Men moat dan ek oannimme dat it sombere bistean fan Franz Kafka represintatyf is foar ús allegearre. Fan alle ynterpretaesjes fan Der Prozess neam ik yn dit koarte bistek ien, dy't my wol oan wol.
Kafka, fan Joadsk komôf, hie in greate earbied foar de wet. De wet stiet ûnoantaestber, soeverein en ûnbarmhertich oer it libben en nimmen ûntkomt oan syn oardiel. Allinne hy dy't sels syn tinzen folslein suver hâlde koe, soe ûnskuldich wêze. As Joseph K. (grif Kafka) arrestearre wurdt, sûnder groun of oanklacht, protestearret er en tagelyk fielt er him yn it abstrakte earne skuldich. Hy wol witte hwat er misdien hat, mar kriget gjin antwurd. Hy wurdt gewaer dat de hanthaveners fan de wet, rjochters en magistraten en ek de advokaten, meiinoar ien korrupte binde binne, swankebasten en profiteurs. Dan set er him út alle macht to skoar tsjin it fordoarn apparaet. Mear noch as foar syn persoanlik rjocht striidt er foar de gerjochtichheit, foar de hilligens fan de mysterieuze en ûntagonklike wet. In ûnskuldjge skuldige, iensum en warleas tsjinoer de sletten oermacht fan in korrupte en marchandearjende wrâld. Yn dy striid giet er ûnder, hy stjert ûnder de hannen fan syn boalen as in houn.
‘Joseph K. giet ûnder, mar in heger bigjinsel triomfearret’, lies ik earne. Dat mei wier wêze, myn réaksje lykwols wie, doe't ik dizze nachtmerje jitris lêzen en op 'e film sjoen hie, dat dizze wrâld fan Kafka de makaberste yllustraesje is fan it wurd fan dy greate stoarmfûgel Gods, Paulus fan Tarsen: dy't troch de wet rjochtfeardige wurde wolle, binne fan de genede forfallen. De Ingelske bibel seit it noch plastysker: you have fallen out of the domein of Gods grace.
En nou de film. Dit wie sels foar in reus as Orson Welles in nuodlike ûndernimming. Kafka syn macht is syn kode, syn geheimtael. Hwat der bart, bart troch en yn it wurd. Yn dat wurd floeije it reéle en it irreéle gear. Kin dit forfilme wurde? Né, skreau immen, dit moast misbiteare en is misbiteard. Ik bin it der net mei iens. Sa'n stelling giet út fan it taeije misforstân, dat it autonome kunstmedium film yn sa'n gefal metten wurde moat mei literaire noarmen, fan in soarte wurdreligy dy't de macht fan it dramatyske biwegende byld ûnderskat. Fansels kin allinne in master him oan de forfilming fan sa'n binearjend literair drama weagje. Welles is in master. Der binne einen, dêr't it boek jin mear docht as de film, mar ek oarsom, as it byld de suggestje fan it wurd forsterket, de bidoeling sichtber makket, of mei inkele flitsen in lang en frjemd forhael skerp biljochtet. Der is bygelyks it heimsinnige petear tusken Joseph K. en de geastlike oer de ûntagonklikheit fan de wet. Kafka syn mathematika rekt dit krekt efkes to lang út, wylst de film jin mei suggestive bylden yn in pear menuten yn it ûnthâld brânt. En dan is der de entouraezje, it masterlik gebrûk dat Welles fan de romte makket, om de sfear fan de nachtmerje to skeppen, om reëel en irreëel yninoar op gean to litten, mei net minder macht as Kafka it mei syn tael docht.
Welles sels spilet de rol fan de grouwe advokaet dy't syn klanten útsûget, forbjusterjend knap. Ek Anthony Perkins yn de nuodlike haedrol en Romy Schneider as de gleone faem binne bêst. In regisseur dy't it slagget, om dizze idoalen fan de sensaesjefilm ta sok spyljen yn sa'n drama op to lieden, hat hwat yn syn marse.
Haedsaek is, dat er de nacht fan Kafka, de need fan Joseph K. oertsjtûgjend opropt. Der rounen noch al hwat lju foar it grouwélige slot ta de bioskoop út. Hja woene wol yn goedens.
INNE DE JONG