neam de nammen fan Freud en Jung. As bitûfte ‘skoaljuffer’ lei hja dêr fuortendaliks de bange fraech oer hinne: ‘Kunt u mij volgen?’
To folgjen en tige to wurdearjen wie de aktrise en regisseur Elise Hoomans, doe't hja har biheinde ta de problemen fan de toanielregy, op hokker mêd har fantastyske fynsten, dêr't hja in mannich foarbylden fan joech, net gau heech genôch oanslein wurde kinne.
It sil de Sweachster regisseur J.M.L. van der Heyden net tafalle en stap yn dit stik fan saken har op 'e side. Fan ien ding kinne wy lykwols nou al wis wêze, nammentlik dat Van der Heyden net biynfloede wurde kin troch Elise Hoomans, om de dea-ienfâldige reden dat hy de opfiering fan de toanielgroep Theater net sjoen hat; en ek om't it iepenlofttheater nou ienkear heul oare easken stelt as it sealtoaniel.
De lêzers fan De Tsjerne hawwe in priuwke hawn fan Dürrenmatt syn stik en wol it hiele earste bidriuw. De Strikel joech yn it junynûmer it lêste bidriuw en boppedat in gearfetting fan de ynhâld fan it stik. Der sitte safolle kanten oan dit nijsgjirrige kunstwurk fan Dürrenmatt dat in gearfetting de auteur gjin rjocht docht. Trouwens ek by de réalisaesje, by it op 'e planken setten fan it stik, binne der frijhwat mûglikheden. Under de regy fan Elise Hoomans hie dizze tragyske komeedzje de sfear fan in eangstoantwingend skimespul. It wie dreameftich en tige suggestyf.
De Fryske opfiering sil nei alle gedachten mear hingje oan de réaliteit en oer alle boegen hwat gemoedliker wêze. Dy gemoedlikheit leit al fêst yn de oersetting fan Freark Dam. Dêr komt dan noch by dat amateurtoanielspylders net maklik los to meitsjen binne fan naturalistyske toanielopfettingen. Wy hawwe in dékorskets sjoen fan de regisseur Van der Heyden en dêrút docht bliken dat de Sweachsters yn de iepen loft in ‘hiele stêd’ ta har foldwaen hawwe.
It min ofte mear irreéle, dêr't ek myn hert nei útgiet, sei Van der Heyden, sil him by my uterje yn de igale kleur fan it stedtsje Güllen.
Klara Zachanassian, de âlde dame, de miljardaire, dy't Güllen, har stêd fan komôf, út de need helpe wol, op ien bitingst, nammentlik it offer fan de man, dy't har fiifenfjirtich jier lyn sitte litten hat mei in bern, wurdt yn it earste bidriuw troch ‘de learaer’ forgelike mei de Grykske needlotsgoadinne Klotho, de faem, dy't de trie spint fan it minske-libbenslot. Hja stelt de stedsmienskip foar de kar: fatsoenlike earmoed òf rykdom woun mei in moard.
Dy moard wurdt útfierd yn it ramt fan hwat libbens- en histoarjeforfalskjend ‘de tradysje’ fan it plechtich folksgerjocht neamd wurdt. It birop op in âld stik heidendom wurdt hjir de bitingst foar in libben sûnder materiéle soargen. Dit kin de earnstige warskôging wêze fan Dürrenmatt oan de hjoeddeiske minske, dy't jaget nei ‘it lok’.
SJOERD LEIKER