De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |
J.F. Siemensma:
| |
[pagina 226]
| |
Hy drifke op in hjerstige dei
It wolfé yn 'e bergen
Dêr stoarmen ruters oan
Dy't alles fan de hoeder fergen.
Hja makken alle skiep dêr bút
En jagen se oer 'e klingen
De hoeder krige huf
Fan pine lei hy dêr to wringen.
Hy seach it flim'rjen fan in dolk
Hja drigen him to deijen
Mar mei in listich pleit
Wist hy it rôversfolk to paeijen.
‘Ei, lit my libje, goede lju!’
- Oatmoedich bea hy 't harren -
‘Lit my mei jim op roof...
Ik ken hjir alle skieppeskarren’.
Mei flaeikjen swikte hy 't der ôf
It waerd gjin moard mar graesje
Hy krige in stellen guds
Hy wie oannommen fan dat naesje.
Dy jouns ried hy op avontûr
Mei al dy wrede kearels
En hwer't de ynbraek foel
Dêr rôven hja de blom en pearels.
Hja makken mear as fé dêr bút
Elk sleepte mei in frommis
Hwa't har net weijaen woe
Dy joegen hja op har fordom'nis.
Yn 't rôverskamp op Qumrâns rots
Dêr kreamme d'ien nei d'oare
Elk jier as 't Maeije waerd
Dan gyng it dêr lyk as tofoare.
Hja libben bare wyld en rûch
Yn feesten en yn oertrêd
Fan iten, drank en soks
Waerd winlik elkenien dêr oersêd.
| |
[pagina 227]
| |
Nei skeel en deaslach hat hy nachts
It hoal mûsstil forlitten
Ien frommis bleau dêr doe
Mei trije huorre-berntsjes sitten.
Forroppe fan 'e honger skielk
Is hy strûkrôver wurden
As hy gjin iten hie
Dan wie hy wreed lyk as de murden.
En mannichien, Samaritaen
Of Israëlyt moast bliede
Dy't dêr to stjerren lei
Hy koe dêr sûnder smert fan skiede.
Ut need fordie hy syn ûnthjit
Forret hat hy syn maten
't Gerjocht oerfoel it hoal
En hy hie sines fan de baten.
Der wie gjin greater swankebast
Yn 't séplak Kaisarije
Hy koe dêr foar syn jild
It pronkje en it djûrste krije.
Hy stiek dêr yn in fleur'ge gyl
De brân yn 't âlde rjochthús
Dyselde jounes lei 'r
Oan 't blok to suchtsjen yn it tichthús.
Fiif jier galeijen hat hy hawn
En field de gleone stripen
As hy yn keatlings gie
Under de slavedriuwersswipen.
Syn âlden op de Libanon
Hy soe der net nei tale
Syn gea, syn bernetal
It koe him allegear neat male.
Koe hy it wierlik helpe dat
It kwea him oeral moete?
Syn wroechwjirm prike soms
Hy wist fan skuld - mar net fan boete.
| |
[pagina 228]
| |
Hy wist fan skuld - in amerij
Hat hy wol oars it winske
Syn ûnrêst gniisde 'r wei
Hy wie op 't lêst ek mar in minske.
En jimmer wet forfoel hy ta
It wif en skelmsk bistean
Hy soe út frijichheit
De skurve died, de moard bigean.
Ut frijichheit - dochs wie hy boun
Ek as hy moarde en skelme
Syn libbensskip waerd stjûrd
As 't op de wylde weagen dwelme.
De moaiste froulju hat hy roofd
En foar slavin forhâns'le
Hy hat ûnreplik goed
En minsken lykfolhwat forkwâns'le.
Syn skai bidobbe er yn 'e groun
Lyk as in houn de bonken
Men siet him efternei
By nacht en ûntiid makke er skonken.
Ringen fan barnstien wiep' der by
Ynlein mei skarabéën
Rosetten fan blêdgoud
En krûken mei de ealste méën.
De moarns ticht' oan Bethanië
Dêr moete 'm folk by swermen
Opteine minsken dy't
Mei net to fetsjen wurden skermen.
Hja geiden 't út: ‘Hy, Lazarus,
Is út it grêf forrizen
Jezus almachtich hear
Hat him forlost út deadske dizen’.
Hy hearde 't boadskip mar forstie
It net fan út syn leauwe:
Men dolt de skatten út 'e groun
Mar minsken moatte dêr yn bliuwe.
| |
[pagina 229]
| |
Doe moete him dat bleek gesicht
Sa't hûnderten it seagen
En elkenien hat field
Sjoch hjir in minske sûnder leagen.
