middei, mar de Bank wie iepen; dat is to sizzen de kantoarhâlder wie biskikber. Hy hie in briefke op 'e doar mei dit biskie: ‘En cas d'absence, je suis dans le jardin’. De boeren fan Hamoir hawwe grif oan dy meidieling genôch hawn. Hja witte it paed nei de kantoarhâlder syn tún, it plak fan ûntwyk út it, tinkt my, dochs net sa ôfgryslik drokke sakelibben fan Hamoir. Mar hawar, ik sil de lêste wêze om dizze faeks biskieden bankdirekteur syn sé fan frije tiid to forgunnen. It is foar my dan ek in riedsel bleaun, hwer't de man syn tún leit, hwant ik woe him net steure yn it stil geniet fan de opkommende beantsjes en fan de ierappels.
De lêzer sil him ôffreegje hwat dizze anekdote to meitsjen hawwe kin mei It griene jier, in leafdeliet, fan ús Fryske dichter D.A. Tamminga. De reden is dat my noch dat forrassende en dochs deagewoane, plausibele ‘cas d'absence’ yn 'e holle sit.
It ‘cas d'absence’ liket my yn mear as ien opsicht treffend foar de dichter en it dichterskip fan Tamminga, dy't himsels, nei analogy fan ‘de húswarder’, sûnt in jier of hwat ‘taelwarder’ neamt en dy't yn dy funksje by de Leeuwarder Courant noed stiet foar de tael, dy't de Bank hâldt en dy't elts Hollânsk wurd en elts Frysk archaïsme wikselje kin tsjin goede, hjoeddeiske Fryske taelmunt, mar dy't spitigernôch mar o sa komselden noch ‘amtlik’ dwaende is yn syn dichterstún.
It ‘taelwarjen’ by de krante en by de Fryske Akademy is in oannimlik ‘cas d'absence’ wurden, mar it is fansels tige de fraech of it filologysk wurk it iennichste biletsel is foar utering en ûntjowing fan Tamminga syn dichterskip en foar de taelskittering fan syn great talint.
Anne bladman, ús top-essayist, neamde yn 1949 yn Frieslands dichters as reden fan it útbliuwen fan nij wurk fan Tamminga in oermjittige biwustens, dy't de ynderlike driuw, de needsaek, opkeart. Dat it biwûnderensweardige talint, binammen en suver yn technysk opsicht, noch folslein oanwêzich is, hat wol bliken dien út Tamminga syn masterlike oersetting fan A Winter 's Tale fan Dylan Thomas, publisearre yn De Tsjerne fan desimber 1961.
It is in oersetting, in omdichting en as sadanich eins in nij fers, dat, hwat taelraffinemint oangiet, op 'e selde hichte stiet as Tamminga syn eigen liet It griene jier, dat foar it earst útkaem yn 1943 yn in klandestine útjefte fan de Amsterdamske Marnix-Pers en dat nou op 'e nij foar bisprek leit yn in sober boekje fan 1962. De macht oer de tael is yn de niisneamde oersetting en yn it eigen liet dúdlik en oerhearskjend.
It ‘cas d'absence’, dat oanlieding wêze kin foar de lange