Durk van der Ploeg:
Harry
Foar Kees
De oarloch is foarby. Nimmen praet dêrfan, hwant it genêst as in woune en alles is wer as it earder west hat. Doe't de lêste soldaten oer de brêge rounen, reinde it. En de fuotleasten waerden efter har weiwiske. Mar nou hinget it ljocht toskuord yn de beammen en de fûgels hawwe har wjokken opteard. It plein is leech. Gjin dou pikt tusken de stiennen. It is foarby. Miskien is it al lang foarby. Ik wit it net, hwant de frede bidraecht it forline.
Hy stie hjir, doe't de soldaten him delskeaten en syn lichem meinamen. Hy wie net dea, miskien om't er bang wie fan de dea. Eangstich hat er him oan it libben klamme op it avontûr dat de tried brekke soe. Wy sieten yn it tún. Wy, André, Arnold en Minne en ik. Nimmen forroerde him. Nimmen frege hwat. Nimmen hat der fan sprutsen. De auto ried yn fûle flecht oer de brêge. It ratteljen klonk eangstich troch de stilte fan it tún. En it herhelle him de hiele middei lang. Doe moat de frede ynset wêze, hwant ynienen floite in fûgel troch de stilte en de beammen waerden gefaerlik heech om it hûs. En doe't it op 'e joun bigoun to reinen stie André mei Minne oan it biljert. Tusken de felle klikken fan de ballen hearde ik harren sêft praten. En Arnold sei: ‘Harry sil dea wêze.’ Hy dronk syn glês leech, ik sette syn kening skaek. ‘Dou silst moarn oan it kwartier freegje kinne’, sei ik. Hy skodholle en socht in feilich hinnekommen foar syn kening. ‘Yn it kwartier rille de offisieren wol witte hoe't it mei him is.’ Mar it bleau stil, nimmen sei hwat, nimmen spriek oer him. En de stilte haw ik net bigrepen. Pas letter haw ik it bigrepen, doe't Harry op twa krukken lynjend oer de brêge kaem. De brêge rattele net, mar syn stokken stjitten gefaerlik op it izer. Wy seagen elkoar oan. Wy, Arnold en ik, mar sweijen as hiene wy elkoar bigrepen. De wrâld wie sa stil as hie hja gjin doel mear, as soene de muorren omfalle.
Syn lichem biweegde him ûnwennich tusken de stokken en op syn lichem seach ik blanke groeden. By it sunige ljocht sieten wy jouns om de tafel en praetten net, mar harken nei de lûden dy't fan bûten kamen. Harry stoarre foar him út en yn syn eagen wie glaâns as fan in sjenner. Soms rattele der oer de brêge in auto. Dan seach Harry skril omheech en syn meagere hannen taestten nei de krukken dy't oan wjerskanten