei skeanoer kriste. Hy stie yn bistân, by it spoarhûske wie gjin folk to sjen, mar likegoed fielde er dat er hwat net doogde. Hy harke skerp en hearde ynienen it bikende lûd fan in trein dy't tichterby kaem. Hy hie him omdraeid en wie fuortflein. Oant foarby it púndykje wied er trochdraefd.
Sadwaende wied er dus sudwest gien, nei alle gedachten súdwest. In hiel skoft hied er doe noch yn 'e ûnderwâl lein, om't twa op-en-delgeande ljochten yn 'e damp in ridende auto forretten. Mei in nuvere swaei wiene dy ljochten fordwoun. Doe't er letter fierder gyng, wied er op in trijesprong stufte, de auto wie fansels ôfslein. Spitigernôch gyng de syddyk it suden yn.
Hy wie wol in ûre troch roun. Der hie gjin gelegenheid west nei it Noarden to ûntkommen. Hy hie ek net wer minsken sjoen of heard. Hy hie de moed halt opjoun dat er fan dizze dyk ôf komme koe, doe't er in sydpaedtsje ûntdjek oan 'e
| |
| |
rjochterkant, dat wol net botte fortroud like, mar it gyng yn alle gefallen de goede kant op.
Hy liet him by de berm del rûgelje en roun it smelle fuotpaedtsje op, dat oan wjerskanten troch strûkeguod ynsletten wie. Geandewei woeks it heger en hy koe der net mear oerhinne sjen. Sa stapte er in tiidlang troch, oant de strûken opholden en hy foar in feart stie. Der lei in smel brechje fan twa planken oer en der wie in slûs yn boud. It wetter buolle en kolke tusken de doarren troch, de mage kearde him om. Hy die oft er de slûs net seach. Hy soe der wol oerhinne moatte. Weromgean wie net allinne lefheft, mar ek tiidforgriemen. Hy sette ien foet op it brechje. Dy simmers wied er ûnderweis fan De Haech nei Amsterdam oer de Alde Ryn fytst. Ajakkes, hwat in wetter, hy hie jage as in kring en stiif foar him út sjoen. Hy die twa flugge stappen. Doe't se neist in jiermannich nei Skylge soene, hiene se to Harns in hiel skoft op 'e bost wachtsje moatten. It wetter sloech healwiis tsjin de stegerpeallen. Der dreau in flesse yn om en in heale sinesappel. De peallen wiene fansels op healwei oantaest troch it wetter. Net nei ûnderen sjen! Noch in stap, in flugge stap, in sprong. Hy wie der oer en gyng hastich fuort. Gau wei fan it plak dêr't er op 'e nij tajown hie oan syn eangst.
Ik bin in kloatsek, tocht er, mar it bifredige him net. Hy woe gjin kloatsek wêze, hy woe gewoan wêze, minske tusken ierde en himel.
Wel, seit de psychiater, hoe faek dogge jo selsbifrediging? Op 't heden selden. Hen??? Ik ha forkearing. Ah, jo dogge it mei har! Né. Petting up to a climax? Né. Of hawwe jo miskien in yntime freon, jo bigripe... Ik bigryp jo, mar sokke freonen haw ik net. Hy liicht, tinkt de psychiater, hy liicht dat er blau sjocht. Of... né, hy seit de wierheit. Mar dan is er gek. De psychiater skillet om in hospik. Bring him nei de wachtkeamer. Op myn keamer gjin gekken.
Tsjin de twadde psychiater hied er sein dat er it mei har die. Dy joech him in sigaret. In bytsje oppasse, hen, sei er, en hy lake. Ik laitsje net, tocht er, ik forrek it. Ik haw har misbrukt om yn 'e eagen fan dizze hufter normael to lykjen, mar dat is ienkear en net wer. Dan mar gek.
Hy soe foar elkenien gek wêze en allinne gewoan yn 'e mienskip dêr't er sels de regels foar opstelle koe. Syn privémaetskippij, tonearsten, mar wierskynlik foar jimmer, bisteande út ien man, hysels. Man? Jonge? Né: Minske. Mar wied er dan net in kloatsek sa't er sels tajown hie? Ja, mar hy hie dochs ek syn dreamen om djip en suver to libjen, en wie it net
| |
| |
allinne earliker, mar ek krekter om de minske net allinne to bioardieljen neffens syn dieden, mar likegoed, miskien hast foar alles nei syn dreamen, syn wollen en syn forgese stribjen om goed to wêzen? Dus dochs Minske.
