De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 233]
| |
E.B. Folkertsma:
| |
[pagina 234]
| |
komme. Ja, op in tige toarre groun, en hwat toarder dy de lju talike, hwat sterker hja bifêstige waerden yn in leauwe, dat gjin wurken fan neden wie, mar sa út en troch proklamaesje en parade. Yn ynstjûrde stikken bygelyks, en yn mear soksoarte steal en grom fan tsjûgenis. En dêrom is it fan bilang, dat der nou wer ris immen - ien fan 'e fiersten to inkelden - mei âlde earnst op 'e saek yngien is. Dêr kin de biweging, en dan allerearst hwa't fan harres selsbistjûr foar Fryslân needsaek achtsje en oan syn mûglikheit en syn gaedlikheit leauwe, allinne mar better fan wurde. Ek de konklúzje, dêr't Bergstra ta komt, moat gjinien der blyn foar meitsje, dat it yn 'e diskusje om it stik yn 'e pleit oan sa'n fjouwerkante ôfwizing nedich ta wie. In stelling, yn Fryske forhâldingen sa fier fiemjend as dy fan selsbistjûr, kin net sûnder skerpe tsjinstelling. En dat nammersto minder fanwegen it gefaer, dat der mei mank is en dêr't it licht ta forlaet: dat de eask fan selsbistjûr yn har fiere en op gâns idéalistyske moed fergjende strekking de biweging in yllusy oanammet as soene har réele en aktuéle opjeften flak foar de hân, safolle faek ôffallende, forfeelsume, swier einende aktiviteiten, dêrby fan minder bilang en bitsjutting wêze. As soene dy har sin allinnich hawwe yn dat iene, dat op 'e wurklikheit noch net hifke en dus maklik moei to tinkene en to dreamene: selsbistjûr. As soe it saek wêze en set - út argewaesje en ta forhael - út 'e ellinde om jin hinne de hope sa ûngemurken wei hwat langer hwat fierder fan jin ôf, op in top, dy't jin de romte en de weelde fan in fier sicht gunt. Koartom, de biweging is yn it forlied om de saek fan selsbistjûr foar Fryslân apart to stellen. En eigenaerdigernôch, sa docht Bergstra ek. Allinnich, hy docht dat mei in doel rjochtoarsom: ta ôfwizing. Mar sa is de saek nea steld, en kin hja net steld wurde. Ek de foarm fan steat, dy't selsbistjûr neamd wurdt, is gjin ding op himsels. Hy is mear as in foarm. Hwa't him, likefolle posityf of negatyf, formeel skôget, docht him gjin rjocht. Lyk as alle foarm freget er ynhâld, ûnderstelt er ynhâld, hat er ynhâld fan neden. Hy moat folle wurde, en dat mar net allinne steatkundich, mar ek taelkundich, literair, kultureel. In folheit fan libben is it mei en yn him om to rêdden. En dêrom kin ôfwizing likemin as oannimming fan selsbistjûr foar Fryslân by apartstelling en formalisearring ôfgean. Selsbistjûr as steatsrjochtlike foarm docht tusken foar en tsjin gjin útwizing. Hwer't it op oankomt, is de fraech, of't en ynhoefier't it Fryske folk yn steat is, yn steat wêze sil en yn steat wêze wol om yn 'e foarm en it kader fan selsbistjûr him- | |
[pagina 235]
| |
sels yndie to bistjûren, him to ûntjaen en op allerhanne mêd forhef, rykdom, folheit fan nasionael libben to winnen. Wurdt dat net of kwalik, dan is dêrmei de foarm net oardiele, mar it folk, dat safolle frijheit as de foarm him talit en tastiet net oankin, der dei noch wei mei wit, der foar it neist ommers net oan wol. Allinne, dat is yn it foar net út to meitsjen. Mar dit is der wol fan: autonomy en selsbistjûr krije wy, al binne wy noch sokke bêste, nommele Friezen, net to jow. Dat moat bileaven ek net. Hwer't gjin wurk, aksje en striid foar nedich is, hat