nen en har leafde kin elke fornedering oan. Mia giet mei nei tsjerke, dêr't hja, bihalven de koster en de organist, de ienichst bywêzige is.
De forwoechsen koster aksintuearret it thema fan de film yn in pelsar mei domeny foar de tsjinst, as er seit, dat neffens him it biskiedende krúswurd fan Jezus de needrop is: Myn God, myn God, hwerom hawwe Jo my forlitten?
Moat de tsjinst trochgean? freget er. Ja, seit Ericsson, hy giet net it alter en de film einget mei de yntroïtus fan de Sweedske earetsjinst: Hillich, hillich, hillich is de Heare, de Almachtige.
Dit iepen ein ropt tal fan fragen op. Fragen oer de domeny, oer Bergman, oer jinsels, oer de wrâld, oer it swijen fan God.
Sil dizze domeny, freget men jin ôf, nea ta it bisef komme, dat der yn it Evangeelje ek noch sprake is fan skuld en forjeffenis en út syn illusoire paradysdreamen trochbrekke nei de tsjinst oan de meiminske en in lijende wrêld? Hat Bergman mei in biskaet doel dizze stokfisk fan in domeny skepen, ynsté fan in Job, in greaten opstanneling? Wol er hjir de neakene ellinde stal jaen fan in formalistysk en forboargerlike tsjerklik bidriuw? Dan komt er mei filmyske middels yn de buert fan Kierkegaard, dy't in deade tsjerke syn flymjende oanklacht yn it gesicht slingeret. Yn Sweedske tsjerklike formiddens wurdt yn alle gefallen forheftich op dizze film réagearre.
Bergman hat langlêsten ris skreaun: Ik bin altyd dwaende mei religieuze problemen. Mar religieuze emoasjes en sentimintélens, dêr bin ik ôf, de religy is foar my allinne in yntellektueel probleem.
Dit is sûnder mis in understatement. Hy mei in film lyk as dizze as in yntellektueel spul bigjinne, mar hy hâldt it net út. Dêr is er to folle Skandinaviër en binammen to folle Ingmar Bergman foar. It wurdt in drama fan deadlike earnst, dat himsels yn ieren en sinen oangiet en dêr't er de taskôger twingend mei oansprekt.
Dizze film soe to statysk wêze en to stadich fan biweging, is der klage. Fan in statyske estetyk kin men hjir miskien wol sprekke, mar hwat soe dat? In film hoecht net perfoarst in foarbyflitsende yndruk to jaen fan tûzen dingen en psychologyske motiven. In uterste konsintraesje mei de soberste middels op in geastlike situaesje, lyk as hjir bart, ferget in great kunstnerskip. It gesicht fan de swijende fisker, dy't fan wanhoop suver boarst, de eagen fan syn frou, dy't mear sizze as hokker skreau, binne mominten út in dramatyk fan de siel, dy't Bergman mei macht stal jowt.
Dat motyf fan de atoombom liket my frijhwat willekeurich en irrelevant. It forskuorrende probleem kriget gjin adekwate oandacht en is mear symptoom as oarsaek fan de fisker syn wanhoop.
Gunnar Bjørnstrand, Max von Sydow, Gunnel Lindblom en Ingrid Thulin, resp. as de domeny, de fisker, de fiskersfrou en de ûnderwizeres, spylje treflik.
INNE DE JONG