Ik moat net mear prakkesearje, tocht er, ik moat ophâlde. Ik lit mysels los. Myn lichem rint en docht wol, myn gefoel wurket, en ik tink der efteroan.
Hy roun ûren lang. It paedtsje hold op en hy kaem tolânne op in brede stripe groun dy't foar wyld lei. It wie in âld spoarwei dy't net mear brûkt waerd, en iensum en forlitten lei to ruoskjen en to rotsjen. It wie sa stil, in trein soe hjir net komme en minsken foar 't neist ek net.
Hy stapte in set op 'e bylzen lâns, mar 't foldie net, om't dy dingen net hieltyd likefier faninoar leine, en hy hie hjoed al safolle roun dat er syn pas net mear foroarje koe. Hy stapte fierder op 'e bulterige groun, dêr't it ek ûngemaklik gean wie. Soms rekke syn foet to gau groun, dan wer foel er yn in kule dat er heal stroffele. Hy waerd wurch. It wie by healwei ienen en hy wie dus acht ûren ûnderweis. In bêste rinder hied er nea west en tominsten op dizze gimskuon bigoun elke stap him searder to dwaen en it fielde krekt as roun er op bleate fuotten. De sokken, krompen troch switten en waskjen, knypten him om 'e teannen.
Dy't net oars wol, dy t net oars sil, sei syn mem altiten. Hie hy it sa wollen? Yn alle gefallen hie nimmen him fuortjage. O né, hja woene hirn graech hâlde, garand-skutter tredde klas. Hwerom yn 'e goedichheit? Mar hja woene it en hja soene om him sykje. Goed seis ûre wiene se bigoun. Op syn bêd, yn 't waskhok, op 'e húskes. Dan alle gebouwen, it terrein. Nei de wacht. Rapport opmeitsje. Telefonearje mei de M.P. Signalemint. It apparaet kaem yn wurking. It apparaet wurke al in ûre of fiif lang. Treinen hied er heard. Jeeps jagen oer fjilden en wegen. En dat dêr, hark hark, in fleanmasine, né in helikoptère. Jawis, se sochten om him mei in helikoptère. Hy liet him foaroer falle en skoude de citybag tusken de knibbels. De kraech op en de hannen ûnder it boarst. Hy hold him stil en harke. Soene se him sjen? It ding boppe - wie it dochs in fleanmasine? - waerd wei. Hy hearde nei in set neat mear. It wie goed ôfroun diskear.
Hy gyng muoisum oerein. Pas nou fielde er hoe wurch as er wie. It wie better om in pear ûren út to rêsten. Fannacht soe de groun noch kâlder wêze as nou en fannacht soene se ek
| |
| |
net sykje. Mar nou moast er út 'e wei. Hy roun fierder, sykjend om in gaedlik skûlplak. Nei in kertierke seach er rjochts fan 'e spoarwei in leech rjochthoekich boskje dat noch grien wie. Doe't er troch de berm en de droege grippel wie, seach er dat it dinnebeamkes wiene, krystbeamkes dy't hjir wierskynlik kweekt waerden.
Hy kroep tusken de beamkes troch om in droech plakje to sykjen, mar it wie oeral like wiet, hwer't er ek taestte. Hy bisleat him mar del to jaen ûnder ien fan 'e greatere beamkes. De boppeste wiete nullen woed er fansiden skouwe, mar 't holp amper. Doe snie er de leechste tûken fan 'e beam en skikte se ta in sitplak. De pet lei er der boppe op, hwant de broek dy't er oan hie, wie mar tin. Doe gyng er sitten, de rêch tsjin 'e stam, de fuotten op 'e tas, de hannen tusken de billen.
