De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 248] [p. 248] Jan Eisinga: De silen op 'e hakken Dou leist yn myn earms sa fier fan my ôf to sliepen; ik kin dyn antlit net mear en dyn lichem, dat my dochs nei west hat yn 'e nacht makket nou myn sinnen drôf. Hiel bitochtsum taest ik nei myn fielens foar dy; in frjemd halt yn it earste ljocht fan 'e moarn: muoit it allegearre my, dat, mei dy, ik earder ivich miende? En dou leist dêr mar, swier yn myn earmen, de selde dy't sa longere hawwe; hja litte dy nou sa stadich glûpe, dy't fannacht yn 't tsjuster dy biskermen. [pagina 249] [p. 249] It forlerne paed Koe ik myn paed mar gean yn bitrouwen sûnder to freegjen nei it hwêrom, dat efter de kimen bisletten is foar hwa't iensum giet hwêr't gjin werom mear leit; koe ik mar ûnbigien it paed folgje sa't ik as bern it wis en sûnder freegjen, boartsjende bigie. Koe ik my ienkear mar ris net bisauwe oer mysels; dy't lûdleas gûlt yn 'e nacht fan syn wêzen omt er Him jit net foun, hwêr't er sa fier it ienlik paed nei 't ljacht oan 'e kym yn bitize freegjen roun. Koe 'k mysels dochs wer genôch wêze, mei lichte fuotten fierder tsjen; en 't paed to'nein wol ik as in bern wurch fan 't freegjen einlings rêste. [pagina 250] [p. 250] Doarpshistoarje Sjochst' Beppe wol sitten? Om har fris wolken gerdyntsje kipet it earizer op strjitte, de smelle mûle glimket fyntsjes; Dach Beppe... Hearst Pake petearjen? Under de glânzige pet kôget er evenredich mei 't broazlich ark syn leare, de brêge heart, hoe 't hy it doarpsbarren skôget; Dach Pake... Sjochst Pake en Beppe nei tsjerktiid rinnen? In stadige gong yn harmonysk swijen; twa dy't elkoar alles al seine en dêr ek net swier oer stinne; Dach Pake, dach Beppe... hwerhinne? Vorige Volgende