De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] [Nummer 7/8] Durk van der Ploeg: Gebet foar Fedde Schurer Ta syn jierdei 25 july 1963 O God, dy't is fan ivichheit, Wy witte fan de tiid gjin ûre. En hwat der yn de takomst leit Dat sil' Jo ús bistjûre. Jo hawwe him as dichter roppen, As roppene sa wit er him In dichter; mei it each nel boppen Sjocht hy it nij Jeruzalim. Lit Hear op dizze dei fan seine, - De middei noeget ta de joun - Op him de mylde drippen reine Fan 't Heil dat dizze wrâld oerwoun. God, hy draecht sjongende syn jok, Mar wol him by syn reis op ierde, As dichter fan it ierdske lok, De klearste fisioenen biede. O God, wol Jo him dei oan dei It ivich rymwurd skinke. Dat hy it findel heevje mei Hwerfan jins gunsten blinke. Wol Jo him, nou't hy âlder wurdt, Hwat stiif faeks en krebintich, Him linich hâlde mei it wurd, As wie 't in feint fan twintich. Hy docht foar 't libben oer gjin lichten, Mar as it wêze moat, o Hear, Gun him dan njonken de gedichten Twa Bokma elke dei, net mear. Gun him de polityk, de pinne, Jow him noch jierren AOW. En lit him bakke yn 'e sinne Mei 't útsjoch iepen oer de sé. Jow him de lytse freugden, Hear, Hwant as dy him ûntkamen, Dan hie er hjir gjin libben mear. Om Kristus wille. Amen. Vorige Volgende