Hy siet stil mei de eagen ticht. It wie sa kâld, hy bigoun to triljen. It wie miskien better om hwat to iten, dan soed er waermer bliuwe en dan koed er faeks ek makliker sliepe. Hy helle de tas ûnder de fuotten wei en bigoun to sneupen. In pakje sjek en in pear doaskes lusifers, skjinne bûsdoeken, skriuwpapier, in soad bôlle, in pûdfol spekulaes. Kinstou ek Sinteklaes fiere, hie mem sein, kinst der wol fan traktearje. Traktearje? Frekte leave idéalist; as er it net fuortendaliks efter slot set hie, hiene se it him ûnder de hannen wei stellen. Traktearje, ik sil mem-en-dy traktearje as ik thús bin. Sinteklaesjoun wol ik thús wêze. De jouns om in ûre of acht kom ik deryn en dan siz ik: Minsken hjir bin ik wer en ik traktearje op spekulaes. It hat treddelhûndert kilometer it suden yn west, en ik hie hûnger en it wie kâld, mar ik haw it foar jimme biwarre.
Hy stiek in stik spekulaes yn 'e mûle en gûlde sêft. Treddelhûndert kilometer, en oer twa dagen wie it 5 desimber. It wie ûnbisteanber om yn goed fyftich ûren dat ein to rinnen. Hy tocht: ik bin tweintich en ik sit to janken as in bern, mar it holp dochs. It wie as it otterjen fan in woune, de smoargens gyng út him wei. Miskien moat ik trochgûle, ik haw it yn wiken net kinnen. Ik moat my skjin leechgûle. Ik sil prate mei ús mem. Mem, sei er, mem ik bin wer thús. Foar altyd thús. De treinen ride nea wer, se lizze kapot neist de spoarbanen en de stasions wurde ôfbrutsen. Né mem, wês net bang, de masine is oanein. Stangen steane forbûgd en de rêdden gripe net mear yninoar. Flearmûzen hingje yn 'e tsjusterste hoeken, greate spinnen spanne har webben tusken de driuwriemen. It gers waekst al tusken de naden fan 'e flier, de muorren broazelje ôf. Noch ien maitiid en ien simmer sil it stean. Mar as yn 'e hjerst
| |
| |
de noardwestewinen gûle, sil it bilies jaen en sljochte wurde. Om't ik it ûntkend haw, om't de geast fan ien frij minske machtiger is as de masine. Mem, mem!
Mar it byld fan syn mem forfage en makke plak foar de deadskop fan de psychiatersassistinte. Dou moatst werom, hie hja sein. Né, dat is net miskien sa, dat is seker sa! Dat binne mar nuvere grapkes fan dy. Hwat tinkstou wol, dou moatst likegoed as in var. It wie in hoer, hied er tocht, in hoer mei bonkige knibbels en in deadskop. Hy hie neat werom sizze kinnen. Hja biologisearre him mei har holle eachkassen. Hy hie de eagen delslein en nou en dan loerd nei har strakke blaupearse lippen. Hja wie in libben lyk, it lyk fan Poe. Har hûd wie noch yntakt, mar fanbinnen wie se forgien, hja siet fol otter.
Hy wie bliid dat se útracht wie en him in test yn hannen treau. It wie ien foar bigjinnelingen. Hy moast pyramiden meitsje fan kleurde fjouwerkantsjes. Earst hied er ien makke as in indiaen: read, giel en swart. It hie in prachtich gehiel west, werklik feestlik. Letter hied er noch oaren makke dy't him forgetten wiene, mar de lêste hie de aldermoaiste west. Hy hie hàr makke. Twa kleuren hied er mar brûkt: swart en pears. Simpel, mar de gelikenis hie treffend west. Doe't er op har forsyk de moaiste fan de pyramiden oanwize moast, hied er sûnder driigjen de finger útstutsen nei de lêste: dizze. Hn! hie hja har ûntfalle litten.
Dou moatst werom! Hy siet as dea. Dy stiet kaem net út syn ûnthâld, dy kaem fan bûten. Jawis moatstou werom! Dou likegoed as in oar! Hja wie hjir, hja socht om him. Hy spande him yn en harke, mar hearde neat as in drip dy't fan 'e beam foel. Dou moatst werom! Har stim allinne, mar dy wie deun by. Aenst swypken de tûken fansiden en stie hja foar him mei har deadskop en hja soe, God hwat soe hja dwaen. Hy hold de eagen wiid iepen en draeide de holle fan lofts nei rjochts. Hy bisocht van hwat oars to tinken, oan syn bernejierren, van sneintojouns. As in revu glied syn libben him foarby. De moaiste mominten, mar dat wiene mar in stikmannich, bleau er langer by stean.