gjin takomst. Ek selsbistjûr heart biwraksele to wurden. Sil it takomst hawwe en takomst jaen de muoite wurdjch, dan kin it net ta mei har forwachting ienris, yn 'e takomst, mar easket it wurk en wei nou, yn 'e réaliteit fan it hjoed. Wurk en wei der op oan fan it hjoeddeiske slachte, hwant gjin idéael fan takomst forwurkliket himsels as wie en gie dat automatysk, lyk as it der wol fan hawwe koe, dat guon biwegingslju soks yn dit stik miene. Mar likemin kinne eask fan en striid foar Fryslâns selsbistjûr sûnder fan it rjocht en de frijheit, dêr't it foarm ta is, ûnwennich to wêzen, der forlangst nei to hawwen, se to wollen en der oan to leauwen. Ja, op it punt fan it leauwe, dêr falt tusken ôfwizing en oannimming by einsluten it bislút, it lêste mei't it it earste is. Neffens it leauwe, net oan 'e foarm op himsels, mar oan 'e frijheit, dêr't de foarm romte en gelegenheit foar jowt en hwat der yn 'e foarm fan to meitsjen is, weage de biswieren. Dy binne der en sille der bliuwe, sa dúdlik wol, dat nimmen se noch oaren noch himsels hoecht to ûntstriden. Ek in himsels bistjûrend Fryslân jowt gjin wisse takomst. Ek ús folk kin safolle rjocht en frijheit fornutsje, forgrieme, forspylje, ta weismiten keare. It kin it biwiis leverje, dat it se net tabitroud is. Selsbistjûr foar Fryslân, it to easkjen, der foar to striden, it to winnen en to hawwen, it is in avontûr. Dat fan alle frijheit, yn hokker foarm ek. Dat is Bergstra likemin ûnbikend as hwa Frysk biwegingsman. En dêrom kin er noch sa ôfwizend argumintearje út 'e stelling fan in apartset en formeel skôge selsbistjtûr wei, mear as lykjen is dat net. As it der yn 'e gong fan syn rede op oankomt, bringt er biswieren fan bûten ôf, biswieren dy't mei de foarm fan selsbistjûr op himsels net út to stean hawwe, yn 'e tsjinpleit. En dan komme der swiere izers yn it wetter. Dat Bergstra net leaut oan selsbistjûr foar Fryslân, hat, docht wol bliken, folle minder to meitsjen mei itjinge op 'e foarm derfan oan to merken wêze kin as nammersto mear en to fundamintéler mei syn fisy op 'e ûntwikkeling fan 'e tiid, sa forsiljend en ûntfoarmjend en forbrekkend as dy wurket op 'e ienheit en | |
[pagina 236]
| |
de kommunikaesje fan it Fryske folk, troch en om it, fan himsels ôf, hwat langer hwat tichter to yntegrearjen yn greater, Nederlânsk forbân. En oan dat proses sil selsbistjûr foar Fryslân, op 't lêst ek yn Nederlânsk forbân en, mient Bergstra, by de graesje fan it Nederlânske ryk, neat foroarje, it ynpleats sels bifoarderje. Dêr liket de ôfwizer op syn sterkst. Hwa sil him ûntstride, dat yn dizze tiid en wrâld mei har moderne ûntwikkeling biweging foar selsbistjûr oan Fryslân greate biswieren tsjinhat, like greate as dat selsbistjûr om to bistean en to funksionearjen sels? Allinne, binne dat oare as dêr't Fryslân en syn folk it nou al, sûnder status fan selsbistjûr, mei to krijen hawwe? It binne deselde. It binne dy fan in Nederlân en in wrâld oer Fryslân yn ynternasionale geastlike, kulturéle, politike en ekonomyske kommunikaesje. En om't Bergstra dat ek wit en krekt út syn fisy op sok in tiid en wrâld wei sa min syn moed hat oer de Fryske situaesje, kin er mei ôfwizing allinne fan in selsbistjûr dêr't er net oan leaut ûnmûglik ta, mar moat der posityf hwat oars foaroer stelle. En dat liket er dan ek to dwaen. (De oare keer it lêste). |
|