Dy eagen en dat bleek gesicht
Hy koe se net forjitte
By eltse misdie soe 'r
Dy sêfte eagen op hun witte.
Dy eagen baernden yn syn siel
Oft hja him al mar fregen:
‘Dismas, myn soan, hwerom
Bigiestû sokke dûnk're wegen?
Witstû sûnt Lazarus net méar
Hastû fan Him gjin witnis
Makke Ik net iepenbier:
Foar sûnders is der forjeffenis?’
Hoe myld de stim, de noeging wie
Hy koe dêr net yn leauwe
En is syn wegen gien -
Hy soe de âlde Dismas bliuwe.
Al minder hat hy 't priemjen field
Hy rekke yn 't kwea bihurde
Hy wist to goed: hysels
Soe yn de swartste hel forwurde.
It libben spielde alles fuort
De stim soe net mear roppe
Soms yn syn dreamen dreau
't Gesicht út skom en jolling boppe.
Ut skom en jolm hat it gesicht
Him oansjoen en bifrege
Mar yn it deisk bistean
Hat hy himsels fannijs forlege.
En is syn tsjust're wegen gien
Yn damaststêd Damaskus
Dêr pakten him op 't lêst
Tsjinners fan Pontius Pilatus.
| |
[pagina 230]
| |
Foar him wie gjin forwin der op
Hy wie in dûbeldjerre
En neffens wet en pliich
Moast ien as hy oan 't krúshout stjerre.
Hja neilen Dismas oan it krús
Dy wreedste aller dagen
Hy tize yn neaken steat
Om mei de swierste aller fragen.
Doe kaem 't birou - hy gâlle 't út!
Hy rekke út 'e fâlden
Yn syn tobrutsenheit
Hat hy doe roppen om syn âlden.
Hy skrille, hy bisaude: dea
Moast hy dy selde ûre
Dy freeslikheit, dy macht
Liet har net stuitsje, har net stjûre.
Hy sloech de wurge eagen op
Hy hearde immen praten
Dat hwat yn 't ear him kaem
Wie oars as 't roppen fan soldaten.
Dêr neist him hong dat bleek gesicht
Hy merkbiet it fansiden
De man dy't wûnders die
Wie oan it bidden en biliden.
En Dismas wist net hoe't er 't hie:
It spylark fan syn siele
Dat lette wûnder-fyn
En hat de moaiste bylden miele.
Hy seach de Libanon, syn gea,
It hûs, it hiem, syn âlden
Dy't beaën by de moerbeibeam
Hy seach de dûnk're sederwâlden.
Op 't stuit hie hy it foar 't bigryp
Hwat minske hja dêr hongen
Op 't stuit waerd doe syn hert
Mei eale opstannigens bimongen.
| |
[pagina 231]
| |
Opstannichheit om Him, om Him
Dy't oan it krúshout lijde
En dy't syn lêste bea
Jit oan fijann'ge minsken wijde.
‘Forjow it har, hja witte net
Hwat hja nou dogge' - wurden
Fan great forjaen, se gien’
Him, Dismas, troch de siel' as swurden.
En doe't syn maet, dy oare smjunt
Dy't ek oan 't krúshout hinge
Mei lêbbich praet bigoun
Hat Dismas him fuortdaliks ringe.
Dy húnde Him en sei: ‘As Jo
Yndie de Kristus binne,
Forlos Josels en ús!’ -
‘Dû maet, dû moatst' dy goed bisinne’,
Sei Dimas doe: ‘Frezestû God
Dan net, omdatstû biste
Yn 't selde oardiel en
Rjochtfeardich, lyk astû wol witste?
Hwant dû en ikke krije nei't
Wy útheefd ha, mar dizze
Die neat ûnfoechsums - Him
Kin men gjin omkromte bylizze’.
Doe seach hy Jezus oan en sei
It hert seldsum forromme:
‘Wol, Heare, tinke om my
As Jo yn Jins keninkryk komme’.
It wurd dat Jezus dêrop spriek
Hal ljochte yn syn malaise:
‘Forwis, siz 'k dy, hjoed silst'
Mei my yn it paradys wêze’.
Dêr't hy forlit is en forstoarn
Dêr bôge in iivge timpel
Dy stoune oan it hout
Hat Dismas krige 't kenings stimpel.
| |
[pagina 232]
| |
Hy dy't Syn lêste learling wie
Soe om sa great in leauwe
Yn 't einichst libbensskoft
Troch Kristus' macht bihâlden bliuwe.
Trije Keningen/Goefreed 1963. |
|