It wie hast healwei fjouweren. Hy hie bisletten om him skûl to hâlden van fiif ûre ta. Dan soe it tsjuster genôch wêze om syn reis fuort to setten.
Hy skrok wekker. Taestte om him hinne. Ja, de beamkes, de tas. It stie wer foar him, mar ûnwêzenlik, as in forhael. De
| |
| |
dreamleaze, djippe sliep hie gjin oplossing jown, mar stie as in dampbank tusken nou en strak. Hy fielde him leech, de eangsten en binearingen wiene fan him ôf gliden, syn idéen fan niis, syn langstore en protest hiene har glâns forlern.
It wie healwei fiven. Ik moat mar fierder, tocht er, it is nou al tsjuster, dat hwerom sil ik langer wachtsje, it hat gjin sin. Neat hat sin. Ik fiel my allinne. Ik haw forlet fan in praetsje. Hy pakte de tas, draeide noch in sjekje en stiek ôf.
It wie sa tsjuster net as er tocht hie, mar hy weage it. Werom nei it boskje hied er nammers foar gjin jild wollen. De iensumheit en it stilsitten dêrre freze er.
Ik haw my forsind, wist er, ik haw my in iensum hûs boud dêr't ik yn folsleine stilte as god hearskje soe, mar doe't ik de minsken bûten sleat, waerd myn hûs bifolke mei gedrochten en demoanen. Myn eksperimint is mislearre, ik bin mysels net genôch. De útkomst stiet al fêst foardat de proef dien is. Mar ophâlde kin ik net, ik moat mysels prolongearje. Ik soe mysels forriede as ik werom gyng, ik wol ek net werom, ik haetsje it, mar ik woe dochs wol dat ik kear krige, dat immen yngriep. Immen? God? Né, fielde er, God moat ik hjir bûten litte. Wy witte fan inoars bistean, mar as wy inoar nou metten, soe ik der mei oan wêze. En haw ik it rjocht him mei myn smoarge putsjes op to skypjen? Miskien wol hy him fornederje, mar it soe ûnfoech wêze dêr op to longerjen.
De stripe braeklizzende groun dêr't er oant nou ta op roun hie, hold op. Hy kaem foar in foege freding fan stikeltried, dêr't in kampke greide efter bigoun en it grippeltsje forbrede him ta in sleat. Hy avensearre der oerhinne.
De biwenne wrâld koe net fier mear wêze, wie sels noch folle tichterby as er tinke kinnen hie. Der riisde in hûs foar him op dat in âldeftich boerespultsje bliek to wêzen. It stie der samar hwat sûnder in grêft of beammen dy't it hiem ôfbeakenen. Efkes fierder sloech in man yn in keppel skiep om. Hy stiek de hân op, de tiid fan 'e dei sizze doarst er net om't er it dialekt fan dy streek net koe. De man groete net werom. In ôffaller dy't er lykmoedich akseptearre.
It die bliken dat fan it spultsje ôf in bochtige reed laette. Utsliten weinspoaren yn it gers tsjutten dat oan. Hy folge it en kaem nei in hoart by in fiadukt, in spoarwei roun dwers oer de reed hinne. In telmannich letter ûntdiek er lofts in knoarre lampen dy't in stêd forretten en foar him lei in brede forkearswei dy't nei de stêd fierde.
Alhoewol't er nijsgjirrich wie hwer't er tahold, doarst er dy kant net út to gean. Miskien koed er rjochttroch? It koe. Doe't
| |
| |
er de wei op in stil momint oerdraefd wie, seach er in sintelreedtsje foar him lizzen. It Noarden, tocht er, hope er. It paed wie tsjuster, mar bigeanber. Oan wjerskanten stiene arbeidershuzen. In man op it hiem murk him op en stoarre him grif efternei, mar it bleau stil.
Hy hie de stap der flink yn, bitroude derop dat it paed streekrjocht wie. Nammers, hy soe it fuortendaliks hearre dat er gjin sintels mear ûnder de skuon hie. Wer seach er ljocht foar him, gâns ljocht, it moast in great gebou wêze. Doe't er yn 'e rekken krige dat it in pleats wie, stie er der ek al deun by. It paed bûgde lofts ôf om 'e pleats hinne en krige dêr kear tsjin in grieve dyk.
