De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 223]
| |
Jan Dotinga:Bitinking
Skoalbern struije blommen;
it folk draecht de tank oan
op de bier fan it oantinken.
Ut 'e âlde toer roppe de klokken
it bitinken om.
Hark, op 'e Aldbuorren
gûlt yn frijheit in bern
en boppe ús hollen
pearje de klysters
sjongenderwize.
Sels de beammen hingje nei
de stilte oer, nou't de deaden
harren lyts gerak krije.
| |
[pagina 224]
| |
Programma foar Felix de NobelGa naar voetnoot*)
Bopp' yn de wulften
waechse blommen
út 'e humus fan it Sanctus,
bêdzje de âlde friezen
it O bone Jesu.
Achttjin lûden
litte gekjend Il grillo
fan ruten spylje,
ploegje yn Wandrers Nachtlied
it harkjend lân.
Dere's a man yn Hantumhuzen
bernjend út in stim.
Yn de omkearde stilte
fan it doarp ljochtet de tsjerke
út waerme finsters.
|
|