De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 237] [p. 237] Sjoerd Spanninga: De plussen en de minnen hwat in gelok dat wy ús allegear deselde rudige hûd rosse moatte hjir op ierde al is de iene faeks hwat mear mei pûkels forsierd as de oare en dus in tikje greatsker yn 't bisef fan syn forwurvenheden... och earme ik hie der my sa op forgappe der soe lang om let noch hwat bihoarliks yn my opsjitte út de puollen en de petten en nou tilt it fan de geile snilen om my hinne - men rint aenst mei it onlân op 'e rêch de ein to mjitte haw ik soarch - in bok fol rusken oan 'e reidwâl rispe wurdt ús gondola myn ljea hwer't jachterich de jerken en har wylde lusten út 'e sleatten spatte - dit bylket net sa moai marij foar myn gemoed it jowt de fûgelfaeijen gau in eigenikkich aerd dat bandeleaze njonken hapskear en konsorten of de evenredige natueren dy't forheven boppe 't heidenskip [pagina 238] [p. 238] op stelten stappe troch de buert as 't miel oatmoedich is bislikke wylst wy de tiid forluiterje by 't lege ljurkeglês forjown as wy binne fan goeije idéen - hja kinne alteast great gean op morele wapenfeiten in libben sûnder knûkels en in panstrutsen troanje dy't him fiis ôfkeart fan de wytsjongende ingelkoaren - hawar de minnen oan 't krús en de plussen op 't plús - mar de deugd lit jin net los om gjin noch safolle dy lytse tyran al sit men algeduerigen to kontsjewippen itsij dan dat it hert him wer forslingert oan it avontûr en tusken spoekeblommen sliept as strak de moanne freget om in liet. [pagina 239] [p. 239] Atol in greate widze skommelt wol de ierde yn 'e dream fan it hielal... in fanke mei in giele jûpe kin 't jin oandwaen de adel fan har jonge wêzen hat in heimlik libben stilljochtsjend yn har eagen lein de rêddende genede fan it leauwe men is noch net alhiél forlern jowt oan de skepping in genegen glâns de doffe dingen witte wer har fieling en har fonkeling by 't kearen en it kommen fan it tij hja moatte pompe of forsûpe mar de ûnderstream fan har bitrouwen it swijen hâldt de siele wach it kwea lûkt him tobek en skûlet nou biskamme earne oars de núnders litte sprakeleas har waeijerkes op 't strân in lytse hulde lâns de kust en hwer't mei djip forstean de dining dounset nei de brânning fan it hert it âlde ringrif baeijend yn in wyt biwegen troch de weagen is 't blinkend sein in sichte wurden slach op slach de sé oan 't meanen dat jin de ripe raeijen rûzjend foar de fuotten falle. Vorige Volgende