Hy kroep oan 'e krún ta en stie foar in almeugend breed wetter. In rivier op syn winterska breedte. It soe de Maes wêze. Hy kaarde him ôf en gyng war nei de foet fan 'e dyk. Mar in paed wie hjir net. Hy knoffele in set yn 'e skaante fan 'e dyk lâns, en hy tocht, hy soe lang om let wol ris op in brêge stuitsje. Mar hurd foarút kaem er net. Dat doe't de rivierdyk omheech bochte, en hy fansiden yn 'e fierte oan ridende auto's in rydwei ûntdiek dy't noardwest laette, alteast it ein dat hy seach, bisleat er om dêr mar hinne to stekken.
It paed dwarsoer wie net iens lestich. Sleatten skynden se hjir net folle mei to pielen. Hy wie der samar, stiek de wei oer en roun uterst lofts. Hy naam sa gâns risiko, mar hy weage it, strak soed er dochs oer in brêge moatte. Auto's rieden him nou en dan foarby. Soed er har opfalle? Net allinne dat hy hjir rinnende wie, mar hoe't er der hinne roun: in citybag yn 'e hân, mar gjin oerjas, moffen en sjael.
De earste kearen dat der him hwat passearre, wied er mei de rêch nei de dyk ta stean gien en hie in lusifers by de mule holden. Mar 't wie gjin dwaen, hy stie om it hurtsje yn 'e berm. Hy fielde him net safe, mar sette troch, hy bleau op 'e dyk, stevich oanstappend, de holle omheech.
In auto ried him fan efteren op, mindere gong, en bleau in fiifentweintich meter foar him stean. It hert bigoun him to bounzjen. Der is neat to rêdden, hold er himsels foar, de man moat even hwat kwyt of in sigaret oanstekke. Mar doe't er njonken de wein wie, waerd it rútsje omleech draeid en de man rôp: ‘Hé, wolst meiride?’
Hy stie yn bistân. Wegerje soe opfalle.
‘Graech’, antwurde er, en stiek de dyk oer.
‘De oare kant mar’, wiisde de man. In famke dat neist har heit sitten hie, stapte út en kroep efteryn dêr't de mem en noch in famke sieten. Hy groete skou.
| |
| |
‘Hjir mar’, sei de man, joech him in sigaret en fjûr en hja rieden.
It bleau in set stil. Doe bigoun de frou mei de beide famkes to jeuzeljen. Om de bern ôf to lieden?
‘Hwer sil de reis hinne?’ In deagewoane fraech oan in lifter.
‘Ik moat oer de Maesbrêge’, sei er ûnseker.
‘Jawis, wy geane nei Heusden’.
‘Is dêr in brêge?’ frege er hastich, sûnder neitinken.
It wie forlern, mar de kaert wie dochs al forjown. De man hie him rinnen sjoen en letter syn gesicht doe't er fjûr joech.
‘Dêr is in brêge, ja’, kaem it rêstige antwurd, en fuort deroerhinne: ‘Bist fuortroun fan hûs?’
‘Ja’, antwurde er effen.
‘Dat tocht ik al doe't ik dy rinnen seach. Mar dou moatst wer nei hûs!’
‘Ja, ik bin al wer ûnderweis nei hûs.’
‘Hwer wennest?’
‘Fryslân.’
‘Hen...?’ De man swijde hastich.
‘It is goed datst wer werom piest. Hast hjoed al iten?’
‘Ja.’
‘Hast genâch jild om to reizgjen?’
‘Ja, tweintich goune.’ De man knikte.
Hy wist net hoe't er der mei oan moast. Dy man woe him helpe, woe him miskien wol jiid jaen, mar likegoed, hy fortroude it net. Ik hie net lige moatten, tocht er, dat smyt my aenst dwerse kneppels.
‘Ik haw liigd, mynhear, ik bin net fan hûs fuortroun.’
‘Hwat dan?’
‘Ik bin deserteur, jo moatte my der út sette.’
‘Deserteur?’ De man kôge it wurd stadich en tocht nei.
‘Likegoed moatst dan wer werom.’
‘Ja... ik haw liigd, jo moatte my der út sette.’
De man like it net to hearren. ‘Witste’, sei er, ‘wy drinke earst in bakje kofje yn 't kafé en dan piest op 'e bus.’ Hy liet him der net út.
