deis persoanlik oan Ynsonides bringe soe. Net earder, hwant hy koe út noch yn net meiwurkje oan it sneinsûnthilligjen.
Ynsonides liet him net forswarre. Hy ornearre, Aukema moast net út sa'n heech gat blaze. Fansels, elkenien koe tinke sa't er woe, somliken gyngen twaris sneins nei Bethel, mar dominé Ter Horst hie neat op fuotbaljen op sneintomiddei tsjin en kaem sels wolris by de wedstriid.
Doe waerd Aukema lulk. ‘Nou neame jo ek ien! Dominé Ter Horst, dy't oer pinksterblommen en ljurken preket en de Skrift oansjocht foar in great mearkeboek.’
De famylje kaem der omhinne to stean; it wie net sa goed mear to forstean, mar boer Lolle makke gjin risselwaesjes om de bal op to heljen, wol om op to stappen. En sjedêr, ynienen brocht de stoarm útkomst, hwant it wie nou foargoed in stoarm. De hoed fan Aukema gyng de loft yn, de twadde, dy't ik sweevjen seach, en De Groot der efteroan. Gâns in ein fierder by de rûchskerne hied er him. En doe spile it fierder moai; De Groot sei: ‘Kom Ynsonides, dy hoed kin Aukema moarn werom krije as hy jo de bal bringt, hwant wy binne ek och sa eerlik.’
Aukema forwarde him noch. ‘Dit is gjin rjucht. Dy hoed hat net fan myn gerjuchtichheit ôf west.’
Ynsonides wiisde op De Groot. ‘Dy man hat der om roun as in hazze. Oars wie jou hoed yn Dokkumer Nijsilen delfallen.’
It wie gjin partûr. De soan fan Aukema brocht de bal en Aukema krige de hoed.
It joech neat mear. Hwant krekt, doe't it op in brianen gean soe, kaem de rein. It wie net sa'n bytsje wetter. It kaem der yn wolken oan, strûzjend en stjelperich sa as it mar inkeld ris foarkomt. De skiedsrjuchter blies op syn fluitsje, mar it wie net iens nedich; fuotbalders en publyk woene it sa wol leauwe. It wie in drôvige ôftocht. It wite broekje plakte op 'e skiedsrjuchter as wie it bihang, en de oerdrip fan myn huodtsje spielde lij en kleverich oer myn rêch. Gjaltema bisocht moedich briaen to roppen, mar hy forslokte him yn in gjalp reinwetter. En midden tusken it fuotbalfolk yn roun suterich de famylje Aukema, op wei nei Bethel, dêr't hja fansels dweiltrochwiet oankomme soene, hwant it wie wol in kertier gean.
Yn de buorren hearde ik Goasse-stil-stil noch sizzen: ‘It is my dochs op 'e eachlidden set’, en doe seach ik Hiltsjemuoi stean to winken oer har gerdyntjes hinne, har troanje fol nocht oan ûnnocht; ik haw lykwols mar hwat wiuwd en dien oft ik it net bigriep. Ik mei graech fuotbaljen sjen, mar mei sok rûzerich waer gean ik net wer, al roppe se noch sa hurd briaen briaen.