Dit rint mis, tocht er. Ik moat net yn in kafé, elkenien sil my sjen. Soed er útnaeije as de auto steanbleau? It wie riskant, hy hie nea yn Heusden west.
‘Wy binne der hast’, sei de man, ‘wy moatte mar gau nei myn soan ta. Dy is kaféhâlder’, fordúdlike er.
Ah just. Miskien hoegden se net by it publyk to sitten. Hy moast sa gau mooglik binnendoarren sjen to kommen en op 't lêste nipperke yn 'e bus, dêr ûntkaem er dochs net oan. Mar
| |
| |
by de earste halte dêr't minsken útstapten soed er him ynienen smeare. As der yn Heusden mar gjin folk op 'e dyk wie.
‘De Maes’, klonk it neist him. Hy fornaem net dat se oer in brêge gyngen. Hja sloegen rjochtsôf in strjitte yn, doe lofts. De auto bleau stean.
‘Dêrre’, wiisde de man. In heechop wyt gebou, breed trottoir derfoar.
Hy stapte út en stie sa lang as er woeksen wie yn 'e kjeld. De mem en de beide famkes wrotten nei bûten. Hja praetten hwat meiïnoar. Ik hear der net mear by, tocht er, ik stean healwiis rjochtop, ik moat hjir wei.
Mar de man skynde nearne euvelmoed yn to hawwen. Hy siet earst wakker to phizjen oan 'e ljochten en it kontaktkaeike en moast doe noch hwat út 'e kofferrûmte hawwe.
It bistiet net dat ik swit, tocht er, it is godsûnmooglik. De frou en de bern waerden ûnskuldige dwazen dy't op 'e strjitte boarten. Hysels stie midden yn it feale ljocht. Giele strepen glieden him foarby. Der klonken stimmen boppe it gekreun fan auto's út. Ik moat fuort, se sjogge my oer de auto hinne, ik kin net skûlje efter de frou. Kom nou man. Ik hear hjir net. De minsken bigjinne nei ús to sjen. Ik stean steil yn it ljocht.
De man foun net hwat er socht. Hy eamele hwat tsjin 'e frou, mar kaem dochs efter de auto wei.
‘Kom’, sei er, ‘dan sille wy mar.’
Hy soe in stap fansiden dwaen om efter de man wei to wurden, doe't him in hân justjes op it skouder lein waerd.
‘Geane jo efkes mei!’ It wie in âlde plysje.
Hy knikte, seach om nei de oaren. De frou en de famkes stiene byinoar, twa trêd fansiden de man, net bigripend dat immen him samar syn proai ûntfutselje koe.
‘Bitanke mynhear’, rôp er sêft. Doe roun er mei de plysjeman del, in smelle en stille strjitte troch. Hja gyngen togearre troch de kjeld, yn deselde stap, mei deselde tinzen oer kjeld en tsjusterens. Hja gyngen forlern yn 'e stilte mei oars gjin hâld as inoarren.
‘Wy geane even nei 't buro’, sei de man folslein oerstallich.
Hja wiene der gau. De plysje treau de útdoar iepen en liet him foargean, korrekt en swijend. De houten holklinkende gong troch, in koarte tik op 'e doar.
‘Ja?’ Hja stapten deryn. In grize adjudant siet efter it buro.
‘Ik seach him op 'e dyk’, sei syn bigelieder. De adjudant seach. Hja bigriepen it alle trije.
Lokkick hiene hja genôch fatsoen om net langer yn 'e tredde persoan oer him to praten.
| |
| |
‘Gean mar sitten’, gebearde de adjudant, ‘mar hwat by de kachel.’ It wie ûndisiplinair troch alles hinne. Hy hie rjocht foar de adjudant oer sitte moatten. Dy mei de earmtakken op it buro, hy der oardel meter fan ôf. Hy gyng sitten mei de fuotten foar de kachel.
‘Hwa biste? Hwat dochste?’
‘Soldaet.’
‘Hé’, sei de plysje dy't yn in hoeke delploft wie, ‘bist militair, tsjong, dat wie my net opfallen.’
‘Militair dus’, naem de adjudant de lieding wer, ‘nou dan is 't wol it bêste dat wy de M.P. mar belje net?’
‘Welja’, antwurde dy yn 'e hoeke, ‘dan ha wy der fierder neat mei to krijen.’ Hy makke syn sigaret út en gyng oerein. ‘Tsjong’, sei er jitris, ‘militair.’ En tsjin de adjudant: ‘Ik gean noch mar even, it is glûpende kâld.’
‘Ja’, andere de adjudant, ‘'t is kâld.’
‘Ik sil de M.P, mar skilje’, gyng er fierder. ‘Hwer leiste?’
Hy neamde it plak. De adjudant skille en praette in set. Hy koe út it iensidich petear net folle opmeitsje. De adjudant lei de hoarn del.
‘Se helje dy aensent op, mar 't kin wol even duorje. Wurdst al hwat waerm?’
‘De kachel is hyt’, antwurde er.
‘Hast al iten?’
‘Ik haw noch hwat yn 'e tas.’
‘Nou, yt op. Ik haw miskien noch hwat âlde kofje, wolst it ha?’
‘Graech’, sei er, en biet yn it stik bôlle.
De adjudant gyng derút en kaem nei in setsje werom mei in kop dûnkere kofje. ‘Ik moast winliken noch al even witte hwatst by dy halt. Helje dyn bûsen en de tas mar leech en liz alles op it buro.’
Hy sortearre it netsjes: koekjes, sûkelade, tabak, in cinesappel, bûsdoeken, skriuwblok, beurs, mes, lucifers, fulpin. De adjudant bigoun it allegear op to skriuwen.
‘Allinne jild yn dy beurs?’
‘Ja’, sei er, en knipte him iepen.
‘Né, lit mar. Stek mar wer yn 'e bûs. It oare ek mar oprêdde.’
Hy wiisde op 'e sjek. ‘Mei ik smoke?’
‘Smook mar.’
Hy draeide in sjekje en preau fan 'e kofje.
‘Nou, dan moatte wy mar op har wachtsje’, sei de adjudant, en gyng wer oan syn wurk. De kachel wie gleon. De kjeld triek út him wei, hy waerd sûzerich, sleat de eagen en sakke wei yn in heale sliep.
| |
| |
Geskaei yn 'e gong, doe in slach op 'e doar. Hja kamen deryn en biseagen him nijsgjirrich. Hy bie de eagen wol wer tichtdwaen wollen.
‘Is dat him nou?’ frege de iene. Hja waermen har even by de kachel.
‘Wy moatte om dy troch de kjeld, hng!’ bigoun de wachtmeester wer. ‘Moai man bistou!’ Hawar, hy soe syn part noch wol krije strak.
Hja fjurren in rist fragen op him ôf, dy't er mei ja en né biantwurde. It ynteressearre har nammers net hwat er sei. De begeren soene har der wol mei rêdde.
‘Nou allé, kom mei! Hwat bast yn dy tas!’
‘Sjoch’, wiisde de adjudant. Unforskillich eagen hja it papier oer.
‘Nou, bitanke adjudant!’ Hja saluearden. Yn 'e gong forwikselen se de pet foar de helm en setten de kraech op. Fordoarje hwat in kjeld. Hja stapten op 'e jeep ôf.
‘Efteryn dou!’ Hy gyng earne op sitten. De motor sloech oan en hja sprongen fuort, skeaten troch de strjitten fan Heusden en doe de brede wei op dêr't it pedael oan ûnderen ta wâdde waerd.
It siigde oan alle einen en kanten troch de kieren yn it seildoek en de kjeld friet djip yn him. Hy stiek de fuotten fansiden om hâldfêst to finen en bûgde de holle foaroer.
Ik gean werom, bisefte er, it hat neat jown. Ik haw hwat lintdutsen, mar it smyt neat op. Neusden kaem ik tolânne. Likernôch west bin ik gien, west-noardwest.
Mar de kjeld bifrear syn tinken. Hy koe de wurden net mear oaninoar knotsje en stoarre passyf nei de flarden fan tinzen dy't út syn brein opriisden. Bylden fan hwat er hjoed en earder bilibbe bie, ljochten efkes op en sakken dan wer wei. It wiene krekt plaetsjes út in toverlantearne.
Ynienen forskynde hwat folslein nijs. Hy seach ûnder him in smelle lange brêge mei oan wjerskanten in izeren stek. Der foel iep fan 'e brêge ôf. Hy folge de fallende persoan mei nei ûnderen ta. It grieneftige vetter waerd dúdliker en breder. Der dreauwen dingen yn. It wiene hollen, seach er, minskehollen by de hals ôfsnijd. Hy soe der krekt tuskenyn falle. Hy foel fierder. Mar sjoch, tusken de hollen lei in heinderbal. In read-en-giele bal, dy't hwat langer hwat greater waerd. De bal wie rjocht ûnder him, hy soe der boppe-op falle, en de bal soe him drage.
Hoe lang as it gesicht duorre hie, wist er net. Of bie it in dream west? Mar hy bie net sliept. Hy wie wekker doe't er
| |
| |
it seach. Hy frege him ôf hwat er noch wist fan de reis yn 'e jeep, mar it wie suver neat. Hja wiene ynstapt en fuortjage. De jeep skuorde ûnder him, miskien al in hiel skoft. Hy wist it net.
Op in stuit bleauwen hja stean en de mannen foar him stapten út. Doe moast hy. Hja gyngen in gebou yn dat him net ûnbikend foarkaem, en doe't se yn in keamer stiene dêr't in kaptein efter it buro siet, wist er dat er werom wie. Hy stie yn 'e hâlding wylst de M.P. rapport útbrocht.
‘Lit in sel ynoarder meitsje’, sei de kaptein tsjin in sersjant, ‘'t is nou to let foar forhear.’ Hy hold noch in foech preekje tsjin him, dêr't er allinne út opfong, dat er godfordomme godsûnmooglik wie.
Hja brochten him earst nei syn keamer, dêr't er skjinne klean oanlûke koe. De smokerij rekke er kwyt, in bûsdoek koed er meinimme. Hja gyngen in nauwe gong troch en de twa slotten fan 'e izeren doar kreaken los. In rûme fatsoenlike sel: houten brits, stoel, tafel, smel rútsje, dat troch de sersjant iepen raemd waerd.
Hja soene fuort doe't de dokter deryn kaem. ‘Jow my de kaeijen mar, ik slút wol.’ De dokter seach omheech nei de radiator dy't oan 't plafond siet. ‘It is hjir fansels wer lang net waerm. Bist kâld?’
‘Né.’
‘Dat rút moat ticht! Dus dû bist werom. Ik kom moarn wolris wer. Bist protestant, nou? De dûmny komt pas mei in dei of trije werom fan forlof.’
It koe him neat skele, hjir wie dochs neat yn 't lyk to breidzj en.
De dokter gyng fuort. De doar waerd sletten. Efkes letter hearde er de oare doar ek tichtfallen. It waerd stil. Hy gyng sitten. Roun in skoft yn 'e sel om en gyng op 'e brits lizzen. Hy seach nei it rút, skoude de stoel derfoar en gyng derop stean to sjen. De ljochten yn 'e gebouwen wiene foar in part al út. De strjitlampen stiene yn in aureoal fan giel ljocht. It wie noch altyd dampich. Hy brocht de stoel wer toplak en lei langút op 'e brits.
Ik haw gjin spyt, tocht er, fout it dochs mislearre is, soe ik it makliker foar mysels meitsje as ik sei dat it my spiet. Mar ik bin tolreden, ik akseptearje mysels.
Hy lei stil op 'e rêch, sa stil sûnder tinken dat op 'e nij in frjemd byld foar him forskynde. Hy seach in fragmint fan in sânreedtsje. Manselheech boppe de groun stie in swarte unifoarmpet, sûnder forsiering of kenteken. Op 'e pet stie in brún
| |
| |
kûmke sljochtfol wetter. Samar ynienen sweve it kûmke fan de pet ôf en kaem tolânne yn 'e berm, mar der foel gjin drie út.
Hy fielde dat er dat ûnthâlde moast: gjin drie gyng forlern. Hwerom moast er dat witte en hwerom hied er strak dy bal yn it wetter sjen moatten? Hy gyng oerein en roun nei it finster.
‘God’, sei er, ‘God, ik tankje Jo dat Jo my dy wissichheit jowe. Ik sil it nou wol oan 'e ein ta spylje kinne. Mar lit my ynearsten dizze sei. Skielk, as Jo my wer yn it Noarden brocht hawwe, ril ik wenje tusken de sédyk en it koalsiedfjild en ûnder Jins hege himel.’
|
|